Trotwaer. Jaargang 14
(1982)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 121]
| |||||||
Broer van der Hoek
| |||||||
[pagina 122]
| |||||||
den. By grutte keunstners is net allinne de ferbylding grutter, mar binne de gefoelens ek djipper en krêftiger. By Kant ûntstiet troch in gearwurking tusken ferbylding en begripen in by alle minsken gelyk harmoanygefoel by it waarnimmen fan objekten dy't in doel yn harsels hawwe, dy't ‘eine absichtlose Zwekmäszigkeit’ fertoane. Dêrnêst bestiet der sublime keunst. Dy jout in suggestje fan ideeën dyt men net fierder ferdúdlikje kin. It heechste fan de geast kin net yn wurden útdrukt wurde. It sublime yn de keunst komt op in direkte wize de ideeën fan ús ferstân benei. Sa wurdt it in symboal fan in net yn wurden út te drukken idee.
4. Kant syn tinkbyld dat yn it sublime de geast de ideeën benei komme kin en sa de wurklikheid efter de wrâld fan ferskiningen berikke, is troch Schelling fierder útwurke. De ferbylding skept neffens him de keunst en de natuer. Wat wy dus waamimme as ferskiningen, binne de dingen sels, en dat binne wer ús eigen ideeën. Alles is makke troch de geast: de objektive wrâld is inkeld de oarspronklike poëzij, dy't de geast ûnwittens foartbringt. Foar in part is dy geast ek aktyf yn it keunstwurk. It nocht oan de keunst ûntstiet troch de harmoany tusken it bewuste en it net-bewuste. Ek yn de natuer is alles geast. Mar yn de keunst is de geast fan de keunstner bewust dwaande en kin de ideeën sa uterje as er wol. De ferbylding moat der no foar soargje, dat wy yn alles de absolute ideeën sjogge, de kearn ûntdekke. WarnockGa naar eind1) seit: ‘It is the sense of infinity, of depth, of significance beyond what words can completely convey that is the function of imagination in its creative role to give us’. Wy hawwe dus ferlet fan de ferbylding om
Wat by Kant net ûnder wurden brocht wurde koe, de ideeën, wurdt by Schelling de kearn fan ús libben. De wrâld meitsje wysels, en it giet derom de ideeën, dy't sawol yn de natuer as yn ússels binne, te ûntdekken. Schelling freget net nei it individuële, mar wol mear sjen, te witten: de libjende idee derfan. Omdat it symboalisme fan Schelling nochal wat mien hat mei it psychysk monisme, stiet er faaks wol it tichtste by Postma. Mear dêroer yn it besprek fan dy syn poëzij.
5. De Ingelske dichters Coleridge en Wordsworth skriuwe mear yn it besûnder oer de rol fan de ferbylding yn harren poëzij. Coleridge mient de ideeën te finen yn de keunst, dy't symboalysk is, en yn de natuer, dy't har eigen symboalyk hat. By him hat de ferbylding twa funksjes: hja | |||||||
[pagina 123]
| |||||||
makket skepping mooglik en kin ús dingen fiele litte. Trochdat yn de keunst ideeën ferbûn wurde mei gefoelens, krije dy lêste ek universele betsjutting. Yn de ferbylding binne trije krêften fan belang:
By Coleridge is de ferbylding dan ek net passyf, mar ‘an active combining power of things which at the same time necessarily cause in us feelings of love and awe.’ Coleridge is mei Schelling fan betinken dat de ferbylding it wêzen, de kearn, fan gedachten of foarmen út de onderfining benei komme kin. Sa kin, nettsjinsteande it hieltyd feroarjende byld dat ús sintugen ús biede, dochs in universele betsjutting helle wurde út de yndividuële objekten. Yn it foarwurd fan syn ‘Lyrical Ballads’ skriuwt Wordsworth, dat in dichter him sterker bewust is fan wat net direkt oanwêzich is en him dêrtroch der better oer úterje kin. Hy sjocht de kearn fan de objekten, hy ûntdekt der ‘the nature of things’ yn. Sok sjen is dan gelyk oan ‘de wierheid sjen’. As de ferbylding foar ús bylden opropt fan wat net oanwêzich is, wurde dêrby gefoelens yn ús wekker. Mar dernêst kin de ferbylding ús kennis ferskaffe. Hja makket it ús mooglik ‘to grasp life and its depth directly, as a felt experience’. Wat de dichter sa begrypt kin er net mei wurden útlizze. Hy soe dat allinne kinne, troch in oar itselde ûnderfine te litten. Dielnimme oan de ûnderfining is dielnimme oan it begripen. De ferbylding leit ferbân tusken ideeën en ympresjes, tusken ús tinkwrâld en de objekten om ús hinne. De ferbylding fan de dichter, dy't bylden én objekten út it ferline en no dúdliker oproppe kin, kin dat ferbân hechter lizze.
