| |
| |
| |
| |
| |
| |
Eppie Dam
Oan Goaitsen van der Vliet
Polder, 5 april 1982.
Bêste Goaitsen,
Al dy dingen, mar dan netsjes op in rychje. No moat it dan einlings mar in kear wêze. Dien wêze. Do hast my al faker frege om myn argewaasje oangeande myn Fryske skriuwerij ris op papier te setten. Dat soks der oant no ta by bleaun is, sit 'm hjiryn dat ik it gewoan te drok hân ha mei skriuwen(!) om langer as ien momint argewaasje fan myn argewaasje ha te kinnen.
Hjoed iykwols de earste dei fan 'e peaskefakânsje. Ik ha keunstme struid en reade biten siedde; de spinaazje stiet in fingerbree boppe de grûn en de guozzen lizze moaie grutte aaien; Opperlandse taal- & Letterkunde kocht; de hintsjes fan 'e buorren om hals brocht troch de kat fan dy har buorren en dêr wer njonken ha de kninen mikse matoze; de geit is gust en de reed fersakket, mar wat folle minder is; ik ha in wetterholle. Op himsels noch dêroanta en oeral is ek wol wat, at er mar net like trochsichtich wurden wie as glês en benammen net de foarmen krigen hie fan in fjouwerkante fiskebak. In kûm hie ik noch frede mei hân, mar dit is werklik wier in griis. Kopswier sit ik hjir te skriuwen, hiel foarsichtich en krampeftich mei in stive nekke om net mei ûnferwachts knikkeboljen wetter yn 'e typmesine en oer it papier te griemen, ja, sit ik hjir mei in rjochte skearspegel foar my op it buro, gjin gesicht mar ik kin it net oars besjen, mei in kop as in akwarium! As bleke en rudige, troch knarsbienbekken oanfretten goudfisken, swimme de tinzen my troch de holle hinne, somtiden tútsjeboartsjend yn spantsjes even lykop, dan wer doelleas en allinnich, inoar mei trage finnen foarby roeikjend en ûnsichtbere krusen lûkend troch myn harsens, mar meastentiids op inoar
| |
| |
ynhappend mei neilige wytomrâne lippen dy't soartgenoaten stikken út 'e rêch weibite en tusken de konfrontaasjes troch pûstich gapje nei de siken. Is it in wûnder dat my de kop wol barste kin? En dat giet no alle fakânsjes sa.
Ik sei dy al dat ik in moaie geve rûne kûm ferneare kinnen hie. Dat ik dêr no sa wis fan bin, komt om't ik jierren lang mei sa'n gefal as harsenskop omrûn ha. Ien skitterjende read-koperen goudfisk swom deryn mei in prachtige jûpe oan mei sulveren slepen, dy't alle ljocht fan 'e wrâld opheinden yn har heimich weagjend fâlden. It wie yn 'e tiid dat it libben noch ien grutte lange simmerfakânsje wie en ik yn K. yn it bungalowpark wenne mei efter ús in boskjefol beammen mei bernelûden en fûgels; deselde tiid dat ik dizze skearspegel kocht dy't hjir no foar my stiet (mar doedestiids rûn wie, wat ik dy sis!) en ik mei gledde kaken, koartknipt hier, klaaid yn linnense broeken en ljochte boesgroenen, op touwen sandalen nei de bibliotheek teach, dy lange houtene barak mei golfplaten, dêr't ik woansdeitemiddeis en freedtejûns op myn manier ferkearing hie mei N.N., mar lykwols ferslingere rekke en fêst sitten bleau oan 'e Hollânske poëzij. Mei steapels fersebondels ûnder de earm gyng ik it fuotpaad-nei-hûs del, dat (links) de rêst fan de folkstún ferbûn mei (rjochts) de stiltme fan it hôf. Op dy smelle, simmerdeis noflik gleone, asfaltearre grins tusken beide tunen haw ik rûn, stilstien, bledde, lêzen, ien stap rûn, lêzen, bledde, papier streake, twa stappen rûn, lêzen en rûkt, hoeden siden omslein as wiene it flinterwjukken, ien stap rûn en sweefd mei beide fuotten fan 'e grûn, oant ik op it bankje bedarre dêr't ornaris jonges en fammen fan myn jierren de leafde op útperbearren. Mar nee, myn net iens sa kreaze mar ynlik leave N.N. wie al lang by my wei at ik dêr siet mei Maurits Mok, Herwig Hensen, Marsman, Jan Engelman, Paul van Ostaijen, Greshoff, Martinus Nijhoff, Leo Vroman, Vasalis, Gerrit Achterberg, Hans Lodeizen, Lucebert,
Hans Andreus, Hugo Claus, Jan Hanlo, Bernlef of Krol. Ik ha mear mei de poëzij omslein as mei de froulju, mar dy keninklike goudfisk wie dan ek wol in tige fernamen- en gruttenien en soe nea in frjemde fin njonken har ferneare kinnen ha. Sterker, safolle plak naam se yn dat se yn har kûm har keninklike kont net keare koe en oars net die as majestueze bûlen blaze. Sa gyng it deistich bestean oan my foarby.
