| |
| |
| |
Goaitsen van der Vliet
Sa fier wie ik kôm (oan Eppie Dam)
Enschede, 25 april 1982.
Bêste Eppie,
Ik begjin mar mei ‘Ik’, omdat de jierren dat myn brieven net mei ‘Ik’ begjinne mochten al fier achter my leze. It is sneintemoarn, net al te betiid fansels, en ik sit yn in noflike stoel by ús op 'e bleek achter hûs. In waarme sinne skynt my op 'e hannen en yn it gesicht. As ik om my hinne sjoch fernuverje ik my deroer dat wy hjir eins midden yn de rûzige stêd wenje. Men soe it sa net seze yn disse oaze fan rêst. Fûgels tsjotterje yn it omlezend strewel en yn de grouwe iik sit in swarte klyster te sjongen dat it in lust is. Yn de nije grientetún foar my oer wrotte de earste spinaazjestâltsjes om ta de groon út en, justjes fierderop, stjit de japanske kjersebeam yn 'e top. Koartsein: it is in moaie maitydsdei en ik sit hjir alderhearlikst. Wat wol men dan noch mear?
In brief skrjowe fansels, want dat woe men al sa lang, men kôm der gewoan net oan ta. Men wie altyd sa besteld mei it leave libben sels dat men oan it fêstlezen derfan net iens ta kôm. Alteast, sa gjit my dat al jierren. Ik behein my meast ta it meitsjen fan koarte oantekens en rûge sketsen. Foar letter, tink ik dan, as ik de tiid mar fyn om it allegear ferarbeidzje te kinnen. Mar ik wyt mar al te goed dat it dan te let wêze sil. Earlik sein wie it freon Herman dy't my der diskear op ferge myn befinings op papier te setten. Ik hie him dyn treflike brief fan 5 april foarlêzen, en omdat er dêr in protte fan myn eigen argewaasje mei de saneamde ‘Fryske Literatuer’ yn werom foon mocht ik dizze kâns neffens him net samar slûpe litte. Ik sei ja, en ik wist skoan wat ik dêrmei oanhelle. Net dat ik no it gefoel ha dat ik dy in wiidweidich antwurd skuldich bin, mar om in lyts bytsje fan mysels sjen te litten. Nei it lêzen fan dyn brie- | |
| |
ven sille de minsken har achter it ear klauwe en har oufreegje wa't dat wol net wêze mei, dêrstû dy sa oan rjochtest. Publisearre haw ik ommers mar amper, onder myn eigen namme teminsten, en inkeld noch mar yn tydskriften. In bondel sit der yn gjin gefal yn. Fansels, at ik alles op in bulte smyt kom ik in heul ein, mar der bljowe mar sa'n pear fersen fan oer dy't de selskrityk trochstean kinne. De kwaliteit gjit my foar de kwantiteit, en it muoit my dat de measte fersebakkers dêr oars oer tinke. Nim no dy safolste bondel fan dy en dy... Mar sa fier wie ik noch net. Ut myn stoel wei sjoch ik del op it fjoerplak. Inkeld jiske en lege flessen tsjûgje fan it nachtfeest fan juster. Wêr moat ik begjinne? Of wie 'k al begong? Eins wie 'k justerjonne al úteinset mei disse brief, mar folle fierder as in heale side kôm ik net. De ruten stonnen iepen nei de tún, dêr't it hieltyd
smûker waard. Wat sit ik hjir yn 'e hûs te brieden, tocht ik, en smiet de brut derhinne. In wiis beslút, ast it my fregest. Mar wat no? Der is stof foar in boekekast fol, mar te min tiid, dat ik sil my knap beheine moatte. Dy ferrekte ‘Goddeleaze tiid’ ek altyd! Wie 'k mar in hoon, dan koe ik hjir ek de gânske midje wat op 'e rêch yn 'e sinne leze te spinpoatsjen, lykas ús Gerrit no docht. Mar nee hear, men is minske, en noch redaksje-skrjower fan Trotwaer ek! Dêr woe ik it dan ek earst marris mei dy oer ha. Miskyn is it dy noch net fergetten dat ik jim, de oare redaksjeleden (te witten: dy, Geart en Alex) mei Sinterklaas '78 in brief taskikte. Dat wie net alles wat ik skreaun hie. It earste part fan dy brief doarde ik doedestiids net op de post te dwaan, omdat ik it foar jim net nijsgjirrich genôch achte, of te persoanlik faaks. Miskyn dastû der no noch wat oan hast. It aai is ommers noch net op. Foar hoe lang?
| |
Enschede, novimber 1978.
