Trotwaer. Jaargang 16
(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 84]
| |||||||||||
J. Pop
|
1. | De fertelwize (en derby ek de uterlike yndieling) |
2. | It taalgebruk. |
3. | De satiryske eleminten. |
4. | De skildering fan de haadpersoanen. |
5. | de hanneling. |
Ik moat hjirby wol sizze dat ik, wat it twadde aspekt oangiet, net yngean sil op it plak fan Van der Leest as Frysk skriuwer.
Komme dy Kepers?
Yn de ûndertitel neamt Van der Leest dit earste boek út de syklus in ‘draaiboek foar in b-film’. Al te serieus wol ik dizze oantsjutting net nim-
me. Dochs sjoch ik der wol in brûkbere typearring yn fan inkelde aspekten fan dit boek (itselde jildt likegoed foar alle oare boeken út de syklus); Van der Leest boartet mei kleurrike figueren en fleurige scènes. Hy hat der nocht oan om dy mei syn fyn taalpinsiel foar ús del te setten. Hy hat dúdlik wille fan syn macht: hy is dejinge dy't oan 'e toutsjes lûkt, foar syn eigen en hooplik ek foar ús nocht.
Yn de haadstik-yndieling is dizze wille, dizze boarterij mei de mooglikheden fan yndieling en ôfwikseling goed te merken. Nei twa haadstikken dêr't Dynte en Nier beide yn foarkomme, folgje der tsien wêryn't hja hieltyd om bar foar it fuotljocht ferskine. Yn haadstik 13 komme Dynte en Nier beide foar, mar yn de folgjende fjouwer gean hja elk wer har eigen wegen. It lêste haadstik bringt beide opnij by elkoar.
Ien en oar bart sa konsekwint, dat it liket suver spyljen - en dan útsoarte it spyljen fan de ferteller. Hjir moat noch by sein wurde dat de avontoeren fan beide haadfigueren yn it begjin neat mei elkoar út te stean lykje te hawwen. Mar al ridlik gau fernimt de lêzer - en hy hie it eins al tocht, want wêrom is it oars ien boek? - dat de foarfallen mei elkoar ferbân hâlde.
Der is in alwittende ferteller oan it wurd, dat wurdt de lêzer moai gau dúdlik. Hy fernimt it oan de toan, oan de wize wêrop't minsken en tastannen werjûn wurde. Wa oars as de ferteller is ferantwurdlik foar sokke opmerkings, as (allegear ûntliend oan de werjefte fan Dynte har skientme):
‘Se rekt har lange misdiedich moaije lea’ (5),
‘De mantel glydt fan har ôf, ien lange dreamskonk stekt azembinimmend boppe it bont út’ (14),
‘Dynte kin alles om en oan ha. Ek de dingen dy't se sels net lije mei, jowe har del op har lea. Yn in dweil soe se noch aldorferskuorrendst wêze’ (29).
Yn sokke passaazjes - dêr't in hiel soad fan binne: net allinne moaie froulju wurde op dizze wize troch de ferteller skildere - rjochtet de ferteller him mei in knypeach nei de lêzer. Oft dy lêzer tefreden fierder lêst, hinget fansels wol fan in tal betingsten ôf. Ik stean hjir even by stil, want hjirmei wurdt it al of net wurdearjen fan de Dynte en Nier-boeken bepaald.
Ik neam twa betingsten: yn elk spilet de dûbele boaiem fan 'e irony mei:
1. | De lêzer moat tagelyk de spot mei seks-appeal wurdearje kinne èn him ynlibje kinne yn 'e wurking fan dat gefoel. |
2. | De lêzer moat tagelyk fan lêzen hâlde èn ree wêze om him troch de ferteller te fiter nimme te litten. Wa't dizze boeken sa net lêze kin of wol, dy sil wierskynlik gau syn nocht derôf ha. |
Yn it begjin fan haadstik 6 komt dat noch skerper út. Dynte en Jimmy snobje dêr fan in iislolly, mar dit wurdt earst nei sa'n 25 rigels dúdlik: in ienfâldige lêzer leaut earst dat it om in hiel oare wize fan genietsjen te rêden is, en fielt him dan ûntnoftere en faaks wol betrape op ûndogenske bygedachten.
It hiele boek troch grypt Van der Leest de kâns om him út te libjen yn firtuoas taalgebrûk. Dit past út soarte yn de boartlike hâlding dy't yn dizze boeken oerhearsket. As Nier de macht oer it stjoer fan in stellen lykwein ferliest, stiet der: ‘Nier trapet suver troch de boaijem fan de lykwein hinne, jowt tsjinstjûr, tuskengas en alle technyske taheakkes tagelyk, giselt om in stobbewylch en dûkt foardel yn de Strobosser Trekfeart’ (22). Soms treft er ús mei in koarte, lakonike formulearring: as Nier swier ferwûne is oan 'e holle, docht er dêr in doek omhinne en ‘Hy lûkt der in pet oer hinne en hopet syn harsens bliuwe der yn’ (48).
En oer in útsloerd hûs seit Van der Leest: ‘Krekt in frommes dat noait in komplemint krigen hat en har dêrom mar net mear opkwikkert’ (58).
In aparte fermelding fertsjinje de gefallen dat Van der Leest ferbinings leit tusken ferskate passaazjes troch herhelling fan wurdkar of byldspraak. Sa ûntstiet in boartlik effekt dat tagelyk de yndruk jout fan in bewust bouwen oan in gehiel. Ien en oar wurket opnij iroanysk. De lêzer kin dizze sekuerens net alhiel searieus nimme: hy moat wol goed trochha dat er mei dit bouprinsipe fan de herhelling eins te fiter nommen wurdt. In goed foarbyld is de beskriuwing fan de reseptioniste yn it Atlantishotel. Troch de telefoan praat sy mei in man ‘mei in stim dêr't men fondant fan makket’. Dêrnei praat sy mei Dynte, in seksegenoate dus, en ‘de fondant is in bitterbal wurden’ (17). De byldspraak docht tinken oan in eardere passaazje, as Dynte foar Platvoet oer stiet: ‘Ik bin allinne thús,’ seit Dynte mei har leafste fanyljestim’. (9).
Noch even werom nei dy reseptioniste: trije kear komt der sa'n frommis yn it boek foar. Yn de wurden dêr't dit mei ferteld wurdt, komme wy ek wer dy herhelling tsjin. Sy is wol oantreklik om nei te sjen, mar sy doocht net foar har wurk. Earst lêze wy: ‘Efter de fraeije fasade fan de résepsjoniste is it in greate tizeboel’. De twadde kear sit der in oare faam, mei deselde skaaimerken: ‘Wer in famke dêr't foarm en ynhâld omkeard evenredich fan binne.’ De tredde kear lêze wy - en it wurdt net dúdlik oft hja deselde persoan is as de earste of de twadde kear:
‘In geweldige flagge dekt de biheinde lading fan de résepsjoniste. Boppedat sit it fanke oer in krúswurdpuzzel gear. Dat sadwaende’. (Se merkt nammentlik net dat der in hiel selskip ta de doar yn skoot. (104).
