de hearlike grûn fan de literatuer, wat docht in ûnderkrûper op it mêd fan de bona literae? Kloos en Lodewijk van Deyssel koene sa'n subalterne geast femeatigje, W.F. Hermans en Gerrit Komrij spylje hjoed de dei yn sok heilsum wurk ek net swak by. En ferjit beleaven net hoe't Eeltsje Boates Folkertsma skimpe en rache koe as er stumperige en ûnbefoege skribinten ûnder it mes hie.
Leau my, ik hie it net slim fûn as Sybren Sybrandy my omseame, rinkele en kinkele hie op in wize dat ik knock out lizzen bleaun wie. Yn in gefal as dit is der ommers gjin romte foar pardon; it giet om de Literatuer. Fansels, jo moatte it wol kinne. In pynlike fraach: kinne hja it by Trotwaer? Is Sybren Sybrandy by steat foar de eare fan de Literatuer de fûnken spatte of alteast de spoannen stowe te litten? Want sa moat it, oars leare de dilettanten en de sjarlatans it dochs net.
It bêste bewiis dêrfan is dat ik fleurich fourtfar mei te wurkjen oan it ferfolch op De Bijekening.
Sjoerd van der Schaaf