De fersen dy't ik sels begûn te skriuwen wiene net mear as neierhân tige irritante imitaasjes fan oarmans wurk, seis skoalskriften groatfol boekweitpoëzij en soartgelikense koarre, dêr't ik net earder as in jier as fiif lyn om glimkje en de sjarme fan ynsjen koe. Krekt doe't ik miende in soarte fan gedichten te skriuwen dat moaiaardich handige by myn eigen aard en persoan, en dêr't ik teminsten net dalik de dúdlike ynfloeden fan Wadan Ek yn gewaar wurde koe, kaam ik yn 'e kunde mei Ypk fan der
| |
| |
Fear fan Feanwâlden, dy't as grutste beswier tsjin de fersen ynbrocht harren Hollânsktaligens. De Fryske literatuer hie ommers razend ferlet fan jonge skriuwers, wist ik dat dan net? Ik fielde my in huorrejeier dy't jierren lang it sied ferstruid hie op ferkearde ikkers.
De bekearing: Om Frysk te learen begûn ik koarte ferhalen te skriuwen, simpelweigewoan om't dêr no ienkear gâns mear wurden mei anneks binne, en ûnderwilens sette ik by wize fan fingeroefening ek dy lêste fersen oer. De bibliotheek hie in oare behuzing fûn yn it nije mienskipssintrum, N.N. fêste ferkearing krigen en ik myn ljochte flinterlichte linnense outfit ferwiksele foar swarte stúsjekoarden broeken, grize skipperstruien en juchtlearene skuon mei tsjokke soalen ynstee fan sandaaltsjes, en boppedat Slauerhoff, Vinkenoog, Polet, Kouwenaar en konsorten opoffere oan goadinne Trotwaer, dy't dêr ynienen yn opwinend read hiel ferliedlik op 'e planken lei en dy't ik altyd mei hillich ûntsach betaaste, foar't ik har iepentearde en oant yn 'e fierste úthoeken ferkende. Myn earste bydrage: 75-1. Myn bêste bydrage: 76-1 (de fersesyklys: Mei de jierren). 77-1: Ik en yn 'e redaksje. Dat wie it ferlet. En de earmoed.
De ropping: Ta eigen skande en skamte moat ik no tajaan dat ik my yn dy begjinjierren bytiden suver roppen fielde om in produktive bydrage te leverjen oan de Fryske literatuer, ûndertusken willemoeds út it each ferliezend dat elke ropping by definysje suspekt is en oars nearne ta liede kin as ta lijen en desepsje. It lijen wie ik tsjin opwoeksen en haw ik der foar oerhân, ja, besterke ek noch in alloai fan de opdracht, mar de desepsje wurdt my no oermânsk. It gefoel dei-út-nacht-yn foar in twamanspublyk (do en ik dus) te skriuwen knypt my starichjes mar sekeur de strôt ôf. Benammen yn 'e fakânsjes, at der even tiid is en sjoch yn 'e spegel, fernim ik hoe't se dêrboppe yn 'e wetterbak oan 'e gong binne, inoar efternei jeie, tramtearje en ôfslachtsje: de inoar fijannige en tsjinstridige prakkesaasjes om faasje te hâlden of derút te stappen. Dat it skriuwen gjin doel hat, dêr bin ik al lang mei klear en dat is ek it punt net. Net-skriuwe hat likemin in doel, dêrom hoecht men it net te litten. Nee, de wurgens en de lijens oan 'e oare kant, by útjouwers likegoed as by lêzers, dêr't ik yn myn ûnnoazele selsoerskatting fan miende dat se my roppen ha. Ik ha mysels roppen, lykas dat mei roppings giet.
