| |
| |
| |
Geart van der Meer
Soms falt it wersjen ôf
Tsjêbbe Hettinga / Tusken de bidriuwen troch is âlderdom Koperative Utjowerij, Boalsert 1981, priis f 15,00.
It boek, dat ik hjir no ûnder hannen hawwe sil wie mij net ûnbekend. Ik haw it nammentlik al lêzen as lid fan 'e lêskommisje fan de Koperative Utjowerij. At ik mij net fersin wie ien fan de positive opmerkings dy't ik doe yn myn rapportsje delskreaun haw, dat hjir no wer ris in bondel fan alluere foar ús lei, fan in dichter dy't it oandoarst en skriuw brede rigels, in dichter ek dy't de taal en syn mooglikheden brûke doarst.
We binne no al wer in pear jier fierder. Hoe't dat sa komt wit ik net, mar ik moat sizze dat nei lêzen en werlêzen myn oardiel hiel wat minder posityf wurden is. Is myn smaak feroare, of ferneart dit boek it net om ûnderskate kearen lêzen te wurden? Yn alle gefallen, it is in feit dat ik al lêzendewei in oantal opmerkings foare yn delskreaun haw, dy't in minder opteine hâlding wjerspegelje. Lit mij dy opmerkingen hjirre ris oernimme, en dan ris neigean oft se wol wiermakke wurde kinne. Hjir binne se dan:
wêrom gjin lêstekens? wêrom skreaun, en net printe? |
poëzij as doel op himsels |
te selsbewust |
de poëzij naait der út mei de dichter, giet mei de dichter oan 'e haal |
fernimstige fynsten, mar poëtysk? |
grutte opmerkingsjefte |
ik haw bewûndering, mar ek twivel |
Gysbertiaansk oerladen |
ôfliedend wurdgeweld |
adjektivysk |
echo-ysk (mar wol/net sinfol?) |
| |
| |
| |
wêrom gjin lêstekens? wêrom skreaun, en net printe?
Dat der gjin lêstekens brûkt wurde (mei útsûndering fan inkelde heakjes hjir en dêr) is op himsels net sa'n grut beswier. Oer it algemien is ek sûnder dy lêstekens de sinsstruktuer wol nei te kommen, al binne der inkelde gefallen dêr't punten en komma's de saak wol wat dúdliker makke hiene. Mar at we dy ôfwêzichheid fan lêstekens kombinearje mei it hânskrift fan Lidy van Everdingen, dan wurdt dat beswier al hiel wat grutter. De skriuwletters binne tsjok en rûn, de rigels meast lang, en de siden lang en breed. It fisueel effekt fan dat alles is in kliemerige sjerpachtige wurdebrij, dy't mei rije kwast oer de bledsiden útsmaard is. De lêzer bliuwt der yn hingjen as in blaumich yn 'e sjerppôt. Hiene der no mar wat punten en komma's stien, dan hie dat wat mear wyt tusken de wurden skepen. No sjocht de earme blaumich der gjin gat mear yn. Boppedat wurdt er noch seesiik fan dy dúnjende rigels, want der kin net sein wurde dat alle letters altyd kreas op in rychje steane. Fierders haw ik geregeld it gefoel dat der op in net al te handige menier yn it hânskrift ferbettere is, want guon letters sjogge der frijwat suterich út, krekt as binne se mei net al te folle gelok op in oerplakt briefke skreaun (bijg. ‘keardels’ op s. 11). Nee, jou mij dan mar in kreaze printe letter dy't goed streekhâlde kin. En fierders binne der fansels ek noch printe skriuwletters. Dy kinne je ek brûke, en dan hawwe alle letter teminsten alle kearen presys deselde foarm.
| |
poëzij as doel op himsels.
