Ein
Nee, net de ein fan Trotwaer, net de Deux Chevaux, net it drege boek fan N.E. Algra, mar ein, finis. De ein fan it ein tou. Tou dêr't men jinsels sawol oan opknoopje as fêsthâlde kin. De ein, dat is it tema fan it Trotwaer-nûmer dat de redaksje oan 'e ein fan de simmer fan '84 útbringe wol. Jo, as lêzer en/of meiwurker fan Trotwaer, wurde fersocht om foar dat nûmer in bydrage te leverjen. Oft jo dêrta ree binne, soene wy as redaksje graach foar 1 july fan jo fernimme wolle; de bydrage sels soene wy dan leafst foar 15 augustus ûntfange.
Dat wy de ein as tema útsocht hawwe, hat fansels alles te krijen mei 1984. It mei dan wol sa wêze dat Orwell syn profesije oer 1984 net helendal útkommen is, mar it liket der in soad op dat, al is it dan net yn 1984, Orwell dochs gelyk krije sil mei syn pessimistysk takomstbyld. Idealisme sa't dat yn de sechtiger en begjin santiger jierren bestie, mei syn leauwen yn non-konformisme, demokratisearring en hokfoar oar -isme of -earring dan ek mar, is der sa't it liket net mear. Alles dat dêrfan oerbleaun is, binne wat âldere geitewollen folkoaren minsken mei ‘fizy’. De idealen fan dy minsken hat de jongere generaasje op in pypfol. As de kânsen op wurk en sosjale earmslach foar jongere minsken der al binne, dan binne se sa lyts dat sokssawat as solidariteit in lúkse út it feriine liket te wêzen: elk pakt wat er noch pakke kin, want moarn dan binne der dochs gjin útkearingen mear, as de bom dan noch net fallen is. Yn it slimste gefal draait sa'n mentaliteit út op ferset tsjin dy minderheden dy't noch net sa lang lyn ‘yn’ wiene, om't it (potinsjele) konkurrinten binne. De groeiende ferrjochtsing en it opkommende rasisme binne der foarbylden fan. Men kin jin fansels ek werom lûke yn jins skulp. Dat lêste komt ek ta utering yn de literatuer. De klam komt wat langer wat mear op it persoanlike te lizzen - as it al net op it saneamde literatuerboartsjen útrint. Maatskippij-krityske literatuer liket de ein besyld te hawwen. Tr. Riemersma sil dan wol net de lêste der Mohikanen wêze, mar botte wierskynlik liket in bloei fan in maatskiplik engazjearre zjenre ynearsten net. De algemiene tendins is dat wy no wolris foar it ferstân krigen hawwe, dat al dy idealen en maatskippij-krityske fizy's neat bedije. Synisme wie neffens Van Kooten en De Bie it biedwurd fan 1983, mar ek al is it wier dat it foar in part in moade-ferskynsel wie, kin
yn 1984 it synisme trochbrutsen wurde?
Fansels hat it tema de ein gâns mear fasetten; fasetten dy't op ûnderskate wizen literêr útwurke wurde kinne: de ein fan in bepaalde libbensfaze, de ein fan in relaasje en gean sa mar fuort. It tema moat, sa tinkt ús, hast elkenien wol oansprekke. Dêrom: wy ferwachtsje ek in reaksje fan jo.
Skriuw, skriuw omraak en wachtsje net oant de einichste dei!
De redaksje