6. In swierrichheid foar ien dy't oer de ferbylding yn it wurk fan Obe Postma skriuwe wol, is dat dy him yn syn wurk net rjochtstreeks oer de ferbylding útlit. Men moat hieltyd sels beslisse of wat der yn de tekst stiet ferbân hat mei it begryp ‘ferbylding’, sa't wy dat kennen leard ha, of net. It maklikst is it by wurden as: byld, tebinnen bringen, dream, ik sjoch ensfh. Dochs ek op oare plakken fernimt men dat de dichter praat oer wat er yn syn ferbylding sjocht. Om wat fan in ûntjouwing sjen te litten, ha ik út ‘Samle fersen’ sân bondels neigien, dy't gedichten befetsje skreaun tusken 1900 en 1943. Oer de earste bondels kin ik frij koart wêze. De rol fan de ferbylding wurdt grutter mei't de ynfloed fan it psychysk monisme op it tinken fan de dichter neigeraden tanimt, rûchwei mei ‘De ljochte ierde’. | |||||||
[pagina 124]
| |||||||
7.1 Fryske lân en Fryske libben IDe dichter beskriuwt wat er om him hinne sjocht: Fryslân! As er net yn Fryslân tahâldt, sjocht er it yn de dream. Dat is hjir benammen: yn de ferbylding sjen, ‘fuortdreame’ nei moaie plakken of de bernetiid. De bylden lykje bewarre te wêzen, om der mei nocht oan werom tinke te kinnen: ‘- O dy âlde pleatsen, sa gol en froed,/En dy hôven, beme-geniet!/Hwat is fan 't lang biwarre byld/It stil to-binnen-bringen swiet!-’ (59)Ga naar eind2). | |||||||
7.2 Oare fersen IYn dizze bondel sjocht de dichter betiden as yn in dream, dy't ferline en takomst ferbynt. Dreame hat de betsjutting: lokkich wêze foar in amerij. Faaks komt hjirby it wurd ‘ljocht’ foar: ‘En 't is my, wie it libben yn 'e dream/It wiere, en it oare reach en reau;/It lok stiet fêst, syn dauwe siicht oer'e ierd;/Hwa't dreame kin, dy rint yn wûnderstêd.’ (69) Wat de dream krekt ynhâld wurdt net dúdlik, wol dat er de dichter tige lokkich stimt. Sokke mominten, dy't te krijen hawwe mei dream en dichtsjen, komme betiden as fansels. De dichter ûndergiet se passyf, liket it wol: ‘Mar 't giet net oan; de tocht fan 't hert,/It lege wramen bliuwt-/Oan't wer in dei fan dream en dicht/Syn leaflik wurk bedriuwt.’ (85) | |||||||
7.3 Fryske lân en Fryske libben IIUt mannich gedicht docht bliken dat de dichter it Fryske lân beskriuwe wol en dat er diel hawwwe wol oan it Fryske libben, dat er dy beide fêstlizze wol, dat se bestean bliuwe moatte. ‘Op it tsjerkhôf’ tinkt er oan de ferstoarnen en sjocht se as by dei: ‘It is sa libben jit as ik dy't dream./Ja, âlde boer, wis yn gelove-striid,/Hwat stoar giet net forlern! It wêzen bliuwt/En libbet bûten tiid.’ (108) Meast ropt de ferbylding it ferline op. Mar yn ‘Fytstocht’ betsjut ‘dream’ earder: de wrâld oars sjen, mear sjen as de sintugen toane: ‘Hoe't de fiere kusten winke!/'t Frjemde lûkt de sinnen sa;/Wûnd're dreamen dogg' har iepen/En in wrâld komt op ús ta.’ (108) Sa kin de dichter in soarte fan harmoany ûntdekke dêr't er him lokkich by fielt en dêr't er fan fertelle moat: ‘Hoe't in suv're harmonije/'t Lok my yn 'e siele geat!’ (108) Hy sjocht mear as de sintugen oanbiede. It yn de ferbylding sjen wurdt mei fielen ferbûn. De dichter fielt it oer him kommen, passyf: ‘In wûnder fielen gong my oan;/Ik seach de tiden gean,/En fielde my, fêst oan 'e groun,/As ieuwen oer hjir stean.’ (111). It Fryske lân om him hinne is it kompleks dat alles op gong bringt. It moaie Fryslân ferskynt him yn bylden, mar de siele (syn ferbylding) makket der wat bûtenwenstichs fan: ‘En yn 'e siele riist it ljocht-omstriele byld!’ (112) | |||||||
[pagina 125]
