| |
| |
| |
R.R. van der Leest
De oarsprong fan de Nier-en-Dynte-syklus
Mei opsetsin haw ik sein, dat ik prate sil oer de oarsprong fan de Nieren-Dynte-syklus en net oer it ûntstean dêrfan. Want it wurd ûntstean soe de gedachte oproppe kinne, dat ik foar elk diel apart op de ûntjouwing fan plan nei útwurking yngean. Mar ik wol diskear foaral ynfloeden sykje, dy't faak de hiele syklus mei beskiede. Dêrfoar moat ik fier werom gean. Folle fierder as 1968, doe't ik mei it skriuwen fan it foarste diel út ein sette.
Doe't ik lyts wie, lies ús mem fan my de stripferhalen fan ‘Bruintje de Beer’ foar út de Hepkema-krante. Letter ferskynden dy ferhalen yn boekjes mei in dûnkergiel kaft. Op de efterkant stie altyd in adfertinsje foar Draaisma en Valkenburg-levertraan. Dy levertraan krige ik ek, in leppelfol mei in bytsje sûker op de punt, mar dat hat gjin ynfloed op myn skriuwen hân, tink. Doe't ik sels lêze koe, mocht ik dat graach dwaan yn ‘Bolke de Beer’ - boeken fan A.D. Hildebrand. Stripferhalen wiene der yn de oarloch net in soad. Ik seach altyd út nei it kommen fan in wykblêd, dêr't wy op abonnearre wiene. Dêryn stie elke kear in oar stripferhaaltsje, reklame foar Wybert-dropkes. Fierders haw ik yn de oarloch noch in pear ferhalen fan Tom Poes en fan Dick Bos lêzen. As ik earlik bin, ik fûn dy stripferhaaltjes moaier as gewoane lêsboeken.
Yn 1944, ik wie doe alve en lei yn it sanatorium te Appelskea, haw ik twa fan sokke ferhaaltsjes tekene. It iene wie yn de trant fan Tom Poes, mei oanklaaide dieren. Dat ferhaaltsje haw ik hielendal dien krigen: in tekenboek fol mei printsjes. De tekst hie ik yn in apart skrift der by skriuwe wollen. Safier is it noait kommen. Want ik woe de tekst ek yn de trant fan Tom Poes skriuwe, mei taalgrapkes, sa't dy yn myn foarbyld stiene. Ien dêrfan wit ik noch. Wannear Waggel seit tsjin Tom Poes: ‘Hier heb je zand en heuvels, daar heuvels en zand en daar zandheuvels’. Mar sa koe ik net skriuwe, dêrfoar hie ik gjin macht genôch oer de taal. Ek it optinken fan sokke nammen as Ollie B. Bommel, H. Hieper, en Bul Super gyng boppe myn fermogens. It twadde stripferhaal haw ik sûnder foarbyld tekene. Ek dêrfan soe ik de tekst letter skriuwe, mar dy hoegde net
| |
| |
grappich te wurden. It gyng oer trije jonges, dy't yn in motorboatsje de Noardsee oerstekke, nei Ingelân ta. Midden op see strykt in wetterfleantúch neist harren del. De piloat hat gjin benzine mear. Hy krige in pear jerrycanfollen fan de jonges en set wer ôf. De bedoeling wie, dat it wetterfleantúch op it lêst fan it ferhaal harren helpe soe út in faaie situaasje. Safier is it likemin kommen. Healwei bin ik mei it tekenjen opholden. Ik mocht doe út it sanatorium nei hûs en dêr haw ik oare dingen dien, boartsje bûtendoar foar it neist. Mar it gefoel dat taal in materiaal is, moat ik dan dochs al in bytsje hân hawwe. Lykas each foar in ferhaalôfrin, dy't te krijen hat mei in foarfal út it begjin.