Faaks soe men stelle kinne dat Van der Leest it mier hat oan reseptio-
nistes. Of oan moaie fammen dy't neat út 'e wei sette. Mar ik leau dat it oars leit. Van der Leest hâldt neffens my fan it boartsjen mei herhellings.
Der is yn dit boek fansels frijwat spot te finen mei ferskynsels út de moderne maatskippij. Foar't ik dêr op kom earst even in oare fraach. Komme dy kepers? is in misdied-ferhaal; Dynte en Nier meitsje dêr in beskaat type speurder út dat de lêste tiid yn detektive-romans tige bekend is: net de super-speurder mar de detektive tsjin wil en tank, dy't nei gâns tûkelteammen de smjunten op it lêst dochs ûntmaskeret. Kinne wy Komme dy kepers? útlizze as in satire op de misdiedroman?
Ik leau dat dit ús mar foar in part slagje kin. De haadpersoanen dogge gauris in misse set. Der sit ek gâns oerdriuwing yn de bytiden rûge taferielen. Mar Van der Leest brûkt it bekende stramyn net om it as sadanich bespotlik te meitsjen, hy brûkt it, soe men sizze kinne: tankber - as in pracht útgongspunt foar syn goed berekkene kolderferhalen.
Benammen it ûnderwerp fan de seks hâldt de spotlust fan de skriuwer geande. Dat begjint al mei de ynskeakeling fan Dynte by de misdiedige opset tsjin Jimmy, de skaakgrutmaster. ‘De seksuéle driften - sa wol de opdrachtjouwer fan Dynte ha - helje Jimmy út syn konsintraasje wei. Just no't it net lije kin’ (19). As in betûft famke fan plesier (Dynte is dúdlik it type fan de djoere call-girl, of leaver - sa't dat hjoeddedei hjit - escort-hostess) set Dynte har ta de taak om dizze problemen fan de grutmaster op te heinen. Jimmy makket dêr net in alte dreech karwei foar har fan: as in fereale jonge giet Jimmy mei har te riden yn 'e auto; hy sil skake ‘foar har’.
It leafdesspul wurdt suggerearre yn haadstik 9, net beskreaun. Hoewol Dynte as in ferliedlike frou rûnom de wyldste hertstochten opropt, bliuwt hja der sels nofter ûnder. Ien kear liket it derop dat hja it slachtoffer wurde sil yn in sadistyske, lesbyske sitewaasje. Har ferbliuw yn de saneamde observaasje-klinyk hat, sa docht letter bliken, in hiel oar gefaar ynhân: de lju stiene yn bestân har te harsesspielen as Nier har befrijt. In aardich komysk kontrast leveret de scène op wêryn't Dynte yn 'e kabine fan in frachtwein leit te sliepen. De al wat âldere frachtweinrider lit har rêstich trochsliepe tsjin it faderlike skouder: echt ien dy't wit hoe't it heart tusken al it gleone manljusfolk dat har hieltyd beleaget. Nier dêrfoaroer is suver warleas tsjin de ferliedingsmaneuvels fan Kiki. De skriuwer lûkt alle registers fan syn blomrike irony iepen om wer te jaan hoe't Nier beäseme wurdt: ‘Rynske lippen reitsje sines en blaze him in stream waerme lucht yn de mûle. Har azem floeit as lij wetter troch syn lea. Dit moat in blom fiele as it foarjier begjint. In bist as er wekker wurdt út syn wintersliep, in koelkast as er ûntteid wurdt’ (23)
Der binne neist de seks ferskate moderne ferskynsels te neamen dy't Van der Leest yn Komme dy kepers? op it harspit nimt. Ik sil der in fiiftal fan opneame, sûnder de pretinsje te hawwen folslein te wêzen. Al op 'e earste side wurdt suver ûngemurken wei de gek stutsen mei de lúkse ynrjochting fan Dynte har hûs, as sy tinkt dat Nier ‘even nei de baeikeamer of it tredde toilet is’. Hotel Atlantis is ek tige modieus ynrjochte: Dynte nimt in sit yn in 'stoel dy't it midden hâldt tusken in snieskúf en in koaleskep’ (17). Van der Leest syn spotsucht komt lykwols pas op folle toeren by de beskriuwing fan it hûs fan Münster en Keulen op de Sweach:
‘It hûs sels is fan dy útsochte ûnsjoggens dy't men tsjintwurdich út 'e kunst fynt. In kubus mei sa'n flymskerp profyl dat je rêchbonke der sear fan docht. En in daktún fol floodlight as in wyld bosk hier der boppe op. De stiennen binne forglêze. It houtwurk is in aparte ekspedysje foar útrist, de kleuraksinten ha sa'n ôfwoegen karakter dat je de smaek fan suertsjewetter yn 'e mûle krije. De doar is fan de aldernijste kunststof dy't noch gjin namme hat. Fanwegen de flakfordieling sit de bel yn de doarsknop en it lûdsprekkerke healwei de skoarstien’ (68/69).
It skaaktoernoai yn Ljouwert wie foar de skriuwer de gelegenheid om de hystearyske adoraasje fan tsieners ris ûnder skot te nimmen. As Jimmy syn partij spilet tsjin Tobnikov ‘sitte de jonge folwoeksenen (de namme fan dizze groep allinne al!) him oan te gapjen.
‘Moai as in god’, suchtet in tsiener.
‘Jimmy, kom by my’, prevelt in oare tsiener, wylst har de triennen oer de wangen streame.
‘Earne is er fortsjinwurdiger fan ús generaesje’, seit in jonge.
Op de seisde rige fan foaren, even nûmers, falt de earste tsiener yn ûnmacht!’ (31,32).
Mar net allinne de tsieners moatte it belije, ek it snobistyske publyk yn it restaurant ‘It Séwiif’ komt oan bar: ‘De snoasker dy't it iten suver ta de earen út kwitst, it frommes mei it optreaune boezempeil, de doffer en it douke dy't inoar foer yn it bekje triuwe, de forgetten artyste mei eachpûden, wangsekken en fjouwer kinnen, de iensume frjemdling dy't it leafst forgif bistelle soe’ (41/42).
Ek de reklame-fotograaf wurdt kritysk beljochte. Middenyn in romantysk taferiel mei Dynte en Jimmy, tútsjeboartsjend oan 'e seeïch, konstatearret de ferteller: ‘Se stean dêr deun opinoar en sjogge inoar djip yn 'e eagen. In prachtige tsjinljochtopname foar romantyske reklame. Foar in
gouden ring bygelyks. Of foar in long drink. Of in bisûndere sigaret foar aparte minsken of manljusparfum. Of in libbensforsekering’ (52).
