Trotwaer. Jaargang 16
(1984)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 35]
| |||||||||||||||||||||||||||||||
1. In absurdistyske tradysjeDe Frânske surréalist Antonin Artaud hat yn 't begjin fan de tritiger jierren pleite foar ‘it téjater fan de wreedheid’. Mei oare wurden, der moat yn téjater (en implysyt yn literatuer) in magyske en wrede bining wêze mei de wurklikheid en it gefaar. Artaud kearde him fûl tsjin it oerflakkige, it klisjémjittige, tsjin de tindins alles sa komfortabel mooglik te meitsjen yn téjater en yn literatuer. Hy sei letterlik (en 50 jier letter jildt soks noch, tinkt my): ‘it téjater/de literatuer kin dan pas wer himsels wurde, dus in echt middel-ta-illúzje foarmje, at it de taskôger/lêzer in wiere wjerslach jout fan dreamen dêr't syn ûnbewuste driuw nei misdied, syn erotyske obsesjes, syn primitiviteit, syn waantinkbylden, syn utopyske opfetting oer it libben en de dingen, ja sels syn kannybalisme yn ien grutte stream loskomme’ (út Robert P. Flipse, Artonin Artaud, 1972, Alkmaar). Artaud, De bloedfontein (fragmint, oers. jdh) ‘- dan komt ûnder de rokken fan de minnemoer wei
in kliber skorpioenen dy 't harren sels fuort-
plantsje yn har weak-fleizen gat dat opswelt
en útelkoar barst, glêseftich wurdt en strielet
as de sinne: teef, besjoch dyn lichem,
bloedsûchster, kâlde bloedfontein en pikke-
fretster -’
Yn dy (surréalistyske) tradysje wol ik Riemersma net delsette. De roman De skjintme vurt ferbwólgwódde is net surréalistysk omt der fan automatysk skriuwen, hallusinêre bylden of fan in tafallige kollaazjetechnyk gjin sprake is. Dêrfoar sit de skriuwer noch tefolle fêst oan de autoriteit fan it manlike (de Heit, de Got, de Hearsker, de kalvinistyske Wreker), ek en f'ral yn dizze roman dêr't it froulike (de Frou) folslein leechachte en | |||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 36]
| |||||||||||||||||||||||||||||||
ferneatige wurdt (foar ‘skjintme’ kin ‘frou’ yn alle betsjuttingen lêzen wurde). In surréalistysk skriuwer (implysyt syn boeken) ‘befjochtet’ autoriteiten op in oare wize, èn in fassistyske (d.i. oerhearskjende) maatskippij. Surréalisme is altiten absurd yn syn ferskrikkingen en yn syn ûnsinnichheid, yn syn tekenjen fan de gaos dy't wrâld hjit, mar giet folle fierder as allinne it tekenjen fan absurde sitewaasjes. Dat no docht Riemersma yn De skjintme (noch) net. Dêrfoar is de útwurking fan it téma fan de roman - it froulike/de skientme wurdt ferbuolguodde - ek te smel en te sletten opset. De wrâld yn dizze roman is werombrocht ta ‘it slachte fan un frou as un klúte gail spek’. Dat is wol absurd (in ferskrikking en ûnsin), mar dat is net de hiele wrâldomfetsjend sa 't bygelyks fan wiere absurdisten wol sein wurde kin (Kafka, lonesco, Beckett, Broch, Huxley, Orwell). Net dat ik dizze skriuwer en syn boek fergelykje wol mei, en hifkje wol oan boppeneamde wrâldskriuwers, mar ik wol de roman al sjen yn dy tradysje, f'ral omt de skriuwer sels yn syn absurdistyske fragminten yn dit boek dy wei oanjout. Ek yn eardere boeken (Minskrotten/rotminsken en De hite simmer) hat er dit aspekt fan syn skriuwerskip (en ik tink it wichtichste aspekt) oan 'e oarder steld. Yn De skjintme wurdt de barbarij yn dizze wrâld yn al syn absurdens delset. Allinne, it manko yn dizze roman is dat de hiele ûnderwrâld (‘de hel, dat binne de oaren’) projektearre wurdt yn de frou. Better sein, yn ien soart frou. Dat no is te simplistysk, ik soe hast sizze wolle, typysk foar de beheinde Fryske ferhâldingen (dy't dochs al fakentiids ferbline binne troch it simpele ferhaaltsje; it moat boeie, no?).
In absurdistyske roman dus. In wichtich skaaimerk fan it absurde (ek yn film, toaniel, byldzjende keunst) is it iderkear wer weromkommen op in oare wize fan it ferskriklike en it ûnsinnige. It slim oerdriuwen fan bepaalde ferskynsels, it de klam-lizzen op foar it each ûnwichtige saken, en it op 'e kop setten fan wat yn 't deistich bestean oarsom stiet binne de middels fan de absurdistyske skriuwer. De lêzer ferwachtet A en krijt Z. Koot en Bie, en Lodewijk de Boer mei ‘The Family’ binne dêr aardige foarbylden fan. Yn absurdistyske romans is gjin plak foar kastielromanfragminten lykas ‘sustersbern yn sikekliniken’, of foar guon dy 't in ‘strie oerdwers’ foar de kont ha. Yn in absurdistyske roman ferwurdt de suster ta de gigantyske Nana (27 m) fan de keunstneres Niki de Saint Phalle (1966, Stockholm), en in strieke ta de ‘pau d'arrara’ yn 'e religjeuze reet fan de Ayatolla Khomeiny (‘pau d'arrara’: martelark fan hjoeddeiske fassisten). Ik bedoel mar: it stiet fansels nochal aardich fier ôf fan dy agraryske Fryske boeketferhaaltsjes. Mar se hawwe, tink ik, wat mear te krij- | |||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 37]
| |||||||||||||||||||||||||||||||
en mei de minske yn 'e hjoeddeiske sitewaasje, dêr't dyselde minske fakentiids alles ferliest wat him ta minske makket: syn gesicht, syn hoop op takomst, syn frije wil om sels in kar te dwaan, en om sels syn lot yn eigen hannen te nimmen. Dat no makket in absurdistyske roman ta in gefoelich boek. Oars sein, ik fyn De skjintme fan Riemersma barmhertiger, gefoeliger en minskliker as de ûnearlike boeketreeksen fan alle Gabbema's byelkoar. Paradoksalerwize is dit beesteftige boek in humaan geskrift, dat mear fragen opropt, en dus bewuster makket, as 90% fan de Fryske lektuer. It boek befêstiget neat, sûzet de lêzer net yn 'e sliep, mar lit him yn syn eigen ‘stront en sied’ omgrieme. En soks is fansels prima, soks jout de (bûtenfryske) boarger moed. It is in echte oerkristlike roman fol barmhertigens en leafde. Dit boek stiet ek yn in Fryske tradysje, noch net sa âld, mar wol boeiend om even oan te heljen. Yn 1963 kaam by Quatrebras út de roman Leafdedea fan Homme Eerntsma (d.i.F.S. Sixma van Heemstra). Op in oare wize as De smearlappen en Fabryk hat de lytse roman Leafdedea in stien yn 't agrarysk Fryske romanwetter west. Nimmen réagearre, útsein Fedde Schurer yn 'e Tsjerne: ‘..... sa hat Quatrebras no nei syn dea, of tusken dea en libben yn, de iene of oare stumper oerhelle om foar kannibaelspoek