| |||||||
7.4 Oare fersen IIYn earste ynstânsje lit de ferbylding hjir bylden fan it ferline ferskine, al liket it dat de dichter no sels útmakket wat er te sjen krijt: ‘En nou - in stille dei - it âlde komt,/De blide bylden rize; gouden skyn/Falt troch 'e poarte: iivge jonkheits glâns -/It herte dreamt syn dream fan lang forlyn.’ (119) Yn ‘Snein-to-middei’ docht de ferbylding wer mear- it sjen fan de dichter krijt wat fan ‘wierheid sjen’, skôgje hoe't it wêzen is. Hy fielt him yn 'e ferbylding mei alles ferbûn: ‘Wat frjemdte wie dat is as eigen hiem./-En wer sjoch'k nei hwat rêd foarby my teach,/De libbensstream, dy't giet sa as er moat./Farre fuort! Lit wyn dy troch de hierren sûze,/Ik lit oan jonkheit jern' de greate wegen,/Myn dream giet iepen wol op stille paden.’ (128) Yn de ferbylding, want mei de sintugen kin dat net, sjocht de dichter ‘de libbensstream’. | |||||||
7.5 De ljochte ierde‘...der is gjin skied/Fan doe en nou;’ (141). Yn de ferbylding kin de dichter de bylden fan no en eartiids, dêr't er mei boartet, troch inoar rinne litte. Wat er yn de ferbylding opropt, seit er yn ‘De jefte’, is einliks fan it hiele folk: ‘Hwat lang foarby is, rôp ik op/Ta nije dei; har krêft, har jeugd; in ljochte ring,/Hwat ienkear wie, forlern mar net forguon,/Forskynt yn teare glâns: in blider ding.’ (156) De ferbylding, dy't hjir bylden oproppe moat, hat yn dizze bondel mear funksje. As er it Fryske lân oersjocht, komt der in machtich gefoel yn 'e dichter op. Hy beskriuwt hoe't er yn alles opgiet, alles beet krijt, fielt, rukt. Dan fersuchtet er: ‘O dit giet bûten tiid! Wy binne diel/Fan selde wrâld, hoe koe der oars/Sok fielen troch ús gean?/len siele, ien begryp omfiemt it al.’ (142) De ferbylding giet hjir fierder as it oproppen fan moaie bylden. Hja soarget foar it gefoel, it besef mei alles ferbûn te wêzen. Dat hat al alles te dwaan mei psychysk monisme. Wat it ferstân wit, krijt hjir ek syn beslach yn it gefoel. Hy wit net allinne dat er mei alles ferbûn is, mar fielt him der ek mei ferbûn. Wat er yn syn ferbylding al wist, krijt in soarte fan ferifikaasje yn it ferstân. Yn ‘Op sokken dei’ giet er noch fierder. Wat er dêr sjocht yn syn ferbylding ‘sil ek bestean bliuwe’. Hy sjocht it wiere, it tiidleaze, it wêzen, de kearn. Dêrom sil it byld dat him tefoaren komt, foar altyd bestean bliuwe. Dat er sa sjen kin, neamt er in ‘godlike jefte’: ‘Op sokken dei-de wyn is koel en heech./Fier yn it westen glimt it iere rea;/De wei leit foar my út: in blanke reed/De wrâlden yn; de siel bispant it gea.// Fêst riist der foar my op yn 't donk're lân/In ljochte wentenring, de skuorren, steech,/Forbrekke foars it al to wettysk flak;/len stins, út âlde ieu, giet rank omheech./ | |||||||
[pagina 126]
| |||||||
It is gjin doarp as oare, boud fan klaei/En reid; 't kin net as hja forgean;/In byld, bigryp, hwat namme moat it ha?/Mar 'k wit, it sil yn ivichheid bistean./ Ien part is uzes: goddelike jeft/Sa fêst to hâlden yn ien byld hwat wie,/En mei to bouwen oan in macht'ge stêd,/Hwer't wente hat hwat ierdske stalte hie./ Op sokken dei - yn 't koele hjersteljocht/De huzen rygje har yn 't byldflak gear;/Elts blanke finster hat syn eigen skyn,/En 't libben bringt syn tûzenstaltich hear.’ (158) Hjir is de dichter aktyf. Hy brûkt de ferbylding om it ivige fan de dingen te sjen. Hy bliuwt dêrby in dichter fan de ierde en fan ‘hwat ierdske stalte hie’. Dêrtsjinoer lit de ferbylding de dingen trochbestean. Yn in oar gedicht seit de dichter dat er himsels net sjocht as in ‘sjenner’: ‘It moast nou wêze - ik bin sa âld-/Dat ik it wêzen fan de dingen iepen lizze koe;/Dat ik út 'e bylden wei -sa as hja dat sizze-/ komd wie ta de djipste krêften.’ (161). Nee, wat hy sjoen hat is it lân en de minsken dy't der wenje. Krekt mei syn sintugen ken er de ierde sa goed. Mar de ferbylding bringt alles yn in oar perspektyf: de bylden krije ivichheidswearde, de dichter fielt him mei alles ferbûn. Seach de dichter it sa yn 'e ferbylding, it psychysk monisme learde him, dat de minsklike geast mei alles ferbûn is, omdat it ierdske diel hat oan de Al-Geast. De bylden bliuwe yn de eigen geast bewarre, mar omdat dy wer yn de Al-Geast opgiet (en sa ivich bestean bliuwt) krije dy bylden ivichheidswearde. Wat de dichter yn syn ferbylding sjocht, sil nea fergean. Dit jout him in rjochtfeardiging om fan de ierde te hâlden. Wêrom Postma by it psychysk monisme útkaam, is sa te ferklearjen. Wat er fielde - sjoch syn earste poëzij - koe er no foar syn ferstân ferantwurdzje. It soe ek noch wêze kinne, dat de ynfloed fan it psychysk monisme minder grut is as op it earste gesicht wol liket: net mear as in lêste ferstânlike rjochtfeardiging foar de autonome ûntjouwing dy't al jierren geande wie. | |||||||
7.6 DagenAl dichtet Postma yn dizze bondel noch oer de ierde, it liket der dochs op, dat er hieltyd mear it wêzen fan de dingen, it tiidleaze siket. Hy praat oer de ‘libbensstream’, dy't er yn alles om him hinne waarnimt. Syn fersen wurde langer, de sinnen ek, en it gehiel wurdt mear skôgjend fan aard. Hy giet noch altyd fan konkrete bylden út, mar yn syn ferbylding sjocht er mear. Hy siket yn alles om it bliuwende, it wêzen, de kearn. Tige wichtich binne yn ‘Jonge foar't finster’ de lêste strofen: ‘Ik bin de rinner, âld, mar dreamer ek;/Noch jimmer haw ik macht to sjen yn oare skyn;/En as de ûre komt, dan nimt noch dream/In âlde swalker mei ta gouden poarten yn.// En effen sjoch ik op; it each forbynt/Mar it betinken | |||||||
[pagina 127]
| |||||||
mear. En wie net sokken bân,/Gjin wei ta oare dream, hwat soe ik dichtsje en dwaen./In sleauwe ropper yn in neaken lân?’ (179) De dichter folget net allinne syn sintugen. Wat der yn de geast bart, is wichtiger. Op in momint, dat er, nei't liket passyf, ôfwachtsje moat, sjocht de dichter mear. Hy hat noch wol ferlet fan de ympresje (‘en effen sjoch ik op’), mar wichtiger is de dream dy't yn de geast ûntstiet. Wat er dêryn sjocht en fielt jout syn dichterskip sin. ‘it betinken dat forbynt’ hat alles te meitsjen mei wat wy ‘ferbylding’ neame: it oars as mei de sintugen sjen. Wat it wurd ‘byld’ oanbelanget, dit rekket yn de lettere poëzij wat op 'e eftergrûn. It fielen kriget dan mear klam. ‘Byld’ betsjut soms gewoan ‘foto’ of ‘pertret’. De sintugen meitsje in byld fan wat de dichter leaf is en hy draacht dan dat as in foto mei him om. Sa besiket er yndrukken te bewarjen yn syn geast. Mar sûnt it psychysk monisme him leard hat, dat syn geast diel hat oan de Al-Geast is dat net sa wichtich mear en hoecht er bylden net langer yn syn ûnthâld fêst te lizzen. It besef, it fielen dat alles opgiet yn de Al-Geast is genôch. Dat fielen is wichtiger as it fêsthâlden fan in byld: ‘Kinn' der minsken wêze, dy't ik meinim, om't hja it libben sels fiele,/Net opmakke as in byld, mar sa't de siele it oanbringt.’ (184) It giet der net mear om dat troch de sintugen yn de ferbylding in byld makke wurdt, mar it libben sels wurdt ‘fette’, omdat de siele der in bining mei hat. Yn 'e geast komt de dichter it libben-sels (it wêzen) benei, dêr fielt er de libbensstream, it tiidleaze. Allikewol, net mei wylde aventûren, net by romantysk moanneljocht, net yn de skientme dêr't mar inkelden besef oer ha sil er it wêzen benei komme, mar yn it ierdske: ‘Hja sille it folk net winne mei deastek en moannenacht en net is de hege skiente fan de inkelen har bigryp./ Mar yn har sil gearkomme fan it wêzen fan alle wrâld.’ (185) | |||||||
