Trotwaer. Jaargang 15
(1983)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 308]
| |
Villy Sørensen/Willy van der Meer
| |
[pagina 309]
| |
As der belangrike bommen delsmiten wurde moatte, wurdt dat it leafst dien yn 'e krystnacht, want dan kinne de jonge soldaten by it ôfwargeskut de kop der net sa goed byhâlde sadat se de bommesmiters net iens ûntdekke, alhoewol't dy grut en pompeus binne. Sa'n bommesmiter fleach heech oer de beterzen see, troch de teare snie yn 'e loft nei it lân fan de fijân. Op 'e efterbank siet in jonge soldaat mei in bom op 'e skurte, en dy bom hie san rike ynhâld dat er yn ien kear it hiele lân fan de fijân femeatigje koe at er op it krekte plak telâne kaam. Mar de wyn, dy't waait sa't er wol, kin sels de swierste bom út 'e koers driuwe en dêrom wie de soldaat dy't it bêste wie mei parachutespringen hiten om mei de bom der út te sprongen en doe sprong er fansels. Hy hie it oan tiid en ried him ta op syn lêste wurden want it wie in hiel ein nei ûnderen. It manlik bromjende ôfskie fan de fleanmesine waard al rillegau oerstimd troch de wyn, dy't kriet as in eangstige frou, en de stjerren knipperen kjel mei har strieljende eagen. De soldaat woe himsels moed ynsprekke troch oan it moaiste momint fan syn libben te tinken, mar ynienen wist er net mear oft hy it wie of in oar dy't it meimakke hie. Boppedat waard er steurd - troch moai ienstimmich sjongen dat neier en neier oankaam, en doe't er om him hinne seach, kaam der in kloft wite ingels omleech syn kant út. Hy seach lulk nei har ljochte gesichten, mar doe't er ûntdiek dat se allegear gelyk wienen, begûn er har nijsgjirrich ien foar ien te besjen en hy seach ta syn fernuvering dat elk apart dochs himsels wie en net tafallich ien fan de oaren. Hy begûn wat nei har te glimkjen, mar hâlde dêr hommels mei op doe't net ien fan har werom glimke, se lutsen allinnich wat skruten mei har reade mûlen. Op har ljochte gesichten kamen de swarte ringen om 'e eagen hinne sa dúdlik út as in brilmontuer. Miskien wiene se yn 'e rou, goed as ingels dy't se grif wêze soene, oer syn dea dy't tichtby wie, want doe't har ienstimmige sang út wie, swijden se en seagen him oan mei grutte blauwe en drôvige eagen. Hy woe harren graach begripe litte dat hy as soldaat net bang wie om te stjerren en besocht, no't se dochs deselde kant útmoasten, in sljochtweihinne praatsje te begjinnen, mar mei it fêste foarnimmen om gjin strang fertroulike militaire fraachstikken op it aljemint te bringen. - It liket wol oft de stjerren knypeagje, sei er en wiisde nei har mei syn iene hân, want no't er foel like de bom lichter te wêzen en hy koe it wol oan ien earm oerlitte om him fêst te hâlden. De ingels fleagen gâns in skoft troch en seagen elkoar oan foar't se yn koar antwurden troch de mûle fan de ingel dy't it tichste by wie: - Heare, is it wier wat wy leauwe, dat it ljocht dat Jo nei de ierde bringe sels sterker is as de glâns fan de stjerren? - Jawis, sei de soldaat brimstich, want hy koe wol hearre dat de ingels | |
[pagina 310]
| |
him útkloarkje woene- ja, it kaam by him op dat se miskien sels wol in kamûflearre ôfdieling fan de loftmacht wêze koenen. Namste grutter waard syn ferheardens doe't er har harmoanyske freugdetoanen oanheffen hearde en har mei de wjukken jonglearje en dy yn ûnnatuerlike hoeken tsjin elkoar oansetten seach, mar doe't er har mei de fuotten omheech en de holle nei ûndere fleanen seach, fielde er him as betûft parachutespringer ferplichte om yn te gripen: - It is net sûn om mei de holle foardel te fleanen, rôp er en ûntdiek hast kjel dat de wyn sa earbiedich stil wurden wie dat er hielendal net hoegde te razen: - It bloed sakket nei de holle en men kin de goeie koerts net oanhâlde. Fuortendaliks diene de ingels de holle wer omheech en de fuotten nei ûnderen en fleagen