| |
| |
| |
Willem Abma
Brief oan God
God
..........
..........
Tietsjerk, 12 maart 1982.
God,
Jo wisten it miskien al foar't se it iepenbier makken, God: de redakteuren fan Trotwaer wolle ‘dizze jiergong yn in themanûmer omtinken oan it brief as literêr genre’ jaan. ‘Faaks ha jo noch hielendal neat gaadliks op papier. Yn dat gefal soe dizze oprop in oanlieding wêze kinne om de skriuwer (of keunstner yn it algemien), dy't jo altyd alris, itsy út adoraasje, itsy út argewaasje, skriuwe wollen hiene, no ek werklik op papier benei te kommen. Dat kin, in omwei lâns, fia de siden fan Trotwaer, mar ek rjochtstreeks, fia it alibi fan ús oprop, oan it adres fan de persoan sels, dy't yn dat gefal noch op jo skriuwen réagearje kin om sa in nije diminsje oan ús brievenûmer ta te foegjen’.
Doe't ik dizze passaazje lies, tocht ik fuortdaalk oan Jo, al binne der wol in tal swierrichheden oan ferbûn as men mei Jo korrespondeare wol. Om te begjinnen wyt ik Jo adres net en soks is om de deale net flau bedoeld. Sûnt wittenskip en romtefeart Jo himelsk wenstee ôfbrutsen hawwe, moatte Jo ferfeam wêze. Of hawwe Jo dêr nea húsmanne? It is my wat wurdich as Jo Jo adres sa gau mooglik bekend meitsje.
Ek wyt ik kwealik hoe't ik Jo oansprekke moat. Wat moat ik sykje efter dy trije letter GOD?
Der wurdt hast troch gjinien gelyk oer Jo tocht en praat.
| |
| |
Elk hat himsels in byld fan Jo makke, len fan de opfettingen is dat Jo alles fan te foare witte en eefkes gie it ek troch my hinne: it is sinleas om in brief oan God te skriuwen. Hy hat him al lêzen foar't er skreaun is. Bidders fertelle Jo gjin nijs en doch bidde se. Blykber is it bidden in soarte fan rite. Besjoch dit brief sa ek mar.
Of binne Jo net sa alwittend as in protte tinke? (Op dit momint falt der gloeiende sigarejiske op myn hân. Wat hat dat te betsjutten? Ik mei doch wol in pear fragen stelle, of hawwe de swarthoazzen gelyk as se werklik alles te ûnearbiedich fine?)
Ik skriuw Jo in brief om't ik Jo de grutste keunster achtsje dy't ea bestien hat en bestiet.
As it wier is dat Jo alles skepen hawwe, oardere foar myn part, dan stige Jo as skepper fan skeppers, allinne om dy reden al boppe de oaren út, hoe't men Jo skepping fierders ek wurdearret. Mar stel dat net Jo de minsken skepen hawwe, mar sy Jo, dat Jo inkeld mar in byld of begryp, in projeksje of abstraksje binne, of dat Jo beide tagelyk binne: wêzen en projeksje (alles moat mooglik wêze as it om Jo giet) dan noch docht dat gjin ôfbrek oan Jo keunstnerskip dat troch de ieuwen hinne de geasten fan miljarden ynspirearre hat. Tirik oan de midsieuwen en no te uzes bg. oan Jan Dotinga.
Wa't gjin keunst makket, mar keunstners, moat wol in super-‘keunstner yn it algemien’ wêze!
Nei sokken mei neffens de redaksje in brief skreaun wurde, ‘itsij út adoraasje, itsij út argewaasje’.
It wol my ûnmooglik slagje om Jo te adorearen d.w.s. te oanbidden, te ferearjen. Ik soe wat der skûl giet efter dy trije letters GOD opfetsje moatte as leafde yn 'e beskûling werfan alle leed raant.
Ik wyt dat dit in persoanlike opfetting is; theologysk sil it wol nearne nei roaie. Mar Jo krije dan ek in brief fan my en net fan Karl Barth of Roscam Abbing.
Ek bin ik my der fan bewust dat der in tsjinstridichheid sit yn it feit dat ik fyn dat in mins gjin inkelde wissichheid hat oer hoe't, wa't en óft Jo binne, én dat ik in brief ta Jo rjochtsje weryn't ik Jo de nedige eigenskippen tadichtsje..
Ynkonsekwint is ek dat ik Jo yn dit brief ferantwurdlik hâld foar alle ellinde yn dizze wrâld wylst ik mien dat it de minsken sels binne dy't har Jo oandogge. Jo funksjoneare yn dit skriuwen dus einliks as in ûnderstelling dy't nedich is om oan de slach te kinnen; as in produkt fan it s.n. kollektive tinken troch de ieuwen hinne, útgroeid ta in macht dy't it tinken dêr't hja út fuortkomd is, bemastere en oan har ûnderwurpen hat. In katastrqfale projeksje dêr't frijwol gjin brein mear fet op hat.
God as wurkhypothese!
Is ‘adoraasje’ der dus net by, ‘argewaasje’ nammeste mear.
| |
| |
(Foel der niis jiske, no knetteret in baarnende kjers yn it finsterbank. Raand kjersfet dript nei ûnderen en foarmet in bjusterbaarlik plastykje. Eigenaardich dat Obe Postma my no yn't sin sjit. Sit Obe sawat healwei Abraham en Amos? Obe-altyd-like-blier. Doch him de groetnis, fral fan Tony Feitsma. Wa't poëzij net benei komme kin, hâldt altyd noch fan (dy fan) Obe Postma.
