Trotwaer. Jaargang 14(1982)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 334] [p. 334] R.R.R. van der Leest skaaksonnet ik hâld net fan in skaakkamp út it hiele hout wêrby't ien spylder nei de setten fan 't begjin in nearzich foardiel dreech beskrept en dat útbout mei wisse hân yn lang om let in klear gewin sa'n slach is in sabeare wittenskip dy jout in koel bewiis fan wat de winder technysk kin syn fêste greep op de partij dy't nea ferflaut syn trochset en geduld mar dat is my te min ik hâld fan de striid dy't rûzemoezich tagiet as 't boerd no hjir dan dêr yn ljochte lôge stiet de stikken reppe har gjin spylder hat benul wa't better wei is oant it lêste fjoer fersmeult jou my it wyldich skaak dat net mei witnis heult mar yn syn wêzen bliuwt in aventoer in spul [pagina 335] [p. 335] lofliet o winterfammen faak fergetten de mûtse djip oer 't snieïch hier it liif fan plompe klean omsletten de stap yn learzens sûnder swier jim simmersusters winterfammen dy't flinterje troch stêd en lân de lea mei sinneljocht beflamme bewege mannich dichtershân my driuwe net dy soele fleagen my lokket gjin útskroeven pracht mar 't stil ûnthjit fan kleare eagen as stjerren yn de friezersnacht [pagina 336] [p. 336] thúskommen de homp yn 'e rêch fan de trein dy't wer oanset en hâldt neist it tún fan in baanwachterswente by reidkragen lâns aloan bûgjend en tillend yn laaiblauwe fearten en 't skaad fan de weinen oer 't weagjende gers ûnder westlike sinne it gea teart him iepen nei dizige kimen mar ljouwert op 't lêst stekt de hân yn 'e hichte de tomme fan d'aldehou bonifaas finger de trein dindert rimpen op 't wite stasjon oan en stjit tsjin de raljes mei kriezjende tsjillen langramich en rjocht oan 't begjin fan 't perron stiet ús heit as in dyk mids de reppende kloften en neist him ús mem triedsjereadich en himpen in apeltsje glânzjend yn 't ljocht fan 'e winter de wenstige groetnis soa wiest dêr al jonge [pagina 337] [p. 337] it hûs as fan âlds oan 'e muorren noch hingje deselde portretten en printen dêrtusken in jierdeikalinder wy prate en skikke by tafel om 't wazemjend sop hast gjin auto mear freget myn broer gjin ferkearing myn suster nei boppen ta ûnder it kreakjende bêd op de souder yn útsakke doazen bewarre myn boartersguod boeken rapporten en skriften in bondeltsje brieven bespikk'le mei skimmel de dingen dy't eartiids it libben ferfollen dit hûs is in hûs foar dy twa âlde minsken in hûs fan de stillens in hûs sûnder wille allinnich fertier as de bern der ek binne ús heit en ús mem súntsjes pratend oer juster en wy as alearen wiid wekker yn 't tsjuster Vorige Volgende