Trotwaer. Jaargang 16
(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermdGysbertJacobusTrinusSybrenBouweCaesarHommemaEtceteraSûnt de tawizing fan 'e GJ-priis 1983 oan Sjoerd van der Schaaf ha der, safier't ik wit, yn 'e Fryske literêre tydskriften trije persoanen west mei krityk op dy priistakenning. Dat hawwe, yn kronologyske oarder, west J.Q. Smink (Hjir 1983, nr. 5), T. Riemersma (De Kul 1983, nr. 4), en S. Sy- | |
[pagina 64]
| |
brandy (Trotwaer 1983, nr. 6) Ik woe hjir op dy krityk graach even reagearje, net as foarsitter fan de no al wer opheven adfyskommisje mar op persoanlike titel (al hat it iene fansels al mei it oare te krijen). Ik woe yn 't foar lykwols al even kwyt, dat út it feit dat ik de GJ-priis 1983 ferdigenje wol net opmakke wurde moat, dat ik De Bijekening in masterwurk fyn. Nei myn betinken binne der yn it Frysk gjin masterwurken skreaun, en se sille ek wol noait skreaun wurde. It Frysk is in yn alle opsichten marginale taal; it is net in echt wichtige taal, sels net yn Fryslân, en de literêre produkten sille dêr ek neffens wêze. Dat wol foar mij lykwols net sizze, dat wij net stribje moatte nei itselde nivo as dat fan net-Fryske foarbylden, mar ik leau al dat it wol tige ûnwierskynlik is, dat der noch oait in master op it Fryske literêre toaniel ferskine sil. Wa't werklik wat te sizzen hat, sil wol wizer wêze en doch dat yn in taal fan oardel man en in hynstekop (lies ik koartlyn net dat der fan Jan Wybenga syn Moai waar en lange dagen mar 150 ferkocht wiene?). Ik tink, dat foar de Fryske dichtkeunst de kâns op in heech nivo noch it grutst is, omt de dichtkeunst as heechst persoanlike utering minder lêst hawwe sil fan it sosiaal marginale karakter fan it Frysk as it wat mear maatskiplik ynstelde proaza. Mar goed, ik moat werom nei De Bijekening, it boek dat neffens mij de GJ-priis wol wurdich wie. In algemien punt dat ik oer de no te behanneljen trije kritisi oanwize wol, is dat se allegearre it bekroande boek net goed lêzen hawwe en/of mei ferkearde útgongspunten lêzen ha. Lit mij begjinne mei Smink. Smink seit ûnder oaren dat Hommema, de ‘bijekening’, troch de skriuwer feroardiele wurdt. Dat is domwei net wier: Van der Schaaf, it is wier, is it hiele boek troch iroanysk oer Hommema, mar dat is perfoarst net itselde as him feroardielje. Men kin heechstens fan be-oardieljen prate. En út de lêste siden fan it boek docht, krektoarsom, bij de beskriuwing fan 'e begrafenis fan Hommema, sels bliken dat der in flinke poarsje sympathy en faaks sels bewûndering foar Hommema is fan 'e kant fan 'e skriuwer, nêst alle krityk, en de ôfwizing fan 'e tinkwrâld fan Hommema. Dat Smink net goed lêst, docht ek kleare bliken út syn bewearing dat Van der Schaaf him identifisearret mei it ‘gesunde Volksempfinden’ dat ‘apartelingen de nekke omdraait’. Ik meitsje út dat Dútsk al op, dat Smink net goed wit wêr't er it oer hat, en fierders dat er - nochris - net goed lêst óf dat er gewoan lycht: de iennige dy't nammentlik ferantwurdlik is foar de ûndergong fan de bijekening is hijsels en gjin oarenien. De bewearing fan Smink stuolket op syn eigen ‘hineininterpretierung’ (at we dan dochs Dútsk brûke moatte). Dan wurdt noch beweard, dat de foarútwizings spanning en identifi- | |