Mochten Jo réageare dan ek mar fia Trotwaer. Al moatte wy der gjin theologysk tydskrift fan meitsje. len side is al prachtich. Ik hoopje dat se yn alle getallen ien side foar Jo ynromje foar it getal dat. As Jo net réageare, betsjut dat ien blanko side yn it wyt werfan Jo swijen har nessele hat. Noch tapasliker soe wêze om dy side swart te meitsjen: Jo ivich swijen as in swarte side.
Ta de saak no. Twa ûnderfiningen fan it lêste fearnsjier wol ik oan Jo foarlizze.
De earste ûnderfining bestiet út it lêzen fan de neifolgjende fiif boeken yn de skreaune folchoarder:
1) | The bell jar - Sylvia Plath |
2) | The white hotel - D.M. Thomas |
3) | Sophie's choice - William Styron |
4) | Orkest achter prikkeldraad - Fania Fenelon |
5) | Het verstoorde leven - Etty Hillesum |
De twadde ûnderfining dy't troch de earste hinne spile is in te let ta stân kommen, mar likegoed skokkend ‘Aha-Erlebnis’ op it momint dat tritich twadde klassers myn lokaal ynstapten: Nei in folgjende wrâldkriich wurdt der net mear dûnse (lykas yn de film fan R.W. Fassbinder: ‘Die Ehe der Maria Braun’).
Lit ik Jo beskriuwe hoe't dizze boeken har yn myn ûnthâld fêstsetten hawwe. Fragen dy't by my opstige, komme allegear gear yn dat iene wanhopige wurdsje: wêrom?
De earste ûnderfiningen.
De glêzen stopflesse - Sylvia Plath
Doeschka Meijsing, dat smoarch fanke hiene Jo fansels ek al lang yn 'e rekken, skreau yn Vrij Nederland: ‘Alle verhalen waar iets van Sylvia Plath zelf aan bod komt, verliezen hun vrijblijvende trekken en krijgen iets dwingends, doordat ze spelen op de rand van leven en dood, gelatenheid en paniek, samenhang en desintegratie’.
Yndie huveret de dea troch suver alle rigels fan dit boek hinne. It famke Esther, de haadfiguer, is in briljant studinte oan in kollege, en wurket boppedat yn 'e sjoemalistyk. Mei har kollega Doreen sil se nei in feest dêr't se in skalk each op hat. Deadsdrift en libbensdriuw spylje hjir al trochinoar: it libben priuwe oan't de boaiem fan de dea der op folget.
| |
| |
Healwei de taksyrit dy't harren ta plak bringe moat, litte se har út de auto plôkjen troch twa keardels. Fan dat momint ôf is Esther taskôchster, sy stiet bûten de frijpartijen fan Doreen. Seldsum poëtyske bylden ferdúdlikje har posysje yn 'e marzje. Mei in sekere Buddy ûnderhâldt Esther in dizenige freonskip. As dizze Buddy har in kear meinimt nei it sikehûs dêr't er wurket, wurdt dúdlik wêr't de titel nei ferwiist.
‘Dêrnei naam Buddy my mei nei in seal dêr't se in stel grutte glêzen potten stean hiene fol mei baby's dy't stoarn wiene foar't se berne waarden. De baby yn 'e earste pot hie in grutte wite holle, bûgd oer it yniendûkt lichempke sa grut as in frosk. De baby yn de folgjende pot wie grutter en sy dêrnjonken noch grutter en de baby yn de lêste stopflesse wie sa grut as in gewoane baby en it wie net liker oft er my oanseach wylst der in laits om syn biggemûltsje spile’.
Kwetsber en warleas as in baby ûndergiet Esther it libben, noch krekt ûntkaam oan de dea. Al is it libben foar har net folle mear as in stopflesse. De dea komt al mar tichterby, winkt en driget:
‘De stiennen leine plomp en kâld ûnder myn bleate fuotten. Ik tocht mei langstme oan de swarte skuon op it strân. In weach wykte werom as in hân, kaam doe tichterby en rekke myn fuotten oan. De wietens like wol fan de seeboaiem sels te kommen, dêr't bline wite fisken har by har eigen ljocht troch de grutte poalkjeld ferpleatse. Ik seach dêr ûnder haaietosken en gehoarbonkjes fan walfisken yn 't rûn lizzen as grêfsarken. Ik bleau wachtsjen as soe de see it beslút foar my nimme.
In twadde weach briek oer myn fuotten, mei lippen fan wyt skom en in izige kjeld sleat om myn ankels mei in moardzjende pine. Lef skrok myn flesk werom foar sa'n dea. Ik naam myn taske op en rûn werom oer de kâlde stiennen nei wêr't myn skuon as weitsers stiene yn it fiolette ljocht’.
Talleaze passaazjes slute hjir by oan. Unneifolchber wurdt beskreaun hoe't Esther har op ski's de djipte yn stoart. Bedoeld as in salto mortale leveret it har úteinlik allinne in brutsen skonk op. Nei't se harsels opsluten hat yn in ûnderierdske gong en dêr fergif ynnommen hat, wurdt se op't lêste momint ûntdutsen en nei in klinyk brocht. Dêr folgje de therapyën elkoar op. Ferskuorrend binne de elektrosjoks.