No moatsto net tinke dat ik my fergapje pp in grut publyk, dat hantsje-klappend yn 'e barm stean sil te jûchheien en mei pluzen reiden begjint te swaaien at ik einlings wer in kear foarbysjees yn myn literêre limûsine om myn nijste fersen of ferhalen by hânfollen ta it rút út te saaien, mar yn '81 fjouwer eksimplaren fan Mei de jierren ferkeapje, at se teminsten ûnderwis net weisleept út 'e sutelkroade oan 'e strjitstiennen
| |
| |
sliten binne, dat is wol in oar uterste. Hoewol, nóch net slim, mar oan 'e útjouwer soe ik graach ien kear fernimme dat er wiis is mei wat ik by him op 'e tafel bring. Fernim ik net. Miskyn is er dêr net wiis mei, mar wêrom jout er it dan út? Ik krij de yndruk dat ík it bin dy't bliid wêze moat. Dat er myn gehaspel útjaan wol, by de graasje fan no-fuort-dan-mar-dy-jonge-ek-syn-sin.
De yllúzje: Der sitte guon op my te wachtsjen.
De desyllúzje: Der sit in briefke op 'e doar.
De pest en it punt: It fierstente grutte tiidrek tusken it momint fan skriuwen en it momint fan publikaasje yn boekfoarm. Ik sit dêr net allinnich mei, mar ek ik sit dêrmei. Te uzes kin in skriuwer hurder skriuwe as in útjouwer útjaan. Dat is miskyn frustrearjend foar de útjouwer, de skriuwer docht it de das om, my alteast al. In boek publisearje is it ôfsluten fan in beskate literêre perioade en dêr haw ik út en troch ferlet fan, wol ik faasje hâlde. De laden moatte hieltyd wer leech en de rotsoai oan kant, oars komt it my yn 'e mjitte en fyn ik net de romte om mei nije dingen te set. Sûnt sismar 1975 haw ik yn in konstant tempo fersen en ferhalen skreaun, yn 1978 foar in part bondele yn Mei de Jierren en Strie oerdwers, mar ik kom no aanst op in punt dat ik net mear fierder kin. Fersen út 1976/77 dêr't ik amper mear fan wit dat ik se skreaun ha, wachtsje noch hieltyd op publikaasje yn de bondel Goddeloaze tiid. Dat is dyselde bondel dy't ik tydlik weromlutsen ha foar refyzje en dat hat fansels wer ekstra fertraging teweibrocht. De tredde bondel mei fersen út 'e jierren dêrnei haw ik op 8 septimber 1980 ta de doar útdien ûnder de titel Tusken juster en jûn; se binne noch net iens set, mar sille, is de hiting, no aanst noch earder útjûn wurde as myn twadde bondel Goddeloaze tiid! Do kinst fan tinken wol ha dat ik der net folle nocht oan ha en meitsje myn fjirde (Fjouwert fertikaal, sonnetten) en fyfte bondel (noch gjin titel) printree, en ek de moed en de driuw om mei fersen oan 'e gong foar de sechsde bondel, begjinne sa linkenoan te minderjen. It ferhaalfers De ropping komt mar net fierder as de 140 rigels dy't ik no al tiden ha, wylst myn lytse roman De kelder der noch krekt sa
leit as sân moannen lyn. De saak rekket hjir dus aardich op slot en dat sil allinnich noch mar slimmer wurde, salang't it paad efter my net skjinfage is. Allinnich mei koarte ferhalen koe ik de lêste tiid noch in bytsje foarút, hoewol't ik oan mysels fernim dat ik my deir hieltyd mear ta sette moat en hieltyd faker flechtsje yn myn skiuwerij foar Jacob Dijkstra, by wa't ik trouwens twa nije projekten oannommen ha. Wat it Frysk oangiet, de balâns is fuort en it ritme derút, fersteurd en frustrearre at ik bin troch eigen produktiviteit. Faaks is it de baas en set der (foarlopich) in punt efter.
