[Nummer 2]
Fan de redaksje
It ôfrûne jier binne der foar it Literêr-Histoarysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy fjouwer lêzingen hoden oer it wurk fan R.R. van der Leest. Dy lêzingen fûnen wy te nijsgjirrich om fierders neat mei te dwaan. Boppedat woene wy se de trouwe Van der Leest-lêzers fan Trotwaer fansels ek net ûnthâlde, as it in bytsje koe. En it koe. Dêrom diskear in Van der Leest-nûmer, wijd fral oan dy boeken fan Van der Leest dêr't it draait om Dynte Planteit en Nier Hinnebruier.
Van der Leest sels giet yn op de oarsprong fan de Nier en Dynte-syklus (lêzing 1 oktober 1983), J. Pop jout ferslach fan syn ûnderfinings by it lêzen fan dy syklus (lêzing 12 novimber 1983), Remco Heite fertelt oer it ‘ûnsuvere’ proaza fan de Nier en Dynte boeken (lêzing 14 jannewaris 1984) en Jo Smit besprekt Hertenfrou & Skoppenboer, oant no ta it lêste boek fan de syklus (lêzing 11 maart 1984).
Mar der is mear. Behalven de lêzingen, ek noch in bydrage fan Ph.H. Breuker, dy't de jonge Van der Leest as dichter fan Hollânsktalige fersen foar it fuotljocht hellet. Yn dit nûmer in pear fan dy bisûndere fersen út Van der Leest syn kweekskoalletiid.