As lêste foarbyld fan in satiryske beskriuwing neam ik de seksklub yn Donkerbroek. It giet hjirby net yn it foarste plak om it ridikulisearjen fan de seks-hannel, al spilet dat fansels wol mei. Hjir treft jin de spot mei de moderne bedriuwsfiering. It bedriuw yn Donkerbroek is ‘rationalisearre’: de famkes ha gjin namme mear. Se hawwe in letter en dy stiet fuort al ôfprinte op it tagongsbewiis. Der is in pripboerd foar de oanwêzige famkes en der wurdt wurke mei in soartemint biljertklok (87,88).
Nei dit wat wiidweidich opneamen fan satiryske eleminten en firtuoaze passaazjes, kin men jin ôffreegje hoe't it de skriuwer slagge is en meitsje der in gearhingjend gehiel fan. Van der Leest makket gebrûk fan twa gearbinende eleminten:
1. It ûnderlinge kontrast tusken mar fral ek de ûnderlinge bining fan it stel Dynte en Nier.
2. In detektive-plot, dat de lêzer dochs, al hoe spotsk en iroanysk der mei omsprongen wurdt, yn spanning hâldt.
Ik neamde Dynte en Nier earder al twa speurders tsjin wil en tank. Sy komme sûnder erch telâne yn gefaarlike opdrachten en dramatyske barrens. Binne sy ienris yn in saak behelle dan fjochtsje sy dapper troch, aloan yn it spier om har boppeminsklike taak te folbringen.
Dynte is dêrby wol de meast yntelliginte en ûndemimmende figuer. Yn haadstik trije komme wy mei har yn 'e kunde as in djoere call-girl mei in hege opfetting oer har wurk. Hja hâldt der in soarte fan beropsethyk op nei, soe men sizze kinne.
Hja komt de lêzer oer 't mad mei har skaaktalint, dat fansels wichtich is yn ferbân mei de rol dy't de smjunten har - nei de harsesspieling - spylje litte wolle.
Har minsklik meifielen docht bliken as hja mei de Russyske tsjinstanner meilibbet dy't troch Jimmy ynmakke wurdt. Moedich set se troch wannear't se koppich beskûl siket yn in reidfjild. (haadstik 9).
As hja warleas ûnder skot nommen wurdt, kin hja net witte dat har tsjinstanners har nedich ha yn net-skeinde tastân foar harren ferdoarne plannen.
Har beropsmjittich dwaande wêzen mei de seks is foar Dynte gjin behindering om djippere fielings te hawwen foar Nier. Dy komme moai nei foaren as hja fernimt dat Kiki in jurk fan har ‘liend’ hat. Mar it wurdt noch mâlder: hja set Nier har hûs út fanwegen syn niget oan Kiki, en besiket him dêrnei mei har brommer tsjin de grûn te riden. Nier lûkt dêr de foar de hân lizzende konklúzje út wat har fielen foar him oanbelanget.
Ferlike mei de enerzjike Dynte makket Nier in ôfwachtsjende en passive yndruk. ‘Unforwachte komplikaesjes hat er it mier oan. Syn dei moat moai glêd en planmjittich forrinne.’
Hy kin de útfiering fan syn taak - dy't er suver tsjin himsels yn op him nommen hat - net fan syn privee-fielen skiede. Oars sein: Dynte frijt beropsmjittich mei Jimmy, mar Nier giet folslein ûnderút foar de ferliedingsmaneuvels fan Kiki.
De djoere wansmaak fan de filla op 'e Sweach ropt by him earder syn eigen tekoartsjitten op, as in krêftich protest.
‘It gehiel tsjûget fan in fynbeslipe wansmaek. Nier kriget hast in kaem, hy flokt mei dit ynterieur.’ (70)
Wol hiel slop is syn réaksje as er troch Dynte út har hûs setten is:
‘Foarby, tinkt er, foargoed foarby. Hy hat in moaije tiid by har hawn. En hy hoegde der net folle foar te dwaen. In bytsje ride oars net. Hy moat mar wer to wurkjen gean oant er hwat betters fynt. Miskien kin Kiki him brûke. Elk ein is in nij bigjin.’ (84)
Hoewol't de ferhâlding tusken Nier en Dynte net it wichtichste elemint is yn de hanneling - dat is út soarte it misdiedferhaal om Jimmy hinne - spilet dy ferhâlding net swak by yn de ienheid fan it ferhaal. Tusken de bedriuwen troch kin de lêzer him fermeitsje mei itjinge dat der nó wer foarfalt tusken beide ‘speurders’.
De hanneling is fansels it wichtichste gearbinende elemint. Earst tinkt de lêzer dat er alhiel troch hat wat der oan 'e hân is: Dynte wurdt ynskeakele om it de skaakmaster Jimmy folslein nei it sin te dwaan. Alles wurdt dien om syn oerwinning feilich te stellen. Dat Nier yntusken yn 'e triedden fan Kiki har spul betiisd rekket, is foar de lêzer likemin as foar Nier in reden om der mear achter te sykjen. De spanning rint hurd op as Dynte, nei't hja tegearre mei Jimmy kidnapt is, yn in fertochte klinyk telâne komt. Nier mei dan wol op ûndersyk út wêze yn Focheloo en op 'e Sweach, mar de lêzer kriget net de yndruk dat Nier sels wit wêr't er mei dwaande is.
Nei't Dynte en Nier in skoftke by elkoar binne yn haadstik 13, giet elk wer syn eigen wegen. Mei wikseljend sukses, mei wol sein wurde. Dynte is yn haadstik 17, sa't it liket, dwaande mei it oplossen fan riedsels. Wy hearre dan wol net wat hja no krekt ûntdutsen hat en wat hja allinne mar tinkt, mar dat is in bekende aardichheid yn in soad misdiedromans om de lêzer sa lang mooglik yn spanning te hâlden. Dynte har koartseftige hannelswize warskôget de lêzer dat it net folle mear skeelt, of de riedsels binne oplost. Dy oplossing komt oan it begjin fan haadstik 18, as Dynte it hiele komplot om de skaakmaster Jimmy hinne buorkundich
makket. Van der Leest soarget hjir lykwols tagelyk foar nije spanning: it liket hjir hielendal net op in gloarieuze ôfrekken mei de smjunten. Dynte is machteleas oan in pylder fêstbûn: it wiist min foar har. En Nier moat earst noch ien fan syn domme setten úthelje (hy kin de hûn net stilkrije), ear't troch in stom tafal de saak noch goed ôfrint. Dêr soarget de plysje fan Appelskea foar. Dy komt lykwols net om de grutte misdied oan te pakken, it giet har allinne om it ‘lienen’ fan de lykwein.
De skriuwer gunt syn heldinne - sa mei Dynte dochs wol neamd wurde - de gloarje fan de sels befochten einoerwinning net: dy komt ommers net fan har, mar fan it tafal. Of better sein: net fan it tafal mar fan de man dy't oan 'e toutsjes lûkt: de almachtige skriuwer. Faaks binne net alle lêzers ynnommen mei syn eigenmachtichheid. Mar hja sille net ûntstride kinne dat Van der Leest de hanneling knap opboud hat. Der is spanning dy't stiicht, der is in klimaks en in oplossing yn it ferhaal. De plannen, bedoelings en réaksjes fan alle minsken dy't it oangiet, binne logysk en handich kombinearre. Op syn heechst kin opmurken wurde dat it doel dat de misdiedigers neistribben, wol wat slim fantastysk en fier socht is.