Foar de tillefoan woesto ha, ik soe der sels skuld mei oan wêze dat it mei de útjefte fan dy bondels sa ivige lang duorret, om't ik de KU net faak en hurd genôch efter de fodden sit. Fynste? Leit it op myn wei om
| |
| |
de KU ta ferfelend-wurdens ta op har ferantwurdlikens te wizen derfoar te soargjen dat myn boeken sa gau mooglik ferskine? My tinkt, ik ha mei it skriuwen myn oandiel al lang levere. De aktiviteit dysto my dêrnei ek nochris taha wolste, moat dochs seker fan 'e oare kant komme, net? De KU skriuwt net, ik jou net út. Of giesto út fan in dualiteit tusken skriuwer en útjouwer? Mar wy ha dochs deselde belangen? Hoewol't ik it der noch net oan ta ha om by de KU wei, sil ik mei de moogiikheid fan in ûntwyk nei de De Tille, lykasto ha woest, dochs wol rekken hâlde. Twa útjouwers tagelyk wie fansels it moaiste, dan koe ik oan 'e gong bliuwe.
No is der noch in wichtige reden wêrom't ik gauris twifelje oan de legitimiteit en de leauweardigens fan ús literatuer yn syn algemienens en myn eigen skriuwerij yn it besûnder. Ik besef dat it probleem dat ik no op it aljemint bring, inherint is oan de ferhâldings yn 'e wrâld lykas dy derhinne leit en dat der ek gjin oplossing foar is, mar lykwols hâldt it my al tidenlang tige dwaande. It engaazjemint, bedoel ik, of leaver: it ûntbrekken dêrfan.
Doe't ik op 21 novimber foarich jier út 'e Polder wei nei Ljouwert karke om nei it jubileumfeest ta fan ús maten by Hjir, rieden my ynienen kloften bussen fol fanatike Friezen yn 'e mjitte dy't ûnderweis wiene nei Amsterdam om dêr tsjin 'e kearnwapens en foar de wrâldfrede yn 't spier. No bin ik net dalik de man en stap yn 'e earste de bêste IKV-bus, mar ik sil de lêste wêze om net foar de frede yn 't gewear. En ik bin der ek wis fan, at der gjin fangreel west hie om my tsjin te hâlden, dan hie ik de wein noch keard en wie meigien yn 'e tôch nei it Museumplein, it Ruterskertier littend foar wat it wie: in literêre owase yn 'e woestenije fan 'e wrâld. Wat ik dy sis, at ik hjir hommels bommen begjint te reinen, dan skriuwe wy noch haikû, kwatrinen en sonnetten oer nêstenfol jonge knyntsjes met perzikkontsjes, blaumieskes en kuorbaljende fammen mei opwaaiende rokken. Literatuerke, net?
Ferline wike op in nacht hie ik in alderyslikste dream, dêr't de bylden my noch skerp fan foar de eagen steane. Yn in dizenich heuvellânskip mei inkeld kaktussen en houtene krusen as fegetaasje, waard ik hiel dúdlik ien heuvel yn 'e foarm fan in hollekrún gewaar. Op dy heuvel leine trije jonge froulju rêchlings en mei de lidden pynlik ferkeard oan 't liif op in rychje, oan harren spande jûpen te sjen alle trije yn 'e bloei. Mar dea. Der stapten ynienen -hoe hurd giet soks yn dreamen- in stikmannich soldateplysjes út in jeep, dy't de liken fan de froulju wreed begûnen út te klaaien en se dêrnei mei in knyft (Herder) ien foar ien iepensnijden. Ut it earste liif wei kaam in berneholle foar 't ljocht fan in jonkje fan in jier of acht; út it twadde in wytlearene fuotbal mei yn reade letters in koart fers derop skreaun, ûndertekene mei K.K.; út it tredde dan in goudfiskekûm dêr't meridianen en parallellen oerhinne rûnen en dy't trijefearns fol
| |
| |
bloed siet, minskefoetussen deryn as donderkopkes, omdoch by it glês opklauwend om derút. Doe wie ik wekker.
