wêze kinne dat de ûntdekking fan Marsman de ûntjouwing yn dy rjochting fersterke hat. Dy learde er kennen út in skoalblomlêzing mei Herinnering aan Holland, mar echt yn 'e ban rekke er by it lêzen fan De zon scheen als helsche steen út Tempel en Kruis yn it boekewikekado De muze op reis fan ein 1950. De loksberûzing fan dat fers komt oant yn wurden en bylden ta klear út yn de measte fersen dy't neitiid skreaun waarden, foaral ek yn wat de kearn derfan ûtmakket, de syklus zomer op het eiland. Fan identifikaasje mei Marsman is lykwols gjin sprake. Dêrfoar bliuwt syn wrâld te iepen en te los en fuort werkenber oan de humoaristyske sfearferskillen yn byld- en soms ek yn taalgebrûk. Dan liket er mear op Lodeizen, mar dy is persoanliker. Oan Engelman en Van Ostayen docht it lûdboartsjen en de ritmyske herhelling tinken dy't yn inkelde fersen oerhearskje. By alle ynfloeden bliuwt lykwols de earste yndruk oerein: dizze fersen binne opmerklik modern foar de tiid fan ûntstean en ek nei safolle jierren hâlde se noch wat fan har tsjoen.
Foar Van der Leest wie it nei 1957 dien mei de poëzij, alteast mei de hollânsktalige. Noch ien fers is der fan letter, út 1961, doe't er fan plan west hat om in bondel gear te stallen. As mooglike titel hie er instrumentaties 1951-1961 yn 'e holle, mar it is der net fan kommen. Ik tink hast net dat der folle ferbân is tusken it oanskaffen fan de samle gedichten fan Lodeizen yn 1956 en it ôfrinnen fan de ferseskriuwerij it oare jiers, sa't Van der Leest sels yn in brief oan my suggerearret. Ek oan syn proaza kaam doe ommers in ein, mar skilderjen die er noch wol en faaks hat dat him doe mear lutsen.
Sûnt er, wer jierren letter, mei frysk begong, hat er wol fragminten en soms ek hiele fersen út de begjinjierren op 'en nij brûkt. Sa is it morsefers op side 33 fan Boartersbûkje in ferfrysking fan nûmer njoggen út zomer op het eiland en binne de fjouwer gedichten yn Morfeus ek eigen wurk út de jierren fyftich. Yn stânbyld en fraechpetear fan flardeguod sitte bewurkingen of oersettingen fan de eardere rigels: ‘wees niet bang dat je zwanger wordt van de wind / hij streelt ons en teistert ons / maar hij mint of haat ons niet’, fan ‘het gevallen meisje met de staande borstjes’ út itselde fers, en fan ‘een oud man op weg naar de remisedood’. De lêste sin fan lerdsk ingeltsje (Boartersbûkje 53) giet werom op ‘jij hebt de schaarse begroeiïng van hogere breedten’, wylst - om noch in foarbyld te neamen - tritich jier lyn (kunst en fleanwurk 10) op deselde ûnderfining slacht as zomer op het eiland (: ‘en de harten werden een lied/bij het laaiend vuur’). Oan ûnderskate dingen te sjen moat it wol gean om in fakânsje op Flylân.
Mar wat no - om dêr op werom te kommen - it karakter fan it dichtwurk