‘le-ie-ie-ie-ie snerpte it troch in loft dy't knystere fan de blauwe fûnken en by elke flits hearde in geweldige skok dy't my ransele oan't ik tocht dat my de bonken brieken en it sap út my spatte as wie ik in stâle dy't kleaud waard’.
Foar dyjinge ûnder de stolp, wêzenleas en beskeadige as in deade baby, is de wrâld sels de boaze dream, tinkt Esther as se foar har therapeute oer sit.
Mear noch as Jo, God, freezje ik de Trotwaermannen en dêrom sil ik net mei mear sitaten komme, hoe ûnfergelykber de metafoaren yn dit boek ek binne.
| |
| |
Yn dit boek hâldt de dea in inkeling ûnder in moardzjend hânberik sadat it libben ûndraachlik wurdt. Esther stiet model foar ûntelberen dy't in libben lije.
Ik gean no oer God nei it twadde boek dat ik yn dy snuorje lies: dat fan de Jo net ûnbekende D.M. Thomas.
| |
It wite hotel - D.M. Thomas
‘It wite hotel’ hat in aparte struktuer. It bestiet út seis dielen dy't foar 't each noch al op harsels steane, mar by neier ynsjoch sterk op inoar betrutsen binne. Haadpersoan fan dit boek is Lisa Erdman dy't yn 'e prolooch dy't bestiet út in fiktive brievewiksel tusken Freud en twa kollega's al foarkomt namtlik as in pasjinte dy't lijt oan seksuële hystery. Diel ien is in lang, suver, pornografysk gedicht, dat de haadfiguer tidens de analyse foar Freud opskreun hat. It is in ferslach fan dreamen en oare opstigings út it ûnbewuste. Lisa waant har sels in soarte fan froulik oerwêzen yn it wite hotel oan in mar dêr't sy yn har dreamen mei har minnaar werklik alles op it mêd fan seks en rampen meimakket.
Yn it twadde diel wurdt yn proaza oerdien wat de lêzer yn diel ien as poëzij oanbean waard. Hjir wurdt dúdlik wêr't de titel nei ferwiist: it wite hotel is in soarte fan mythologyske lokaasje mei de twa jonge minnaars as god en goadinne en al de oare gasten as ôfhinklike skepsels yn in sfear dêr't goed en kwea skerp yn kontrasteare. Mar it wite hotel is ek de memmeskoat dêr't elk dy't siket net beskûling nei werom longeret. Dit oarde fan beskûling bliuwt lykwols troch de trauma's dy't der mei anneks binne yn 'e wurklikheid ûnberikber. It is in dreambyld út it ûnbewuste dat inkeld mei mythologyske bylden oproppen en ûnder wurden brocht wurde kin.
It tredde diel is in fingearre case-history s.n. skreaun troch Sigmund Freud, wêryn't de sykte fan Lisa, hjir Anna neamd, beskreaun wurdt. No hat de echte Freud in werklik ferslach jûn fan ‘in analyse fan in gefal fan hystery (Dora)’. Dêr liket dat fiktive fan Thomas wol ryklik op. Einlings en te'n lêsten begjint dan mei diel fjouwer it ferhaal oer Lisa Erdman alias Anna. Sy is in operasjongeres dy't nei in mislearre houlik en in ferbliuw yn Wenen op en nij trout en har yn Odessa dêr't se berne is nei wenjen set. Dit diel hat in auktoriaal perspektyf. (Dizze roman is der in prachtich foarbyld fan hoe't yn ien boek ferskillende perspektiven brûkt wurde kinne: Freud, ik en de ferteller komme ôfwikseljend oan bar).
En dan it fyfte diel. Dat is sa ûnfoarstelber oangripend dat ik it lêzen dêrfan sa no en dan ûnderbrekke moast om nei bûten ta te gean en my it swit fan 'e foarholle te faaien. En ik mei à la minute deafalle as ik dat lêste liich. Lisa Erdman is sels net joadsk, mar Kolja, de soan fan har twadde man wol. Har twadde man is al dea as Lisa mei Kolja, sûnder dat
| |
| |
se it earst yn 'e gaten hawwe harren dea temjitte giet (Babi Yar). Se steane te wachtsjen yn in lange rige om 'e hoeke is it ravyn fan Babi Yar. Ut 'e fierte hearre se sjitten.
‘Der kaam in soldaat oanrinnen dy't hoflik Lisa har mantel ôfnaam, dêrnei naam er ek de jas dy't Kolja oer syn earm droech. Dat hie gjinien mear by har dien, sûnt se yn in theater kaam foar in gala-útfiering’.
In eintsje fierder: ‘No wiene se yn dy lange, smelle, troch twa rigen fan soldaten en hûnen foarme korridor. De soldaten hiene de mouwen omheech en elk fan harren swaaide mei in gummykneppel of in grutte stôk. It reinde slaggen, fan beide kanten, op hollen, skouders en regen. Hja preau bloed yn har mûle, mar sy fielde hast neat fan de slaggen, om't hja besocht de holle fan Kolja te beskermjen.
