R.H. Postma
Leedomsizzer
Hjirby lit ik jim witte dat it moarn myn begraffenis wêze sil, of, faaks ek oaremoam. It komt der net op oan, mar grif fan 'e wike noch. Ik sil jim it sein wol jaan; it ratteljen fan mitrailleurs of, ik lit in M 109 in fosforgranaat ôfsjitte. Dat jout moaie reekwolkjes en ik bin gek op reekwolkjes. As jonkje al, oeren siet ik dan nei ús heit te sjen as er oan it piipsmoken wie, mar dat sil der dan neat mear ta dwaan.
Rekkenje te'n earsten mar op moarn, sa healwei trijen. Dan is de sinne lekker hyt en baarnt omraak op jimme plasse, jimme sille it al witte, foargoed.
Juster ha 'k in staasje sjoen, in hynder en wein yn it swart, de dragers mei de hege hoed, de moarmeren poarte bôge heech tsjin in swier, djipblauwe loft, giel skynde it sân en yn de fierte leinen de swarte bergen yn it tsjuster fan it skaad mei harren longerjende kloeren. Tusken readflamjende stiennen stie, skiergrys, it wiif fan goed en tsjoed mei har ferskettene habyt.
De feinten fan de dea stienen te tipeljen mei grutte/lytse skiere bonken. As der in pinket wei rekke tusken de brokken stien, waard dat net as in beswier field, want rûnom wienen nije. As se troch kjeld befongen rekken, waarmen se harren skronfelich of perkamintich fel, dat koe 'k sa gau net sjen, by in read en lôgjend fjoer fol sweveldampen en ferfetten dêrnei rocheljend harren spul.
Ynienen sette de buorman syn hifi stereo barstend lûd oan en kaam der rimpen in ein oan it spul, tsjin safolle kabaal wienen de spylfeinten net opwoeksen en krekt as dat noch net genôch wie, sette in formaasje F 16s in útropteken achter buorman syn sinnen fol dissonanten. Ik sil harren fine, rekkenje dêr mar op, hja ûntkomme my net; soks mist my net...
Dus moarn om healwei trijen: soargje op tiid klear te stean, allegear in jiskesek om 't liif en ferjit it laad mei jiske net. Ik sil gewach meitsje fan myn kommen: F 16s yn de loft, leopards, M 109s, lance-raketten, in folle parade mei as hichtepunt in hûnekarre - dêr sille jimme my treffe: oer-