Geart van der Zwaag
‘As ik de stien net lichten hie, hiestodeskat net fûn’.Ga naar voetnoot1)
Yn Trotwaer 83-1 haw ik it ûntstean fan it idee om poëzij oer de telefoan út te stjoeren pleatst yn it ramt fan it groepsproses dat dêr ta late. Dêrmei komt de ferantwurdlikheid foar dat ûntstean te lizzen op it plak, dêr't dy heart te lizzen: by de dielnimmers oan 'e Skriuwerskonferinsje Koartehimmen.
It kin bêst wêze, dat net elk like wiis wie mei dat idee, mar yn 'e gearsit fan dy sneintemoams die dat gjin bliken.
Nimmen hat him/har ek mar yn it minst tsjin de plannen fersetten. Der is ynhâldlik mei gjin wurd rept oer it fierder útwurkjen fan 'e plannen. De operasionele ‘fretfersen’ wie noch lang gjin praat fan. Dy soene pas in fearnsjier letter, mei it earste Operaesje Fers-kommunikee, optsjinne wurde. Foar it werjaan fan de wize fan idee- en beslútfoarming koe ik, behalven op in goed ûnthâld, stuolje op de Dagstaat VO-3, dêr't de lieding fan 'e konferinsje, i.c. Rens de Vries, de ynhâld fan 'e skriuwersgearsit, yn'e hjerst fan 1967 yn it Woodbrookershûs te Koartehimmen hâlden, mei ferantwurde.
Dy boarne is foar elk beskikber, kontrolearber echt en ridlik objektyf. Elk dy't syn eigen notysjes dêr foar yn it plak set, moat oanjaan wat der neffens him oan dy Dagstaat mankearret, wol er in fatsoenlik stik skriuwe teminsten. Wat men fan Rens de Vries har ferslach ek sizze mei, it ûntstean fan it idee fan de telefoanpoëzij is der korrekt yn beskreaun. Dat Sixma van Heemstra syn namme dêr net by neamd wurdt, wiist der op, dat syn opmerking ek foar de lieding fan it foarmingssintrum diel útmakke fan de op gong kommen gedachtewiksel. Dat strykt alheel mei de styl fan 'e Dagstaat (gjin nammen by it werjaan fan diskusjes).
De baron hat, doe't de ploech siet te stinnen op in middel om de poëzij earder oer te krijen, de oplossing oan 'e hân dien, de keat bybrocht, dêr't de saak mei beklonken wurde koe: de antwurdtelefoan. It finen fan dy oplossing is syn fertsjinste, neat minder, neat mear: de dielnimmers oan 'e Skriuwerskonferinsje binne foar ideeûntjouwing en beslútfoarming ferantwurdlik. Dat nei oanlieding fan Jan Wybenga syn ‘notysjes’ yn Trotwaer 83-3, siden 164-165.