Nei de oarloch, rûchwei fan 1945 oant 1954, haw ik mear films sjoen as boeken lêzen. It wie net sa, dat ik nei alles wat te Ljouwert draaide, gyng. Mar mei fjouwer bioskopen, as ik de Harmony meirekkenje, wie der meastentiids wol kar-út om ien of twa kear wyks nei in film te gean. De film hie in pear eigenskippen, dy't ik yn boeken faak miste. Dêr wie it rêde wikseljen fan sênes, it ferpartsjen fan it ferhaal yn lytsere stikken, folle dúdliker as yn in skreaune tekst. It like my ta, dat dy sênes ek folle bewuster yn in beskate folchoarder pleatst wiene en dat dêrtroch de dosearring better wie. Krekt as by in sirkusfoarstelling, dêr't nei it nûmer mei de wylde bisten net daliks wer wat spannends komt, mar earst de clowns ferskine. Boppedat hie de film mear uterlike aksje as in boek en der waard minder wiidweidich yn praat en neitocht.
Yn dy snuorje seach ik ek de film, dy't my op it spoar fan de kolder sette. Ik ha dy film mar ien kear sjoen, want hy draaide op in tongersdeitejûn yn de Ljouwerter Bioskoop, dy't dan wat apartere rolprinten fertoande. It is gjin bekende film en as ik him no wer sjen soe, koe it wol ris raar ôffalle. Dy film hjitte fan Helzapoppin en wie al yn 1941 yn de Feriene Steaten makke. Okkerdeis lies ik yn in neislachwurk in koarte omskriuwing. Dy gyng sa: ‘Deze film slaagt er niet in de volkomen krankzinnigheid van een Broadway revue te bereiken, maar komt toch een heel eind. Er zitten mooie vondsten in’. In pear fan dyn fynsten wol ik hjir even memorearje, om't se fan it soarte binne dat't ik sa no en by dan yn myn boeken besykje te beheljen. Ut en troch ferskynt yn dy film in man mei in plant. Se hawwe beide neat mei it ferhaal te krijen, se steane bûten it hiele barren. Mar yn it begjin fan de film is dy plant lyts, hy wurdt iderkear grutter en by eintsjebeslút is er sa ûnbidich, dat er op in frachtauto ferfierd wurde moat. Twadde fynst: in pear mannen stappe by de râne fan in swimbad lâns, de kamera folget har. As se foarby in moai famke op de dûkplanke komme, bliuwt de kamera dêrop rjochte en sy rinne út it byld. Efkes letter bûcht ien fan de mannen him yn it byld en swaait nei de kame- | |
| |
ra dat dy him en syn maat folgje moat. Dan noch de moaiste fynst: de film brekt ynienen ôf en it doek yn de bioskoop wurdt wyt. In mikrofoanstim seit dan sokssawat as: ‘Wol Pyt de Vries daliks de seal ferlitte en nei de hal tagean. Der stiet immen op him te wachtsjen’. Op it wite skerm projektearre komt dan ek echt it skaadbyld fan in jonkje omheech, dat tusken de rigen stuoltsjes nei it gongpaad rint. Dêrnei giet de film wer gewoan fierder. Dy ferbrekking, dat spotten mei en tagelyk benutsjen fan it medium, is my altyd bybleaun. Ik kom
dêr aanst by in roman op werom.
Yn 1948 begûn ik mei it skriuwen fan proaza. Earnst en koartswyl wikselen inoar ôf en rûnen soms trochinoar hinne, foarsafier't it my noch heucht. Der stie in priisfraach yn de Ljouwerter Krante wêryn't, ik mien troch Polygoon, frege waard om in ferhaal, dat as basis tsjinje koe foar in film. It Italiaanske neo-réalisme sloech doe foar master op mei sokke films as Fytsedieven en Bittere Rys. Sa'n soarte fan film soe it wurde moatte. Ik haw in ferhaal ynstjoerd en der noait wer wat fan heard. Datselde jiers besocht ik in ferhaal te skriuwen oer in ienling by in fuotbalklup, dy't sportyf goed meikomme kin, mar him yn dat fermidden net gelokkich fielt. Ik woe it dwaan op de dramatyske wize: dus sûnder it fielen en tinken fan dy jonge direkt te beskriuwen, mar dat troch syn dwaan en praten te suggerearjen. Nei in pear siden is it my by de hannen omt ôf brutsen. Wat letter haw ik besocht in toanielstik yn de trant fan Pinter te skriuwen, dus mei in soad swijen. In stikmennich manlju, dy't inoar net koene, komme op de souder fan in leechsteand hûs byinoar. Se wachtsje dêr op de baas, dy't har útnoege hat en dy't se allegear wol kenne. Mar de baas ferskynt net en starichoan begjinne de manlju inoar te mistrouwen, oant der in deade falt. Ik bin in hiel ein kommen, wol 75 siden, mar ik haw it stik noait dien makke. Dat wiene dus eamstige prebearsels. Lytser en lichter guod kaam my soms wol út de hannen. Yn de earste en twadde jiergong fan Monocle, de krante fan de Rykskweekskoalle te Ljouwert, hawwe stikjes fan my stien. Der wie in parody by op de taspraak tsjin de haden fan Lebak út de Max Havelaar fan Multatuli. En ek in kwartet stikje, it slach dat Godfried Bomans publisearre yn Kopstukken. Ik besocht wat mei de taal te boartsjen. As foarbyld dizze alliteraasje út sa'n
stikje: ‘Dikke Dorus dreunde de dunne diender dwars door de deur. De dunne diender dacht: Deksels dat doet de deur dicht. Doch dikke Dorus duwde de diender door de dorsmachine. Daarop droeg dikke Dorus de dertigmaal dunnere diender dan daarstraks door de dorpen. De dorpelingen dachten: Drommels, die dikke Dorus doet dodelijke dingen.’
| |
| |
Myn skriuwdrift saksearre wat, skilderjen kaam der foar yn it plak. It wurk fan de Frânske skilder Raoul Dufy ynspirearre my. Syn skilderijen wiene fletserich en licht. Op in ûndergrûn fan brede kleurige streken sette hy drokke taferielen del. In operafoarstelling, hurddraverijen, in haven mei beflagge boaten. Meidat er de ferve in bytsje neist de kontoeren sette, makke er it gehiel noch libbener. Sa besocht ik op myn wize ek te skilderjen. Underwerpen dêr't wat by te fertellen wie: minsken yn in simmersk park, hurdfytsers bochtsjend troch in stêd, in grôtfol strân mei parasols.
Nei 1954 gyng ik net sa faak mear nei de film. Ik wenne doe ek net mear te Ljouwert, mar te Kulemboarch en dêr wie mar ien bioskoop. Boppedat krige it skaakspul my yn 'e besnijing. Wat my dêryn oanluts, wie net de systematyske berekkening, mar de ûnferwachte ynfal, as de útsûndering bliken die sterker te wêzen as de rigel. Ik hold fan Wyld-West partijen. Noch ien kear besocht ik in fleurich boekje te skriuwen: in fakânsjeferhaal oer jongelju op ien fan de eilannen. Op it earste haadstik nei is it neat wurden. Nei it lêzen fan De Wegen fan de Frijheid fan Jean-Paul Sartre, sette ik mei in grutte serieuze romanrige út ein. Dy soe it dwaan en litten, it tinken en fielen fan in stikmennich jonge minsken beskriuwe moatte, in tiidsbyld, sûnder strakke ferhaalopbou, mar mei flugge wikselingen fan plak en persoan. It wurk soe as titel krije: De Boeken fan de Ferfeelsumens'. Dat wie in goede titel, want nei in pear siden, hoegde it net mear, doe hie ik sels myn nocht der ôf. Dêrnei haw ik noch in set omtoppe mei it plan foar in bakfiskeroman. (Nim my dat Hollânske wurd net kwea ôf, mar ik wit gjin Frysk, dat like typearjend is). It soe in bakfiskeroman wurde moatte, dy't as sadanich te lêzen wie, mar dêr foar de wat betûftere lêzer tagelyk in parody op foarme. It is by in plan bleaun, want nei 1957 wie it by my nacht yn de skriuwnane. Wol skildere ik noch. In oare Frânske skilder wie myn favoryt wurden: Henri Matisse. Neffens lju dy't it witte kinne mei Picasso de wichtichste byldzjende keunstner fan dizze ieu. Mar ik bin yn dit lân noch nimmen tsjinkaam dy't dat ek fynt. Wie it yn it wurk fan Dufy de fleurigens dy't my oanluts, by Matisse wie it de freugde, en dat stekt krekt eefkes djipper. Boppedat noasken my de hechtere komposysjes, it eksoatyske, de stilearring en it ferskaat oan wizen fan
útdrukking tige.