Boef fan Rys
Yn it twadde boek fan de syklus falt fuortendalik op dat dêryn fiif wiidweidige en fetprinte haadstiktitels foarkomme. Allinne: se sizze eins neat oer it ferrin fan it ferhaal. Se wurde folge troch in waarberjocht dêr't de lêzer alhielendal mei oan is. Soks is fansels yn it foarste plak gekoanstekkerij fan de skriuwer. By it fjirde haadstik stiet er himsels noch in ekstra frijheid ta. Mei rjocht en reden jout de titel oan dat de titel sels noch langer is as de tekst. Dy bestiet nammentlik mar út ien koart sintsje: ‘It is oankrûperswaer’, in ferwizing nei de leafdesnacht dy't Dynte mei de baron en Nier mei Bearke trochbringt.
Ek yn dit boek komt de splitsing foar dy't ynhâldt dat Dynte en Nier har eigen wegen gean om letter wer op ien punt út te kommen. Diskear past Van der Leest net in regelmjittige ôfwikseling ta fan Dynte-haadstikken en Nier-haadstikken. Hy set de avontoeren fan Dynte hieltiten op de loftersiden (52-76) en dy fan Nier op de rjochtersiden (53-77). It moat foar de skriuwer wol wat passen en mjitten west ha om krekt op itselde punt (foar side 78) út te kommen. It is him op fjouwer rigels nei slagge: op side 71 stean - oars as yn de rest fan de tekst - fjouwer iepen rigels tusken twa alinea's.
Op guon plakken makket de skriuwer in taspiling op de krityk dy't er op syn manier fan skriuwen krigen hat - dêrmei ferlit er al hiel dúdlik it ramt
fan it ferhaal. Op side 8 kriget Nier kapsje op it brûken fan in wurdboek. Dêr helje jo gjin libben Frysk út, mar keunstmjittich Frysk: Lampefrysk. De skriuwer lûkt him sokke krityk mar net al te bot oan. Krekt oarsom: op de lêste twa siden fan it boek jout er in ferantwurding mei wurdboeken en oare boarnen foar 37 ferskillende passaazjes yn dit nije boek! Yn Boef fan Rys komt mear monologue intérieur foar as yn it earste boek fan de syklus. Wa't lykwols ferwachte hie dat de lêzer dêrtroch mear ynformaasje krije soe oer de tinzen en bedoelingen fan de personaazjes, komt op in bedragen ein út. Op ferskate punten is it krekt sa dat de lêzer ynformaasje ûnthoden wurdt. Dat lêste falt fral op wannear't Dynte aktyf yngripe sil (side 52-76). Dat by Nier syn dwaan en litten soks minder opfalt, hinget gear mei dy syn passive hâlding, dy't er ek yn dit boek wer oannimt.
Nier is opnij faak mei syn tinzen by it froulik geslacht. In moai foarbyld dêrfan fine wy op side 61, dêr't sa't it liket Nier syn tinzen oerseind wurde nei it famke dat foar him út rint - en soks kin fansels net. Wer wurdt de lêzer foar de gek hoden mei't Van der Leest him net hâldt oan de regels fan de fertelkeunst.
‘Foar him út rint in fanke. Nettsjinsteande it tryste waer yn shorts. Daliks draeit se de holle.
- Netwier hotpants, byt se him oer it skouder ta.
- Ik haw neat sein, ferûntskuldiget Nier him’. (61)
Ek yn Boef fan Rys komme de wenstige wurd- en klankspultsjes foar, dy't der harres ta dogge om de iroanyske toan fan it ferhaal dúdlik te meitsjen. Dêrfan hoech ik gjin foarbylden mear by te bringen. Ik wol noch al apart wize op in moai grutte passaazje dêr't it giet oer Nier dy't mei in ploechje trimmers meirint. Yn ien sin dy't krapoan twa siden lang is, wurdt it sjokseljen fan de sportivelingen (Nier docht der allinne mar oan mei om sa oan syn efterfolgers te ûntkommen) skildere. Dat lêste wurd bedoel ik letterlik: de passaazje is in foarbyld fan wat wy Van der Leest syn fariant op it ympressjonisme neame kinne soene.
Yn it foarbygean wol ik ek noch even wize op it taalgebrûk fan de smjunt Chick Anus. Dy lit alle kearen weroan nije Hollânismen hearre. Syn praat wurdt dêrtroch in moai foarbyld fan in minne oersetting fan it Hollânsk yn it Frysk. Mar oer taalkundige aspekten soe ik it yn dizze lêzing net ha.
Herhellingen fan passaazjes dy't hast itselde binne, binne der ek yn Boef fan Rys: ‘Ik liz der oan te kommen’, seit Dynte op side 5 en Nier seit itselde op side 49. Twaris komt Dynte mei it riedsel op 'e lappen oft men ûnder it drinken de punt fan jins tonge no yn of ûnder it glês hâldt. En
Nier hat op side 102 it fielen ‘dat er dit alles al ris earder meimakke hat.’ Dat strykt, want dat wie op side 28/29.
Satiryske beskriuwingen fan moderne ferskynsels nimme út soarte wer gâns in plak yn. Van der Leest rjochtet syn spot û.o. op it neifolgjende: (ik neam allinne de gefallen dêr't er wat wiidweidiger op yngiet: koarte, losse skimpskoaten binne der dêrnêst noch by it seksje). By it benzinetanken wurdt Nier lestich fallen mei in yngewikkelde reklame-aksje, dy't jin bot tinken docht oan de reklamepraktiken fan Reader's Digest. Wannear't er Déa moetet - op harsels al in wat frjemde grienmank fan in klassike bosknimf en in moderne emansipearre frou; yn syn fjirde boek giet Van der Leest wat neier yn op dit groepke - moat Nier neffens de regels fan de keunst oan groepswurk meidwaan en diskussearje. Oan 'e ein fan it boek kriget er noch in wiidweidich ferslach fan dy diskusje en sa heart soks!
Dynte giet yn dit boek op besite en wol nei in hiel nuver adres: ‘in útstjûrburo foar révolusionairen’ (62), dêr't de lju bestellings oannimme foar oproeren. Fierderop yn it boek sjogge wy dy hierkrêften yn aksje. It hillich ûntsach foar jild moat it yn in aardige kolderscène ûntjilde. Wannear't Dynte de oandacht lûke wol fan in keppel taskôgers by it skûtsjesilen wol har dat net slagje ek al siket se rûzje mei samar de ien of de oare frou en ek al fiert se in striptease op. Earst wannear't se in briefke fan tûzen midstwa skuort, keare de minsken de sylderij de rêch ta en komme se op Dynte ta.
