Trioel
Publicity, publicity
De wearde fan Steven de Jong syn stik Ypk fan der Fear en de luzen (Trotwaer 1983, 6) leit foar my yn de klam dy't hy - by alle oerienkomsten tusken de boeken fan Murdoch en Fan der Fear - leit op de ferskillen yn motivaasje en tematyk, dy't meitsje dat hy De dei is jong in echt Ypkboek neame kin. Syn artikel is - lykas eltse goede preek - ek wer wat iensidich, as hy besiket de oerienkomsten tusken de beide skriuwsters foar te stellen as folsleine bysaak, wylst boppedat it ferhaaltsje sa foar de hân leit, dat Murdoch en Fan der Fear op in soad punten wol needsaaklik op itselde útkomme moasten. Dan giet my wer wat te fier: ik ha by De dei is jong altyd it gefoel hân dat it dekor en guon fan de figueren ûnecht wiene en dat de skriuwster wat dat oangiet in bytsje mei twa fuotten yn ien hoas siet.
Hawar, oer ‘de saak’ wol ik it fierder net ha, omt beide kanten har gerak wol krigen ha. Ik fiel my mear oansprutsen troch de útspraken dy't Steven de Jong docht oer skribinten yn machtsposysjes dy't loere op de skriuwers ‘dy't echt wat te skriuwen ha’. Machtsposysjes binne der yn de Fryske kulturele wrâld fansels likegoed as oeral, mar yn it binaud lytse literêre sirkwytsje wurde de measte ‘machtsposysjes’ ynnommen troch frijwilligers en it is meastal slimmer om minsken foar sa'n posysje te krijen as har út it stee te wrotten. Soms rinne se sels by boskjes fuort! Mar yn elts gefal stiet it Steven de Jong te priizgjen dat hy syn machtsposysje as redaksjelid fan Trotwaer destiids nei ien jiergong wer sjitte litten hat.
Ik krij út dit stik fan syn artikel de yndruk dat Steven de Jong earbiedige bewûndering easket foar de ‘skriuwers en skriuwsters dy't echt wat te skriuwen ha, dy't bepaalde kontrolearbere ynhâlden formulearje (Ypk fan der Fear, Trinus Riemersma, Josse de Haan, Willem Abma en noch in stikmannich)’. In opfallende kar, mei in noch opfallender karakteristyk! Dochs liket in bytsje ûntmytologisearring my hjir wol op syn plak. De wearde fan de eigen kréativiteit achtsje ik heech. ‘Zelf harmonika spelen is een hogere bezigheid dan luisteren naar Bach’, hat Bomans sein. Dat hâldt lykwols noch net yn dat eltse harmonikant ek it konsertpoadium op moat. En as er it al docht, sil er fergelike wurde mei syn kol-