Hoelang kinne wy noch kokkettearje mei ús bekrompen nostalgyske keninkrykjes foar en efter djoere komma's, engazjerre at wy binne mei gefoelige seizoenen, sentiminten en enzjambeminterijen; hoelang noch huorkje mei ferlerne paradizen en de liddigens fan it libben; hoelang noch skriuwe wat wy wolle?
De deis nei de dream wie ik fan 't sintrum, mar de jûnes skreau ik in brief oan 'e importeur fan Parker om in lading stiften, type Fibre-Tip Refill, om't ik dêr sa ivige lekker mei skriuw! It wurdt tiid om skjin wetter yn it akwarium. Do sitst de peaskedagen op Kreta, haw ik begrepen? Kaartsje, hen!
| |
Polder, 28 april 1982.
Bêste Goaitsen,
Mei myn besprekjes fan de fersebondeltsjes fan Bartle Laverman & Berber van der Geest, moat der foarlopich wer in punt set wurde achter myn Fryske skriuwerij yn syn algemienens en dy foar Trotwaer yn it besûnder. De kommende moannen sille wy der plat foar om no echt de alderlêste thema's fan ús taalmethoade, dêr't wy al wer mear as fjouwer jier wurk yn sitten ha, printree te meitsjen. Dat koarte ferhaal oer dy rottekening, dêr't ik dy fan fertelde, hoopje ik trouwens in bytsje tuskentroch te bewurkjen en oer te typen, dat dan haw ik dat foar 82-4 klear (en kin ik yn de simmerfekânsje miskyn nochris oer myn romantsjes De kelder gear, at ik dêr teminsten noch wat yn sjoch). Foar 82-5 haw ik dan noch in ferhaal oer twa Amearikaanske piloaten (Black & Decker) mei kater fan Vietnam. It nûmer mei oersettings soe dan dizze jiergong folmeitsje moatte, hoewol't ik my no ôffreegje oft twa thema-nûmers yn 't jier net wat te folle wurdt: ús rju eale meiwurkers moatte it ommers ek neikomme kinne. Dêrom is dat miskyn better fan takom jier.
Wat ús brievenûmer (82-3) oanbelanget, de kopij dy't wy oant no ta ynkrigen ha, kinne wy, leau'k tige wiis mei wêze. In hichtepunt fyn ik Oene syn brieven, mar ek de bydragen fan Heite-Van der Leest, Jan W. en benammen it brief fan Willem, slaan ik heech oan. My tinkt, dêr ha do en ik noch skriuwen oan.
Op itselde momint dat ik myn brief fan 5 april oan dy op 'e post die, woe ik 'm mei beide hannen tagelyk wol wer út 'e bus weiklauwe om werom.
| |
| |
No is dat by my dochs in frij normale gong fan saken en soks wier net allinnich om't ik op sa'n stuit bang bin dat ik 'm ferkeard adressearre, te leech postsegele, yn it ferkearde slûf stutsen of ‘overige bestemmingen’ mei ‘streekpost’ ferwiksele ha, nee, sa gau't de fingers har ûntspanne en de slangetosken hawwe 't ratteljen dien, stiet de ynhâld fan it brief my yn in pear wurden ynienen tige helder foar de geast. In brief op 'e bus dwaan, binne, leau ik, deselde gefoelens mei anneks as dy't men kriget at men hommels de dea lyk yn 'e eagen sjocht. Dyn gânse libben, dat wurdt der beweard, lûkt yn filmbylden mei ferbjusterjende faasje oan dyn ferstân foarby en do krigest noch krekt tiid genôch (want sa binne de goaden dan ek noch wer) om te beseffen dat dyn bestean hjir oars neat wie as ien grutte leagen, en dêr hast dan sa lang foar omwrot. Mar by my sil dat oars. Tsjin de tiid dat de man mei de seine (sic) yn syn blinken-wite-bolide-mei-ingelwjukken my op in B-dyk yn 'e mjitte daveret (kin it dêr noch even skikte wurde?), sil er oan my in ferkeardenien ha yn dit stik fan saken, om't ik al by myn libben safierhinne kommen bin dat ik wit, alles hjir berêstet op ûnwierheid.