Kostlik is ek it opneamen fan Pop-art objekten. Faaks skûlet der yn de neifolgjende passaazje dêr't Nier mei de baron oer dizze foarm fan keunst praat, in taspiling op Van der Leest syn eigen wurk.
‘Dus dit is ûnsin. Hat ûnsin gjin wearde?
- Né. Unsin hat ommers neat mei de wurklikheit to krijen.
- Moat dat dan?
- Ja, dat moat. Hoe libbensechter, hoe better. Dit wurk driuwt de spot mei himsels. It is krekt oft de keunstners der ek net yn leauwe.
- Moat dat dan?
- Jawis, oars hoege se it ommers net to meitsjen. Ik wol der net fierder oer prate’ (77)
De karakters fan de beide haadpersoanen komme oerien mei wat wy yn it earste boek tsjinkamen. Faaks komt Nier yn Boef fan Rys wat fûleindiger en grimmitiger nei foaren. Hy is ek dejinge dy't fuort yn it begjin al de foarstap nimt mei it skiljen fan it reisburo ‘De lene Provinsje’. As er
ienkear oan 'e gong is, lit er de bekende koppigens sjen dy't him by it dwaan fan allerhande kerweikes eigen is. Mar wylst Dynte sa't it liket wit wêr't se mei oan 'e gong is, slacht Nier der mar nuver yn om. Yn syn hert wol Nier leaver dat er mei rêst litten wurdt: ‘Dat is ien fan de rjochten fan de minske. Miskien is it hjoed-de-dei net in populair rjocht. Ik wit ek net oft it yn it hânfest fan de Foriene Naesjes stiet. Mar it is in fundaminteel rjocht!’ (33)
It ferhaal yn Boef fan Rys lit wol wat oerienkomsten sjen mei dat fan Komme dy kepers?. Dynte kriget wer wurk as in famke fan plesier by de baron; Nier bongelet der wat by yn syn net al te hege funksje fan sjauffeur (dat ommers wie ek it iennige dat er by Dynte hoegde te dwaan!) Beide krije se wer hiel wat klappen.
As nij elemint soene de nimfen ûnder lieding fan Déa neamd wurde kinne. It is in net direkt herkenber satirysk elemint, de situaasje ferwiist nei gjin dúdlik maatskiplik ferskynsel. Heechstens kin der in taspiling yn sjoen wurde nei Nausikaä mei har freondinnen dy't oan it boartsjen binne mei in bal yn Homerus syn Odyssee. Eigen fynst fan Van der Leest bliuwt dan wol it berette yngripen fan de famkes fierderop yn it ferhaal as Nier en Dynte yn 'e knipe sitte.
Lykas yn it earste boek befrijt Nier de krigele Dynte, as hja wer yn 'e hannen fan 'e smjunten rekke is. De misdied-yntrige dy't it ferhaal drage moat hat minder om 'e hakken as dy yn Komme dy kepers? It ferhaal fan de rike baron is sa absurd, dat wy net oan de konklúzje ûntkomme kinne dat de skriuwer dêrmei syn lêzers nochris foar de kroade ride wol.
It moaiste famke fan Antarctica
Yn it tredde boek fan de syklus It moaiste famke fan Antarctica is de misdied-yntrige lykwols wer fan gâns mear betsjutting. Lykas yn Komme dy kepers? kin ek hjir fan in echte detective story praat wurde. Faaks hat de skriuwer it idee hân dat de losse flodder yntrige it twadde boek te min ynhouten joech.
Van der Leest befynt him, foar wat dizze syklus oangiet, yn in slim lestige situaasje. Oan 'e iene kant sit er tsjin 'e detective story oan (mei in iroanyske byklank), oan 'e oare kant litte syn komplisearre, iroanyske ferwurking fan ferskate eleminten gjin herhellingen ta. ‘Gewoane’ detectives dogge dat al; de lêzers rekkenje der sels op.
As fêste eleminten yn de syklus fungearje fansels ek de kontrastearjende haadpersoanen Dynte en Nier. As suksesformule wurket boppedat: it wat komyske kontrast tusken de grutte boeven, mei hast ‘ynternasjonale’ diminsjes en de fertroude lokaasje fan it Fryske plattelân mei stêden as Ljouwert en Snits.
Faaks hat Van der Leest it gefaar fan herhelling tefoaren komme wollen troch it ferhaal yn Drinte spylje te litten. Tagelyk feroare hy de call-girl Dynte en har op 'e skobberdebonk rinnende freon Nier yn in haad fan 'e skoalle en in ûnderwizer. Van der Leest soe himsels net west ha, as er ek mei dizze feroaringen net de gek stutsen hie. De iroany fan it ferhaal is dat Dynte ek hjir wer as famke fan plesier optrede moat. En Nier as ûnderwizer? Dy siket wer de maklikste wei en hâldt him oan de strakke, âlderwetske manier fan lesjaan.
De feroaring fan lokaasje wurdt troch de skriuwer prachtich bespot op side 34. Dynte moetet dêr Chick Anus en wiist him derop dat se yn Drinte binne.
‘Godsilmykreakje!’ antwurdet Chick Anus, ‘dan sit ik yn it forkearde boek’. En... hy ferdwynt dan ek!
Fansels komme yn dit tredde boek de taalgrapkes fan Van der Leest wer gauris nei foaren. Ik sil my net ferlokje litte om wer in stikmannich oan te heljen: it ferskynsel mei ik no as bekend genôch ferûnderstelle. Ik wol al even stilstean by de herhellingen dy't de skriuwer tapast yn formulearringen op ûnderskate plakken. Ek yn dit boek komme se wer foar (siden 11/24; 25/43; 75/80). Mar der is ek noch in oar soarte fan herhellingen dy't de lêzer fan in detective story krekt helpe moat om de tried fêst te hâlden. Om ien foarbyld te jaan: op side 86 lêze wy dat Dynte wat op in stikje karton skriuwt. Dêr wurdt op side 92 op weromkommen. Wy fûnen ‘in ferwizing nei dit adres’.
Fergelikingen fan dit soarte soene funksjonele ferbiningen neamd wurde kinne. Faak brûkt Van der Leest lykwols boartlike ferbiningen en lit dêrby syn willekeur as skriuwer of ferteller fiele; dy ferbiningen soene net-funksjoneel neamd wurde kinne.
Om 't beide soarten ferbiningen yn ien boek foarkomme wurkje se relativearjend - of at jo wolle, ironisearjend - op inoar yn.
De maatskiplike ferskynsels dêr't de skriuwer syn spot op rjochtet binne yn dit boek better yntegrearre as yn de eardere boeken. Ik neamde sa krekt al even de manier fan Nier syn lesjaan. Dynte slacht mei har bekende foarsje in hiel oar paad yn. Sy is tige progressyf yn har ûnderrjocht.
Dat ûnderskied komt al nei foaren yn it sollisitaasje-petear wannear't Dynte en Nier nei it doel fan de edukaasje frege wurdt. Dynte anderet: ‘Opfieding ta alle maetskippij-krityske deugden’. En Nier seit: ‘opfieding ta in tofreden minske’. (side 20). De tsjinstelling komt letter yn de lespraktyk fan dy twa werom.