Yn 1960 troude ik mei in Ingelske frou. Fangefolgen lies ik mear boeken yn it Ingelsk. In ûntdekking wiene dêrby de detektive-romans fan Raymond Chandler. De earste lêsboeken, dy't ik wierlik yn ien sike útlies. Net iens sasear om it ferhaal dat spannend wie, mar folle mear om de styl. Wat in ferskil mei it ekonomyske mear bloedleaze taalgebrûk fan in
| |
| |
Agatha Christie, of it oerflakkige, flotte praat fan in Peter Cheney. Hjir wie in skriuwer oan it wurd, dy't mei de taal wat die. By it lêzen fan Chandler tocht ik yn it foarste plak net: soksoarte fan boeken soe ik skriuwe wolle, mar: sa soe ik skriuwe wolle, dus: sa soe ik de taal brûke wolle. Dy taal wie byldzjend en libben, fol tekenjende tiid- en eigenskips-wurden, en de aparte ferliking waard der rynsk troch hinne struid. Yndie de poëzij fan it geweld, nei de detektives, dy't ik earder lêzen hie en dêr't it inkeld om de plot gie. Yn dy snuorje seach ik twa kear nei in film, dy't der as ferdivedaasje ek útkypte: Some Like It Hot mei Marilyn Monroe, Tony Curtis en Jack Lemon. Dy film wie bytiden spannend, dan wer komysk, dan wer healwiis. Nei dizze ynspirearjende foarbylden fan Raymond Chandler en Some Like It Hot, sette ik my yn 1961 wer ta skriuwen. It moast in grappich speurdersferhaal foar bern fan likernôch tsien jier wurde. Ik wie sa fol fjoer dwaande, dat ik al oan in ferfolch begûn, doe't it earste manuskript noch by de útjouwer lei. Dat hat blykber sa poermin west, dat sels Kluitman te Alkmaar it net útjaan woe. Doe haw ik ek net fierder besocht en dêrmei wie myn skriuwerij yn it Hollânsk ôfrûn. Pas yn 1966 soe ik it wer besykje, mar doe foar it earst yn it Frysk. Ik lies de folsleine Tûzen-en-len-Nacht, net yn de frijmoedige, moderne bewurking fan Paul Rodenko, mar in oersetting út it Frânsk, dy't like frijmoedich wie, sûnder it origineel te feroarjen. Wat my opfoel, wie de lichte, suver boartlike wize, wêrop't it erotyske elemint troch al dy ferhalen ferfrissele wie. Ik gyng wer wat faker nei de film, want wy wennen te Saandyk en Amsterdam wie koart by. Mear noch begûn ik boeken te lêzen oer it fenomeen film sels en artikels oer regisseurs.
Foaral it wurk fan de Frânske filmer Jean-Luc Godard fûn ik tige nijsgjirrich. Der sit in ferhaal yn syn films, mar dat is net botte wichtich. Wêr't it om giet, binne de foarfallen dy't har ûnderweis foardogge en de wize wêrop't dy behannele wurde. Dat wie no krekt wat my ek foar eagen stie: it ferhaal as in kapstok, dêr't men allegear ferskillige dingen oan ophingje koe. Fierders sieten de films fan Godard fol fynsten. Ien dêrfan: in frou smyt mei in koekpanne in pankoek yn de loft en heint dy pas nei in oare sêne in hiel skoft letter wer op. Der kaam noch wat út Frankryk by, al wie dat eins makke troch in Dútser, mar ien dy't folslein ferfrânske is. Ik bedoel de komponist Jacques Offenbach, neffens Vestdijk it sirkushynder fan de Muzen. Sa botte muzikaal bin ik net, mar ik hearde yn syn muzyk dochs wol de lichtens, de spot, de parody, yn bûnte folchoarder, ôfwiksele mei it mear romantyske, sûnder sentiminteel te wurden. Boppedat wie der faak in kontrast tusken de muzikale foarmen de ynhâld fan detekst. In ûnnoazele skuor yn in broek wurdt it ûnderwerp fan in heech- | |
| |
dravende opera-eftige kleisang, Grykske goaden sjonge inoar op de wize fan in Tiroaler boeredûns ta.