Elk brief is dus in leagen, dat fan 5 april net minder. Dat ik no besykje en wjerlis dy leagen mei in brief, makket de boel fansels tige suspekt, of it moast al sa wêze dat de wierheid yn it midden leit, mar nee, ek net; at er dan al erges tahâldt hjir by ús, dan seker dêr net, dat soe grif syn alderlêste wêze.
Mar wat woe ik dêr no fergemy te seuren oer sa'n luzich útjouwerke, dat sa noadich op 'e knibbels moat foar menear-de-skriuwer om him dêrnei, tink derom, mei fluwielen mofkes oan, foarsichtich yn 'e keninklike sutelkroade te tillen en mei him troch it Fryske lân te fleanen, en gjin harsens yn Fjilden & Wegen om de jassen út en tûken fan 'e beammen. Wa tink ik wol/net dat ik bin? It moat no einlings marris útwêze mei dy ropping fan my. Wie dan dûmny wurden! Dy oardiel hynsteharsens dy't de earen hingje lit nei Fryske literatuer, ferslite foar in tsjerkfol grifformearden dy't ja&amen-sjongt en sljocht is nei It Wurd, gotskes, hoe krij ik it yn 'e kop? Ik woe mysels dochs wizer ha. No sil ik dan wizer wêze ek. Gjin briefke, gjin kaartsje, gjin tillefoantsje sil ik noch spansearje oan myn geile publikaasjedriuw om al myn literêre ereksjes eksibisjonistysk foar Jan & Alleman publyk te meitsjen. Lit de KU mar gewurde mei myn moaie ferskes & ferhaaltsjes. Ik ha se skreun, dat moat my genôch wêze. En ik sil se skriuwe. At dat net genôch is...
Doe't ik ferline wike fiif fan myn seis bemeboeken korrisjearre foar de twadde printinge, wist ik ynienen dat ik op dit stuit noch net ophâlde kin fan skriuwen. Wat bin ik dêr skrokken fan mysels! Dat ik, wylst ik miende dat ik in bytsje skriuwe koe, sûnder euvelmoed dingen op papier kwakt ha, dêr't ik no fan wearzgje, hat my behalven trystich ek striidber makke. Ik sil net rêste ear't ik in foarm fan skriuwen fûn ha, dêr't ik my
| |
| |
ek jierren-nei-de-tiid noch folslein yn weromfine kin. Publisearje is sa wichtich net. De foldwaning fan it starichoan behearskjen fan it ambacht, is fan folle mear belang as it senuwachtich wachtsjen op kranten & tydskriften om mar wer in nije fear yn 'e broek. Ik kin no sels wol útmeitsje wêr't ik stean en hoefier at ik hinne bin; dy ôfhinklikens foar oarmans oardiel haw ik hân, en dat is in befrijing.