Se fielde de wrede slaggen dy't op him delreinden - werûnder de flymjende slach yn syn ljisk - mar amper de slaggen dy't op har eigen lichem delkamen. Syn skreau wie mar in triedsje yn de tekstuer fan in grutte, universele gjalp, mongen mei it opteine razen fan de soldaten en it blaffen fan de hûnen, mar dochs wie it ien dy't útgie boppe al it oare krytsjen, sels dat fan har. Hy stroffele en hja griep syn earms beet om tefoaren te wêzen dat er falle soe. Se trapen op 'e lichems fan minsken op wa't se de hûnen loslieten. “Schnell, schnell, schnell”, rôpen de soldaten en laken’.
Kolja en Lisa steane op 'e smelle richel en wachtsje oant de soldaat dy't earst langsum syn kofje opdrinkt efter de mitrailleur sitten giet.
Sy libbet noch. In pear Dútsers binne mei Russyske hantlangers nei ûnderen krûpt en rinne oer de liken. Se sjitte nochris op alles en elkenien dy't beweecht. Ek Lisa beweecht en krijt in bajonat yn har ûnderlichem. ‘Noch altyd hiel hoeden, begûn Demidenko mei de bajonet kopulearbewegingen nei te dwaan. En alle kearen dat it lichem fan de frou efterút skeat en wer stil lei, barste Semasjko út yn in bolderjende laits, dy't troch de steile hichten fan it ravyn wjerkeatst waard. Semasjko prottele dat se tiid fergriemd hiene. Demidenko draaide oan de bajonet en state him der doe djip yn’.
Nei dit diel hie Thomas foar my wol ophâlde mocht. Lykwols gunt er ús yn diel seis noch in blik oer de dea hinne yn in soarte fan hjirneimels. Yn in kamp earne yn Palestina kuieret Lisa mei har mem dy't har de tate jout. Op en nij werom nei de memmeskoat.
Lisa Erdman is de haadfiguer fan in roman, mar likegoed representearret sy in stik wurklikheid, namtlik it lijen dêr't de mins yn dompele is. In yndividueel lijen as ûnderdiel fan in kollektyf lijen: Babi Yar, de holocaust.
Sa't Jo merke God, sprek ik Jo het te bot oan wylst ik oer de oangripende ynhâld fan sa'n boek skriuw en dat jildt ek foar de oare boeken. Dat
| |
| |
komt wierskynlik om't ik my Jo sa min foar de geast helje kin, mar de boeken dêr't it hjir om giet nammeste better. Der mei gjin misferstân oer bestean: Talleaze fragen soe ik op Jo ôffjurje kinne, en dêrmei it ferhaal ûnderbrekke, mar hok foar doel hat it? Dy fragen lizze ommers besletten yn de sitearre passaazjes en dat it in brief oan Jo bliuwt en gjin frijbliuwend ferhaaltsje, sille Jo lykwols wol merke, nim ik oan. Dochs dizze frage: Hawwe wy by al dy wreedheden te dwaan mei minsken of mei munsters, of binne minsken munsters?
En dan no it tredde boek dat ik lies. Ik hoopje net dat Jo it mei droege eagen lêze kinne.
| |
Sophie's kar - William Styron
De haadfiguer fan Sophie's Choice hjit Stingo. Hy is 22 jier âld as er op ien fan de keammerkes fan in grut kosthûs besiket syn earste roman te skriuwen. Dizze roman jout in typysk foarbyld fan it l-was-witness-prosedee: de ‘ik’ is tsjûge fan en registrearret wat twa oare keamerbewenners belibje en fertelle.
Sophie, in Poalske jonge frou dy't Auschwitz-Birkenau oerlibbe hat, fertelt oer har ferline. Nathan, har freon, stiet tusken Stingo en Sophie yn, net allinne as romanpersonaasje mar ek as Stingo slim fereale wurdt op Sophie. Nathan is in Joad dy't mei om dy reden amper ferneare kin dat Sophie as Poalske libben -sij it mear dea as libben- út it kamp komd is, wylst safolle fan syn rasgenoaten dêre útmoarde waarden. Har libben liket in ferrie oan de deaden. De bestialiteit dêr't Nathan har meast mei behannelet, aktualisearret Sophie's ferline: hy slacht har betiden sawat dea as er ien fan syn demoanyske oanfallen hat. Dochs slagget it Sophie net om mei him te brekken. It liket wol dat se yn en troch Nathan har ûndergong dochs noch wol. It ferline hat sokke djippe spoaren neilitten dat har oerlibjen fan it kamp gjin ynderlike befrijing mear ynhawwe kin. It ferhaal fan Sophie beslacht fierwei it grutste part fan dizze roman fan sa'n 600 siden. Sophie wist har op in stuit sels ‘op te wurkjen’ ta typiste fan de kampkommandant Rudolph Höss.
Wêr ferwiist de titel nei? Docht se in kar troch de divelske Nathan trou te bliuwen? Wêrom hold se har ôfsidich fan ferset -se wie doe in jier as achtjin âld- tsjin de Dútsers, wylst har bêste freondinnen wol mei diene? Wie it dat se de learzens fan de moardner Höss tute om mar te oerlibjen?
Mar alles ferblikt by de ferbjusterjende en ûnmooglike kar dy't har yn it neifolgjende sitaat ôftwongen wurdt. Sophie stapt mei har beide bern Jan en Eva út op it perron fan Auschwitz. Alle Joaden wurde fuort yn frachtweinen nei de gaskeamers brocht. In dronken dokter stiet njonken har en freget oft se kommuniste of kristen is. Se hie gjin antwurd jaan moatten. Kommunisten hatet er mar kristenen noch mear docht bliken.
| |
| |
‘Doe sei er wat dat eefkes folslein riedseleftich like: ‘Sei er net: “Lit de berntsjes by my komme?”’. Mei de houtrigens fan in sûplape begûn er wer tsjin har te praten. Se hie in sinleaze opmerking op 'e tonge, stikte suver fan eangst en besocht wat te sizzen, doe't de dokter sei: ‘Jo meie ien fan jo bern hâlde’.