Yn 1967 begjin ik dan mei it skriuwen fan proaza yn it Frysk, nei't ik al in stikmennich gedichten publisearre hie. Trouwens myn alderearste detektive, dêr't ek eleminten fan de Dynte-Nier-syklus ynsitte, wie eins in rige fan fersen. It hjit fan Leave Santjin, in stripferhaaltsje yn sonnetten. Dêryn binne de attributen fan it ‘hard-boiled’ speurdersferhaal al oanwêzich: in moaie frou, in djoere auto, wapengeweld en fjochtsjen. Dat part wie dus dúdlik ynspirearre troch de boeken fan Raymond Chandler. De botsing tusken foarm en ynhâld, tusken de lyryske sonnettefoarm en it rûge ferhaal, sil my troch it wurk fan Offenbach ynjûn wêze. En it parodistyske elemint kin ek út dy koker komme. Haadpersoan yn dy sonnetterige is Reynold Last, Reinout Leest in Ingelske ferbastering fan myn eigen namme. It ferhaal Ierdsk Ingeltsje stiet, lykas Leave Santjin en de beide teksten dêr't ik aanst noch wat oer sizze sil, yn it Boartersbûkje. Ierdsk Ingeltsje is gjin detektive-ferhaal, al komt der dan in oerfal yn foar. Mar in oar elemint, ik sil it mar it fisuele neame, sit der wol yn en dat haw ik letter by Dynte/Nier soms ek brûkt. My tinkt, dit fisuele hat te krijen mei de film. Yn Ierdsk Ingeltsje bestie it út twa stikjes mei gedachtestipkes, dy't starichoan de tekst oerwoekeren. Sadwaande wurdt de ynhâld fan dy episoaden, in romantyske sinne-ûndergong en in stik selsbeklach, bespot. In oar ferhaal is De Flinterknipper en de Trije Famkes. Hjiryn gjin geweld, mar suver in feestlike sfear. It ferhaal waard, ynjûn troch de boeken fan Tûzen-en-Ien-Nacht, om krekt te wêzen: De Skiednis fan de Sjouwerman en de Trije Famkes. Ik hie der iens in roman fan meitsje wollen, mar wie te ûngeduldich om dat
doe opbringe te kinnen. Dêryn knapt it ferhaal ynienen ôf, mar wol op in punt dêr't in Ingelsman ris fan sein hat, dat it de grutste ferwachting by in lêzer opropt, te witten: as in doar iepengiet en immen deryn komt. Déa en har nymfen yn de Dynte/Nier syklus komt út de wrâld fan Tûzen-en-Ien-Nacht wei. Len Forster en de Odalisk mei Granaatappel is in stripferhaal sûnder plaatsjes, in kompensaasje tsjin de stripferhaaltsjes oer, dy't ik, doe't ik alve wie wol tekene, mar dêr't ik gjin tekst by skriuwe koe. Dit is wer in komysk detektive-ferhaal, fan it ‘hard-boiled’-type en de Odalisk mei Granaatappel is in skilderij fan Matisse. Sûnder te sizzen, dat de fjouwer teksten, dy't ik hjirby even oantsjut haw, direkt as foarwurk fan de Dynte/Niersyklus te beskôgjen binne, leau ik dochs, dat se mei-inoar gâns eleminten befetsje, dy't letter yn dy searje wer opdûke.