Mar spitigernôch makket Dynte har stribjen nei better learmiddels dat
se yn it bêd fan de minister telâne komt. Der ûntstiet in seksskandaal en dat ropt by de minsken de wenstige, net al te sûne belangstelling wekker: in rige nijsgjirrige besikers sûnder ein tsjocht oan it hûs fan Dynte en Nier foarby...
De skieding fan de wegen dy't Dynte en Nier folgje komt ek yn dit boek foar, al is it beskiedener fan opset as yn de eardere boeken: op siden 82-87 wurde ôfwikseljend fjouwer stikjes spansearre oan de avontoeren fan Dynte en Nier.
De ferhâlding tusken dy twa hat ek no syn ups, mar fral syn downs. Der is rûzje en it wol mar net mei de seks, mar dochs bliuwe se byinoar.
Morfeus yn de ûnderwrâld
It begjin fan it fjirde boek fan de syklus sprekt hiel dúdlik it ferlet oan fariaasje út. It giet hjir út soarte om in ferlet fan de skriuwer (en faaks ek fan de lêzer). Van der Leest projektearret dat ferlet lykwols iroanyskernôch yn de haadpersoan. Ik helje it begjin fan it boek oan:
‘Hastou dit alris dien? De douwen op it Saeilân fuorre? Bleat troch de nôten roun? Sûnder kaertsje in treinreis nei Parys makke? Op de treppen fan de lange Piip tusken de hippys yn it sintsje sitten?
Dat hat Dynte Planteit allegear dien. En noch folle mear. In skaekmaster forlokke (Komme dy Kepers?) In baron syn miljoen fan it liif songen (Boef fan Rys). In minister it leksum opsein (It moaiste famke fan Antarctica). Dêrby is se sels withoefaek troch de moster fitere.
Mar al dy forsetsjes, al dy noeden en soargen, ha inkeld in ûnderbrekken fan de forfeelsumens west. Foar har hâldt de wrâld gjin opjefte mear yn. De spanning ûntbrekt. Se libbet nou sûnder takomstforwachting. It greate wûnder sil dochs noait barre’, (side 7)
Mei dizze ynset hellet Van der Leest winst út ferlies; it punt dêr't er oankommen wie, mei syn syklus wurdt tagelyk begjinpunt fan it ferhaal fan in nij boek.
Hieltiten dûke yn dit fjirde boek âlde bekenden op, û.o. Al Pino, Chick Anus, Van Pompon, Déa, Eameliter, Mitz Antares, Sipma, Kliksma.
Neigeraden de Dynte/Nier-syklus groeit wurdt dit boartsjen mei âlde bekenden ien fan de aparte bekoaringen fan dy boeken. Oan 'e ein fan Morfeus yn de ûnderwrâld wreidet Van der Leest mei wille de rige fan âlde bekende noch fierder út. Sa ûntstiet der yn it iisstadion sokssawat as in reüny; om it mei Van der Leest te sizzen: ‘Allegear âldstriders út de fleuriger tiden fan comedy capers’ (side 127).
Yn dit fjirde boek wurdt mei noch mear klam as yn de eardere boeken boarte mei de fertelsituaasje. Mei't Van der Leest de lêzer direkt tasprekt as in âlderwetske, alwittende ferteller, stekt er de lêzer nochris ekstra de gek oan. Ien foarbyld út haadstik III: ‘De telefoan yn de hal rinkelt. Hy (Nier) heart it net. Wy fornimme it wol. De telefoan rinkelt jitris. Wy sitte yn de bisnijing fan dit boek. Lit ús dy bining forbrekke en him warskôgje. Hy stout by ús lâns de treppen del. Wy kinne him sa gau net folgje. Dêrom kinne wy him ek net neikomme.’ (side 28)
It gefolch is dan - neffens de ferteller - dat wy ek net krekt witte kinne wat Nier troch de telefoan heart: in aardich ferlechje om de lêzer werris ekstra yn spanning te hâlden troch him ynformaasje dy't de haadpersoan al kriget, te ûntkearen. Yn sa'n passaazje is de lêzer net allinne taskôger by wat der foarfalt, mar hy wurdt der troch Van der Leest ek libbensliif yn behelle.
Dat bart noch dúdliker yn haadstik IX: ‘Déa swaeit de doar foar him (Nier) iepen en pats! foar ús noazen ticht. Dou (= de lêzer) klimst op in steapel kisten en gluorkest troch in luchtreaster. Ik (= de ferteller) doch itselde oan de oare kant fan de tinte. Troch de luchtreasters knypeagje wy inoar ta. Wy roaije it wol togearre. Mar wy ha al in stikje fan de hanneling mist’ (76).
Fan wat Van der Leest yn dit boek mei de taal útheeft, sil ik ek dizze kear gjin foarbylden jaan... op ien útsûndering nei dan. It byld dat dêryn tekene wurdt is my sûnt ik it de earste kear lies altiten bybleaun. Yn in kâlde winternacht sjocht Dynte by ljochtmoannewaar nei bûten: ‘Skaedstammen lizze delslein yn it gers. Kwik floeit troch de goaten. Yn de izeren krystbeam fan de antenne sparkelt ingelhier’ (9). Wa't sa skriuwe kin, hat in grutter dichterlik talint as de measte konkurrinten fan Van der Leest yn it genre fan de satiryske misdiedromans.
It boartsjen mei ferwizingen nei eardere plakken ûntbrekt ek no net. Eins moat ik hjir fuortendalik al by sizze dat wy sa stadichoan noch mear mei ferwizingen nei passaazjes bûten it boek (ntl. nei eardere boeken út de syklus) te meitsjen ha, as mei taspilingen op oare passaazjes yn it boek. Yn Morfeus yn de ûnderwrâld komt der - tusken heakjes - ien foar dy't net earlik doocht. Yn haadstik XIII lêze wy: ‘Hiest my yn it fjirde haadstik bilove my te fertellen, ensfh.’ Dat ûnthjit is lykwols dien yn haadstik III.Ga naar voetnoot* Wylst ik dit delskriuw, freegje ik my ôf, wêrom bist sa oan it splintersykjen. At ik der even oer neitink, sjoch ik dêr dochs in goede reden foar. Van der Leest is hieltiten dwaande mei fernimstige konstruksjes, yn fer-
haal èn yn taal. De lêzer moat aloanwer op syn iepenst wêze. Dus: Van der Leest freget der om om krekt kontrolearre te wurden!
