Sjoerd Palstra
Myn hûlala
It sjongen op de legere skoalle hat nea in pree foar my west. Meastentiids wie it in wat toar neisjongen fan tsjerkelieten en lieten mei in ûneigen sfear. Nim no b.g. it ferneamde liet oer Sint Joazep: ‘Bij ons thuis als 't maart is, staat daar op de schouw, het beeldje van Sint Jozef, naast de Lieve Vrouw.’
‘Schouw? Aid Skou?’ En dan: ‘Maria te minnen, wat zalig genot.’
‘Klein vogelijn, op groenen tak.’
Of: ‘God verlaat de zijnen niet.’
‘De Zijnen’, of lyk as Frâns song: ‘de seine’, by Frâns en dy thús hienen se in seine, yn Frâns syn eagen wie God de superboer. ‘Hy verliet “de seine” niet’. Dei en nacht bealgje, lykas syn heit, grutte Skelte.
By Frâns wie dit liet te plak.
En dan lytse Hermann, krollich hier, wat bleek om 'e mûle, mei heit en mem, earne út it Ruhrgebiet repeatriearre nei Boalsert. De schlamm noch tusken de neilen, yn it hier noch de smook, damp en swevel fan de minen. Mar ek mei in nij liet.
Hermann moast, sa wie juffrouw Trijntje wol, foarsjonge, in Dútsk liet. En Hermann kóe sjonge. Mar efkes, en wy songen it mei, de iene kear wat mankelyk, in oare kear wat steviger, wat kanter. As Hermann it song wie it steefêst de mankelike kant neist.
It Ruhrgebiet?
‘Mi, meine, hûlala, tra la la m m m,
Mi meine hûlala tralala m.
Es ist nur spielerei, tra la la m m m,
Es ist nur spielerei, tra la la m’.
De klasse wie hielendal yn 'e ban fan de muzyk, en de wurden? Och wy hearden safolle frjemde wurden, dizzen koenen der noch bêst by. It foarsjongen bleau foar Hermann.
Wy waarden âlder, kamen op it lêst yn de sechsde klasse.
Nêst ‘Komt kindertjes nader, gij kleinsten vooral’, en ‘God Verlaat’, ek noch ‘Tis plicht dat iedere jongen, voor d'onafhankelijkheid’.
‘Meester, mane wij “Godver” ek wer ris singe?’
Jawis, wy wienen grutter wurden, en der wienen jonges dy't wier út in oar soarte húshâlding kamen. ‘Godver’ singt su moai meester’.
‘Je bedoel, Frans?’
‘God verlaat de seine meester.’
Wy songen, en Frâns syn superboer bealge him wer yn it swit. Oan't op in dei master ús noch wat oars learde. ‘Boven Gent rijst.’
‘Gent rijst?’ Wy wienen dêr glêd mei oan en brieken ús de tonge oer wer