Hoewol't ik bliid bin om aansent út de redaksje wei, sjoch ik der dochs mear tsjinoan neigeraden dat it tichterby komt. Do witst dat ik altyd fûn ha, dat ik der te gau ynkommen bin, mar oan de oare kant moat ik der no miskyn te gau wer út. Benammen ús geregelde tillefoanpetearen oer ôf-rûne en oankommende nûmers, jouwe my hieltyd wer nije moed om in jiergong te meitsjen dy't der wêze mei. Ik sis mei opsetsin: te meitsjen, om't ik fan betinken bin dat wy ús te ôfhinklik makke ha fan wat wy ‘tafallich’ oan kopij ynkrigen. Boppedat muoit it my noch altyd dat wy bytiden net kritysk genôch west ha of alteast de poat net lang genôch stiifhoden at it gyng om it feroardieljen fan beskate bydragen. Sûnder no de oare redaksjeieden leechlizze te wollen (dêr ha wy ek gjin reden ta, en mearderheid is mearderheid), is it dochs in feit dat do en ik it meastentiids aardich lykfine koene. De tiden binne der, wat de sinteraasje oangiet, net mear nei, oars soe ik mei dy noch wol in twa-mans (twatalich) tydskrift oandoare, mooglik yn oparbeidzjen mei Herman Heida. Net iens sasear as tsjinwicht tsjin Trotwaer, mar mear om oan te toanen dat der wier noch wol in generaasjeke is mei nije dingen en ideeën. Der is foar my altyd in soad ynspiraasje fan dy útgien, mear as fan Trotwaer. In generaasjeke, seit er! Krekt as soe dêr sprake fan wêze mei twa man machtich. Of sjochsto mear? Willem J. Pytters miskyn, mar dat jildt dan allinnich foar my, haw ik oan dy begrepen. Yn it begjin fan myn skriuwen miende ik in beskate bining te hawwen mei de jonges fan Hjir (ik ha my der altyd oer besaud dat ik net fan Hjir fan fan Trotwaer in útnoeging krige om yn de redaksje), mar letter die bliken dat soks (Piter Boersma even net meirekkene) gjin literêre bining mar in bining-nei-jierren wie. My tinkt, der is op 't heden alhiel gjin sprake fan hokker
generaasje dan ek, wylst de Fryske literatuer faaks ferlet hie fan in ploechje skriuwers dy't inoar fine en stypje yn mienskipiik tinken. No dangelet en doarmet elk mar wat om yn de neidagen fan de sechstiger jierren.
Dochs haw ik it gefoel (mar noch net mear dan dat), dat der meikoarten eat op kommenswei is. Sa't it no giet, kin it ommers net fierder. Mei alle respekt, mar wy hingje noch fierstentefolle op âldere skriuwers dy't har spoaren al lang fertsjinne ha. Wêr bliuwe wy no? Of ha wy neat te fertellen? En wêrom komme der sa'n bytsje nije skriuwers by? Moat de saak dan mar starichjesoan ferkankerje of deabliede? En wy litte dat gewurde? Do? Ik net. Mar dat sis ik dan al tsjin mysels yn, om't ik op dit stuit oars gjin gedachten ha as lit de boel ferkomme en stap der stilwei út.
| |
| |
Asto erges skytsofrust fan wurdste, dan is it wol fan dizze literatuer dy't dy oanhellet en ferspijt om bar, tagelyk.
29 april.
Wat in protte wurden dêr juster, no't ik alles mei in ôfstanlik each nochris oerlês. Miskyn datst dysels nea better kennen learste as út brieven dyst sels skreaun haste, teminsten ast by steat biste en reewillich om net wer yn 'e stream fan wurden mei te gean, mar krektoarsom oan 'e kant stean te gean en sa te skôgjen as wie it in brief fan in oar. Dat haw ik dus no besocht. En dan komt it hjir op del dat der yn dat brief immen oan it wurd wie dy't fan de bûtenwacht te min synjalen opfongen hat om de ropping dy't er hie noch langer rjochtfeardigje te kinnen. Ik sil him helpe: De pest fan roppings is, do moatst se altyd sels oerein hâlde, omdatst se ommers ek sels skepen hast, ek al hasto dysels doe wiismakke dat it oaren wiene dy't dy rôpen. Nee dus. De Fryske literatuer hat gjin ferlet fan dy, do hast allinich ferlet fan 'e Fryske literatuer. Inkeld om dyn eigen idelheid te bedobjen en om der fral mar goed wis fan te wêzen datst dy opofferje wolste foar De Grutte Saak, hast de saken omdraaid. In tryste konklúzje. Heechút kin de Fryske literatuer ferwiten wurde dat hja net by steat is in lit har wurknimmers yn 'e waan dat harren skuorren & skreppen yn it belang is fan 'e saak. Mar miskyn is de opfetting dat arbeid net earder doel hat as wannear't der sprake is fan in ekstern ferlet, ek wol tige partikultier en hie ik echt better De Stoel op kinnen.