Wa't net krekt lêst, rint de kâns dat er ferwizingen en fariaasjes mist. Fariaasje bedoel ik hjir as in term út de muzyk: wa't by it beharkjen fan in muzikale fariaasje it oarspronklike tema net mear heart, mist wat wêzentliks, wat ûnmisbers. Ek yn de karaktertekening is yn dit boek in opmerklike fariaasje oan te wizen: Dynte dy't oars sa'n enerzjy hie, is wurch fan it libben wurden. ‘lensum’, sa lêze wy yn it earste haadstik ‘rint se troch it leechlân fan har depresje’ (13). By de beskriuwing fan har tastân kriget de lêzer sels in skimpskoat taslingere: ‘De forlangst nei it wûnder bliuwt. En it witten dat it noait barre sil, makket har by de dagen tryster. Se lit mear as Nier, om't se djipper fielt. Sit net to gnizen. Krûp dou mar ris yn har hûd. It sil dy net tafalle.’ (84)
Wylst Dynte yn dit boek slimmer as oait, tramtearre en skeind wurdt, moat Nier alline mei it speurderswurk rêde. Hy is net feroare, en koppich fjochtet er him ek no wer allinne troch alle frjemde situaasjes hinne.
Nier hat dizze kear in gefaarlike konkurrint by Dynte: de dichter: Peter Dripstien, mar lang om let docht dy himsels tekoart en de noftere Nier rêdt - op de lêste side fan it boek - syn Dynte út de ûnderwrâld fan de mankelikens.
Hertenfrou & Skoppenboer
Oan 'e ein fan it fjirde boek kundiget de foarsitter fan it Algemeene Friesche Misdaad Syndicaat, it ferhûzjen fan it syndikaat út Fryslân oan: ‘Wy forfarre nei bettere kontreijen. Wy ha ús learskoalle yn de provinsje hawn, it greate wurk yn de rânestêd wachtet ús’. (Morfeus yn de ûnderwrâld, 126).
Is mei dit ferfarren no ek it misdied elemint út de syklus ferdwûn? It hat der wol in soad fan: yn Hertenfrou & Skoppenboer komme gjin misdiedigers foar. It ferhaal spilet yn de midsieuwen; ridders en wapenfeinten hawwe no de haadrollen. Yn it begjin liket it der sels wol op dat Dynte en Nier ek fan it toaniel ferdwûn binne.
De lêzer ken de fertroude haadpersoanen earst net werom yn de nammeleaze jongfeint (sa't er op side 9 letterlik neamd wurdt) en de jonkfrou, oer wa't dêr ferteld wurdt. De earste oanwizing dat de skriuwer net alle bannen mei de eardere boeken trochsnien hat, kriget de lêzer op side 32. ‘Hy (= de skutter) hat har (= it frommes) earder sjoen. Mear as seishûndert jier letter’.
Dochs duorret it noch oant side 45 (dus oant hast healwei it boek) ear't de nammen fan de ‘hy’ en de ‘sy’ bekend wurde, it binne Nier en Dynte yn in earder libben, sa docht bliken.
It ferlet fan de skriuwer oan fariaasje, dêr't ik it al earder oer hân ha, hat him yn dit fyfte boek brocht ta yngripende feroaringen. Neier besjoen docht lykwols bliken dat der yn dit nije boek safolle bekende eleminten weromkomme, dat in fergeliking mei de earste fjouwer sinfol bliuwt.
Behalven op it weromkommen fan de twa fertroude haadpersoanen, kin yn dit ferbân ek wiisd wurde op it gearspannen fan machtige ûnbekenden (foar Nier en Dynte alteast ûnbekenden) dy't it libbenspaad fan dy twa kruse en op in tanimmende spanning, dy't earst yn de klimaks oan 'e ein tagiet nei in oplossing. Dêrnêst is der yn dit boek wer it mâltjirgjen mei de taal en dûke der wer de wenstige taalgrapkes op. Sabeare út namme fan de útjouwer ropt Van der Leest himsels in kear as wat ta de oarder!
It hinne-en-wer springen fan de iene avontoerlike episoade nei de oare nimt yn dit boek noch in grutter plak yn as yn de eardere boeken. Hieltydwer wurdt in episoade ôfbrutsen; sels de lêste sin wurdt net ôfmakke. Nei in rigel wyt begjint dan in oare episoade, ek wer midden yn in sin. Trochstrings brekt Van der Leest al ôf ear't er in foarfal yn syn hiele hear en fear ferteld hat, dat de lêzer moat mear as oait op 'e slach passe om aloan mar wer de krekte tried fan it ferhaal te finen. Twa kear kin it lykwols ek gjin oerstappen mear neamd wurde nei in oar foarfal, mei oare persoanen en op in oar plak. Men kin as lêzer nearne mear fan op oan yn dit boek!
De aardichste oergong makket de skriuwer op side 105, op de neifolgjende wize:
‘Neaken flechtet Dynte efter in pear rigels wyt
en komt der klaaid wer efter wei.’
Fansels lit Van der Leest de kâns net slûpe om op syn manier de midsieuske wrâld te skilderjen. Net mijend begjint er fuort de earste side al:
‘Unûntheistere troch tiids stoarmen ferriist dêr de machtige boarch fan it Keningsgambyt. Wat al ûnken, fretterich as in kliber molwrotten, binne ûnder dy sâlt-bebiten fondaminten troch gien. Wat al pleagen, roppich as in binde wolven, hawwe besocht om by dy fochtberinge muorren lâns yn te slûpen. Wat al rampen, fûl as in flecht gieren, binne iezjend oer dy wyngisele kantielen draaid. Allegearre omdoch.’ (7).
Ut en troch giet in wat útwrydske beskriuwing oer yn in fertelgrapke. It
hat der in soad fan dat de skriuwer de selskrityk projektearret op syn romanfiguer. Op side 74 giet dit sa yn syn wurk. Dynte sjocht nei in âlde frou yn har winkeltsje:
‘Har polzen lykje rolladen, dêr't al de ynriuwingen, mar net de toutsjes fan te sjen binne. Har gesicht glimt as in oaljekoek, dêr't as besleine rezinen, dofbrune eachjes yn treaun binne. Har noas is in blier en har mûle in skuor yn it fette, okeren baksel.
Ien momint twivelt Dynte oan harsels. Is it safier kommen, dat se in meiminske inkeld as in hap iten sjen kin?’
Ferbiningen bûten it boek, mei eardere boeken dus, kamen al earder op it aljemint. De passaazje op side 32 mei it dikke frommes, wurdt earst op side 117 hielendal dúdlik: it giet dêr om - en no helje ik Van der Leest letterlik oan - ‘de boerefaam op side 49 yn It moaiste famke fan Antarctica’ Mar ear't de lêzer op side 117 kommen is, hat er al earder in subtile hint krigen. Op side 105 wurdt deselde frou omskreaun as ‘in frommes as in stins’. Letterlik deselde fergeliking komt foar op de al neamde side fan It moaiste famke fan Antarctica. Dêr lêze wy: ‘in grouwe stins yn miny-miny’. Hoefolle lêzers sille lykwols erch yn sa'n oerienkomst hawwe?
