Hurry! Hurry! Wêr is de brân? Skiede is de massa rinne litte. Skiede is in died út selsrespekt. Men pleatst de hannen boppe om it stjoer en set jin te skoar tsjin it gaspedaal.
- ik moat de rêst ha om te skriuwen
- do mei dyn skriuwen
- ik mei myn skriuwen ja
Mei jins tinzen, mei jins skriuwen, men is allinnich. ‘Elk mins wurdt as ienling berne, ek dy't as twaling berne wurdt, en de aldergrutste tsjinst dy't er himsels bewize kin, is in libbenslange hommaazje oan syn eigen unisiteit.’ Yn gedachten slacht men de swier mei tekens besiedde siden fan it deiboek om. Hoelang is dy inketswarte tunnel fan oantekeningen en tinkbylden, dêr't men trochhinne moat, ear't men it ljocht fynt fan in paradyslik tabula rasa? Hoefolle ferline moat men ferwurkje, ear't de blanke himel wankt mei seeën fan ûnbelekke romte? Dat binne fragen dy't in antwurd fertsjinje. Se sille der nochris om raze, mar no noch net. De hannen dy't jin mei it reau ferbine, lizze dan wol triljend op it stjoer, mar soks is yn dit gefal in kwestje fan motoarys toerental, omset yn fibraasje fan metalen. Men is de rêst sels.
- ik moat de romte ha
- de romte sit yn ider minske sels
- ôflaat fan 'e romte om him hinne
- romte, romte, romte
- ‘Skriuwe is de iennichste romte dêr't ik yn sykhelje kin.’
It suden yn. Men moat fuort en alles efterlitte, wol men ea it lânskip fine dat de printen fan jins takomst drage sil. Der stiet jin in woastine by, egaal as de kartonnen flakte fan mei iis besleine marren, in platen polder mei de ôfmjittings fan in poalgebiet: noard by súd & east by west - ien alderyslikst wite winterflier fan waarm en houtfrij skriuwpapier. Mei minder kin it net ta en men soe de jierren krije moatte om jins eardere bestean mei alle middels skriuwend te wjerlizzen, ja, sterker: te ûntkenken. Dêrhinne is men ûnderweis, dy tiid, sa'n romte yn 'e mjitte. Men triuwt it stjoer mei spande earmen fan jin ôf. Jins ferline, as wie it in rôt dy't jin samar nei de kiel tafleane koe, sa hâldt men it finzen tusken skoech en flier - it gaspedaal.
- ik haw it gefoel dat ik hjir stilstean
- hoe bedoelst, stilstean
- ik kom net fierder
Men hie jin tefolle oan leagens ferplichte, mei itselde sop begetten as men wie as de griemmank fan it jachtsjende folk. Ienris ried men lyk mei har op, no foarmje hja in dwylsinnige flecht fan tsjinlizzers. Men sjocht se oankommen, toetsjendewei, knippend mei de ljochten. Har fermannichfâldiging stipet jin yn it besef, dat men it sels is dy't it paad fûn hat