to rinnen. In stokramt kin men altyd by Freud krije, in pet fan Marten (Brouwer, dus, jdh), in baitsje fan Jelle (de Jong dus, jdh) en in seilbokse van Hessel (Miedema dus, jdh). Sadré't de sinne opkomt, sille de minsken sjen, dat it skrikoanjeijend skynsel in spoek-by-de-earte is. Mar de beukers op it skoalleplein der rjochtfoaroer sille it útkraeije -pas mar ris op. “Le style c'est l'Homme”. In fierdere analyse fan dit wurdbraeksel lit ik graech oan 'e pathologen oer’. Fedde Schurer dus, dy 't ek Van het Reve, Cremer en Wolkers ûnder de mjitte fûn (V.N. 24-10-'64), en letterlik sei (V.N. 31-10-'64): ‘Ik lijd niet aan Victoriaanse preutsheid, maar ik ben te veel bezwendeld met christelijke en socialistische en weet-ik-veel literatuur, om nu van boeken te verklaren dat het goede boeken zijn, alleen omdat er een schep exhibitionisme en sadisme en rassendiscriminatie in gesleten wordt’. Oangeande Van het Reve, Wolkers en Cremer, hat bliken dien, siet er mis, en ik tink dat dizze selde Schurer ek wat Leafdedea oanbelanget net yn 'e smizen hân hat dat it in begjin fan oarssoartige literatuer yn Fryslân wêze soe. Trinus Riemersma seit it sa (5e printinge Fabryk 1976, efterflap): ‘En sa hat it boek (is Fabryk jdh) sines bydroegen ta de skieding dy't der tusken '60 en '70 yn de hjoeddeiske fryske literatuer pleats hawn hat, de skieding tusken lêzers, skriuwers, tydskriften en generaasjes, mei as ynset: it fetsoen, de moraal, it folkloristyske-typysk frysk, it | |||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 38]
| |||||||||||||||||||||||||||||||
godstsjinstige, de skientme, de piëteit. In spjalting fan de geasten’. Leafdedea stiet oan 't begjin fan dizze spjalting want is inte op 'e Frânske surréalistyske tradysje, en doe yn 1963 foar Fryslân folslein nij. Schurers literêre wrâld en eftergrûn wiene te beheind om dit te merkbiten. Yn Leafdedea komme ûnderskate surréalisytske en adsurdistyske fragminten foar. De skriuwer neamt it net ommenocht ‘in fannijs biarbeide en forbettere útjefte fan de roman(!) Homo Ludens fan Johan Hulzinga’. De ‘ferskrikkingen’ yn Homo Ludens binne yn Leafdedea trochlutsen oan 't yn it absurde. Dat is de kwaliteit, dat is it literêre hichtepunt anno 1963 njonken it oare literêre hichtepunt De smearlappen fan Anne Wadman. Fansels, De smearlappen is in oar boek, is ek net echt absurdistysk, mar it hat wol te krijen mei in ferskriklike wrâld. Yn dy tradysje sjoch ik noch in pear boeken dêrt ek De skjintme yn thúsheart. Yn 't koart: Leafdedea - De Smearlappen - De hite simmer- In kwestje fan hûd - Forneukte stêd - De skjintme vurt verbwólgwódde. Faaks sille der noch wol in pear wêze, mar dat is no net it wichtichste. (Ik tink bgl. oan in tal ferhalen fan Hessel Miedema). It giet my derom oan te toanen dat ek de Fryske literatuer sûnt 1963, in lytse tweintich jier, op Jeropeesk nivo meidraaie kin oangeande de net ûnwichtige streaming fan it absurde. Ek de Nobelpriiswinner 1981 Elias Canetti sit, mar dan as toppunt, yn dizze tradysje. It sprekt foar himsels dat bgl. immen as in Jacques Hamelink Die Blendung fan Canetti oerset hat (1967, Het Martyrium). Ek Hamelink sels heart ta de kategory absurdistyske skriuwers. In nijsgjirrige opmerking fan Canetti (twa-talich, Spaansk en Dútsk, en sûnt jierren Ingelsk): ‘Miskien bin ik wol de iennige literator yn wa't de talen fan twa grutte ferdriuwingen sa ticht byelkoar lizze’. Der binne mear twatalige skriuwers dy't 't absurdistyske tindinsen yn harren wurk hawwe (Pessoa, Nabokov, Gombrowicz, Kosinski, Camus, Ionesco, Tzara). It opelkoar ynwurkjen fan twa of mear kultueren (yn 'e taal krijt de kultuer stâl) sil fêst syn ynfloed hân hawwe. Guon fan boppeneamde skriuwers wize soks eksplysyt oan as de grûnslach fan harren kréativiteit. Om ut te finen at de roman De skjintme thúsheart yn dizze absurdistyske tradysje is it saak en besjoch it boek neier kwa foarm en ynhâld. | |||||||||||||||||||||||||||||||
2. Oer de foarmEar't men fêststelle kin at de roman De skjintme thúsheart yn in absurdistyske tradysje sil men earst oanjaan moatte dat it boek literatuer is en gjin ‘satanyske’ lektuer foar lytse bern of foar folwoeksenen dy 't sljocht binne op priveeferhalen út sikehúzen. Ik bedoel, as besprekker hantearje ik myn fjouwer kriteria foar literatuer sa 't ik dy wiidweidich yn trotwaer 78-3 beskreaun haw: | |||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 39]
| |||||||||||||||||||||||||||||||
Adri van Hijum hat yn trotwaer 1972-1975 syn wiidferneamde romananalyses publisearre. Ik fyn dat wichtich, mar it is foar my as lêzer te min. Ik bedoel, in lêzer réagearret ek, en benammen, subjektyf op in boek. Dy subjektiviteit is net slim want normaal foar lêzers. Tusken dy twa útersten, in totale objektive analyse en in folslein subjektyf lêzen, leit in middenwei fan dizze skôger. Ik sil dy wei alteast besykje te gean. De roman De skjintme ha 'k yn syn opbou analisearre, sa likernôch sa 't Van Hijum dat doedestiids die. Dat wurkferslach no hâld ik as basisútgongspunt foar mysels om my saaklik en materiëel net te fersinnen. Mei oare wurden, ik wol it oer it boek ha en net oer it ferhaal dat ik sels makke doe 't ik oan 'e lêzen wie. Myn oardielen en foaroardielen oer minsken en wrâlden kinne net foar master opslaan. It giet om de ynhâld, de wrâlden en de ideeën yn dizze roman. Net foar te kommen is dat ek dizze lêzer fêst sit oan syn eigen lêskultuer, syn eigen ynteresse, en syn eigen idee fan dat wat teksten meitsje ta literatuer. Gomperts neamt dat sa aardich ‘it toetsen oan de hân fan de eigen ûnderfining fan de wurklikheit’. En ek, ‘in ynterpretaasje fan in roman hâldt noch net yn dat der in weardeoardiel op ûnderskate nivo's útsprutsen wurdt’. It hat te krijen mei it ferstean fan it hâlden en dragen fan minsken, mei it ferstean fan tekens yn syn totaliteit. Myn ikonyske bylden binne oare wrâlden as dy fan lêzer X en Y. De dichter Pessoa seit it sa: ‘alles is oars as ik / dêrom bestean ik / en de oaren’. En ek: ‘in blom fan juster is net deselde fan hjoed: myn eagen binne yn 1 dei oanrekke en feroare’.