Wat ik hjir no presys mei bedoeld haw, wit ik net sa goed mear. It klinkt wol wat negatyf sa't it hjir stiet, en dat is eins net earlik, want wêrom soe poëzij net in doel op himsels wêze kinne? Ik tink dat foar it neiste dy opmerking sjoen wurde moat yn ferbân mei de folgjende (te selsbewust) en de dêrop folgjende (de poëzij naait der út mei de dichter ensfh.), en ek mei Gysbertiaansk oerladen en ôfliedend wurdgeweld, adjektivysk, en as lêste echo-ysk. Ik tink dat ik hjir op in tige karakteristike eigenskip fan disse bondel stjitten bin, en ik sil besykje dúdlik te meitsjen wat ik no bedoel.
Dat te selsbewust sil ik wol weromnimme moatte, want it is slim te sizzen wannear't poëzij no te selsbewust is. Mar goed, sa't ik oan it begjin al sei, disse dichter is wol tige taalbewust. Dat is fansels elke dichter, wol er alteast dichter wêze. Mar bij de iene wurket dat oars út as bij de oare. Guon dichters hawwe macht oer de taal. Ik leau hast dat bij disse dichter de taal macht hat oer him. Disse dichter is slij nei wat ik dan mar echo-yske effekten neame sil, dat wol sizze in soarte fan herhelling fan lûdpatroanen. Yn feite oars neat as binnenrym dus. Dat kin soms wol aardich wêze. It kin ek op in menierke útdraaie. En dan is it net aardich mear. Ik sjoch hjir in fuorsetting fan 'e tendins dy't yn in memoriam in ar-
| |
| |
beider al oanwêzich wie. Dat fers koe ik noch tige wurdearje (sj. myn stik yn Trotwaer 1976-3), krekt omt dat echo-yske dêr noch funksjoneel wie nei myn betinken. Mar it is ek faak oars. No mei dit noch hinnebruie:
winterweet hat noch gjin weet
fan de ieren fan de simmer (11)
en ek dit noch:
kjeld dreau keardels yn de kleau
fan de oan himsels sûgjende geast (11),
mar
dy't yn de seine de seine naam fan de ivich frije fal (13)
dát begjint bij mij al wat te rûken nei klearebare wurdsjeboarterij. Ik sjoch de humor noch fan
doelleas klompe ik mei tofolle klean troch de sânforstânmassa
fan de makkumer sânkop en it wie as krige ik in klap foar de kop (47)
mar op dyselde side lês ik ek:
snieflokken daelden del op de teisters fan myn teistere eagen
en dat wol mij wer wat minder oan, grif ek fanwegen dat wat sterk oansetten teistere dat der eins net stean moatten hie, mar dat der al stiet omt de dichter it wer net litte koe. Ik soe sa noch wol even trochgean kinne, en ek wol slimmere sitaten jaan kinne, mar dat soe net earlik wêze. Dat soe de yndruk jaan dat alle rigels yn disse bondel sa binne, en dat is net wier. Dochs is der neffens mij yn ferskate fersen sprake fan suver in wyldgroei fan alliteraasje, assonânsje en rym, dy't disse besprekker alteast net mear lije mei omdat it de oandacht earder ôfliedt fan de ynhâld as dat it de ynhâld fersterket. En krekt dat lêste soe dochs de bedoeling wêze moatte. Dêrfandinne grif ek dat ik foaryn delskreaun haw fan ôfliedend wurdgeweld: alle omtinken wurdt frege foar de taal sels en net foar it boadskip en de ynhâld fan dy taal.
