Trotwaer. Jaargang 14(1982)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 115] [p. 115] Geart van der Meer Reinder Brolsma (berne 23-5-1882) in grutte krêft riist út syn boeken op. in skriuwer oer it folk - mar hij wie mear. hij wie ek fàn it folk, dàt wie him leaf, en 't wie de leafde dy't mei skerpte sjocht, en net behimmelet minsklik tekoart. sa wie syn oardiel myld, syn mylde geast, skôgjend djipper wol as mannichien, wist dat goed en kwea besteane nêstinoar yn ien persoan - sa't it mei danjel wie, dy't net út'rje koe syn ynlikst fielen oan minske of oan grûn, en ferlieze moast har leafde. hàr wjeraks waard syn diel, mar skriuwers leafde bleau. oer minske' en grûn hat hij ús fan syn rykste fielen jûn. Vorige Volgende