Bêste Eppie,
It is gjin wenst en skrjo in brief oan in redaksje dêr't men sels in sit yn hat, mar yn dit gefal liket it my de baas. Ik moat noadich in pear saken op in rychje sette, en dat slagget my it bêste op papier. Yn it foarste plak wol ik in stik sitearje út in âlde brief oan jim dy't ik noait ferstjoerd ha omdat ik der gjin ein oan breidzje koe. Dat moat in foech jier lyn west ha, doe't jim my frege hienen om yn 'e redaksje. Mei dy brief woe ik jim wat mei mysels yn 'e kunde komme litte, mar by einsluten seach ik it doel net mear sa, en ek it oustudearjen bruts my aardich by de hannen om't ou. Ik foon de rêst net om der noch eefkes fetsoenlik mei te set, de stúdzjedruk wie my oermânsk.
Dat docht ek wol bliken út it fierstente ‘eksakte’ besprek fan ‘De guozzen fleane’, dat yn wythoefolle kearen skreaun is, by biten en brokken,
| |
| |
sonder oersjoch. En it wie noch wol in soarte fan ‘test-case’ foar myn redakteurskip. Fral op it lêst hat it swier kealle. Dêrom hie Lieuwe Hornstra yn 'e groon fan 'e saak greut gelyk doe't er ha woe dat it byld my ontkôm wie. Hy hie it allinne wat oars ynklaaie moatten. En jim hienen it stik sa net opnimme moatten. In technikus sil ik tink altyd wol bljowe. Skrjowe betsjut foar my net folle mear as konstruearje mei wurden: ‘stien op stien wurden foegje ta nije tinzen’. Mar hawar, ik soe út dy brief sitearje:
‘Doe't ik begjin '74 foar it earst in searje fersen en in stik proaza ynstjoerde, wie Trotwaer yn myn eagen in mânske ivoaren toer, dêr't ik de boppe-ein lang net fan rikke koe. Ek net doe't de redaksje ien tekst (“komyske noat” dat ik der foar de aardichhyd ek mar by dien hie en dêrfoar al yn myn eigen bledsje “om Bokke hinne” ston hie) goedernôch achte foar publikaasje. Trotwaer wie my suver hillich. Ik fergelike it mei de oare tydskriften en koe my net begripe dat guons sa noadich tsjin dy heuge toer oanpisje moasten. Kwaliteit koe dochs mar de iennichste noarm wêze? Ik friet se hast op, de âlde nûmers (fan '68 ou) dy't ik bybestelde by Bartle, en gong der letterlik mei op bêd. Ik ha der in protte út leard, fral it kritysk wêzen foar eigen skrjowerij oer, it rasjoniel der op yngean. Sonder dy ondergroon hie 'k noait in Rely-priis krigen, hoewol't ik ljo 'k ek wol wat te tankjen hie oan Schierbeek ('75) en Kopland ('76).
De Trotwaertoer waard yn myn egen al wat minder heuch, mar ik koe der noch lang net by. Dat lei him fral oan dy lange drege (sabeare) wittenskiplike skôgings dêr't ik mar min trochhinne komme koe. Dat sil him wol oan my leze, tinkt men dan. Men hat no ienkear de ferkearde oplieding hân. Mar oan de oare kant stjit soks jin fansels grouwélich tsjin. Ik ha mysels wolris twong in struktuernanalyse oan 'e ein ta út te lêzen, mar ik waard der net folle wizer fan.
Jiergong '76 sette poerbêst útein, mei moaie fersen (“Mei de jierren”) en ferhalen fan Tr. Riemersma, en dan kin men jin wer net begripe dat der mar sa'n pear abonnees binne. Sa priizge ik Trotwaer yn “om Bokke hinne” (april '76) de himel yn. Doe gong Bartle út de redaksje. Dy syn fersen sloech ik faak heuch oan, ek al wienen se my soms net taastber genôch. Ik hie Trotwaer in skoft mei him identifisearre, of hoe hjit soks. Hy wie op it lêst ek redaksje-skrjower, en fan him krige ik myn oukarde poesij werom. Trotwaer bljode lykwols de referinsje foar myn eigen skrjowerij. “Hjir” wie my te min. Itselde jier pielde ik mei it foar it meast hollânsktalige blêd “Toermalijn”. Ik makke it alhiel nei it foarbyld fan syn fryske greute broer (dy't der belang by hat: der binne noch by de rûs).