Ik moat juster wat fan 't sintrum west ha, oars hie ik net sa optimistysk dien oer it ûntstean fan in nije generaasje, dêr't ik sa'n wurd om sis, want soks liket ommers nerges nei. Hoe't it ek komt, it sil bliid wêze at ik út 'e redaksje bin en net langer de ferantwurdlikens ha foar it leverjen fan kopij (hoe tsjinstridich ek, dat remmet my ôf!) en it meitôgjen fan in pitsje dat op skinen nei út is. Ik sil mar net sizze dat ik nea net wer ek mar ien letter publisearje sil (der binne wol oare ophoden dy't dêr mear reden ta hiene, en dy binne ek wer begûn), mar ik ha gewoan tiid noadich om foar mysels út te meitsjen wat de Fryske literatuer en myn eigen ideldom my noch langer wurdich binne.
30 april.
Of bin ik no sa slim ynfektearre mei de stimularia fan 'e kommersjele útjouwer J.D. te G., dy't gjin gelegenheid foarbygean litte sil om syn ploechje hurdfytsers regelrjocht de himel yn te priizjen, dat ik it alhiel net mear stelle kin sûnder soksoarte fan opkwikkerjende Drugs & Oare Drochmiddels om faasje te hâlden?
Fan 'e middei binne wy, krektlyk as ferline jier, wer lêste wurden yn it skoalfuotbaltoemoai. Mar in ploechje... ien bonk ynset! En by doelsifers 0-26 weikomme, sitte wy no al op 2-14! Op deselde manier hawwe ek de Falklands eat mei Fryske literatuer te krijen. Allinnich, der fjochtet noch net ien om ús, mar do silst sjen dat soks noch oangiet ek. En oars sels
| |
| |
mar de opblaasboatsjes en de wetterpistoaltsjes út it fet. Deale noch oan ta, sa'n gelijer altyd!
1 maaie.
Al in pear moannen rin ik om mei plannen om It Engaazjemint yn 'e Fryske literatuer op de ienofoare manier bealch te jaan en, foarsafier al oanwêzich, te bondeljen. Myn gedachten geane út nei in moanlikse rubryk yn De Nije bygelyks, dêr't in fêst legerke skriuwers geregeldwei bydragen foar leveret, hoewol't ik no al wer yn 'e rekken ha dat dit ek wer in besykjen wêze kin om de wichtigens en it belang fan 'e Fryske literatuer in eksterne faktor te ferskaffen om sa it skriuwen út te tillen boppe it persoanlike ferlet fan partikuliere skriuwers.
Oan 'e oare kant is it miskyn better en jou dy del ûnder it oare uterste, nammentlik de wittenskip dat taal & literatuer in doel is op himsels. Dat is fansels ek net wier, mar likegoed haw ik idee by in Fryske Eky Valent fan Battus syn Opperlandse taal & letterkunde (prachtich, prachtich!), dêr't ik dan in mannich skriuwers foar freegje woe om de kommende fiif of tsien jier brouten materjaal te garjen.
4 maaie.
De deaden betocht. Allegear flaggen healstok. Soldaten yn it gelid mei burden en lang hier. Mar heakenkrusen komme wer yn 'e moade. En der wurdt teminsten werris in kear fatsoenlik tochten. Brasylje hat wapens levere oan beide partijen. Earlik is earlik. Alles bliuwt wat it wie. At it bliuwt!
5 maaie.
Fan 'e middei yn 'e gauwichheid in oanplakbiljet sjoen mei OSL en ik miende dat it 27-MCers wiene! Premature okkupaasje mei de Q, soe 't net? Foarlopich dûk ik yn myn Nederlânske Taalbeweging: seeën wurk. Sa gau't ik de holle wer in bytsje boppe wetter ha, skriuw ik dy wer. Mar at it safier is, binne de bledden al lang wer fan 'e beammen. En sa giet it no altyd.
7 maaie.
Krekt werom fan ús redaksjegearkomste yn De Pauw. Goeie saken dien, tocht ik sa. Dochs haw ik my wer ferkatse litten troch oppenij it ear hingje te litten mei jim fersyk (tige sympathyk, dêr net om) om noch in jier yn 'e redaksje. Ik sil jim net langer yn it ûngewisse litte. Ik wol mar ien ding: derút. Hoe't it my ek muoit. Net iens sasear om derút, earder dat ik it wol.
Mei freonlike groetnis,
|
|