Trotwaer. Jaargang 14(1982)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 117] [p. 117] Eppie Dam black sabbath at alles dien is en it lûd fan de sirenes weistjert oer de lannen as de lêste sige út de longen fan in lyk: in twirke dat slyd- jaget oer in tek fan izerfylsel, en de mieden binn' fol jiske brocht en slypsel fan grafyt, at de ikkers sintelbanen binne en de sleatten sitte stiiffol kooks, at it beamt' yn faaie houtskoalfegen tsjin de perkaminten loft oanstiet, de bosken kinn' de himel net mear tille en de stilte fynt gjin ûnderdak, at de sinne yn in koalesek mei flinten sit en de feale moanne hat har stil ferhongen yn de triedden fan de mêst, at stjerren yn in poel fan inket driuwe en it lêste smeulen is foarby, dan sil der nimmen wêze dy't it noch begrutsje kin om 't swarte tôchje neibesteanden, dat mei hoed en hoazzen út de kelders kommen is, en mei gazen kamûflearre oer de einder skarrelt, om in sniewyt deakleed oan. [pagina 118] [p. 118] anno domini kom lit ús it lêste bytsje lok ferpartsje en jou de bern in bûsfol kwartsjes mei foar 't hynstich hobbeleintsje donei duk dan sille do en ik noch ien kear tútsjeboartsje spinfuotsjend at de hege weagen komme at de hearen dizze klute klaai ferdomme en god him mei in snústerich snotterdoekje deljout yn it allerfierste herntsje fan 't hielal [pagina 119] [p. 119] at de blêden falle septimber slacht syn dwyl'ge siken mei in tinne swipe om it hûs: de giizjende blues fan in leger plektra bestoarmet de stâlen op it tún - dit is de nacht dat beamt' en blom mei skaden giet yn makabere dûnsen en spoeken, jachtsjend oer de tûken, sykje om de balâns fan bolbjirken ballet. ik moat myn kalmte helje by de drummer yn it pampusgers: jazzy feie de plommen har ritme tsjin 't rút en moanje my: tsibbedy, bedimje dy, bedimje dy. [pagina 120] [p. 120] wer thús de rêst. do bist der net, allinne de keamer draacht de spoaren noch fan dyn hannen: de pinne, it briefke, de leppel, omkeard yn de panne, is beslein - fan dyn mûle sprekke de lippen op it glês, dêr't sûpe tinne fitraazjes foar delhongen hat, sa'n flues dêr't de eagen fan trienje en brekke, as bij trage grize rein. de keamer is in strân allyk, sa leech, sa rûzich stil, sa fol fan dea- de dingen nei de floed: in krante yn in hoeke waaid, de flier besaaid mei stille tsjûgen, as in himdsje, oardel sok, in spjeldekessen en in ûnderbroek; it flagje oan de treppot op de kachel trillet yn de hjitte - ik krij in kopke swarte thee en lit de frede starich yn mij ta: leave, sa net, sa kinne wij net, wij moasten dit mar gau ferjitte. at ik de wurden jitris lês: komst gau en dochst de ljochten út? lûk ik de spjelden út it kessen wei, ien foar ien: ik hâld fan dij, ik hâld fan dij. Vorige Volgende