Yn in midsieusk ferhaal hat in skriuwer fansels minder de gelegenheid om de spot te driuwen mei ferskynsels út de moderne maatskippij. Makket er al taspilingen op ús tiid, dan is it risseltaat sûnder mis in anakroanisme. Anakroanismen ha lykwols ien beswier: it hat in soad kâns dat de lêzer stilstean bliuwt by it komyske kontrast tusken it ferline en de tiid dêr't wy no yn libje. At wy op side 24 lêze dat Lolli de post by Pottelomme bringt, is dêrmei oan it ferskynsel post út ús tiid fansels noch net in satiryske diminsje jûn. Sokke anakroanismen komme gauris yn it boek foar; se roppe net mear as in glimke by de lêzer op.
Dat wurdt oars wannear't oan tastannen en persoanen wiidweidiger omtinken jûn wurdt, Neigeraden de passaazje mear mei de hanneling ferbûn is, wurdt de wearde dêrfan grutter yn it boek, mar wurdt ek de satire oantrekliker. Ik jou twa foarbylden. Pottelomme kriget in ploech hiersoldaten sa oanbean: ‘Myn karkloft fan tige motivearre skutters is wurkleas. Se witte net wat faaleangst is, hawwe in sûne wapenhonger en gjin lêst fan identifikaasjeproblemen. Moat ik sokke kriichslju no ôftankje. Moat dit potinsieel op non-aktyf set wurde? Yn West-Europa makket allinnich Fryslân gjin ekonomyske delgong mei, want it is lytsskalich en hat gjin yndustry, dat wit elkenien. Dêrom bin ik nei jo tein. Om koart te
kriemen, rju eale, soene wy, fjirtich wurkroppigen, as gastarbeiders ûnder jo soldaatsje kinne?’ (43,44)
Noch mear mei de hanneling ferweefd is it dwaan en litten fan in keppeltsje lilke jongelju, dy't jin bot oan de Hell's Angels tinken dogge. Oan 'e ein fan it boek sil bliken dwaan dat de soan fan Pottelomme dêr ek by heart. Wiidweidich beskriuwt Van der Leest de learen klean fan de ferwoestelingen, de koarte learskes, de ûntelbere sulverkleurige knoppen en al de plakplaatsjes. Elke lêzer sil dit portret maklik herkenne, at de oanwizing dêrfoar op side 10 noch net foldwaande west hie: de Heaven's Devils.
Hoe herkenber binne de âlde bekende Nier en Dynte noch yn dit nije boek? Se binne alhiel weiskuord út de fertroude Fryske kontreien fan ús tiid. Yn gjin ien ding liket harren bestean op it heare-eintsje libben dat se hiene yn Ald-Appelskea.
De pré-ynkarnearre Nier hat noch it measte wei fan de bekende Nier. Ear't wy syn namme hearre, tinke wy al dat it Nier wolris wêze kinne soe wannear't sein wurdt: ‘Mar doe't de ploech ôfsette, lei er mei in boerefaam yn it hea’ (9). Ek in moaie midsieuske frou lit Nier net kâld. Ek yn dit boek fjochtet er him wer (of moat ik sizze: al) op syn bekende koppige manier troch alle avontoeren hinne.
Dynte makket lykwols al in hiel oare yndruk. Sy is noch hielendal net de sophisticated call-girl út de earste fjouwer boeken. Se kin noch in kleur krije en de eagen sedich foardel slaan, wannear't har meireizigers har oangnuve. (47). Tige spontaan is se yn har oanhinklikens oan de skutter dy't har beskermet. It begjin fan in moaie, lange leafde, soe men sa sizze at men Hertenfrou & Skoppenboer trochlêst.
Tige opfallend is de wiidweidige beskriuwing fan har twastriid yn de nachtlike oeren yn in skieppeskuorre: trochreizgje nei Denemarken of by Nier bliuwe. Tolve siden fierderop docht bliken dat de skriuwer dy striid net samar sa wiidweidich werjûn hat. Yn dy nacht is it beslút om Fryslân en Nier net te ferlitten al taret. Sy draait om en stoot op Nier ta: for better and for worse!
Ien fan de sterkste punten fan dit fyfte boek is de stigende spanning oan 'e ein. It tempo wurdt aloan heger, de fragminten hieltyd koarter - it ferhaal komt op siden 97-101 yn in wiere streamfersnelling.
Van der Leest boartet yn dit boek opnij ûndogensk mei persoanen en tastannen (en mei de lêzer!). Dat er it kostlike stel Dynte en Nier wer meidwaan litte soe, wie te ferwachtsjen. In slimme fraach bliuwt foar my lykwols dizze: yn hoefier rjochtet de skriuwer syn spot op echt midsieuske tastannen en yn hoefier is by einbeslút de moderne maatskippij it doel fan syn spot.
Hjir leit, tinkt my, in lestich dilemma; tefolle anakroanistyske grapkes makket dat it boek ôfgliidt nei skoalleklup-gekheid, en wannear't tefolle útgien wurdt fan bekendheid mei midsieuske êftergrûnen, wurdt it lêzerspublyk wol tige beheind.
Ik wol beslute mei Van der Leest fan herten sterkte ta te winskjen by it ta stân bringen fan nije pré-ynkarnaasjes fan Dynte en Nier. Of wurde it faaks post-ynkarnaasjes?
(oersetting: redaksje Trotwaer)
Taheakke fan R.R. v.d. Leest:
1.
Pop hat it yn syn ynlieding oer de gearhing fan de Dynte/Nier-syklus hân. Wat persoanen oanbelanget, hat Hertenfrou & Skoppenboer ferbining mei de foarôfgeande boeken troch de beide haadfigueren en troch de grouwe frou Benedictine of Nano, dy't as boerefaam al yn it tredde diel ferskynde. Mar der is noch in persoan, mei wa't de lêzer al earder yn 'e kunde kaam. Ien dy't net by namme neamd wurdt. Hy komt Dynte ek bekend foar, der stiet letterlik: ‘in âlde kunde, dy't se twaris yn de fiere takomst moete hat’. Dat wie yn de ûneven boeken. Yn it earste diel wie er in frachtweinsjauffeur fan it Ynternasionaal Weitransport, yn it tredde diel fan it Intercontinentaal Wegtransport, want dat spilet yn Drinte; yn it fiifde diel, Hertenfrou & Skoppenboer dus, komt er as fuorman fan in oksewein foar en yn it sânde diel dat yn de 18e ieu spilet, sil er de fuorman fan in belslide wêze. Yn alle ûneven boeken helpt er mei it ferfier en is er in guodlike, faderlike figuer tusken alle smjunten.
2.
Yn Morfeus yn de Underwrâld, haadstik III, side 28 stiet: ‘Hear ik der noch wat fan?’ ropt Al Pino him nei: ‘Ja’. ‘Hwannear’ ‘Yn it folgjende haadstik’ (dat is dus IV).
Haadstik XIII, side 108: (Al Pino seit:) ‘Hiest bilove my yn it fjirde haadstik te fertellen, hoe't dyn speuraksje nei Dynte beteard wie’. (En net ‘Hiest yn it fjirde haadstik belove my te fertellen...’) De wurdfolchoarder makket hjir alles út en de ferwizing strykt al.