7.7 It sil besteanYn it foarôfgeande is al op 'e passiviteit fan de dichter wiisd: hy moat ‘ôfwachtsje’ wat der komme sil. Yn ‘Myn fersen’ komt dat passive wer nei foaren: ‘Eat bûten my hat him ta libben bylde,/Sa hat in macht'ger wâldzjen foarming foun.’ (201) Mar dêrnêst is der in aktive: yn de dichter wurket de siele, ferbûn mei de Al-Geast en dêrtroch kin er it wêzen sjen. Oan wat er yn syn ferbylding sjocht, ken er in hegere wierheid ta: ‘It is myn lân, it is myn folts; in hûs/In boereminske yn 't hôf; in hjerstejoun./En siele hat - o dream yn simmerlân -/ Yn ierdsk bigean fan it tideleaze woun.’ (208) As yn in dream sjocht er it wêzen, ferbûn as er is mei de yn alles oanwêzige Al-Geast, dy't ek makket dat alles bestean bliuwt, ek as it minske-each neat mear sjocht: ‘En minske'each sil it net mear fine kinne.// Mar | |||||||
[pagina 128]
| |||||||
hwat west hat is hwat oars as hwat net west hat,/Bûten minskene netwiten en fortsjustering./It moat stean bliuwe yn de Geast dy't it al bilibbet;/Yn al syn fasen sil it behâlden bliuwe.’ (215) De dichter hâldt fêst oan wat de sintugen him fertelle. Hy hâldt fan alles wat hjir op ierde bestiet en wat er sa leafhat, moat behâlden bliuwe: ‘It sil bestean, it sil bestean! sa sjongt it yn my./O jimme, dy't foar ús boud ha en it erflik oan ús oerdroegen!/O sielen, o libben fan âlde geslachten!/O alles dat op my ta komt en yn my bihâlden wurdt!’ (216) Yn ‘Nimmen en jaen’ seit de dichter: ‘Ik wie in nimmer, mar yn my wie ek de twang/Ta bouwen en te jaan’; (218) Yn syn poëzij lit er it libben sjen as in mylde dream en bringt syn lêzers yn 'e kunde mei it bestean fan in allesomfetsjend ferbân yn wat der as in gaos hinneleit (‘hwat fier yn 't wylde lei.’). De dichter wit ek ‘wat bestean bliuwt’: de gewoane dingen op it lân, it boerewurk, it libben fan de âlden, it fee; bylden út de libbensstream, dy't syn ferbylding úttilt boppe it fergean: ‘Hwat boerewurk, mar optein yn it ljocht,/En strieljend útriisd boppe ierdsk forgean.// En mear forskynt: 'k sjocht heit' en memme tiid,/Har freugden byldzjend tsjin 'e kleare loft;/Fier bûten hjoed en syn binearjend stik,’ (222) Alles komt gear yn de ferbylding fan de dichter, dy't yn syn geast alles oars sjocht. Dêrtroch kin alles bestean bliuwe: ‘En alle libben dat forstoar/En rize wol ta nije gloar,/En hwat der kaem yn ljochte skinen/En hwat der rûsde op 'e winen,/'t Wurdt alles wer yn my bitocht/En boppe ierdske delgong brocht’. (226) Om dit te berikken moat de dichter mear dwaan as passyf yn yndrukken opgean. Yn al it moaie op ierde, dat er leaf hat, skôget er de Al-Geast dêr't alles yn opnommen is, hysels ek. En hy sil net fergean, likemin as it oare. Op in ljochte dei sjocht er dat yn syn ferbylding dúdlik foar him en dan is der frede: ‘O wûnder stik! Wer libbet hwat forstoar./Is it forgoun? It stiet as 't hjoed my foar./O siele, spegeljend ta klear bistean!/- Kin út der seilen siel dan eat forgean?