Yn dit ferbân moat ik ek noch even op it wurd adjektivysk komme, dat boppe ek neamd is. It is hjirmei alwer sa dat it slim is om te sizzen wannear't no krekt tefolle eigenskipswurden en oare omskriuwende wurden brûkt wurde. Hjir sil de iene syn smaak grif net dy fan 'e oare wêze. Mar de folgjende rigels út bikrompenheit binne net alhiel nei de smaak fan ûndertekene:
| |
| |
âld ôfdien en bûgd drage de beammen soarchlik
de leaden loften fan froastfreegjend desimber
de swarte tûken tekenje in spoekich winterwjerljocht
tsjin de heilleaze hichten fan mist en miggelrein (55)
Op himsels falt hjir, dat wol ik der fuort earlik bij sizze, ek noch wol fan te genietsjen. Dochs wurdt dat geniet in stikhinne fersuorre troch de kombinaasje fan it grutte tal eigenskipswurden en de alliteraasje. Foar mij is hjir sprake fan oerladenens. Nim ek noch ris it fjirde kwatryn út itselde fers:
sels de âldmoadrige feestdagen mei har nije attributen
binne treastige attraksjes ta tiidmonumint kjeld
rispjend wiskjend sâlt lân en libben útluorkjend
en lyk de hân yn de want allinne liddich en ûnhandich
Ik leau dat bij disse dichter it probleem letterlik is: tefolle fan it goede. Ik haw respekt foar in protte fan syn fernimstige fynsten, en it moat sein wurde dat Hettinga net in dichter is mei in tekoart oan fantasij. Nim dit ris (út hjerst):
(in stel swurdfjochtsjende breidpriemmen litte
in swart spoar fan sok efter op de wintersé fan tiid (53).
In moai byld. En dochs... ek hjir priuw ik wer earder grutte fernimstigens as poëtyske krêft. It byld stiet neffens mij op himsels yn it fers, en foeget ynhâldlik dêr neat oan ta. Der sit fansels bij swurd, dat yn swurdfjochtsjend wol it wapen wêze moat, in dûbelde boaiem, want je kinne ek noch tinke oan it swurd fan in farend skip, en dat skip is de kearn fan de byldspraak. Dochs moat de primaire betsjutting wol dy fan wapen wêze, en dat makket dat hjir twa byldspraken trochinoar hinne rinne. Ik soe, yn it algemien steld, net witte wêrom't dat net meie soe. Yn dit aparte gefal sjoch ik lykwols net wat hjir no de funksje fan dy byldspraakferminging wêze kin, en rûk ik wer eat fan dat sinleaze oerladene. Ja, it is dat barokke dat mij sa faak wat wrantelich makket bij it lêzen fan dit boek. Ik mei graach oer dichters dy't mei har taal boartsje kinne, mar minder graach oer dichters dy't boartsje om it boartsjen sels. Of eins sis ik dat ferkeard, want dan soe ik in man as Van der Leest tekoart dwaan, dy't ommers ek faak boartet om it boartsjen. Mar bij dy lêste is der dochs it tige ferrassende en ek de humor dy't syn skriuwen faak tige genietber meitsje. Bij Hettinga sjoch ik dat net sa goed. Dêrfoar is syn stylprosédee ek wat te faak itselde: bij him hellet altyd it iene wurd (of lûd) it oare út, en dat makket op 'en doer wat wurch.
