Trotwaer. Jaargang 14
(1982)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 269]
| |
Geart van der Meermozart skriuwendeGa naar voetnoot*syn slanke hân leit stil op it papier,
syn eagen stoarje, en it tinken dat
stjoere moast, wurdt sèls stjoerd troch alles wat
in minske wûnje kin, fan skientme fier -
it stjerren fan in soan, constanze siik,
en ek syn eigen holle, eigen lea,
dy't - siik - him tinzen bringe oer 'e dea,
en libbens freugden: wierlik tsjêf en riik.
mar dan, syn hân ferweecht. inket, pinne,
papier, lizze fêst wat syn holle skept
oan lûden ta in prusysk strykkwartet,
sà dat wij noch altyd hearre kinne:
keunst, himelsk, mar út ierdske wûnen skreaun,
treastgjend, net wûnjend, en dochs minsklik bleaun.
| |
[pagina 270]
| |
Imyn freon, nim dan it tou, nim it fergif,
of jou dij oan 't wetter dat dyn holle
sa fredich ôfslút fan ûnferfolle
... wat, ja wat eins? besef dan dochs dat grif
de leechte fan 'e dea ferfolje kin
(better, ja!, en langer ek) de leechte
fan wat libben hjit, mei syn sa dreech te
lotterjen yllúzjes. besef: ik bin
mear as begjin en ein, mear as dreamen
dij foardreamd hawwe fan faak te neamen
lok. myn net-bestean wit fan gjin seamen
tusken dreamen en 't langjende neamen -
kom, ik jou dij de folte fan it neat,
dêr't gjin neamer it dreamde lok begeart.
| |
[pagina 271]
| |
IImar wíe it lok wol altyd dreamd? ik wit
noch fan moarnen dat yn 'e hege loft
de sinne, méi de ljurk, syn lieten song
fan waarmte ljocht en fan it blinkend neat,
fan 't namme- en dreameleaze om him sjen
fan 't bern, dat nei it plak ta strûsde dêr't,
bij de âldfeart, omkeard ús gersskou leit,
troch heit mei stoart beslein, mei weckflessen
derop, en mei dêryn it kikkertsdril,
ek íen mei 't wetterslakje, dat 'k klimmen
sjoch bij 't glês omheech, en - boppe kommen -
iepent er him - de lucht it grut hielal
streamt ek myn lichem troch (ik fiel it noch),
en neat is oars as ik mei eagen sjoch.
| |
[pagina 272]
| |
IIIdy kears? dy kear. mei heit te kriikbrânen.
ús âld boat. de archimedes. âldfeart
brêgesleat it kanaal de holle grêft
dan de langsturterpoel en de âlve -
earmoedich lân, mar moai is it hjir wol.
heit besjocht hoe't it bewintere is.
ha! dêr is pluto nei syn lange reis
achter de einen oan, fleurich mar dweil,
him skodzjend, ús wietsjend. mei de foarke
loeget heit bultsjes kriik. ‘sa moatst it dwaan’.
tegearre rêde wij it kerwei. syn soan
wie ik. in blauwe maitydsdei - foarbij.
ik mocht de brân stekke yn it winterkriik.
fan winter bleau doe sels net iens de riik.
|
|