‘Bitte?’ frege Sophie.
‘Jo meie ien fan jo bern hâlde, sei er wer. ‘It oare giet mei. Hokker wolle jo hâlde?’
‘Jo bedoeie dat ik kieze moat?’
‘Jo binne in Polak, gjin joad. Dêrom hawwe jo in streepke foar, jo meie kieze’.
Har tinken gie trager, en stoppe doe alhiel. Doe fielde se hoe't har skonken har amper mear hâlde koene.
‘Ik kin net kieze. Ik kin net kieze’.
Se begûn te razen. O, hoe goed koe se har dat noch yn't sin bringe. Noait hiene ingels as se tramtearre waarden sa lûd boppe it pandomoanium fan de hel útraasd.
‘Ich kan nicht wählen’, kriet se.
De dokter murk dat it spul mear omtinken krige as him leaf wie.
‘Stil’, kommandearre er. ‘Opsjitte en doch in kar. Kieze godferdomme, of ik stjoer se allebeide fuort. Schnell’.
Se koe it net leauwe. Se koe net leauwe dat se no delknibbele op it hurde, rûge beton en har bern sa stiif tsjin har oan hold dat se it gefoel hie dat harren fleis, sels troch alle klean hinne, mei dat fan har fergroeide. Har ferbjustering wie totaal, kranksinnich. Se seach it wjerspelege yn de eagen fan de jonge, meagere, ynwite Rottenführer, dy't de dokter assistearre, en nei wa't se om de ien of oare ûnferklearbere reden smeekjend opseach. Ek hy like ferstuivere, en hy beantwurde har blik mei in ferbjustere útdrukking yn syn wiidiepen eagen, as woe er sizze: ‘Ik kin dit ek net begripe’.
‘Lit my net kieze’, hearde se harsels smeekjend flústerjen.
‘Ik kin net kieze’.
‘Stjoer se dan allebeide mar fuort’, sei de dokter tsjin syn helper,
‘Nach links’.
‘Memmy’. Op itselde momint dat se it famke by har weitreau en heal stroffele doe't se oerein gie fan it beton, hearde se Eva har ile, mar kleare rop.
‘Nim de lytste mar’, skreaude se, ‘nim myn famke’.
Doe naam de assistint -mei in hoedenens dy't Sophie om 'e nocht besocht te ferjitten- it hantsje fan Eva en naam har mei nei it legioen dat wachte op syn ferdommenis. Altyd soe har bybliuwe hoe't it berntsje al mar smeekjend omseach.
‘Se hie har bear noch by har en har fluite’, besleat Sophie har ferhaal.
| |
| |
“Al dy jierren haw ik dy wurden net hearre kind. Ek net útsprekke yn hokker taal dan ek”.’
Nei't Nathan, dy't Stingo en Sophie sa fier hie dat sy leauden dat er op it punt stie de Nobelpriis foar in wittenskiplike ûntdekking te krijgen, ûntmaskere is as echt waansinnich, flechtet Sophie mei Stingo út New York nei it Suden fan Amearika. Mar dat duorret mar eefkes. Yn 'e nacht flechtet Sophie by Stingo wei en giet werom nei Nathan. Stingo komt te let. Sophie en Nathan lizze tegearre op bêd.
‘Ik soe mar net nei harren gesichten sjen, as ik dy wie’, sei Larry. Hy swijde eefkes en sei doe: ‘Mar se hawwe net lit. It wie syaannatrium. It wie yn inkelde sekonden foarby’.
Wis, al wer in roman. Wat in effektbejach en dramatyk, sizze synisme en selshanthavenjen. Selsbehâld skoddet de ynhâld fan al dy ‘rotromans’ fan ús ôf, as in hûn dy't dweiltrochwiet nei in kuier himsels skoddet oant er wer droech is. En Jo God, hoe flokke Jo eins?
Mei it fjirde boekdat ik lies, sil ik koart krieme. Ik hjitfolge Jo al genôch op dit stuit en ik soe net graach it ferwyt fan Jo krije dat ik tefolle omtinken oan it leed jou dat minsken elkoar oandogge sadat it liket dat ik it koesterje. It krytsjen fan de lytse Eva leit ús ommers allegear it swijen op.
| |
Orkest efter stikeltried - Fan ia Fénelon
Ek dit boek spilet frijwol hielendal yn Auschwitz.
Wy hawwe hjir minder mei in roman as mei in ferslach fan dwaan: de feiten binne net fiktyf mar hawwe har werklik ôfspile. Kommandant Kramer stalt in orkest gear út finzen froulju dy't tige muzikaal binne. Der ûntstiet in orkest fan tsien fioelen, ien fluit, in doedelsek, twa akkordeons, trije gitaren, fiif mandolines, slachwurk en simbalen. Se spylje om't harren libben der écht fan ôfhinget. Ien falske noat kin de dea betsjutte as foer foar de hûnen. Want dat wie in ‘moai’ tiidferdriuw foar de SS-ers: finzenen yn in ôfbeakene romte sette en dêr hongerige hûnen op ôfstjoere, dy't de slachtoffers ferskuorden en ferslynden. Sokke feiten haw ik noait heard op skoalle. Binne se te freeslik om te neamen of sit der wat oars efter? In soarte fan skamte soms? Of eangst dat wat mooglik west hat wer barre kin?