Wylst it Boartersbûkje by de útjouwer lei, skreau ik yn 1968 it begjin fan in draaiboek foar in b-film, dat wol sizze in goedkeape film. It moast in
| |
| |
echt draaiboek wurde, mei op de lofterkant fan de siden it barren en rjochts it lûd. Boppedat stiene der kamera-oanwizingen by. It wie in griemmank fan fragminten, in rapsoadysk wurk, sûnder ferhaaltrie en komysk bedoeld. Nei fyftjin siden fûn ik it net botte lêsber en dêrmei mislearre, want it draaiboek wie net foar in film ornearre, mar foar in lêzerspublyk. De titel fan dat wurkstik wie Komme dy Kepers? It gyng yn it laad. Letter haw ik it noch wol ris foar it ljocht helle, om der stikjes út te plunderjen. Sels yn it Boartersbûkje is dêr wat út bedarre, want dat ferskynde in jier te let en ik stjoerde de útjouwer ûnderwilens mear kopij ta. Ik begûn oan in detektive-roman, ommers dat wie dochs en is it genre, dêr't ik it meast foar fielde. Dy soe mear opsetlik grappich as de yn wêzen tryste boeken fan Chandler wurde moatte. It ferhaal mocht ek wol wat minder réalistysk wêze, in bytsje operette-eftich, mei in minimum oan plausibele hanneling, as ik der mar ferskillige sênes yn kwyt koe. Om't ik it ien en oar oer skaken wist, brûkte ik dat foar in part fan de plot. It hat even duorre foar't ik de goeie haadpersoanen hie. Ik wie nammentlik al daliks fan doel in searje te skriuwen, lyk as dat by detektives wenst is. Alderearst hie ik ien haadpersoan, in ik-figuer, yn neifolging fan Chandler. Mines hjitte fan Rienk Reinders. Doe seach ik yn de Ljouwerter Krante in strip mei twa haadpersoanen: in jongkeardel Arman en in jonge frou Ilva. Sa'n span koe ik brûke. By my hjitten se earst fan Alexander en Diane, mar se feroaren al gau yn Nier Hinnebruier en Dynte Planteit. Letter hat it my wolris muoid, dat ik foar Dynte net Caro Kann nommen haw en foar Nier net Ben Oni. Skakers ûnder jim sille faaks witte, dat dy nammen skaakiepeningen binne. En Ben Oni betsjut ek noch: soan fan de
kommer, dus dat hie moai past. It boek soe earst wol de titel fan in skaakiepening krije, te witten: Oannaam Frouljusgambyt, mar ik haw dochs Komme dy Kepers? foar kar nommen.
Nei't bliken die, dat dizze earsteling by it brede publyk net oansloech, haw ik it twadde diel Boef fan Rys foar in lytsere rûnte skreaun. Dêrtroch is dit ferfolch ekstremer wurden as it foarste diel. Mar dat hat ek noch in oare oarsaak. Ik hie ûnderwilens Osborne's Rebellen fan John Anthony West lêzen. Dy West is leau 'k net sa'n ferneamde auteur, want ik koe inkeld wiiswurde dat er yn 1932 op de wrâld kaam. Yn it begjin fan de sekstiger jierren hie ik alris in bondel mei trije ferhalen Huilen met de Wolven fan him lêzen. Wat my yn Osborne's Rebellen oanspruts, wie de fragmintaryske ferteltrant, de stylferskillen fan de stikken en de sabeare skiedskriuwing fan in net-besteand eilân. Mar it aldermeaste waard ik rekke troch in Ingelsk boek, dat al yn 1760 ferskynde: Tristram Shandy fan Laurence Sterne. It is it gekste masterwurk út de wrâldliteratuer, frjemder noch as Gargantua en Pantagruel fan François Rabelais. En it
| |
| |
is tagelyk in tige modern boek. It brûkt suver alle middels dy't in romanskriuwer ta syn foldwaan hat, mar it lit mei-iens de beheining fan dy mooglikheden sjen. As in man mei syn gongelstok swaait, stiet yn it boek in tekeninkje fan dy swaai, omdat soks net presiis te beskriuwen is. As de haadpersoanen allegear earne mei besteld binne, hat de skriuwer even de hannen frij om it foarwurd te skriuwen en dat docht er, op side 140. Oant sân kear ta begjint er in ferhaal oer de kening fan Bohemen, hieltiten wurdt it ôfbrutsen, omdat him of ien fan de haadpersoanen, wat wichtigers yn it sin komt. Der is in folslein swarte side as immen deagiet en in folslein wite, dêr't de lêzer syn foarstelling fan in moaie widdo op skriuwe kin. De skriuwer wol presiis it libben folgje, mar hy beklaget him, dat er, wat mear er skriuwt, wat mear er benefter rekket, want it libben giet hurder as it skriuwen. Hy lit in frommes loere troch in kaaisgat in pear haadstikken lang stean, want hy moat him earst mei oare persoanen bemuoie. Utwreiding folget op útwreiding, dûbelsinnigens, filosfy, parody, gefoel, alles wurdt oeral helle, de lêzer tinkt geduerich: wêr sil dit hinne? mar de skriuwer hâldt de toutsjes yn 'e hannen en ier of let komt er wer ta de saak, om op 'en nij nuvere ombochten te meitsjen. Lykwols, yn Tristram Shandy grypt alles yninoar, de skynbere tizeboel hat in fine, mar hechte struktuer, it is in boek as in klok.