// Hwat namme mei it ha? 't Is leafde en klacht,/It is de goede ierde' rike dracht./Fan lûd en ljocht is it de foarse stream,/Fan sprook en byld de himmelwide dream.//-De loft is klear. Nei alle siden út/Rinn' wegen. Foarjier hat al nij gelút./Lit hjoed noch siel' har ierdsk forhûgjen ha./Moarn giet it biskate nei't ûneindige ta.’ (229/230). Dit hat wer alles mei it psychysk monisme te krijen. Wat de dichter socht, wie it besef dat alles behâlden bliuwe sil, dat wist er, of better dat fielde er al yn syn ferbylding, ear't syn ferstân it by it psychysk monisme fûn, dat him krekt dêrom sa oanluts. It joech him de rjochtfeardiging foar wat de sintugen yn syn ferbylding oprôpen. Postma bliuwt de dichter fan de sintugen. Hy hat der suver gjin wurk mei dy sintúchlike wrâld yn syn ferbylding op te roppen. Mar earst it psychysk monisme jout him frede: hy wit dan dat er diel hat oan alles dat | |||||||
[pagina 129]
| |||||||
net fergean sil. En yn mominten fan lok sjocht er dat yn 'e ferbylding dúdlik foar him. | |||||||
8. OfslutingOmdat Postma benammen dichter bliuwt, is der eins gjin fergeliking mei filosofen te meitsjen, ek al omdat er nea oer de ferbylding praat. Ik leau dat de ferbylding wichtiger wurdt nei de ein fan syn dichterskip ta, en him dan it ynsjoch skaft, dêr't er lang al om socht. Yn de earste poëzij hat er benammen niget oan al it moaie dat de ierde jout. It liket dan oft de skientme as yn in dream oan him ferskynt. Hy is dêrby faak passyf: it komt oer him. Om jin sa troch de sintugen meifiere te litten ferget wol in beskate geastesgesteldheid en ek dan noch is sa'n fisy mar inkeldris mooglik. Sokke mominten, in snein yn 'e maitiid bgl., wurde dan oantsjut as ‘ljocht’. Mar al gau krijt er oanstriid om dizze ‘dreambylden’ fuortbestean te litten. Hy hat al murken dat er se nei beleaven oproppe kin, benammen út it ferline. Objekten dy't der net mear binne, kin er de bylden fan oproppe. Hjiryn liket er dus op Coleridge en Wordsworth. Mar dizze aktiviteit fan de ferbylding befrediget de dichter net. Hy wol mear, mear ‘sjen’. Hy kin it net goedkrije dat er fergonkelik is. Hy fielt him allinne. Fan it psychysk monisme learde er dat alles fuortkomt út en weromgiet nei de Al-Geast. Alles wat bestiet, bestiet yn de geast en al it natuerlike is dan ek in ferskiningsfoarm fan it psychyske. Omdat al it psychyske diel hat oan de Al-Geast is alles meiinoar ferbûn. Omdat alles psychysk is, is alles ek fan deselde oarder. It psychysk monisme wie tige gaadlik foar Postma: syn hert bleau by de wrâld, by alles om him hinne; hy bleau de dichter fan de sintugen. Om it krekt as Kant of Schelling te sykjen by it symboalisme soe ferried wêze oan dy wrâld. Postma kin net as Kant oannimme dat alles stiet foar in idee dêr't wy fierder net oer prate kinne. Hy wol noch wol as Coleridge en Wordsworth yn al dy bylden wat universeels sjen, wol oannimme dat wy troch al dy bylden ta ynsjoch komme kinne. As dy wrâld dêr't er sa fan hâldt der mar bliuwe mei! Dizze wrâld moat net ferfongen wurden troch wat abstrakts. Dêrom joech it psychysk monisme krekt wat er socht: mei al it besteande ferbûn troch de Al-Geast, dêr't alles yn bestean bliuwt. Dat sjocht er yn de forbylding. Dêrby hoecht er gjin wierheid efter de dingen te sykjen en de dingen net as symboalysk foar in heger idee op te fetsjen. En wat er yn de ferbylding sjocht, rjochtfeardiget dat er yngean bliuwt op alles wat de sintugen him trochjouwe. Ga naar eind3) |
|