[pagina 65]
| |
kaasjemooglikheden weinimme. Foarbyld: ‘It lytse drama sil fierderop ferteld wurde’ (s. 28). Dat fan dy identifikaasjemooglikheden snap ik gewoan net, en dat fan dy spanning wiist op in manier fan lêzen dy't mear bij detectives past. Smink liket mear ynteressearre te wêzen yn it ferhaaltsje as yn de betsjutting fan it ferhaaltsje, en fierders is it ek net wier dat de skriuwer de letterlike ôfrin altyd fan te foaren al ferriedt. Tink fierder ris oan Van Eeden syn Van de koele meren des doods, dat ek mei in aardige ‘foarútwizing’ begjint, en oan it Middel-Heechdútske Nibelungenlied, dat fuort al yn 'e earste rigels ferklapt dat it min ôfrint. Mar noch yn De Bijekening noch yn dy oare boeken sjoch ik om dy reden ferlies fan spanning. En dan Riemersma yn syn Kul-reaksje. Goed stilist dat er is, skriuwt er altyd ûnderhâldend, mar dêr moat men jin net troch ferrifelje litte wat it wierheidsgehalte oangiet. In foarbyld fan karakteristike Riemersma trochdraverij: op s. 78 wurdt beweard dat de Friese Pers gjin literêre boeken útjout. En Anne Wadman dan, hear Riemersma, mei syn lêste roman? In oar ding. Tiny Mulder wurdt útheuvele omt se yn it FD de priis ferdigene hat troch mei weistreking fan oare nammen op it lêst ek bij Van der Schaaf út te kommen, sûnder dy oare nammen te neamen. Tajûn ek ik hie graach dy oare nammen heard, en ik fûn ek har fierdere arguminten swak, mar wat Tiny net mei, mei Trinus wol. Want ek Riemersma neamt gjin nammen, al skermet er wol bot mei wurden as ‘progressyf’ en ‘konservatyf’. Ek hij doart net de nammen te neamen fan de skriuwers dêr't it hjir allegearre om draait. Dat sil ik dan mar even foar him dwaan. At wij even de skriuwers weistreekje út 'e ‘ferkearde’ klubs (Friese Pers bijg.) en ek dy skriuwers út de ‘goede’ klub, dêr't Riemersma, sjoen syn eigen resinsjes yn Trotwaer, net sa'n hege pet fan op hat (d.w.s. Piter Boersma, en Josse de HaanGa naar voetnoot1), dan bliuwe der mar in pear nammen oer: E. Dam, Steven de Jong, Tiny Mulder en (jo riede it noait) T. Riemersma. Ik wol hjirmei net suggerearje dat Riemersma syn Kul-artikel in oprisping is fan teloarstellingen dat hij de priis net krigen hat. Wól, dat er troch syn skriuwen bij insiders ai slim dy fertinking op him laadt. Ik fyn trouwens dat in skriuwer bêst opkomme mei foar syn eigen saak, mar doch it dan rjochtút en ferwyt oaren net wat jesels ek dogge. Noch in wylde opmerking: op s. 81-2 wurdt beweard dat de jury mei disse priis sizze wollen hat: ‘Jonge skriuwers, wolle jimme ek in priis winne, skriuw dan lykas Brolsma, of Baersma of Asman’ (mei omstavering | |
[pagina 66]
| |
fan mij, GfdM). Haha, kom no! Wol Riemersma even, mei it GJ-priis reglemint yn 'e hân (dêr't er oars ek sa sterk yn is) oantoane, dat de priis allinne bedoeld is om jonge skriuwers op har plichten te wizen? Hij wit wol better. Dy jonge skriuwers soene wol gek wurde kinne. Dan soene se earst skriuwe moatte as in sekere Riemersma, dan as Akkerman, dan as Van der Velde, dan as Ypk fan der Fear... en no wer as Van der Schaaf? Ik leau, Riemersma giet der wat al te maklik fan út, dat syn tsjinstanners healwize idioaten binne. En dan de eigenlike krityk