Gearfetsjend soe ik sizze wolle dat, neffens myn betinken, de trije ynfloeden dy't it measte mei de oarsprong fan de Nier/Dynte-syklus te krijen hawwe, dizze binne: Yn it foarste plak de film as medium en in pear films yn it besûnder. Dat jildt net allinnich foar middels dy't ik brûkt haw, mar soms ek foar lytse fragminten fan it ferhaal. Om fan beide ien foarbyld te jaan: yn it lêst fan Komme dy Kepers? smyt Nier fan boppe ôf stikem in blom nei Dynte om har in teken te jaan, dat hy har helpe sil, as se yn de hannen fan in binde fallen is. Mar Dynte sjocht de blom net, ien fan de bindeleden wol en dy leit de blom by har del. Wa't de Hitchcockfilm North by Northwest (it wit de Hollânske titel net mear) sjoen hat, sil faaks noch witte, dat dêryn de held in pakje lúsjefers nei de heldinne smyt, dy't dat pas sjocht, as ien fan de boeven it opkriget en op de tafel leit. Foarbyld fan in filmysk middel: yn It moaiste famke fan Antarctica besiket Nier wat fan in man wiis te wurden en hy seit dan: ‘Weromtinke!’ De man docht dat en fernijt him wat der foarfallen is ek echt efterstefoaren, dus hij begjint mei de ein fan it barren en besiút mei it begjin. As ik no filmmakker west hie, soe ik dat stik weromrinnend opnommen hawwe, mar dat koe hjir fansels net. Yn it twadde plak is dêr de ynfloed fan de detective romans fan Raymond Chandler, foar wat it genre oanbelanget, mar benammen foar de skriuwstyl. Net dat ik dy skriuwstyl neibau- | |
| |
we woe, mar it joech my de oantrún om myn eigen yn it Frysk te ûntwikkeljen. Yn it tredde plak, nei it earste diel fan de searje Tristram Shandy fan Laurence Sterne, foar it faker loslitten fan it ferhaal, de gruttere ôfwikseling fan ûnderwerpen en it hieltyd mear oan it wurd kommen fan de skriuwer sels.
As jim no sizze: ‘Ja, mar Van der Leest, dat wiene allegear uterlikheden, wy wolle witte wat jo ynderlik beweegde’, dan kin ik der inkeld op antwurdzje: ‘Ik woe mysels en de lêzer ferdivedearje, ik woe in spul mei de lêzers spylje, as jim dan sizze: ‘Dy basis is ús te smel, dat is ús te min,’ dan kin ik inkeld ferwize nei professor Huizinga, dy't yn syn Homo Ludens ornearre, dat echt spul in doel hat yn himsels; sadree't it mear bestribbet, hâldt it op in spul te wêzen. Dus dêr moatte jim it dan mar mei dwaan.
Taheakke fan R.R. van der Leest:
In lytse oanfolling op myn eigen ferhaal oer de oarsprong fan de Nier/Dynte-syklus. Jo Smit hat mei oan de widze dêrfan stien, al sil er dat sels net mear witte. Op in skriuwerswykein te Koartehimmen yn 1967 sei er tsjin immen: ‘Yn de Fryske literatuer komme net in soad lúkse fermiddens en tsjeppe froulju foar’. Doe't ik mei myn searje boeken fan ein sette, brûkte ik dus al in lúks fermidden. En Dynte Planteit mei dan in plat karakter wêze, uterlik hat se wol rûnings en is se byldmoai.
R.R. van der Leest ‘Dynte mei heechoppich hier’ Potleadtekening 1968
|
|