De roman beslacht 177 beprinte siden, en is ferdield yn fiif haadstikken, sûnder opskrift, allinne mar nûmere fan 1 oant 5. Diel 1 telt 34 siden, diel 2 telt 37 sizen, diel 3 telt 37 siden, diel 4 telt 33 siden en diel 5 telt 36 siden. It ferhaal spilet op in hite snein fan ûngefear moarns healwei alven oant nachts healwei trijen. Yn dy 16 oeren sjocht men in Brainward (merk auto) mei in HY yn 'e wrâld omavesearen. Trije oeren sa likernôch wurde trochbrocht yn 'e Brainward dêr't mar ien oere echt fan fold is. De Brainward hinget der wat by, en is net tige funksjoneel, of it soe wêze moatte dat er tsjinst docht as middel ta in nij ferhaal, in nij belibjen fan | |||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 40]
| |||||||||||||||||||||||||||||||
de HY yn syn wrâld. De skriuwer hat hjir in mânske kâns lizze litten, al wol ik net sizze dat no daalk Bordewijks Knorrende Beesten as foarbyld nommen wurde moast, mar sokssawat, yn dy trant, en yn absurdistyske sin. Yn dizze roman hie dat nijsgjirrich west. Yn 'e boppelaach rint it ferhaal gronologysk yn 'e tiid, sa 't ik al oanjûn haw, fan moarns kofjetiid oant nachts let. Yn 't ginneraal rinne de haadstikken wat de tiid oanbelanget aardich lykop mei de wurklike tiid. Haadstik 1 (10.30-13.30), haadstik 2 (13.30-15.30), haadstik 3 (15.30-17.30), haadstik 4 (17.30-20.30) en haadstik 5 (20.30-2.30). Yn haadstik 3 rinne fertelde tiid en echte tiid net alhielendal lykop (of melke de boeren yn dit lân om ûngefear healwei sânen jûns? s. 113). Fierderfyn 'k it lêste haadstik wat de tiid oanbelanget net klopjen: der bart temin yn tefolle tiid. It hiele haadstik hinget der eins wat by yn 't ramt fan de oare fjouwer. It is te gewoan/ûngewoan yn 'e searje fan fiif. It liket dat de skriuwer net goed rie wist mei dit lêste haadstik, wat benammen ek feroarsake wurdt, tink ik, troch in tige skematysk opset konsept fan it boek. Tiny Mulder fûn it stadich, dat fyn ik net, mar ik tink dat it eksplisite skema, it faset fan it iderkear herheljen -(eintsje ride, prate en ferhaal, flechtsje)- oanlieding jaan kin ta dit idee fan stadigens. Wiswier foldocht de opset, it herheljen fan ferskrikkingen, oan de absurdistyske eask, mar dat wol noch net sizze dat it sa skematysk-iensidich útwurke wurde moatten hie. In stik kollaazjetechnyk (sa't de film bgl. docht) hie in oar prosedee, en in noch better boek op tafel brocht. No brekt de statyske foarm iderkear de spanning fan it ferskriklike. Skematysk sjocht it der sa út:
Dúdlik is ôf te lêzen dat it riden yn de lúkse-wein-mei-harsens gjin funksje hat. De kearnpunten yn 'e haadstikken binne resp. 20, 34, 30, 27 en 27 siden lang. Yn elk fan dizze ferhalen is in oar ferhaal ferfrissele (soms twa) en wol yn haadstik 1 it ferhaal fan de skoalmaster en de mol, dat letter troch in wrâldferneamde skriuwer brûkt waard (R. sels dus, yn Minskrotten/Rotminsken, grapke!), en ek noch yn haadstik 1 it ferhaal fan de neukdoas. Yn haadstik 2 wurdt it ferhaal ôfsletten mei de ‘wyldfleizige barfaam’, mar it wie yn wêzen al oankundige yn de ‘gaile Beitske’. Haadstik 3 | |||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 41]
| |||||||||||||||||||||||||||||||
beslút mei it ôfsûchfamke, sadat de muonts dochs noch befredige wurdt. Yn deselde trant moat men it ‘Geeskenûmer’ op it biljert sjen, wylst yn it lêste haadstik miskien de âldfint-jongfaamscène tsjinje moat as slútstik. (Mar yn dat lêste leau 'k dochs net). It lêste haadstik wykt ek hjir ôf fan de oare fjouwer. Hjir is de HY net mear passyf, in bytsje ûnwerklik, yn de ûnwerklikheid fan it boek te gewoan eins. (Ek yn dit stik fan saken ha 'k it oer de foarm). Of it soe wêze moatte dat it de bedoeling west hat, dat yn 'e rin fan de dei (de hite, de gaile wiven/gedachten) de HY út syn passiviteit lutsen wurde moast. Ik twivelje hjir, want sa wurket it net. Dat de HY agressyf is (yn 't ferkear, tsjin froulju) kin de lêzer noch meifiele, mar dat soks him ûntlade moatte sil yn in dûme moard (èn selsmoard) is net oannimlik makke yn 'e foarm fan dit ferhaal. It is myn haadbeswier tsjin it lêste haadstik. En nochris, útgeande fan dizze foarm mei dit ferhaal.
