Oarssein, de dichter is it kontakt kwyt mei syn eardere twillingbroer (sj. s. 26-41 mei de Deensk-Fryske syklus twillingen), mar der is dochs noch in soarte fan kontakt, al lit him dat yn taal net stalle. Bij dy meidieling lit de dichter it dan, en mei dat ekskús. Mar dat nimt de lêzer fansels net.
Tajûn, der wurdt op ûnderskate plakken besocht wat djipperlizzends te suggerearjen. Sa is it brûken fan frjemde wurden yn korrektyf(!) opfallend. Dat liket op in besykjen wat mear oan te tsjutten, mar it bliuwt bij in besykjen, it wurket net. Nim it earste gedicht op s. 5. Dêr seit de dichter earst dat er ‘mei frjemde gisels / yn 'e tonge’ praat, en dêrnei dat er him der oer fernuveret dat ‘oaren / sinnich petear / ta wjerwurd jouwe’ - dan:
It is mij met sa dúdlik oft dy lêste twa wurden no as adjectiva of as adverbia opfette wurde moatte, mar dat is net sa wichtich. Al wichtich is neffens mij dat der in tsjinspraak liket te sitten yn dy lêste wurden.
Dat ‘kuratyf’ slacht op it genêzen achterôf, mar ‘profylaktysk’ op it foarkommen. Mar kin in sykte, of ‘dwylsin’ om myn part, tagelyk genêzen én foarkommen wurde? Is it dan noch wol dwylsin? Of hâlde dat foarkommen foarôf en dat genêzen achterôf inoar yn lykwicht, fandêr dan dat ‘neutralisearre’? En, at oaren ‘sinnich’ (sinfol? ferstannich?) petear ta wjerwurd jouwe, is der dan net earder sprake fan slagge kommunikaasje, sadat dan wer dat wurd ‘dwylsin’ ûnbegryplik wurdt?
In oar beswier jilelt de byldspraak, dy't soms ûngelokkich oandocht en faker wat klysjeemjittichs oer him hat. Yn beide getallen slagget de byldspraak der dan net yn om djippere grûnen bleat te lizzen. Earst in foarbyld fan it earste. Op side 9 neamt de dichter in fers in ‘brevet fan ûnfermogen’, want der is neat dat minder noeget om de ‘kearn / fan langst en lok / te heinen yn in wurd’, en dan fart de dichter sa fuort: