[Eppie Dam
It poldersyndroom (vervolg)]
lytse paradyske, in alderhillichst herntsje mei in iken himeldak. No kin ik der, folwoeksen at ik bin, mei gjin mooglikheid mear yn; ienkear wurdt in mins te grut foar smoute hokjeboel.’
Ik krige net de kans en avensearje myn dizige en trochinoar spûkjende tinzen helder op in rychje, want Matthieu hie de foto fûn.
‘Dizze bedoel ik no,’ sei er. ‘Dit wie de pleats fan ús heit-en-dy. Hy hat him doedestiids oernommen fan ús pake, dy't no trouwens dea is, en him letter foar in prikje ferkocht oan sa'n ferflokte Hollânske heareboer, want ús heit, dy moast sa noadich nei de nije polder hjirre. De kop wie him gek. Ik sil dy earlik sizze, myn siel en sillichheid leit yn dat boerespul, en Brabân is it bêste lân dat ús Leave Hear yn Syn warbere skeppingswike út 'e hannen kommen is, mar at ik no de sinten hie en keapje dy Hollanner de hiele saak út 'e klauwen, dan die ik it net. Ja goed, ik bin dan smoar miskyn, mar it lok anneksearje dat sa foar it opskeppen leit, dat is in rot ûnwurdich. In rot moat lije om't er dêr bealch foar hat. Mar dat âlde boerespul -elk hat syn swakke mominten fansels- mei syn hiem en hôf derby, dat sit hjir, hen, hjirre, as in mei beamte omseamme wolken yn it mulpunt fan myn harsens en dat kriget gjin mins dêr wer wei. Yn gjin njoggen jier haw ik ea in foet yn Brabân hân, gewoan om't ik it net oandoar en sjoch hoe't dy pleats dêr no besmodske wurden is troch frjemd, fijannich folk. Dy pleats is en bliuwt fan my. Ik wol en ik gean der net hinne om 'm te sjen, want ik ha no noch foar my hoe't er der doedestiids hinne lei en sa leit er der noch altyd hinne. Ik lit dy no dit fotoko sjen, mar sa'n printsje seit my persoanlik neat. Ik soe der in lúsjefers ûnder hâlde kinne dêrsto by sitst, want hjirre, hen. Gjin heftruck sil my dy pleats út 'e harsens tille kinne!
‘Bytiden wenje ik dêr gewoan. En dan sjoch ik myn wyfke -ja, ik sei dochs dat elk syn swakke mominten hat- myn wyfke dêr rinnen op har giele klompen oer it hiem, it waskguod oer de earm en de beide famkes knipe har mei lytse fûstkes yn 'e rokken. Guozzen, einen, pauwen en kalkoenen, alles rint dêr frij om. Skuordoarren, dakgoaten en kesinen sitte fleurich yn 'e farve, it gers is grien, it beamte rûzet en de fruchtbeammen binne swier fan it dragen. It wie fansels de baas dat ik my sokke stuiten in klap foar de kop joech, yn 'e auto stapte en derhinne. Dan koe ik mei myn eigen eagen sjen wat ik winlik al withoelang wit, nammentlik dat it allegear oars is en foarby. Mar nee, deabenaud om nei Brabân ta, set it hjir gjin poat fan 't hiem, om't ik yn wêzen in earsteklas leffert bin dy't neat leaver docht as ompoatsjebaaie yn syn swakke mominten, mar ûndertusken bin ik like hypokryt en twaslachtich as de pest. Ik bin in slaaf fan myn ferlet fan smûke romantyk dy't ik mysels misgun, likegoed as dat ik in slaaf bin fan myn nocht oan it lijen dat ik hieltyd wer oanhelje mar dêr't ik my winlik te goed ta fiel. It is myn eare en myn weardigens tenei en freegje oft de gifbeker oan my foarbygean kin, mar oan 'e oare