Trotwaer. Jaargang 14(1982)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 357] [p. 357] Geart van der Meer IV dit is it kleare ferjitten. it draaien fan kamrêd en tsjil en it waaien fan wyn yn myn hier. felling en speaken slaan fjoer út 'e stien fan 'e sinne, reitsje mei fonken myn lea dy't brâne yn 't geniet fan it traapjen fan foet en fan skonk en it knierjen fan knibbel en heup. dronken wurde myn longen fan wyn en in liet spilet yn ranken troch holle en hert, sûnder langst en sûnder wurden fan besef, en op dy wynmuzyk wurd ik as tsjêf dat waait nei kimen fan 't úttinend neat - fan langst is dit de geast it grut genêzen-: it inkeld lea en inkeld lea te wêzen. [pagina 358] [p. 358] V ljocht. reid en wetter. ljocht. de weerribben. sêft giet de wyn oer 't leaf. wij sitte stil en nêstinoar te sjen. dit ljocht! hoe sil it rize yn sielen, inoar besibben, as bliuwend ljocht, al riist de nacht! mar dochs, hoe bliuwend is sels dit sa grut hielal fan ljochtjierûngrûndjipten sûnder tal, dêr't stjerrekloften inoar, sûnder slachs te reitsjen, kruse? dyn wurd, dyn foarmen, hear ik de neiklang fan yn ear, yn hân, yn lippen, mar ek 't ûnthâld taast mar yn sân. dit kleare ljocht dôvje aanst de stoarmen. sa'n klearens makket dat ik mear begear as ‘Jow my dyn ljeafde en freegje net nei mear’. [pagina 359] [p. 359] VI sasto dêr sitst! licht lynjend, de earmen justjes bûgd, de hannen op it steger- hout, skoarjend de stream fan hier nei nekke skouder mar fan skouderblêd wielingen fan rêchbonke en heupbekkens strakke rivieren fan pûpertsje en bil oer- rinnend yn it méanderwûnder fan 't knibbelpear en dan de teare teare floeiingen fan kût en ankel. foet. gleon is de dei. sinne. wêr fynt de swimmer yn dy floeistream rêst en hâld? wrakselder, lit dy mar glide yn 'e draaikolk. djip. djip beskûle leit foar dij it milpunt. fergean, en fyn in absoluut stil punt. Vorige Volgende