kreas neist him fierder, mar har wangen skammen har. - Wy hawwe ommers ek sa lang op Jo wachte, seine se ferûntskuldigjend. Jo, dy't út 'e himel komme sille om de minsken op ierde te ferlossen. De soldaat knippere skerpsinnich mei syn iene each: - Ik bin fan boppe ôf stjoerd om in grut ryk te ferneatigjen, sei er beslist en net ien sil my der fan ôf hâlde om myn plicht te dwaan as soldaat! - Wy witte it al, seine de ingels sjongende, it bewâld fan de kweade foarst sil in ein oan komme, halleluja, halleluja! - Hm, sei de soldaat - steane jim oan ús kant? - Ja, Heare, rôpen de ingels mei oprjochte ferwûndering. - Hm, sei de soldaat wer. Wêrom prate jim oer in kweade foarst wylst it lân fan de fijân in republyk is? - Uneindich is Jo wiisheid, Heare, antwurden de ingels, wy begripe sokke slimme wurden net, mar wy leauwe dat wat Jo dogge altyd it bêste is. - Soa? sei de soldaat. Dat docht my earlik sein goed. Ik ha der wrychtich net oer neitocht oft it goed of ferkeard wie, ik moat ommers allinnich myn plicht mar dwaan as soldaat. Mar as ik in goeie died doch troch te stjerren - dan kin ik ommers gewoanwei rêstich stjerre. - Ja, Heare, seine de ingels kalm, wy witte dat Jo mei de rôvers stjerre moatte om de minsken te ferlossen, lykas Jo al ienris stjerre moasten foar't Jo nei de himel teagen. - Moast ik stjerre? herhelle de soldaat misledige, want hy libbe noch en koe dêrom oars net leauwe as dat de ingels har iroanysk útlieten oer de soldaten fan de loftmacht. En doe griep de opljeppendheid syn iene earm sadat er de ingel dy't it tichtste by wie in fûle slinger om 'e earen joech en doe't de ingel him fuortendaliks it oare wang tadraaide sloech de earm dêr noch fûler op. - De soldaten fan 'e loftmacht binne libjende jonge minsken, sei er kapit- | |
[pagina 311]
| |
teljend, mar doe't syn gleone eagen ûntdieken dat de wangen fan de sleine ingel opswold wiene ta twa grutte skriklike bloedútstoartings, en om't er in fanatike EHBO-er wie, helle er fuort mei de iene hân dy't er ta syn foldwaan hie in tube wûnsalve út 'e bûse en smarde dat fakkundich op 'e wangen fan de ingel dy't wer sa wyt waarden as snie en read fan blidens. En de ingels fleagen nei him ta en tuten him op it wang sadat er dy mei in noartske hânbeweging ôffeie moast, wylst alle oare ingels úitbarsten yn in jubeljend tankkoar: - Priizge, ivich priizge is Hy dy't wûnderbaarlike wurken docht! De mûle fan 'e soldaat folle him mei ferskriklike soldateflokken, mar de flokken stiken en ropten oan syn mûle. Hoe koe er ek ien ferwitend wurd tsjin har sizze, seagen se net sa ûnskuldich út har blauwe eagen, hearden har stimmen net sa bernige bliid dat se ûnmooglik wurden mei in falske bedoeling brûke koenen? Dat sil wol fan dat ingelejargon wêze, tocht de soldaat, lykas wy ek ús eigen jargon ha by de loftmacht. Men kin wol hearre dat se it swarte stopjern net útfûn ha, mar men sil ek wol gjin ingel wurde as men by it folle ferstân is: - Lit ús freonen wêze, sei er, wy hawwe der neat oan om spul te hawwen en der wurdt ommers ek sein, dat God net nei it ferstân sjocht, mar nei it hert! Mar ynstee fan dat se syn útstutsen hân oannamen as teken fan freonskip foar it fierdere libben, bûgden se har hollen en draaiden him de rêch ta en hoewol't dêr dy aardige ingelewjukken sieten, kaam it him foar dat it net fatsoenlik wie. Hy makke fan syn útstutsen hân in fûst, drige nei har en rôp: - In soldaat is miskien net goed genôch foar jim, jim fredesingels, dy't by eltse keuring ôfkard wurde soene! De ingels antwurden net, se gûlden, lûd en snokkerjend, sadat de soldaat fannijs spyt hie fan syn hurde wurden, dochs koed er net daliks in freonliker toan oanslaan: - No ja, it is wol te begripen dat de senuwen wat de baas wurde op dit stuit, mar ferjou it my, ferjou it my! - O, Heare, ferjou ús ús sûnden, wy