Fania Fénelon hat njonken Anna Frank lein: ‘letter hearde ik dat Anna Frank in pear meter fan my ôf ûnder itselde tintseil lein hat’. Fania Fénelon hat it oerlibbe. Op 15 april 1945 waard se troch de Ingelsen befrijd út Bergen-Belsen dêr't se noch hinne transporteard wie. Se gie werom nei Parys en ferfette har karriêre as pianiste.
In protte fan de orkestleden kamen lykwols om. Slachtoffers dy't earst noch foar harren boalen spylje moasten. Hoe heaks en synysk stie it nazi-sadisme op de meast gefoelige keunstutering: de muzyk. De yn- | |
| |
struminten wie men sunich op, de bespylsters blieken weardeleas en te ferfangen.
En dan it lêste boek fan 'e fiif. It kin hast net oars of dit boek moat krekt Jo as gjin oaren yn 'e besnijing hawwe. Der is ommers yn dit boek hast gjin side of Jo wurde der yn behelle.
| |
It fersteurde libben - deiboek fan Etty Hillesum, 1941-1943
‘Het verstoorde leven’, deiboek fan Etty Hillesum is tige treffend. Dit boek slút it rychje fan fiif yn mear as ien opsicht ôf: ferskillende aspekten fan de earste fjouwer komme yn dit fyfde gear.
Etty Hillesum waard berne yn 1914 en ferstoar yn 'e lêste dagen fan novimber 1943 yn Auschwitz. It deiboek beslacht it tiidrek tusken 9 maart 1941 en Augustus 1943, sij it dat dizze lêste tiidsoantsjutting boppe ien fan de brieven stiet dy't Etty út it kamp Westerbork ferstjoerd hat.
Dit deiboek set in persoan foar de lêzer del dy't libben wurdt, dêr't er fan begjint te hâlden, dêr't er mei kuiierje en prate wolle soe. En dan ynienen is der dat freeslike besef: Se is der net mear, se fûn de dea yn 'e gaskeamers fan Auschwitz.
Etty wist dat it komme soe, mar mei de dea yn it foarútsjoch, bloeide en ripe har geast ta ûnfoarstelbere hichten fan literaire sizzenskrêft en ynderlike djipgong. Dit deiboek tilt fan de aforismen en libbenswiisheden, sa fizionair dat men jin ôffreget hoe't it mooglik is dat ien dy't elk momint in oprop foar deportaasje krije kin, noch sa folle út it libben hellet. Faaks wurdt it sicht op wat it libben is, grutter neigeraden de dea tichterby is. Hat dit deiboek thematyske oerienkomsten mei dy fan Thomas, Styron en Fénelon, ek mei it famke Esther, haadfiguer fan The bell jar, hat Etty bepaalde eigenskippen mien: njonken in sterke libbensdriuw is der in lijdsumens - sels wegeret Etty it berêsting te neamen, en seker net deadsdrift lyk as by Esther it gefal is - dy't by beide fuortkomt út in enorme yntrospektive bejeftigens.
Soe Auschwitz allinne al in reden wêze om dit boek binnen it ramt fan dit brief nei foaren te heljen, de wichtichste is dat Etty der wol in hiel persoanlik en eigensinnich godsbyld op nei hâldt. Seker foar har tiid is de manear dêr't sy op mei Jo, God, omgiet Bonhoeffer en Sölle avant la lettre.
Hoe ûntdekt en praat Etty mei Jo, God, tsjin de eftergrûn fan de driging en it lijen fan de tiid dêr't sy yn libbet?
Oer har freon Spier, in psychogirolooch, skriuwt se yn dizzen:
‘-...hy brekt se iepen en hellet de otter derút en boarret de boarnen oan dêr't God by mannichien ferskûle sit, sûnder dat se it sels witte...’
In eintsje fierder:
‘En dat mysels, dat alderdjipste en alderrykste yn my dêr't ik yn rêst, dat neam ik “God”.’
| |
| |
Etty wurdt net ‘schwärmerisch’, docht net oan ‘Schöngeisterei’, mar is troch de petearen mei har ynderlik, mei God, no en takomst treast. Dit net troch mystysk en eksaltysk út te stigen boppe de fernederingen dy't sy as joadinne ûndergean moat. Foar it lijen oer- en dêrby giet it har net om it yndividuële mar om it universele lijen- stelt se har ynderlik. En yn it gesicht fan de god dy't út har ynderlik opstiet, terane soargen en fernederingen, driging en lijen. Dêrom kin se har meifinzenen helpe en hatet se har boalen net.