Dat is spitich foar in dichter dy't dochs oer ûnderwerpen skriuwt dy't
| |
| |
poëtysk nijsgjirrige stofte foarmje, lykas de tiid, de tiidleazens, it ferline, de jiertiden en de natoer, libben en dea, it neibestean, de leafde, it dichtsjen sels, de stêd en de minske, en de âlderdom. Sa't ik al sei, Hettinga mist net de fantasij dy't it skriuwen fereasket. It is earder sa dat er de selsbehearsking mist om dy fantasij poëtysk adekwaat te ferwurdzjen. It is ek typearjend dat er -noch ôfsjoen fan de taal- him ek op oare menieren net altyd wit te behearskjen. Nim no bijgelyks syklopysk lânskip (59). Foar safier't ik dit begryp (en ik moat ek noch even kwyt dat ik net altyd yn disse bondel begripe kin, wêr't de dichter no op doelt - mar dat kin him oan mij lizze), giet dit oer de dichter dy't sjocht hoe't in moai stik lân mei fûgels en blommen falle moat ûnder de syklo-meaner (‘de roungiseljende syklo de sike klown de izeren idioat’). Goed. Ik kin der ynkomme dat de dichter dêr net sa optein oer is. Mar in boer moat ek frette en kin net fan poëzij libje. Net allinne dichters moatte mei har tiid meigean, ek boeren, want oars rêde se it net. Se kinne net bêst de mieren noch it lân ynstjoere. De moderne bedriuwsfiering is yndie minder moai, liket it alteast, as de eardere mei mieren en weiden hea en boeren yn ûnderbroek oan it ûngetiidzjen en fodzen fan fammen dy't grouwe wurdzen bijinoar swylje. Mar de tiid hat gjin skoft hoden, en de boer dus ek net. At hjir al sprake is fan in skuldfraach, dan moat yn alle gefallen dy skuld net sa dúdlik de boer yn de klompen skood wurde as hjir bart. De saak leit wat mear komplisearre, en dat komt net nei foaren, alteast net kleardernôch. Ik fyn dit fers sadwaande mear in gjalp as in echte poëtyske oanklacht. Net allinne de taal, ek it gefoel giet dus wolris op 'e rin mei de dichter.
Koartsein: ik haw bewûndering, mar ek twivel (in protte twivel sels) oer disse bondel. Ik fyn it net in ûnsympatike bondel. De téma's sprekke mij oan. Op himsels fyn ik it posityf dat de dichter foarm foar syn fersen siket, en net samar wat hingjen bliuwt bij wat wurdsjes ûnder inoar oan in triedsje te riuwen. Der sprekt in rike fantasij út syn wurk. Mar (en no sil ik mar in oar oanhelje, dan klinkt it wat minder pedant) ‘no noch wat mear tuchte’ - in wurd (mien ik) fan Obe Postma. No ja, dochs is dat fansels pedant. In dichter is no ienris dy't er is. Hij kin allinne mar himsels wêze - heart dat ek te wêzen. Dochs... ek dichters kinne har fierder ûntjaan, en it soe net de earste kear wêze dat in dichter fersoberet (en dus ferbetteret). Ik hoopje it, en dat is dan net bedoeld as lege gjalp, want de kearn fan dit wurk is grif goed. It is it oergroeisel dat de boel wat bedjert. De dichter hat de taal oer it algemien goed yn 'e macht en hat in nijsgjirrich en ryk fokabulaire. Wat mij lykwols steurde wie hieltyd wer it brûken fan it wurdsje ‘lyk’ op disse wat nuvere menier:
dat is de sinne yn it ljocht fan rizen
lyk de marionette ljurk (11).
| |
| |
Mij tinkt dat lykas of sa as (of as gewoan) hiel wat gever Frysk oplevere hie. De bondel is fierders skreaun yn wat we no al wer de ‘âlde’ stavering neame. Dat hat, nim ik oan, alles te krijen mei it feit dat de kopij foar 1980 klearmakke is, èn ek noch it feit dat de KU ryklik lang docht oer it útjaan fan de troch har oannommen manuskripten. Of... hat Lieuwe Hornstra, de man foar wa't it lêste fers en grif net it minste fan disse bondel skreaun is, hjir noch syn ynfloed jilde litten?
It boek is hjir en dêr opgnist mei inkelde tekeningen. Ik ha net folle ferstân fan sok spul, dat ik sil hjir mar net mear oer sizze as dat se blykber bedoeld binne as skieding tusken ferskillende skiften. Wa't se makke hat wurdt net oanjûn. Ik nim mar oan dat Joke van der Hei se makke hat, deselde dy't ek it omslach tekene hat. De fryske utjouwers hawwe in grutte tradysje heech te hâlden wat de ûnfolsleinens fan de ynformaasje oer it boek oanbelanget. Wat dat oangiet falt it mei dit boek fierder bêst ta, ôfsjoen fan dat iene fersom.
|
|