sjogge nei Jo en ús eagen soene skine moatte as sintsjes. Mar sis ús, binne wy oant yn it djipst fan ús hert ferklomme troch sa lang tusken himel en ierde te fleanen yn waar en wyn? Wêrom wol God ús net mear kinne, wêrom hat er de doar nei syn himel op slot dien, wêrom lit er ús noait mear in bliid boadskip oan 'e minsken bringe? Stjoert hy Jo, syn soan, nei de ierde omdat er ús net langer fanneden hat? De soldaat waard sa draaierich fan it hearren fan dizze wurden dat er omfallen wêze soe hie dat mooglik west. In skoftsje sakke er yn pynlike stilte fierder, hy besocht net nei de ingels te sjen en in pear fertroude | |
[pagina 312]
| |
stjerrebylden te ûntdekken, mar de stjerren knypeagen noch hieltyd sa senuweftich, dat er it sicht der net op hâlde koe, en de ingels fleagen ticht om him hinne en seagen him smeekjend yn 'e eagen. Doe begûn syn hert folle sêfter te slaan as it hert fan in man einliks moat, hinderlike triennen hie er yn 'e eagen - krekt no't de waarmere hoewol kâlde lucht him dúdlik makke dat er tichteby de ierde kaam en er him oriëntearje moast. - Fuort mei jim! rôp er. - Ferjou ús ús oerhearrigens. Heare, mar Jo meie, o Jo meie ús net ferlitte sûnder ús in teken te jaan dat we Jo Heit bringe kinne. Faaks dat er ús dan wer yn genede oannimme wol! - Lit my los! raasde er, want de hystearyske ingels woene him net falle litte neffens syn bestimming, mar hâlden syn earms en skonken fêst en loeken him horisontaal boppe de ierde lâns, dy't tichteby wie. - Lit my los, ik reitsje út 'e koerts! - Heare, harkje, wy skrieme om ús sûnden, - mar Heare, de grutte bal dy't Jo yn 'e hân hâlde hawwe Jo dizze kear ommers net nedich om't Jo as folwoeksene op ierde komme - meie wy dy net nei God ta bringe as in groet fan Syn bern? - Ik wurd gek, sei de soldaat kâld en saaklik, want hy woe graach it ferstân der by hâlde, mar fuort dêrnei begûn alles wat him bewege koe yn syn lichem him te bewegen en om net ûnder te gean oan de beweging fan syn lichem moast er wol laitsje, hy lake en lake sadat de ingels, dy't net wisten wat laitsjen wie, him mei grutte eagen fol argewaasje oanseagen, oant hy safier wie dat er antwurdzje koe, lykwols noch hieltyd ûnderbrutsen troch laitsjen: - O, jim fredesingels, jim oandwaanlike skepsels, ja, pak dizze bal mar, bring dy mar nei myn hege Heit as jim witte wêr't er wennet, sis dat Hy him krije kin as krystpresintsje en dat er der mei dwaan mei wat er wol, as er him mar nei weitôget - en heinebalje der no net mei ûnderweis, bring him sa foarsichtich mooglik nei syn hege wenning as wied er in sliepend bern dat net wekker makke wurde mei! Doe waarden der glinsterjende sintsjes ûntstutsen yn de himelske eagen fan de ingels, en har lippen tuten de frije hannen fan de soldaat. Sûnder spul te krijen ferdielden se har yn twa ploegen, de iene droech de slomjende bom nei God, de oare brocht de triljende soldaat nei de ierde. - De snie is kâld en glêd, Jo soene falle kinne en jo slim sear dwaan, seinen se, blykber sûnder al te folle betrouwen te hawwen yn de parachute op de rêch fan de soldaat. Hoeden setten se him del op in wyt stik lân sûnder sels de snie oan te reitsjen, sy hiene ommers bleate fuotten oan, mar de soldaat stevige soldatekistjes. | |
[pagina 313]
| |