Dat Eppie yn de redaksje kôm, makke Trotwaer foar myn gefoel noch in stik tagonkliker; ik koe him fan in Rely-útrikking en in fryske poesijjonne hjir yn Enschede. Dat wie teminsten in gewoanenien, net sa'n drege prater, lykas ik my foarstelde fan guon literatoaren. En no is Trinus der út,
| |
| |
en om't Jan Dotinga net wol ha jim my frege om der yn. De Trotwaertoer is fierder fersakke. Ik kin der noch net rjocht by, mar jim wolle my der wol eefkes op helpe. (...)’
(...)
Dat wie sa om-ende-by it net ferstjoerde diel fan dy brief. It twadde part, dat stikhinne saakliker wie, is tegearre mei it bewuste nûmer fan ‘Toermalijn’ (‘het blad zonder gezicht’ en ‘laatste literaire uitgave aan de TH Twente’) al yn jim brievebussen telâne kôm. Fral om't ik miende dat ik troch myn sit yn de redaksje fan Trotwaer myn referinsje kwyt rekke wie, woe ik oan op in dúdliker redaksjebelied. Ik wie dan ek heul wiis mei de dêropfolgjende útstellen fan Geart dy't resultearren yn de ‘útgongspunten fan Trotwaer’ yn it earste nûmer fan de nije jiergong ('79-1). Dat ston teminsten swart op wyt, dêr koene wy op trochbuorkje, tocht ik, onkundich at ik wie oan de fryske literêre sitewaasje.
De praktyk wiisde faai. De ivoaren Trotwaertoer dy't ik sjoen hie sakke wei yn de fryske dridze, en dy't der boppe op stonnen moasten der tsjin skrjowe om de holle boppe wetter te hâlden. Dat waard my al te dúdlik doe't ik yn de lêste jiergong oan it tellen rekke: de fiif redaksjeleden hienen de hân yn noch mear as de helte fan alle beskreaune siden. En dan te betinken dat ferline jier, lykas it jier dêrfoar trouwens, in protte wurk fan oaren opnôm is by gebrek oan better (‘toe dan mar’) en stikken dy't der neffens ús (dy en my bedoel ik) perfoarst net yn moatten hiene. Hienen wy de wiishyd mar yn pacht, dan hienen wy teminsten noch mei opstappen driigje kind.
Mar sa docht bliken dat it hast net mooglik is in blêd fan nivo te meitsjen yn dit beheinde taalgebiet, dêr't de measte skrjowers gjin skrjower binne, harren taal net yn 'e macht ha, inoar it ljacht yn 'e egen net gunne, gjin krityk ferneare kinne en tinke dat se altyd de muoite fan it lêzen wurdich binne nei't se ienkear priizge binne om in fers, in ferhaal of in boek.
Ik wyt dat ik it no sit te oerdrjowen. Mar dat sil komme om't ik mei de slimsten onder harren as redaksje-skrjower it meast te krijen ha. En wat noch it minste is: ik krij yn sokke gefallen de redaksjebesluten oanwreaun, as wie ik persoanlik ferantwurdlik foar de ynhald fan de brieven dy't ik ta de doar útgean lit. Ik hoech dy de namme fan de skrjower net te neamen, dy't my nei ourin fan in gearkomste fan it skrjowersboon in hân joech en sei dat er net lulk mear wie. As wie it myn skuld dat er sokke minne fersen ynstjoerd hie.
Deselde jonne begong ik foar de safolste kear oan in brief oan dy:
| |
| |
| |
Burgum, 27 maart 1982.
Bêste Epple,
It moat marris wêze. Net foar it brievenûmer dat wy op priemmen ha, mar foar mysels, of sast wolst, foar ús. Faaks dat ik skrjowendewei nochris in aardich idee op doch. Fan 'e midje wie dus dy gearkomste fan ús warber skjrowersboon, oer de poesij diskear. Ik ha 't útsitten, dat al, mar it foel my net ta. Ik krige it gefoel dat ik alles al sa faak heard hie. It hie allegear sa'n bytsje om 'e hakken, fral de diskusje oer wat men as lêzer mei in fers dwaan kin, mei of moat. Dêr wie de ein fan wei, fansels. En ik besaude my oer de triviale fragen fan in meiwurkster fan in fierstente greute provinsjaie krante, om't dat n.b. ek dejinge wie dy't by dy krante hast alle fryske boekeresinsjes op har noed hat. Soksoarte petearen ha wy, lykas Tine P. tsjin my sei, ommers al sa faak hân, tusken in hap en in slok by harren op 'e telle, of oer de tillefoan. My tinkt dat sok gepiel tekenjend is foar de hiele fryske literêre sitewaasje. Dy is fan 'e midje teminsten net in stap foarút brocht. Nee, dan hie der al wat oars dien wurde moatten mei it tema ‘De hjoeddeiske poesij yn de Fryske Literatuer’.