It statyske yn dizze gronologyske foarm wurdt net dynamysk makke troch de ôfwiksel yn 'e yndirekte ferhalen, alhowol 't it wol meiwurket oan in klimaks fan ferskrikkingen. It Hearke yn haadstik 1, dy 't yn in soarte fan nostalgyske monolooch de HY syn geastlik testamint neilitte wol, wurdt yn haadstik 2 opfolge fan gaile Beits, swingende linse en fingerjende Jon (2) (wêrom foar de twadde kear in Jon?), dy 't eins elk foar harsels yn monologen har ferskriklike wrâlden sjen litte. Nei de freonlik-aaiïge Hear ut haadstik 1 is it no allegearre aksje en benammen réaksje. De HY sit der as in ûnnoazel kritykleas keal by, mear voyeur as kauseur. Yn it tredde haadstik komt it Hearke werom yn 'e foarm fan in ‘Siger’-ige muonts; yn 't kwadraat, soe 'k hast sizze wolle. Ek dizze ferburgen pij-figuer sjocht yn de HY syn opfolger of plakferfanger, sa likernôch as it Hearke út 1 bedoelde. De foarm (noch de ynhâld) makket jin dúdlik hoe't de HY de kroanprins wêze kin, of wêze moat, alteast noch net op dat stuit (kâld, koel, wrekend, ferneatigjend, godsels). Wat dat oanbelanget hiene de stikken omdraaid wurde moatten; dan hie der in mear logyske foarm ûntstien. Diel 4 fan de roman rint wer lykop mei haadstik 2, yn dy sin dat hjir elkenien folslein fan 't sintrum slein is. It fuotbolfolk kriget it sels safier dat de HY yn aksje komme moat. It is hast in ‘opstand der horden’, mar om dat sizze te kinnen soe der in oare groep wêze moatte as tsjinpoal. Dy is der net. Ek de HY net omt er yn tinken en hanneljen net in bult ferskeelt fan de beesten op strjitte en yn 'e kroegen. HY is gjin echte katalysator, net yn 't aktive, net yn 't passive, de HY flechtet, sjocht ta yn 't genyp, en trapet soms fan him ôf at er dat nedich fynt. Yn haadstik 5 rint | |||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 42]
| |||||||||||||||||||||||||||||||
it ferhaal dan letterlik dea yn twa deaden. Twa is noch gjin orgy fan geweld, en dêrtroch dissonearret dit lêste haadstik èk. Koart sein sjoch ik wol in soarte fan klimaks yn 'e ferskrikkingen; de foarm fan de dielen jout in wikseljen fan dékor en spanning oan. Benammen haadstik 4 docht jin as lêzer útsjen nei it lêste part. En dat no hinget der, nei myn betinken, wat los oan omt it net logysk folget op de earste 145 siden. It is in klimaks dy 't by in oar ferhaal heart. Dat is spitich omdat de hiele opset oant dat haadstik troch de bank nommen goed trochtocht is, en benammen sterk útwurke. Yn 'e Fryske literatuer is it in sterk foarbyld fan in hecht-boude struktuer en foarm. Miskien wat de skematysk en te strak fêstholden yn de útwurking, f'ral yn 't herheljen fan de ferskrikkingen en de ûnsin. Dat lêste, de ûnsin, ûntbrekt tefolle yn haadstik 5. It taalgebruk fan it Hearke yn it earste diel, en fan de muonts yn 3, passe wat foarm en ynhâld oanbelanget by de opset fan har ferhalen yn 't geheel. It is absurd en ûnsinnich praat, like réaksjonêr as révolusjonêr, yn ien wurd tige mearsinnich en mearsizzend. Dêrfoaroer steane de petearen tusken de trije ‘echtelieden’, de taal fan de supporters en de dialooch fan de HY en de SY yn it lêste haadstik. Dy binne my net ûnminsklik genôch, net absurd genôch ek, en dêrtroch kontrastearje se tefolle mei dy oare ferhâlen. Ek wat dat oanbelanget moat men as skriuwer in logyske foarm oanhâlde, ien dy't direkt út it geheel fan de roman nei foaren komt. Ik fyn de roman hjir yn dit stik fan saken wat mei twa fuotten yn ien hoas sitten. Ik bedoel, in swingende linse dy 't fan Goodman en Hampton hâldt (hy keas sels de platen) is yn folslein kontrast mei de taal dy 't hy útslacht. In Lionel Hampton-fanaat praat oars, oars leech en grof en misledigjend. Utsoarte net op in heger plan of nivo, mar gewoan oars. Boppedat, at alle ‘skjintme’ ferbuolguodde is dan binne ek de jazzmannen Hampton en Goodman ferkocht, foargoed. Dat bringt my op in oar foarmaspekt, en wol de nivo's fan ‘skjintme’ yn 'e ûnderskate haadstikken. Men soe ek sizze kinne de nivo's fan ferskrikking. Ek yn dit stik fan saken falt diel 5 út 'e absurdistyske boat. Fierder sit der aardich itselde nivo yn, sawol yn de herhelling, yn de krêft, yn de ynhâld as yn de útwurking. It is de skriuwer slagge en driuw de spankrêft en de waansinnigens iderkear oppenij omheech. Byneed kin men it lêste haadstik dan as apoteose sjen fan it geheel, mar it bliuwt in swak stee yn it totaal. Ut 'e HY wei noch te begripen, mar út de roman sels wei te leaf en te aardich. Of moat hjir it téma ‘skjintme’ echt ferlytse wurde ta ‘de frou ferneatigje omt Yna Him naide’? Mar ek dan is de SY yn part 5 yn tsjinspraak mei alle oare wiven en trutsjes yn 'e earde- | |||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 43]
| |||||||||||||||||||||||||||||||
re haadstlkken, omt de SY ‘prachtige ainen bil, un lekker stevege kont, en un mooi honfol bwast hie’. | |||||||||||||||||||||||||||||||
3. Oer de nammenDe nammen fan de minsken yn dizze roman wurde brûkt op 'e boargerlike stân fan de gemeentehúzen. Jochem, Joazef, Jon (ien en twa), linse, Beitske, Siger, Geeske, Wytse, Baukje, Yna en Ljookje komt men soms tsjin op strjitte, yn in kroech, op it strân of by in fuotbalwedstriid. Wêrom 't guon minsken wol in namme hawwe en oaren net, wylst se like wichtich (of net-wichtich) binne, is my net daalk dúdlik wurden. It ‘eptich Hearke’ út haadstik 1 bliuwt nammeleas, en ek it neukdoasfamke út itselde bedriuw kriget gjin namme. Sa is 't ek mei de fermoarde frou yn 't lêste haadstik, ek SY giet nammeleas nei de bliksem. Ik fyn dat in tekoart, sa 't ek in neidiel is dat de HY (de ferteller, de ‘tinker’, de ‘katalysator’) gjin namme draacht. Konsekwint hie west om dan ien resept te folgjen: symboalyske figueren nammeleas, détaillisten al in namme. Ik bedoel, it ôfsûchfamke is like ûnwichtich as gaile Geeske op it biljert. In goed opsette roman easket wat dit oanbelanget konsekwinte oantsjuttingen. De minskenammen soene oanjaan kinne dat it geheel yn Fryslân spilet, en miskien is dat ek wol sa (boeren dy't kij byelkoar swylje: (om seis oere/healwei sânen jûns); bou en greiden; houtwâlen; strân, miskien Makkum; agraryske doarpkes; seerestaurant (Harns: fearboaten, frachtboaten, syljachten); ensfh. ensfh. Ik leau lykwols dat it net sa wichtich is wêr't it spilet, want echt funksjoneel binne de neamde saken net: in agrarysk doarpke soe ek in berchdoarpke wêze kinne bygelyks, of in oantal húzen yn Alaska, dêrt de tiid wat stil stean bleaun is (sjoch ek Inez van Dulleman, Eeuwige dag/eeuwige nacht, 1981 Amsterdam). Fryske nammen fan de minsken dus. Mar gjin Fryske plaknammen, ek gjin oantsjuttinges yn 'e foarm fan letters (bgl. L, D, F, M, H, S, B). Nee, útsein ien neamd wetter le, dêr't in ikebeam it stee oantsjut dêr't offere waard, drage de ierdrykskundige plakken frjemde nammen, se binne alteast yn gjin atlas te finen (of it soe de atlas fan de hel wêze moatte). Sân stêden en doarpen spylje in rol: Slûpsk, Kergoat, Kernac, Sczytno, Snaidhm, Balay en Straster. Gjin Fryske nammen, en ek gjin Hollânske plaknammen. Men soe tinke kinne oan in lân yn 't eastblok, ek al omt de muonts Siger it hat oer de almacht fan de pertij. Mar út neat docht bliken dat er de kommunistyske pertij efter it izeren gerdyn bedoelt. Dus it moat wat oars wêze. Ja, en nei myn betinken binne se mei opsetsin sa keazen omt se fuortkomme út 'e ferhaalparten wei. At soks net it gefal wie dan soe it flokke mei de namme fan de persoanen dy 't wol in réa- | |||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 44]