- Oant sjen, oant sjen - en tige tank! jubelen de ingels en se klapten ferheftich mei de wjukken om har kollega's yn te heljen dy't op wei wienen nei God. De soldaat harke nei har sjongen, doe't dat weifoel, bûge er him foaroer en lei ferkuoljende snie op 'e foarholle. Doe't dat net holp, smiet er him langút yn 'e snie, dy't fuort feroare yn swit. - Wat ha ik dochs dien, stinde er, ik ha ús iennigste ABC-bom oan de earste de bêste God kado jûn - de deadseangst liet my moaie fisioenen sjen, en ik sokses, leaude yn dy fisioenen - no bin ik dan wer op 'e ierde oankaam, mar wat is der fan de bom wurden - de bom wie ommers echt en gjin fisioen - of wie de bom mar in fisioen om't ik dochs noch libje? Hy kaam oerein om om him hinne te sjen, want men kin fierder sjen as men stiet as wannear't men sit, en hy seach op 'e himel rjochte fijanlike kanonnen stean, net fier dêr ôf en sels al wiene se fanwegen dizze nacht fersierd mei spjirregrien en krystspul, hy waard dochs bang en woe útnaaie. Mar sjoch - dêr stie al in figuer foar him. Oan syn ûnrêstich stal te sjen wie it in minske, mar gjin minsketrek wie sichtber, alles wie ferskûle efter eat dat dan wer in donkere dize wie, dan wer in triljend ljocht. De hoop op ferlossing beroere de jonge siel fan de soldaat, want de fjremdling hie net de hâlding fan in soldaat, miskien wie it in fredige âlde boer dy't him ûnderdak jaan woe. De soldaat, dy't de taal fan de fijân net prate, meneuvele mei earms en fuotten om him fersteanber te meitsjen, mar doe prate de frjemdling ynienen syn eigen taal, net perfekt fansels, wifeljend en stammerjend, mar mei in oandwaanlik sêft aksint: - Goede krystdagen, soldaat! - Wolle jo my helpe? rôp de soldaat bliid en rûn hurd nei de frjemdling ta, mar hy stroffele oer in klompe iis en bleau op 'e grûn lizzen en hie allinnich noch mar krêft om de holle op te tillen, doe't er de eagen fan de âld man sa waarm opljochtsjen seach, dat syn eigen hert der fan groeide en syn unifoarm oan flarden skuorde oer syn boarst, en dochs fielde er de kjeld net. Mar no waard er tasprutsen yn in frjemde taal - of wie it syn eigen dy't op in hiel ferkearde wize útsprutsen waard - de taal hearde sa fertroud, sa fan âlds bekend, en se skrabe oer de boaiem fan syn bernesiel en waard dochs net ferstien. - Ik bin net sa goed yn talen, sei de soldaat, ik ferstean it net. - Ienris ferstiene jim it, wie it antwurd drôvich en no ferstie de soldaat it en fûn ynienen dochs dat er earder mear ferstien hie, doe't er noch neat ferstie. - Harkje dan soldaat yn dyn eigen taal, it hat myn herte goed dien datsto de ingels nei my ta stjoerdest mei in krystpresintsje. - O God, lústere de soldaat, djip ferwûndere en treau syn knibbels oant | |
[pagina 314]
| |
bloedens ta tsjin it skerpe iis oan om noch better op 'e knibbels te lizzen, hy fergeat dat er soldaat wie en gûlde as in bern en hy koe neat sizze. - Fan âlds ha ik in jefte foar jimme, dy't jimme nea hielendal oannimme wollen ha, want jim kinne better keapje as in jefte oannimme. Sille wy no ruilje, do minske, do joust my dyn knappe bom en ik jou dy de ivige wierheid dy't ik hjir ferburgen hâld yn myn rjochterhân. Ut it tsjustere ljocht kaam in sêft oprôle hân nei foaren, dy't der net nei útseach, dat der in soad ynsitte koe, mar de soldaat leaude, leaude dat God de wierheid spruts. - De ivige wierheid, stammere er deemoedich, ja mar dat is ommers fierstente folle, wat ik Jo joech wie safolle net wurdich. En as ik hiel earlik wêze moat, wie ik it net dy't it útfûn, mar Jo eigen ingels, ik ha it hielendal net fertsjinne om him te krijen. - Ik bid dy, leave soan, wiis it net ôf, bring de wierheid nei de minsken ta, dy't ik mis en se sille wer fan my witte wolle! Ferheard seach de jonge soldaat nei de triljende hân dy't nei him omheech stutsen waard, hoewol't er op 'e knibbels lei, krekt as wie ek de frjemdling op 'e knibbels fallen, hoewol't er God sels wie. - Heit, sei de soldaat, tank foar de grutte genede, mar soene Jo Jo wierheid net noch eefkes bewarje wolle en my earst yn feilichheid bringe? Ik bin ommers yn it lân fan de fijân en wat soe der net barre kinne at er yn hannen fan 'e fijân foel! - Do ivich minske, klonk de leafdefolle stim fan God, mar doe't de soldaat glimkjend de holle optilde, wie God ferdwûn. Foar him yn 'e snie lei de hurde iensume bom en trille as in grut triljend hert. |
|