fan Riemersma op it boek sels. Ik wol hjir allinne op de, nei't it mij taliket, wichtichste punten yngean. Ien fan 'e dingen dy't beweard wurde, is dat it bekroande boek gjin problemen útdjippet fan 'e maatskippij fan doedestiids (s. 86), en dat it sadwaande ek gjin bijdrage leveret ta de diskusje fan hjoeddeiske fraachstikken. It is no mar krekt wat je ûnder ‘problemen fan 'e maatskippij fan doedestiids’ ferstean wolle. Riemersma, en ek Sybrandy, geane derfan út dat Van der Schaaf de earmoede út 'e tiid tusken wrâldoarloch len en Twa beskriuwe moatten hie (wat er net yngeand docht), alteast ik priuw dat út Riemersma syn wurden, bijg. op s. 90 (dêr't sein wurdt dat de realiteit weimoffele wurdt achter ‘dwarpsanekdoatyk’). Akkoart, mar at dát no krekt net de foarnaamste bedoeling fan Van der Schaaf wie? Wij as jury (sj. ús rapport yn Trotwaer 1983, nr. 5) hiene it oars begrepen: De Bijekening besiket earder ferskillende manieren fan tinken oer de maatskippij, en maatskippijferoaring, en hanneljen op grûn fan dat tinken, stal te jaan yn romanfoarm. De ferûnderstelde beskreaune ‘realiteit’ wurdt dêrmei in oarenien as Riemersma tinkt. It hat neffens mij dúdlik de bedoeling west om in nei it totalitêre tendearjende fizy op de maatskippij (feroaring) te kontrastearjen mei in yn wêzen folle minskliker, en mear mei de minsken sels rekkening hâldende, praktyske hâlding (resp. dy fan Hommema en Kromsigt). Dêrnêst komme der, mar wat minder sintraal, noch in pear oare hâldingen oan 'e oarder, bijgelyks dy fan wyksuster Feddes, waans ferhaal Riemersma ôfdocht as wie it klearebare bespotlike doarpsanekdoatyk, etc. Wis, ik wol meigean yn 'e fêststelling, dat Van der Schaaf nocht oan it smoute ferhaal hat, mar dat is net alles. It gefal fan suster Feddes, en lyksoartige oare foarfallen, hawwe mien dat it dêr om minsken giet, dy't ynstee fan oer 'e maatskippij te tinken en dy feroarje te wollen, dyselde maatskippij allinne mar brûke wolle foar persoanlike doelen. Ik kin it net oars sjen, of ik soe al bot twivelje moatte oan it yntellekt fan in skriuwer, dy't bijg. yn 'e figuer fan Hommema sa dúdlik de maatskippijkritikus en -feroarder tekene hat. In skriuwer dy't sa'n lang net maklik thema keazen hat, soe al ûnfoarstelber dom wêze | |
[pagina 67]
| |
en folje de rest fan it boek op mei nearzige foarfaltsjes. En dat De Bijekening gjin bijdrage leveret ta de diskusje oer notiidske problemen? Ach, ik leau dat it totalitêre tinken yn 'e polityk noch lang net ferdwûn is, en fierders is de milieusoarch, dy't dochs ek yn it boek net foaren komt, om mar in foarbyld te jaan, ek wol ridlik aktueel, tocht ik sa. De ûnwil fan Riemersma om it boek begripe te wollen, wurdt nochris moai yllustrearre op s. 87, dêr't er ferkundiget dat it maatskippijkrityske en it sykjen om bettere mienskipsfoarmen yn it boek lykslein wurde mei ‘wrâldfrjemdheid en dwylsin’. Dat is hiel ienfâldich, en domwei, net wier. En plysje Kromsigt dan, soe ik freegje wolle, dy't Riemersma nota bene sels noch neamt yn syn folgjende alinea? Van der Schaaf wiist in bepaalde manier fan maatskippijbeskôging ôf, en fielt mear foar in oare, dy fan Kromsigt. Noch in foarbyld fan lêsûnwil en/of ûnkunde. Riemersma hâldt ut, dat it faak ûnmooglik is om te sjen oft mieningen yn it boek fan 'e persoanen dêr of fan 'e skriuwer binne, en jout dan in tal net al te sterke foarbylden. Bijgelyks (s. 90): ‘Ek Hector Camstra Simonides hie it goedachte te ferskinen by it feest...’ (De Bijekening, s. 106). Riemersma beart dan net te witten oft (1) Simonides in bytsje deftich praat, en dat de skriuwer him sa in bytsje de gek oanstekt, (2) de skriuwer him in eigenwize fint fynt dy't yn termen fan goedachtsjen beskreaun wurde moat. Kom no, Riemersma. Hawwe jo, as literatuerdeskundige, noait heard fan skriuwers dy't in bepaalde styl en wurdkar brûke om romanpersoanen te karakterisearjen en te typearjen? It is dochs sa dúdlik as wat, te begjinnen al mei dat folsleine Hector Camstra Simonides, dat Van der Schaaf hjir mei in bepaald stylmiddel in wat sweeslaggerich man foar de lêzer delset. It is Kul, en Kul-lêzersferlakkerij, om hjir sabeare wittenskiplik beswieren tsjin yn te bringen. Lês oars marris it nuttige boekje fan G.N. Leech en M.H. Short (Style in Fiction: London 1981), dêr't sokke getallen hiel oersichtlik yn behannele wurde. It spyt mij, mar ik kin net oars konkludearje: Riemersma hat dit boek net goed lêze wollen. Hij sei sels ek al op s. 77, dat er bij it bekendwurden fan 'e priis it boek net koe, dat syn kunde it boek net koe, en dat er tige ferheard wie doe't er fan 'e priis hearde. Dat koe fansels noait goed wêze, en mei dy hâlding is er begûn it boek te lêzen. Oer de reaksje fan Sybrandy kin ik koart wêze, want yn it boppesteande binne yndirekt al guon fan syn beswieren behannele. Dan bliuwt oer bijgelyks it beswier dat de persoanen gjin inkelde ûntwikkeling trochmeitsje. Hommema bliuwt oan 'e ein ta like ‘gek’, en syn frou Berber leaut oan 'e ein ta yn it geny fan har man. It feit allinne al dat Sybrandy | |
[pagina 68]
| |
Hommema ‘gek’ neamt, wiist op in fersimpeling en misferstean fan ‘e thematyk, en fierders binne Sybrandy syn wurden gewoan ûnwier, omdat se lang net nuânsearre genôch binne: sa is bijgelyks de hâlding fan Berber tekoart dien troch sa mar even te sizzen dat se oan 'e ein ta yn Hommema syn geny leaut. Dêr hie noch wol mear oer te sizzen west. Fierders liket it mij op dit stuit net sa fruchtber ta om op syn ‘besprek’ yn te gean: it is fierste koart foar in besprek (minder as in side), en dêrtroch te algemien en apodiktysk. Oerdwaan dus. Dan foei mij noch al op de wat parmantich oandwaande útspraak, dat De Bijekening net ta de literatuer heart, dy't yn Trotwaer oan 'e oarder is. Bliksem, leit dat sa ienfâldich mei ‘de’ (lês goed: DE) literatuer yn Trotwaer? En is it sa maklik om te bewearen dat Van der Velde, nettsjinsteande de prachtich útwurke problemen fan kollaboraasje en skuld yn De Fûke en De Ofrekken (Sybrandy syn eigen wurden!) dochs net bij ‘de’ literatuer heart? Gean no gau op it dak sitten, jonges fan Trotwaer, dan leare jim nochris fierder te sjen as jim (‘de’) literatuer lang is. Literatuer is mear as allinne mar pretinsjes. En trouwens, metten mei wat mear yntemasjonale noarmen, der komt dochs suver hast gjin ‘literatuer’ oan 'e oarder yn Trotwaer? De wurden binne net goed, sei de ûle, en hij seach yn it souter.
Geart fan der Mear |
|