| |||||||||||||||||||||||||||||||
listyske diminsje hawwe. Realistyske minsken yn in surréalistyske/absurdistyske/science-fiction-eftige wrâld soe romantechnysk net klopje. (Boppedat, absurdistysk is de roman wol, mar perfoarst net surréalistysk of bûtenierdsk). Neffens my binne de nammen ôflaat fan de persoanen yn harren sitewaasjes, en út harren hanneljen. In aardich stikje humor en iroany fan de skriuwer:
Yn dit ljocht besjoen is it evidint dat yn wêzen de wrâld dêr't it ferhaal spilet net echt wichtich is. De skriuwer hat mei opsetsin in ‘oare’ wrâld ynbrocht. Ik bedoel, minsken en wrâld binne werombrocht ta in pear ynsidinten dy't steane foar alle minsken yn alle wrâlden. In anekdoatysk nivo (kastiel-, boeket- en sikehûsromans, mar ek soksoarte fan poëzij) spilet gjin inkele rol. Ek yn dit stik fan saken moat men jin ôffreegje at it net logysker west | |||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 45]
| |||||||||||||||||||||||||||||||
hie en brûk ek foar de nammen fan de minsken betochte en symboalyske nammen. Ek hjir is soks net los te sjen fan de ynhâld. Guon lju hiene yndied in namme krije kinnen dy't better past by de sitewaasje (bygelyks de muonts, it Hearke, de linse en de Jon en de Beits). Mar nochris, ek hjir spilet it nivo fan de ferhalen in rol: in folslein absurde roman hie net sûnder dy feroaringen kinnen (sjoch Bint bgl.), mar no 't it boek dochs wat op twa gedachten hinkelet is it miskien sa dochs wol better. Ommers, nammen fan minsken binne dochs wat oars yn fergeliking mei dy fan plaknammen, minskenammen wurde troch mear lju droegen wylst plaknammen eins unyk binne. Ek dat faset sil hjir meispile hawwe. | |||||||||||||||||||||||||||||||
4. Se naide him: in kearnpunt?Yn De hite simmer (1968, Ljouwert) docht Riemersma ferslach ‘oer it libben en de dea fan de seksbom tsjin wil en dank Evelyn Tysling’. dizze ‘trije’-slachtige roman befettet:
Yn De skjintme komme útsoarte de trije slachten werom. Oer it ûnderierdske aspekt -it absurdistyske elemint, sis mar- ha 'k al in tal opmerkings makke. Dy tried, dy laach fan libjen, giet it hiele boek troch, soms direkt (útdrukt yn persoanen en sitewaasjes), dan wer yndirekt yn 'e wrâlden dêr't se tahâlde. It froulike aspekt yn dizze roman, it ierdske (mar is dat nihilistysk?) krijt stâl troch it autoritêr hâlden en dragen fan de HY. It is hast âlderwetsk - yntolerant-kristlik (kalvinistysk) want it froulike aspekt wurdt teliderslein, sawol oan 'e bûtenkant as oan 'e binnenkant. Der bestiet gjin leafde, en fan genietsjen is al hielendal gjin sprake (mar dat is gewoan foar it kristendom). De ‘skjintme’ wurdt yn dizze roman konfergearre ta de frou. Yn dy polarisaasje -HY kontra de frou- leit de spanning fan it boek, èn it ferskriklike. Allinne de ‘jiskebak op 'e tafel fan it restorant’ (s.160) jout it iennige skjintmeaspekt yn de hiele roman: ‘un jiskebak op de tafel vji un teken fon skjinnens, don vji ut oare ek ynwadder’. De wrâld werombroch ta in jiskebak, de frou werombrocht ta in jiskebak. Ik bedoel, in frou sil nea de ‘skjintme’ fan in jiskebak berikke, in frou kin heechstens (yn dit boek) tsjinst dwaan as jiskebak want it seit neat oer ‘it oare’, at | |||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 46]
| |||||||||||||||||||||||||||||||
dat wol ‘ynwadder’ is. Yn dizze twadde laach komt de HY nei foaren as in fûle antifeminist. Alles wat frou is wurdt in ‘wyldfleizen’ gat. De HY set hjir neat tsjinoer, wat ek net kin want syn harsens sitte bedobben yn 'e Brainward (1. terp foar harsens, 2. flechtplak foar harsens, 3. plak fol ôffal, stront, jiske, ierde, dus harsens sûnder ynhâld). At HY it symboal is fan de kristlike god dan is it in lege god, sûnder gefoel en sûnder meilibjen, wat fansels allang bekind wie, en fanút dat eachpunt wei is it tagelyk in oerkristlike en tige anti-kristlike roman. Efter de dea fan de HY (gefoelleaze, agressive gatgod) leit de hoop fan it nije. Mei oare wurden, yn 'e tredde laach (en wiswier in skaaimerk fan absurdistyske romans) leit it optimistyske lûd fan it oare. It paradys? In Utopia? Hawar, dat is net wichtich, want it is krektas yn de boeken fan Céline bygelyks, efter it swarte tige réaksjonêre skimert dochs wat nijs. En oan Céline, mar benammen oan de filmers Fellini en Pasolini, docht my de roman ek tinken, yn lyts formaat, mar der sitte eleminten yn dy 't dêr hinne wize. Ek sy ‘beskriuwe’ it ferbuolguodzjen fan de ‘skjintme’, soms ek yn en troch de frou Ik kin my dan ek skoan yntinke dat twa froulike besprekkers (Tiny Mulder en Tineke Steenmeijer-Wielinga) wat wearzgen fan dit boek. Allinne, se fersomje oan te jaan wat de oarsaak is fan it ôfwizen. Oars sein, miskien hawwe se it beide wol oanfield, mar net oandoard om dit boek anty-feministysk te neamen, ek al omt efter dy boppelaach in oare mearsinnichheid skûl giet dy't om mei Teije Brattinga te sizzen ‘in lêskultuer fereasket, dêrt ik net wis fan bin’. At Tiny M. en Tineke W. as minske èn as frou wat fierder sjoen hiene, koene se de folgjende útspraken oer de FROU tsjinkomme (tinke is ek in útspraak, in omskriuwing yn in sitewaasje ek); yn 90% fan de gefallen binne de útspraken ôfkomstich fan de HY:
H1: by it ynheljen: ‘fansels in frou’/in pearke de berm ynjaaie/gasjaan at in faam efter de auto pisset/neukdoas: ‘tsjûke ûnderlippe’/frou kastlein: ‘goare fodze’/útspraak Hearke: ‘in frou moat in goede húsfrou wêze’/neukdoas: ‘in slachte as in klúte gail spek’. H2: ‘in oerstekkende tutte’/‘in frommis mei in ferskriklik grauwe kont’/frou oan taffeltsje: ‘in boargertrutte’/oer Beitske: ‘tutte, sloans, hoer, dweil’/‘frouljuswurk’/oer mem B. ‘teef’/‘bist lesbysk?’ oer barfaam: ‘wyld fleis’. H3: ‘ôfsichtlik grauwe billen fan in frommis’/‘de kont fan in ko’/‘in wiif mei ûnbidige titten’/pearke bestrúne/famke brûkt: sûcht Siger ôf. H4: ‘gaile mokkel’/wiif mei bern: ‘taart’/jonge froulju: stupide koppen, | |||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 47]
| |||||||||||||||||||||||||||||||
maskers sûnder djipte/mokkel krúsige op biljert/fuotbalhoer/‘men waard keningin troch foar hoer te spyljen’/‘âlde taart’. H5: (Yna) ‘se wie der net kreazer op wurden’/‘hite froulju binne gek, hearre yn 't gesticht, hawwe ôfwikings/mokkel op boat: hyt yn 'e preut/jongfaam op râne bêd/SY dea/oer frou: moaie billen, goeie boarsten.
