Dy lêste wurden binne dan eins fan Klaske, bij it begjin fan it boek omende-bij fjirtjin, en it is troch har eagen dat wij alles meimeitsje. It is technysk sjoen har ferhaal, de ‘ik’ fan it boek is Klaske. Hja is yntelligint, libben, fleurich, jongeseftich, kritysk, gefoelich, mar net sentiminteel. It hat nei myn betinken in tige lokkige kar fan de skriuwster west om krekt hàr as fertelster te kiezen. As net-folwoeksene kin hja de dingen noch saaklik besjen, se romantisearret net en hat in skerp each foar wat in oarloch útwurkje kin yn in minske. Se beseft klear dat spanning syn ‘oantreklike kanten’ hat (s. 59), en fielt soms dúdlik skamte dat se de oarloch ‘stikum’ wolris spannend fynt (s. 80). Se fernimt tige skerp bij harsels dat je oan it grouwélige wend reitsje (s. 62). Se beseft ek dat it har jûn west hat om har bern-wêzen noch sa'n bytsje ôf te meitsjen, wylst oaren lykas Anneke en Wim fan tolf (s. 90) net dy kâns hawwe. De sabeare-romantyk fan oarlochshelden is har frjemd (s. 108), en ik tink dat it feit dat ik hjir om in famke fan fjirtjin en justjes âlder giet, wolris in ûnderdiel fan dy goeie kar fan de skriuwster wêze kin. Jonges fan dy jierren fiele har nim ik oan faak mear ta de romantyk fan 'e oarloch oanlutsen, ek troch har lektuer. Hja wit dat dy oarloch har ek wat jûn hat, geastlike ripens (s. 280), mar dat der safolle oaren binne foar wa't dat oars leit.
Hja hat noch in jongere broer Jan, en in suster Dineke, sa'n fiif jier âlder as harsels. Dineke is yndirekt in wichtich persoan yn Tin iis. Se is as koerierster bij it ferset, dat sadwaande fernimt de lêzer fia har mear en yn rommer ferbân oer de gefolgen fan 'e besetting foar Joaden en fersetslju sèls as mooglik west hie binnen de ingere rûnte fan de famylje. Trochdat hja letter ek út en troch Klaske yn har wurk behellet, wurdt dat sicht op it ferset yn guon opsichten noch wat opskerpe. In gefolch fan har aktiviteiten is ek dat de famylje Jagersma inkelde kearen yn kontakt komt mei noch in oar faset fan de oarloch: de út 'e loft sketten Amearikaanske piloaten, dy't at it kin werombrocht wurde moatte nei Ingelân. Sa hinget de beskriuwing fan de Jagersma's mei har ûnderdûksterke Anneke net yn 'e loft, mar wurdt dy pleatst yn it gruttere ramt fan it ferset tsjin de besetter, sûnderdat lykswols it ferset sels it haadtéma wurdt. Troch de rol fan Dineke fernimt de famylje Jagersma, en wij as lêzers dus ek, tsjin hokker ûnminsklike macht hja Anneke beskermje moat. Der hoege oer it lot fan pakte Joaden gjin yllúzjes te bestean, dat witte de Jagersma's.
Mochten hja dy yllúzje earst al hân hawwe, Dineke drukt har wol rou mei de noas op 'e rouwe feiten. Ek sike Joaden wurde út sikehuzen sleept, om deamakke te wurden neffens Dineke. De mem ropt dan kjel: ‘Eh ju (...) No moatst net raarder, hear. Net ien makket samar sike minsken dea’ (s. 42). Mar it is de wierheid, al kin in gewoan minske dat (noch altiten) eins net leauwe. De heit en mem witte ek dat hja har gjin yllúzjes