Ik stel my in midje foar dêr't de fryske poesij fan de lêste 10 jier hifke wurdt, en dêr't fragen oan de oarder komme as: wat is der geande, binne der fernijings, wêr giet it op ta? En hoe sit it mei de krityk? Of hat it langer hielendal gjin doel mear?
Sa fier wie ik kôm. Wêrom hie 'k net trochskreaun? Hie ik de geast dwalen sjoen? It antwurd op myn lêste fraach? Nee, nije nammen ha wy de lêste jierren net folle sjoen, alteast net yn Trotwaer. Binne der gjin debutanten dy't noch wat te melden ha, of binne se te benaud foar ús redaksjoniele mesken? Trochsetters sieten der teminsten net by. Ja, Herman Heida, mar dy rêdt it allinne net op. En Willem Visser is it him ek net wurden, dy sil op 't stuit de hannen wol fol ha oan Fryx. Sa gjit dat, men kin no ienkear net hekse.
It falt my trouwens ek goed ou de kop oan ien tried wei by disse brief te hâlden. Der sit en leit hjir onderwilens mear folk yn 'e tún. En der is tee. José hat foar it earst de kartonnen doaze mei jonge katsjes bûtendoar set. Muoisum sykje de lytse debutanten har in paad troch de tún. Us Gerrit moat der fansels eefkes oan snuve. Hy is allinne mar nijsgjirrich, mar se sette yn 't foar al in heuge rêch tsjin him op en begjinne te blazen. Miskyn bin ik dy hoon dochs wol in bytsje.
Hoe moat it no fierder? Wy moatte de moedfearren net hingje litte, seidestû oan 'e ein fan ús lêste redaksjegearkomste op 5 maart hjir by ús
| |
| |
oan 'e Klomp. Botte oertsjûgjend klonk it net. Mar dy gearkomste wie ljo 'k ek wol it djiptepunt. It sil my noch lang heuge hoe't wy hjir byinoar sieten, nei't Akky ouset wie om de trein nei hûs te heljen. It gong oer de fraach wannearstû út de redaksje soest. Doe batste Jan der yn mei dat er ek opstapte, omdat er gjin sprút ferdúsje mear hie yn de heule fryske skrjowerij, en fuort dêrop fernijde Oene ús dat er oergean woe op it Hollânsk. Sa bruts it moaiste momint oan dat ik oant no ta meimakke ha op in redaksjegearkomste. Jan en ik sieten noch wat yn 'e keamer te stúmjen, en Oene skaaide yn it baaihok om doestû him onder it pisjen wei tarôpst: ‘Dus Oene, do hâldst der ek mei op’. Jan en ik seagen inoar ris oan en moasten ynienen ôfgryslik leitsje. Dat relativearre ommers alles wer. It is allegear sa betreklik.
Utjouwers ha 'k noch net safolle gedoente mei hân as dy, mar de kontakten dy't ik al hie ha my inkeld argewaasje joon. Doe't ik yn de simmer fan '79 sonder wurk siet reagearre ik op in sidegreute advertinsje dêr't meiwurkers foar de Friese Pers yn frege waarden. Ik krige sonder dat myn kapasiteiten foldwaande neigong wienen twa berneboeken om oer te setten. It earste, ‘Pony, Bear en Appelbeam’, hie 'k mar fjouwer dagen de tiid foar, wylst it in dreech putsje wie de fryske tekst oan te passen oan de fêste printsjes dy't yn it plak fan guon haadnammen stonnen. It risseltaat wie derneffens, mar de measte flaters dy't my neitiid oanwreaun waarden, lykas it gegriem mei de tiid, komme foar rekken fan de setter dy't no en dan net rjocht útkôm mei it tal letters.
It twadde boek ‘De kat in de gordijnen’ fan Dolf Verroen, ha 'k wat mear flyt op dwaan kind, want ik wie sa gek en nim de typmasine mei op fekânsje nei Jûgoslavië. Ik sjoch my dêr noch sitten by de tinte onder de olivebeammen. Hoe krige ik it yn de plasse! In heul skoft nei't ik in earste ferzje opstjoerd hie, en onderwilens noch in protte tiid yn in bettere oersetting stutsen hie, krige ik in freonlike brief fan Martin Hopman dat hy gjin aardichhyd mear oan útjaan hie, omdat de ‘Zilveren Griffel 1979’ foar Dolf Verroen earder yn it nijs kôm wie at er ferwachte hie. Dêr koe 'k it mei dwaan. It typoskrift stjoerde ik ein '80 nei de Koperative Utjowerij, omdat ik it in bêst berneboek foon en it my muoide dat it net yn it frysk ferskynd wie. Dêr hat it earst in healjier by ien fan de lêskommisjeleden yn it laad lein, en no, oardel jier letter, ha 'k noch gjin útslútsel. Ik bin bliid dat it allang net wichtich mear foar my is, want ik sees net graach wat ferkeards van de Q as redaksjeskrjower fan in literêr tydskrift dêr't se allinne mar op ferlieze kinne.