Dat liicht der net om, soe 'k sizze. In eksystinsjele haat tsjinoer alles wat frou is moat hjir wol de woartel wêze. En dochs twivelje ik, want foar safier't de HY minske is docht út neat bliken dat er yn syn 28 jierren al sa troch froulju skeind is dat der gjin gefoelfol plakje oerbleaun is. Ienkear wurdt syn eangst foar it froulike oanhelle, en wol op side 147 at de HY de 80 km nei Snaidhm rydt: ‘Hij hji net nee tsjin har sain om harsels, ol hji se dot dur fonsels fon makke, se kûnen ûgryslek onreedlik vêze, hij hji tsjin har nee sain omdat sij ut tafolleg frege. Hij hji ut tsjin un oar frommis ek sain, tsjin elkenien hji ur ut sain. Hij ferdomde ut, hij diig ut net. En hij kû net mear verom, om Yna net. Ol vji dot onsin, vinlek’. Op 'e selde side kin men lêze: ‘Un mon mûst syn grutskens havve, op ien of oare vize. Hij vist vot ur net vû, en dot sû ur noit dwan, ol sû ut syn dea vurre’. It wurdt tocht troch de HY, de iennige kear dat er überhaupt wat tinkt. Yn 'e earste 4 haadstikken komt der gjin klank út 'e holle, en sit der ek neat yn dy kop fan de HY. It kin wêze, ek al omt op dizze side in ôfgrizen fan bern útsprutsen wurdt, dat it de oankundigingen binne fan de selsmoard. Nei syn ferkrêftsjen fan de SY yn dit haadstik, makket se him bang mei it krijen fan in bern, omdat(?) er neat brûkt hat. Allinne, alhoewol 't ‘er wist wat er net woe’, soks kin fansels noch gjin reden wêze en slaan immen de harsens yn, en rydt jinsels nei de barrebysjes tsjin in betonpylder yn in auto mei in snelheid fan sa'n 200 km/o. Ik bedoel, syn flechtsjen iderkear is noch te begripen, mar dy twa liken sjoch ik net as in logyske oplossing fan it ferhaal. Dat de lêste frou offere wurde moast, soe, ek yn 't ramt fan it boek, noch klopje kinne, want der wurdt nochal wat opoffere, mar HY? Of stjêrt god dan dochs troch en yn himsels? It ‘gailspekkige’ fanke yn haadstik 1 wurdt troch har heit(?) offere oan de petmannen foar in slokje. Der is praat fan in âlde ikebeam oan 'e Ie dêrt eartiids it offerplak wie. De barfaam wol har ‘wyld fleis’ oan de HY offerje, mar de HY griist ôfgryslik. It ijskofamke offert harsels op foar in ijsko troch de muonts te sûgen, en gaile Gees wurdt yn it 4e diel ‘krúsige’ op it biljert. Men waard keninginne ‘troch foar hoer te spyljen’. De (offer)- moard yn 't lêste haadstik sprek foar himsels. Neukdoazen allegearre, offerbakjes foar sied, mar Hugo Claus hat it yn Suiker fûlder en dus | |||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 48]
| |||||||||||||||||||||||||||||||
beesteftiger beskreaun (Malou, it hoerke, is in libjend réagearjend minske, dat aktyf opfangt, ik bedoel, de froulju hjir binne eins te statysk, te karikaturaal). It gefoelslibben fan de Hy is ien grut gat, yn oanlis al oanwêzich, of letter sa groeid. HY is in 28 jier, en fabryksarbeider (s.168, en sjoch ek Fabryk!). Op dy leeftiid hat er al in (ferknipt) libben efter de rêch. Soms réagearret er, fakentiids ek net. Hy lit oeren tsjin him oanlulle troch de meast misfoarme gedrochten, mar it leit him kâld, sa 't skynt. Ien kear lit er him eefkes gean, en neamt de Siger in ‘smearlap’ en wol fan him fuortrinne. Mar fierder, apatysk en net fan 't sintrum te bringen. Fiif kear rekket er troch oare saken oeremus, en alle kearen bart dat nei in konfrontaasje mei in frou, op in yndirekte wize (útsein de lêste kear, dêr't er sels ‘slacht-offer’ wurdt fan in hite dei (‘it ferstân koe der wol útbaarne’, s. 77). Yn dat ljocht stiet ek it opskrift fan dit diel fan myn stik, en yn dat ljocht moat de namme fan de moardstêd sjoen wurde (se naide him, Snaidhm). Hy is naaid, fielt him naaid, en wurdt yn diel 5 fan de SY naaid. Sa fielt HY dat, en soks is troch de skriuwer ek wol aardich wiermakke:
‘Slikje my jir us’, sai se. ‘Bist net viis!’ sai ur. ‘Tû, dog ut us’ ‘Dêr fiel ik neat. Matst heger. Jirre’ (s. 173/174)
‘Dû gie se boppe op him lizzen. God, vot vji dot mins ferfelend! Se kû doch vol vachtsje oan ur safier vji? Mun hji dot no ienkear sels net yn de honnen. Dot ding mûst even bekomme, dot dworre un oerke. Mun vju gin mesyne.’ (s. 175)
Op side 51 sjocht de HY Jon (2) gaile Beits opfrijen mei syn lofterhân. Ut 'e réaksjes fan de HY, en letter út e monolooch fan linse begrypt men as lêzer dat er ferdeald goed wit wat der bart. Mei oare wurden, dat naaidfielen fan de HY komt net alhielendal ta syn rjocht. Mar dochs, se naide him, in FROU naide in man... Ut it earste nivo fan lêzen docht bliken dat de HY net goed omgean kin mei froulju (s. 140): ‘ut vji tiden lyn dot ur mai un mokkel frijd hie. Safolle vji dur ek net oan. Do mûst ut vol us even kwyt, no ja, don mûst ien fersiere. Vot op har omstrykje en yn de bek omslikje, dot fûnen se lekker. Yn de titten knipe, yn de syden kytelje. Dot vji savot ut programma, en don mochst un kearke. Vinlek vji ut un flaue beveging mar mun vû wol us | |||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 49]
| |||||||||||||||||||||||||||||||
