Parseberjocht opdrachtepot
Deputearre Steaten fan Fryslân hawwe foar 1983 in bedrach fan 30.000 gûne beskikber steld foar it jaan fan in tal opdrachten ta it skriuwen fan Frysk literêr wurk.
Eltsentien dy't har/him sette wol oan it skriuwen fan oarspronklik wurk of oan it bewurkjen en/of printree-meitsjen fan in besteand hânskrift fan in oar, kin foar stipe yn 'e beneaming komme.
Gadingmakkers foar sa'n opdracht moatte foar 15 maart o.s. har oanfraach, mei in útwurke opset fan it wurk, foarlizze oan Deputearre Steaten fan Fryslân, ôfd. Wolwêzen, postbus 20120, 8900 HM Ljouwert.
In kommissje fan de Fryske Kultuerried sil de oanfragen besjen, en dêrby benammen omtinken jaan oan it ferlet fan ferskaat op de Fryske boekemerk. Om dy reden kinne ek bûten de oanfragen om opdrachten jûn wurde.
Fierdere ynformaasje is te krijen op it Provinsjehûs (till.: 058-441214, tastel 448, fr.G. Jellema).