Sa fier wie ik kôm, dy prachtige snein by ús yn 'e tún. It ron al tsjin 'e jonne, en it waard stadichoan stiller en kâlder. Doe begong Ruth te spyljen op de swarte piano yn de heuge wite achterkeamer. De túndoarren stonnen iepen, ik seach har sitten en koe inkeld noch mar harkje nei de ‘Nocturnes’ fan Chopin.
Ik hie safolle skjrowe wold. Oer mysels en oaren. Oer de boeken dy't der
| |
| |
de lêste jierren ferskynd binne en de skjintme dy't ferboelguodde wurdt. Oer Trotwaer en syn net botte produktive meiwurkersronte. Dat wy oanmoatte op in fêstere kearn fan besprekkers. Dat it my noch hieltyd muoit dat Lieuwe Hornstra net mear mei docht. Dat der omtrint fyftich útnoegings de doar útgongen foar in proazanûmer en dat wy mar seis stikken ynkrigen dêr't noch twa fan oufoelen. Dat ‘Skriuwen is ek in fak’ in boppeslach wie en mar sa'n bytsje oandacht hân hat. Dat wy noch langer de skyn ophâlde dat der in ‘Fryske Literatuer’ fan kwizekwânsje wêze soe. Ensafuorthinne. Ja, ik hie my eins ougryslik lulk meitsje wold. Mar sa fier kôm it gelokkich net. Wat in spul om neat soe dat west ha!
No't ik dit skrjo is it al wiken letter, en dit stik hie al lang by de setter wêze moatten. Mei fjouwer wike moat it brievenûmer al by de abonnees yn 'e bus leze. Onderwilens ha 'k ek dyn oare brief krigen. Ik kin it meast aardich mei dy lykfine, dat ik gjin der fierder net op yn. Wy moatte marris prate.
Der is de lêste wiken in protte bard. De redaksjegearkomste op 7 maaie yn ‘De Pauw’ hat ek my wer wat moed foar de takomst joon. Dat brievenûmer komt it wol goed mei. Net dat ik sa optein bin oer alle bydragen, no nee, mar ferskaat moat der wêze. Lykwols haw ik besletten it skrjowerskip sa gau mooglik oer te dwaan oan Akky. Al dy omballings, it altyd wer sa taktysk mooglik formulearje moatten fon brieven oan skrjowers mei al te lange teannen, en de argewaasje der op ta, ha twa-en-in-heal jier lang myn eigen kreativiteit yn 'e wei ston, en dat sil oars. It iennichste wat ik hâlde wol is de einredaksje. Men kin net alles tagelyk! Dêrom bin ik foar twa wike ek út Rockploech Spul stapt, nei fiif jier besykjen frysktalige popmusyk te meitsjen. It lêste jier hie'k der al net sa'n ferdúsje mear yn. Myn kreative ynbring redusearre ta nul, wylst de earste jierren it measte oan tekst en musyk fan myn hân west hie. Mear út wenst gong ik der mei troch, mar it koe al net mear wurde wat ik yn 'e holle hân hie. Suver symboalysk hat de út trije friezen besteande âlde kearn noch in pear fersen hearre litten by de presintaasje fan de earste plaat fan ‘opfolgers’ Okke Hel. Der wie mar ien nij stikje fan my by: ‘hieltyd wer, de yllúzje, dat it noch wat wurde koe (...)’. Sjochst de paralellen mei Trotwaer? Sa komt alles op itselde del.
Ik wyt net krekt hoe't ik fierder sil. De musyk, en benammen it spyljen foar publyk sil ik op 'en doer net misse kinne, bin 'k bang. Marris sjen. De oare fjouwer mannen sette noch al troch, ha 'k begrepen. En fierders wol ik wer mear oan it skrjowen. De laden pûlje hjir út fan oansetten ta fersen en ferhalen. Ik bin gewoan gjin skrjower. Ik mis de disipline, bin te gau oulet. Der leit sels in earste en in lêste haadstik fan in roman dy't ‘Underweis’ of ‘Onderweg’ hjitte soe. Ik meitsje neat ou. Ek disse brief net.
Sa fier bin ik hinne.
|
|