vot’. It seit genôch, tinkt my, oer de ferhâlding fan de HY mei de frou, in folslein ienrjochtingsferkear (at der alteast noch praat wurde kin fan ferkear?). Fan de nammeleaze HY krijt men as lêzer in byld troch syn réaksjes op 'e bûtewrâld, better sein, syn leechte en gefoelleasheid krije stâl yn it fernederjen fan, en fernederjend praat oer de frou. Mar echt libje, as maatskiplik wêzen fungearje, docht er net. It bliuwt my in te statysk en abstrakt byld. Hy is folslein nammeleas. En ik tink dat dit ek te krijen hat mei de hiele opset fan de roman, it skematyske sa't ik earder al beskreaun haw. De HY is te min katalysator, te min gasjower en ôfremmer, it bart allegearre, moai op in rychje, en hat dêrmei in te statysk geheel oplevere om de spanning fêst te hâlden. De HY hie mear binende faktor tusken en yn de ferskriklike wrâlden wêze moatten. No steane de katalysators (it Hearke, de muonts, it ‘echtpear yn trijen’, it folk, de offere froulju) te los fanelkoar om in wrâldferskrikking te wêzen. Yn Jeropeesk ferbân is it in aardich begjin, yn Fryske ferhâldingen (en Hollânske) in tige nijsgjirrige roman. En yn 't hiele oeuvre fan Riemersma kipet dit boek derút. It boek stiet wat dat oanbelanget op deselde hichte as Fabryk yn 1964, miskien sels mear alsidiger. | |||||||||||||||||||||||||||||||
5. De frou as symboalOant no ta ha 'k it foar it grutste part oer it boek hân, en net oer de skriuwer en syn bedoelingen. De skriuwer sels fyn 'k net sa wichtich yn dit stik fan saken, ik beskriuw (besykje dat alteast) myn lêsûnderfiningen oangeande De skjintme. Ik lês gjin efterflappen of biografyske skiednissen fan de makker sels. Wol ynteressearje ik my foar it plak fan dit boek yn it totale oeuvre fan dizze skriuwer, en it plak yn 'e Fryske literatuer fan de lêste 25 jier. Sa tusken noas en lippen ha 'k dat yn dizze skôging ferfrissele. My tinkt, dat dit boek yn 't ljocht fan de romans fan Riemersma in kulminaasjepunt is, yn dy sin dat hy foar 't earst in roman yn ûnderskate ferfrisseljende lagen skreaun hat. It goede en it kweade, de sin en de ûnsin fan it libben -(yn eardere romans sydlings oanwêzich)- wurde hjirre op in nije en oare wize yn 't sintrum set, en wol yn ien en deselde tekst. Kwa literatuer fyn ik it in winstpunt, in progressive ûntjowing, allinne kwa foarmjouwing is it geheel noch wat swak. De bedoeling fan de skriuwer mei dizze roman fyn 'k yn earste oanlis net wichtich, mar dat er in bedoeling mei it skriuwen fan dit boek hân hat, leit foar de hân. It is perfoarst gjin satire, want dêrfoar fierste komysk en tagelyk te wreed. De Lof der zotheid en Snikken en grimlachjes binne as satiren wol hiel oarssoartige boeken, om mar in pear te neamen. En dochs in bedoeling, ja. Linen út earder romans rinne hjirre ynelkoar, it is al in pear kear oanstipt. | |||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 50]
| |||||||||||||||||||||||||||||||
De wrâld yn dit boek is noch net dé wrâld, de ferskrikkingen yn dit boek binne noch net dé ferskrikkingen, de frou as haadrolspylster is noch net dé frou (yn alle skakearringen). En dochs in bedoeling? Ja, in skriuwer skriuwt net ommenocht. Ommers, it ûnderwerp (de téma's) fan it boek is (binne) yn earste en lêste ynstânsje de ferhâlding(en) dy't de skriuwer mei de wrâld hat. Dy ferhâlding kiest er sels net, dy is der, yn 'e foarm bgl. fan it kwetst wêzen, of it opstannich wêzen. Sa 'n ûnbewuste bedoeling sit yn elk (goed) boek, en fierder is it in gewoane tekst, dat wol sizze, in bewust útdrukte bedoeling, dy 't rjochtút wiist nei de eigen wurklikheid en eigen wierheid fan de skriuwer. No ynteressearret my dy skriuwer net it meast, mar it boek nammestemear omdat ik troch dy foarstellingen (it manoeufrearjen fan de skriuwer mei syn eigen ik) tagong krij ta it wêzen fan oare ikken (yn prinsipe). De skriuwer tinkt, en lit minsken oan it wurd dy't tinke. Yn dy wrâld, yn dit boek, krij ik as lêzer de mooglikheid te tinken dat:
en dat dêrfandinne dizze roman, nettsjinsteande de oanwiisde lekken en brekken yn de foarm, dochs in wichtige útjefte is yn Fryslân. ‘De frou as symboal’ ha 'k boppe dit haadstik setten. Mei opsetsin, alhoewol't de skriuwer eksplysyt de ‘skjintme’ ferbuolguodzje lit. Ik leau de skriuwer op syn wurd, mar de roman jout eksakt oan dat skjintme hjir frou betsjut, foar my, as lêzer. Yn dizze roman stiet de frou foar al it moaie, alle skjintme yn 'e wrâld. In nochal romantysk idee, mar gjin frjemd ferskynsel. It wiene net de minsten ûnder de keunstners (skriuwers èn byldzjende minsken) dy 't de frou as paradys àn as hel skilderden, de frou as tige leave fersoargster èn as grutte ferliedster. Esteban Lopez hat yn syn roman God als vrouw it oandoard en draai de hiele skepping om. Riemersma sit ek wat dit oanbelanget yn in beskate tradysje, alhoewol't er yn dizze roman de frou dan allinnne as fernielster opfiert (Snaidhm)! Der binne mear mooglikheden, en miskien hie de roman dan oan krêft wûn. De frou stiet hjir foar de hiele absurdistyske kultuerleaze barbarij: de polityk, it gesin, it houlik, de minske sels, de tsjerke, it doarp, de stêd, de ferdivedaasje, de bern, alles is skeind en ferloedere en ferkrêfte. It liket ‘het einde der tijden’. Wat dat oanbelanget is dizze roman it earste haadstik fan in boek dat fjouwer kear sa tsjûk wêze koe. Yn dizze roman fan 176 siden falt al it kwea gear yn de frou, en soks is fansels tige absurd en idioat en ûnsinnich. Dy oerdriuwing makket it ferhaal lêsber op mear nivo's fan libjen. De skjintme wurdt echt | |||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 51]
| |||||||||||||||||||||||||||||||
