By de 15e jiergong
Yn pleats fan dit pear rigels hie yn dit earste nûmer in redaksjoniel komme sild oer de gong fan saken by Trotwaer (û.o. oer de redaksjewiksel) en it taseine ferslach fan de krisisgearkomste fan 15 jannewaris yn It Anker te Ljouwert. Mar it neamde redaksjoniel is ûnderwilens al efterhelle en foar it ridlikerwiis ferslaan en bekommintarisearjen fan de krisisgearkomste wie de tiid te krap, om't de kopij foar dit nûmer (offisjeel) al yn de tredde wike fan jannewaris by de setter lizze moast. Wy moatte fan dat oangeande dan ek ferwize nei it folgjende (april-) nûmer.
De minsken dy't op de krisisgearkomste it meast te sizzen hiene, hawwe in boekje mei de letterlike tekst thûskrigen mei it fersyk har ideeën (foar 15 maart o.s.) koart op papier te setten. Ek oaren dy't noch reagearje wolle kinne dit tekstboekje foar fiif gûne bestelle by it nije redaksjeadres.
De redaksje