jurk sil ik oanstrûpe?’
‘Ien dyst fluch wer útstrûpe kinst.’
Se linet op de earmtakken oer de tafel nei him ta. ‘Dêr is it net foar.’
Hy fingertipt har noaspunt. ‘Snolkje dy mar gau op. Ik moat ek nei Ljouwert.’
‘Moai, dan meisto traapje.’
3.0 It tsjustert oan as se de haadstêd yn skokke. Nier rydt de fyts tsjin de râne fan it trotwaar, rjocht foar it útstjoerburo. Dynte hipt fan de pakjedrager. Se draait de drompelleaze wurkwinkel yn en set op ien fan de milieu-freonlike gesichten efter de baalje ta. Troch it rút sjocht Nier in stomme film, dy't er sûnder ûndertiteling wol neikomme kin. Dynte stapt bûtendoarren mei in kaartsje yn 'e hân. Se lit it him lêze. Der steane twa printe rigels op: FOKTA. Wachtjildersstrjitte 109-158, Ljouwert.
‘Wachtjildersstrjitte,’ prottelt Nier. ‘Neat wurdich.’
‘Mar oan de nûmers te sjen, is it in grut bedriuw,’ hâldt Dynte út.
‘Jaja, fok ta, krekt wat ik tocht hie.’
‘It sil mei it Frysk stamboekfee te krijen hawwe.’
‘Ik bring dy wol,’ seit er.
Se strykt fan efteren de jurk glêd, teart de tippen oer de knibbels nei binnen, slacht de mantel dêr omhinne en giet sitten. Suchtsjend pompt er de trapers yn 'e rûnte.
3.1 Efterôfsk, oan de ein fan de Wachtjildersstrjitte, fine se kompleks 109-158. Se krije der gjin kompleks fan, mar it kin dochs besjen lije. It is in mûtse fan rûch beton, dy't djip oer in glêzen gesicht lutsen is. Yn it midden in stikker mei ljochtsjende reade letters: Feriene Oprjochte Kabel-Televyzje Amateurs. Foar it gebou stiet in fontein, dy't in fine wetterwaaier iepenteart nei de sike natriumlampen fan de lantearnen. Se rinne oer in plein tusken auto's troch op it gewimel efter de ruten ta.
‘Ik gean mei der yn,’ seit Nier.
‘Om my by it hantsje te hâlden?’ freget se.
‘Miskien noch wol mear.’
‘Wat is dyn boadskip yn 'e stêd eins?’
‘Iishynder de bycht ôfnimme.’
‘Meitsje mar oan, it is al healwei seizen. Kom hjir om sân oere wer. Ik wachtsje op dy, as ik earder klear bin. Wurdt it letter, dan dochst in ynfal.’ Se triuwt him mei de fingerseinen in tút op de lippen.
Hy eaget har nei. Se snjit op de flapdoarren fan de yngong ta. Ien foar besikers, ien foar meiwurkers en ien foar needgefallen. Se komme alle