ferbuolguodde: it gefoelleaze, it serebrale, it trochsichtige en it foarsichtige slane yn dizze wrâld foar master op. De leechte fan de wrâld slacht jin yn elk haadstik temjitte. It is in mikro-kosmyske spegel, yn absurdistyske sin, fan de wurklikheid. Dy spegel hat stâl krigen troch de stilistyske middels as oerdriuwing, iroany(petearen) en ‘lege’ omskriuwingen. In ferskriklike wrâld yn ien wurd. Sa'n beesteftige wrâld -(De skjintme assosjearret men dêrmei, mar minder dogmatysk-moralistysk)- beskriuwt Bordewijk yn Blokken. Ek in gefoelleaze maatskippij dêr't alles en elk ta ‘blok’ werom brocht is. In ‘boloanbidder’, de ‘waansinnige’ (in dichter dus, sjoch side 25 fan De skjintme) wurdt brûkt as sirkusartyst. Oars tinke as rjochtlinich (lykas de minsken yn de nij oanleine lânskippen) wurdt sjoen as absurd. Grûnslach fan Blokken (en ek yn Huxley's Brave new world) is dat de minske kapot giet yn de maatskippij dêr't technyk en organisaasje yn foar master opslane. ‘Hoe soe 't wêze as jins hannen fjouwerkante foarmen streakje moasten ynsté fan rûne?’ (Blokken). In pleidooi foar it rûne'foar it froulike(?). It gefoel, it minsklike sit yn 'e finzenis. Bordewijk set tsjinoer it rasjonele, it yrrasjonele, it grillige, it meunsterlike, tsjinoer it stive en ferstikkende systeem it ûnberekkenbere. Safier is Riemersma noch net, mar kimen dêrfan sitte deryn. Dat syn boek in réaksje is op 'e absolúte technyske kâlde maatskippij is sa klear as wat. Allinne, it projektearjen dêrfan yn 'e koele iiskjeld fan de frou is it omdraaien fan de réaliteit. Dizze haat tsjin alles wat frou is, it froulike sjen as de oarsaak fan alle ellinde, is no krekt dat wat yn Blokken en oare absurdistyske boeken oan 'e oarder steld wurdt as waansinnich. De kristlike téory fan it oerhearskjende manlike hawwe wy yn 'e ôfrûne desennia al genôch fan meimakke. Dat guon skriuwers de frou foarstelle as slang, vampier en heks betsjut noch net dat se dêrmei ek de skjintme foarstelle as heks, vampier en slang. Mei oare wurden, it is ferdomd iensidich. Yn Buytendyks De vrouw (een existentieel-psychologische studie, 1966, Utrecht) fyn ik ûnderskate oare mooglikheden, rommer, wider en benammen minder iensidich-ferneatigjend. Der binne altiten mear mooglikheden, yn elk gefal twa, sa 't bygelyks Bertold Brecht yn Anna I en Anna II (Die sieben Todsünden der Kleinbürger) stâl jûn hat. It saneamde ‘geheim’ fan de frou is net te ûntsiferjen, en moat dus kapot (neffens de HY). Neffens Simone de Beauvoir sitte dichter en romanskriuwers hjir op in ferkeard spoar want útsoarte op it manlike. Sy beweart dat elke polêre tsjinstelling yn dit stik fan saken sékundêr is want sosjaal bepaald. Der is gjin geheim, allinne in seksueel-erotysk ferskil. De Beauvoir fynt dat | |||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 52]
| |||||||||||||||||||||||||||||||
al it oare beheart ta de wrâld fan de mite. Wa 't soks oars sjocht, de dreamers en de dichters en de proazaïsten, projektearje harren winsken en eangsten yn 'e frou. En fierder, ‘wat oerflakkiger de persoanlike ûnderfiningen fan in man (de HY yn De skjintme), wat sterker de oanstriid om in algemien byld fan de frou te meitsjen’. At dat wier is, dan sil it omkearde ek wol sa wêze. En dochs, nettjinsteande De Beauvoir yn De tweede sexe, bliuwe skriuwers oerstjûge fan dat net te trochgrûnjen aspekt fan de frou (Shakespeare): ‘when my love swears that she is made of truth
I do believe her, though I know she lies’.
Yn de estetysk-romantyske opfetting fan de hiele natoer, en benammen de libbene, besit dy it skaaimerk fan ‘net-te-begripen’. De frou, yn har lichaamlikheid, hat dy nauwe, ûnpersoanlike, ûnfrijwillige ferbining mei de natoer. It sil in reden wêze dat de keunstsinnige minske dat ‘geheim’ fan de frou wat sterker ûndergiet. De skriuwer fan De skjintme alteast hat dat dúdlik oan 'e oarder steld. Ek yn dy sin is dizze roman, yn al syn iensidichheid, nijsgjirrich te lêzen. De útspraken bygelyks fan it Hearke (De Hear) yn haadstik ien oer natoer en ierde, oer it dichterskip, stean yn opposysje mei de HY, èn mei de foar'tovere' froulju. Of soe 't sa wêze, dat hjir krekt de ferbining leit? Ik bedoel, de sêfte Hear en de hurde Hear (is HY)? De frou as ierdsk (sjoch ek De hite simmer) en natoermins? Mei oare wurden, oer de lagen fan dizze roman is noch wol wat te sizzen. At troch de skjintme, yn de frou, de natoer ferbuolguodde wurdt, dan is dizze roman in tige engazjearre roman, dat wol sizze modern yn 'e goeie sin fan it wurd. It docht wer bliken dat literatuer echt de mem is fan alle wittenskippen, benammen fan filosofy en psychology (Hermans: ‘romanschrijven is wetenschap bedrijven zonder bewijs’). Mar dêrmei ha 'k as kritikus en as literator op dit stuit neat te krijen. En at ik soks dan opskriuw, dan twivelje ik ek wer. Haw ik yndied neat te krijen mei filosofy en mei psychology, as skriuwer? Yn direkte sin net, mar yn yndirekte sin fêst wol, want se sitte implysyt yn it skriuwen sels. De frou, de dea, de religy, de mins yn syn totaliteit, it hâldt in skriuwer dwaande. Fokke Sierksma, sels ek literator, hat him der mei dwaande holden yn syn De roof van het vrouwengeheim. Dat is gjin roman, en út dat eachpunt gjin fergelykber objekt mei De skjintme, mar it jout wol oan dat yn bepaalde kultueren it absurde gewoan is (wie), en it gewoane as absurd sjoen wurdt (waard). Leafde, erotyk, seksualiteit binne faken- | |||||||||||||||||||||||||||||||
[pagina 53]
| |||||||||||||||||||||||||||||||
tiids yn de troch Sierksma beskreaune kultueren oars as wat wy dêrûnder fersteane. Wurklikheid en religy geane hân yn hân. It geheim is in betocht geheim, omdat it in aliby is foar libjen, om fierder te libjen, om libben te meitsjen. Yn dat mystearje past literatuer: men tocht it allegearre te witten, mar al lêzende wist men it net (mear). Ek dêryn past De skjintme, en al wer blike moraal en etyk, wearden en antywearden fan de westerske (‘ferskraalde’, Fokke Sierksma) minske net-tapasber op literatuer. |
|