Op snein 12 juli 1942 skriuwt se:
‘Ik sil dy helpe, God, datsto yn my bestean bliuwste, mar ik kin fan te foaren nearne foar ynstean. Mar ien ding wurdt my wol hieltyd dúdliker: datstó ús net helpe kinst, mar dat wy dy helpe moatte, en troch dat lêste helpe wy ússels. En dit is it iennige wat wy yn dizze tiid rêde kinne en ek it iennige wêr't it op oankomt: in stikje fan dy yn ússels, God. En miskien kinne wy der ek oan meiwurkje dy op te graven yn de teheistere herten fan oaren. Ja, myn God, oan de omstannichheden skynsto net folle dwaan te kinnen, se hearre no ienkear by dit libben. Ik rop dy der ek net foar ta ferantwurding. Do meist ús der letter foar ta ferantwurding roppe. En suver mei elke hertslach wurdt it my dúdliker: datsto ús net helpe kinst, mar dat wy dy helpe moatte en dat wy de wente yn ús, dêrsto tahâldst, oan it lêste ta ferdigenje moatte’.
| |
De twadde ûnderfining
Miskien fine Jo it wol wat in grut wurdt: ûnderfining, mar ik soe sa gau net witte hoe't ik it oars neame moat.
It is op in moandeitemoarn yn novimber, de earste oere. Ik stean yn lokaal 14 te wachtsjen op in twadde klasse. In pear menuten letter stoarmje se mei in protte kabaal binne. Gjinien stoel bliuwt ûnbeset, somliken lizze de earms op 'e taffeltsjes en nimme in ôfwachtsjende hâlding oan, oaren tsjotterje troch as in swarm protters. De measten binne trettjen. len-twaëntritich, jonger noch as ik no bin, sille se wêze yn it jier 2000, mimerje ik, 2000. Ynienen is it oft de sifers fan dat getal yn fjurrige letters as in ‘mene mene tekel upharsin’ op 'e muorre steane. Hellet dit libben dat him hjir yn tritichfâld opsplitst, beweecht en drokte makket, it jier twatûzen?
In foarhinne dizenich besef dat wy ûnmjittelike risiko's rinne, knypt my ynienen de strôte ticht. Wat stie der ek al wer yn dy artikels yn dei- en wykblêden oer atoombewapening, yn dy adfertinsjes fan doktoaren dy't warskôgje tsjin in atoomoarloch?
Ik sjoch op myn horloazje nei it wizerke dat de sekonden fierder trillet: ien, twa, trije..... Wy moatte oan 'e gong, ik moat se stil krije en dy ferlamjende eangsten fan my ôfsette.
‘Kom jongens, wy begjinne’. Noch in kear. Trije kear mei de fûst tsjin it
| |
| |
boerd. Hoe soene oaren dy't minder lûd hawwe, soks oanpakke? Steven bygelyks. No ja it sil wol komme om 't it godstsjinst is. Jo binne machtich God, mar Jo hâlde de bern net stil, op de mominten dat ik se oer Jo fertelle wol.
‘Stil’, bolderje ik, ‘ferdomme’, link ik der efteroan, mar ik mei net flokke op in kristlike skoalle. Flokken is hjir noch mear ferbean as smoken. De les kin begjinne. Sechtich eagen sjogge my oan, slûch en guodlik. Ik fertel en diktear stikjes as wankt der neat en libje wy net op in krûdfet. As om tsien foar njoggenen de skille giet, stoarmje se de doar út. Ik ferlykje út in gewoante de tiid op myn horloazje mei dy fan skoalle. It rint in goeie menút foar.
Fan dit monint ôf, God, hat de waansin fan de atoombewapening my net mear loslitten. It hat sels sa west dat ik in pear moanne lang gjin pinne mear op papier krije koe. Miskien foar Jo koartsichtich, belachlik en ûnbegryplik, mar ik seach der b.g. de sin net mear fan yn om jûnen oanien efter myn buro te krûpen en my it laplazarus te skriuwen wylst by in atoomoarloch dy't dochs hiel maklik troch sokke agressivelingen as Haig, Weinberger en Brjezjnev c.s. mei syn ferkalking der noch by, feroarsake wurde kin- alles en elkenien útwiske wurdt. ‘Dan wurdt it hjir allegearre see’, skriuwt Evenhuis yn ien fan de LC-haadartikels wêryn't er ûnk en ûnheil fan in nukleaire oarloch wiidweidich útinoarset.
Sûnt fjirtjin dagen haw ik myn kop mar yn it sân stutsen en myn hope der op fêstige dat alteast it F. LM.D. stean bliuwt. Yllúzjes ynspireare yn dit gefal mear as de wurklikheid. Miskien wat abrupt, mar nei oanlieding fan it boppesteande dochs in pear persoanlike oerwegings, God, oer de relaasje tusken Jo en ús.
De skiednis bewust wol dat fierwei de measte minsken net sûnder Jo kinne. Der binne talleaze ferklearringen foar jûn wêrom't dat sa is. Ien dêrfan is dat de mins syn ûnfolsleinens yn Jo ta folsleinens projektearret. Hy moat klear komme mei syn stjerlikens. Der binne dêrom dy't miene dat op it momint dat de mins, tanksij de wittenskip, de dea oerwûn hat, hy syn eigen god wurden is en dat Jo dan as fansels ferdwine sille. Is it wier dat by elke wittenskiplike ûntdekking der in stikje fan Jo godlikheid ôfgnabbe wurdt oan't Jo alhiel opiten binne? As dat sa is, komme Jo en de mins dus hieltyd tichter by elkoar te stean: de ûntgodliking fan God is evenredich mei de fergodlieking fan de mins, oan't it momint dat mins en God gearrane. Yn it fermogen om de wrâld yn ien klap te ferneatigjen is de mins mei Jo, God, gearraand. Hy kin ek op oar mêd hast alles: hy kin yn réagearbuiskes baby's ûntstean litte. (Behalven de dea is ek it libben dus al net mear ‘úl Syn hân’.) In paradoks is no dat er alle libben de dea yn jeie kin op itselde momint dat er sa ferwoeden besiket om kanker en oare noch ûngenêslike sykten út te roegjen om dêrmei no
| |
| |
krekt de dea in wichtige troef út hannen te slaan.
| |
In godlik ferneatigingsfermogen dus!
