Trotwaer. Jaargang 14(1982)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 353] [p. 353] Eppie Dam Hoe fier ek hinne Hoe fier ek hinne, noch hieltyd sykje wy de waarmte en it beskûl fan wurden as: mûle, hân, holte, nacht, dúnplak - fjouwerbaans is hiel wat wurdich, mannen, wy reizgje dat it sta sij, mar wat lûkt dat binne de bosken links en rjochts it wetter, wês no mar earlik, dêr wolle wy op oan, oars gjin gedachten as in baai yn 'e beweging, in boatsje dat stilleit, it glimkjen fan in frommes, it blêd dat falt, en dan: dy iene reid- plom, leave leave, wat in see fan hier. [pagina 354] [p. 354] Twa mei stjoerman Se sieten sa yslik paradyslik foar dy oer, as hiesto harbeiden foar altyd mei it preamke ta de tiid útfearn: ta de teannen út de sinne stil mei har gewurde littend, de sigentsjes krekt- en-allyk ûnder har heimige rokken, sa sittend mei de neakene skonken justjes útinoar, seagen se dy lykwols iiskâld oer 't skouder hinne oan - it gleone ljocht troch tinne teisters heinend, kipest' nei it djoeien fan einen achter har rêch en ûngemurken sochten dyn eagen om in gloppe yn 'e reiden, gaadlik genôch foar in dryste, griene rite mei twa linnenswite simmerbreiden - dimmen roeikjend, polsken de riemmen it wetter: nei elke slach tebek wie it krekt even letter en by einsluten better fan net. [pagina 355] [p. 355] Hoe't sy it die Se kaam net op bêd, se dûkte deryn, de sliep omearmkjend as in stille minner - it kjessen helle har oan en sêft foel de nacht as in dream om har hinne. Se gyng der net ôf, se sprong derút, in gat yn 'e dei - it ljocht fear op har ta yn sulveren skippen, se kjimme it hier nei de wyn en ferve in laits om har lippen. [pagina 356] [p. 356] Sasto dêr leiste De azem as in stiennen pylder yn 'e hals, stean ik nêst it bêd nei dy te sjen: sasto dêr leiste op 'e rêch, ynwyt, in prûzich strutsen nachthimd oan en it fel oer de eagen, like fierhinne as in deade dêr't ik bystean, slute har de planken fan it ledikant, koel en kantich as de skotten fan in kiste, om dy hinne - ik meitsje der in deksel mei in finster by en, finzen yn dy fotolist, dêr leiste yn 'e frede, wêrom doar ik dy net oan te reitsjen en tútsje dy net wekker út dreamen wei oan 'e oare kant fan it wetter? Ik wit net better as ik wol yn 't foar myn triennen hurdzje. Vorige Volgende