Mar kin er syn godlikheid oan? Ik bin gjin monist, it dualisme leit my mear. Soks jout my de simpele skieding fan ljocht en tsjuster yn. Ik leau net allinne yn it goede, en net allinne yn it kweade, mar yn goed en kwea dy't lykop en ûndielber yn elk yndividu húsmanje. Dêrom rint der in spjalt troch de godlikheid fan de mins: hy is gjin demoan dy't de wrâld femeatigje sil sadree't er dat kin (dan wie it al bard), mar hy is ek net sa goed dat er de wrâld bestean lit. Noch krekt slacht de skealjens troch nei selsbehâld mar iens sil se fataal it nulpunt passeare. Dat is in freeslik kredo, wêrfan't ik woe dat ik der net yn leaude. Om my God, fine Jo dit kredo mear in ‘kreet’, in gjalp. Yndie, eangst en wanhope litte har min stileare!
Om wat de beide beskreaune ûnderfiningen wiene en teweechbrochten, hie ik gjin behoefte om in oaren as Jo, God, in brief te skriuwen. Foar't ik dit brief ôfslút noch in pear opmerkingen.
Yn Jo haw ik de God fan myn bernejierren oansprutsen, de almachtige God dy't foar alles ferantwurdlik is, sadat de minsken dy't Him oanhingje heidensk miene dat se sels mei wat minder ferantwurdlikheid takinne. It ûntbrekt der noch oan dat ik, as in bewiis van natuerreligieuze tagedienens, dit brief ‘op 'e fierken fan 'e wyn’ nei Jo tawaaie lit. Mei in folslein oar godsbyld as dat wat my spitigernôch eartiids yndruid is, hie ik Jo net op it lijen, de driging, al dy eangsten oansprutsen. Ik bin bliid dat der njonken dy fan Etty Hillesum, oare opfettingen oer Jo besteane as dy dêr't ik mei opgroeid bin. len dêrfan wol ik noch eefkes neier op yn gean.
Dietrich Bonhoeffer dy't sels yn 1945 troch de Nazi's ophongen waard, wiisde de alwittende God fan de Kristenen ôf. Syn God is swak en machteleas. Dy bringt gjin sykte en oarloch, dat dogge de minsken. Dizze God is der net om yn need te helpen, Hy moat sels holpen wurde. Benammen de s.n. God-is-Dea-theology hat har ûnder ynfloed fan û.o. Bonhoeffer dwaande holden mei de fraach wêr't God nei Auschwitz is. Ta beslút dêrom dit sitaat, ûntliend oan Jürgen Moltmann dy't it op syn bar ek wer sitearre hat út it deiboek fan Elie Wiesel.
‘Elie Wiesel ferhellet oer trije finzenen, dy't yn in konsintraasjekamp ophongen waarden. Der wie ek in lyts jonkje by. Doe't by alle trije de strûp om de hals dien waard suchte immen: Wêr is God? Wêr is Er?’ De finzenen moasten lâns de galgen marsjeare dêr't de trije slachtoffers oan hongen te bongeljen. De twa folwoeksenen wiene al dea, mar it tou fan de tredde ferweegde noch. It lichempke fan it jonkje wie te licht om de strûp tichtlûke te kinnen. Mear as in healoere hat it duorre dat hy dêr
| |
| |
hong ie spinpoatsjen tusken libben en dea en al dy tiid moasten syn meifinzenen it oansjen. Wer klonk efter Wiesel (doe sels noch in bern) de fraach: ‘Wêr is God no?’ En Wiesel sei: ‘Binnen yn my hearde ik in stim antwurdzjen: Wêr't Hy is? Hy is hjirre, Hy hinget oan dizze galge’.
Is dit it iennige andert? Binne Jo in warleas bern dat ophongen is? Miskien is it wier dat hy dy't God ôfsward hat likegoed mûnich is en op eigen fuotten stiet as er dit godsbyld oandoar. Treffend is dat sawol Etty Hillesum as Bonhoeffer, beide slachtoffers fan de Nazi's, komme ta in God dy't út 'e minske sels opstiet. Der moat in ferbân wêze tusken it godsbyld dat sy der op neiholden en de omstannichheden dêr't sy yn ferkearden. Sy hawwe harren God ferovere op it lijen. Hy lijt mei harren mei en sy mei Him. Hy is it djipste yn 'e mins en dan fan 't goede. Sa'n God is my gâns sympatiker as dy ûnoantaastbere fan myn bernejierren. Mar lit de lêste Him ea fan 'e troan stjitte sadat der romte komt foar de earste? Yn dizze lêste passaazje hat it der in protte fan wei dat ik it mear oer as tsjin Jo haw. Jo begripe dat ek dat wer komt om't ik net wyt wa't Jo wêze wolle en hoe't ik Jo oansprekke moat. Ek dêrom tidigje ik op Jo andert mei mear as gewoane spanning. Ik groetsje Jo, G. Willem Abma.
|
|