| |
| |
| |
Drs. J. Pop
Riemersma oer it point of vieuw
Krityske skôgings en oansetten ta in eigen theory
Tr. Riemersma / Type en talees
Koperative Utjowerij, Ljouwert 1979, priis f 20,-.
It kin tafal wêze, mar dan wol in opmerklik tafal: yn myn besprek, fjouwer jier lyn, fan Riemersma syn ‘It koarte forhael yn 'e Fryske literatuer’ fernuvere ik my deroer dat Riemersma yn dy stúdzje gjin omtinken jûn hat oan de funksje fan de ‘ferteller’. En no leit der dan in stúdzje foar my om te besprekken, dêr't er dat wiidweidich yn oan 'e oarder stelt. As myn oardiel oer dizze nije stúdzje no posityf wêze sil, kin dat de yndruk jaan dat ik der wiis mei bin dat ik ‘myn sin krigen ha’. Dat risiko moat ik dan mar nimme: ik ha Riemersma syn nije stúdzje mei in soad nocht en niget lêzen.
Riemersma giet hjiryn gauris yn diskusje mei de grutte literatuerwittenskiplike skriuwers: Stanzel, Friedman, Genette en ferskate oaren. It hat der dan wol wat fan oft de lêzer taharket by in universitêr kolleezje fan 'e goede soarte. Riemersma jout de stof net sljochtwei troch, mar docht dat hifkjendewei. Winkliken giet er noch in stap fierder en is er sels ek dwaande mei it opsetten fan in eigen ‘typology’ (in systematysk oersjoch fan de ferskillende mooglikheden fan it ferhaalperspektyf). Hielendal wurdt dit him net (Riemersma neamt it sels in ‘net oant yn de fynesses útvurke typology’) en dat is oan de iene kant spitich. Hy kin meastentiids wer net neilitte oaren oan it wurd te litten, ek al set er dy oaren ek hieltyd wer te plak. Oan de oare kant lykwols soe 'k dy ‘diskusje’ ek net graach misse. Se biede de lêzer boppedat de kâns bekend te wurden mei de haadlinen fan de theoryën fan Stanzel ensfh.
Riemersma syn eigen fyzje op it ferhaalperspektyf is benammen basearre op de typologieën fan Stanzel, Friedman en Romberg. In eigen beneiering docht fral hjirút bliken, dat Riemersma de neutrale fertelsitewaasje sintraal stelle wol - sa seit er it alteast sels yn syn ‘fwarvud’. Fierder
| |
| |
as in oanset komt er lykwols net, want as men it oanbelangjende haadstik opsiket (haadstik 4), dan docht bliken dat dit foar in grut part fold is mei ‘diskusjes’ mei Doležel en Schmid, Anbeek, Stanzel en Romberg. Earst nei fjouwer siden komt Riemersma yn dit haadstik foar de trie mei syn fyzje, der't er twa siden oan spandeart.
Foardat wy neier yngean op de ferskillende haadstikken fan dizze stúdzje earst noch inkelde opmerkings oer Riemersma syn wurkwize. Op side 35 seit er it folgjende: ‘Ut lyket dêrom ut bêst óm jun bij ut ópsetten fon un typology net blyn liede te litten tróch un stikmonneg ta enwar yn óppesysje sette skaaimerken, mar óm ynstee dêrfon un beriddenjerre yndieling te jan fon de ferhaalteksten (en tekstpatten) dyt maienwar de lyteratuer fon no fwarremje’. Yndie liket it in nuodlike saak en bou útgeande fan logyske tsjinstellings in theory op, dy't yn de praktyk blykt te speuren nei net botte rillefante eleminten (net botte rillefant omdat se foar it ferstean fan in literêr keunstwurk, foar de totale betsjutting dêrfan, amper fan belang binne). Mar wat wy dan wol dwaan moatte, wurdt mei de oantsjutting ‘beriddenjerre yndieling’ net dúdlik. Yn syn foarwurd seit Riemersma eins ek wat oars: ‘Dusse stúdzje is net basjerre óp “fjildwur” - ol hat ut min of mear tafollige lêzersvjerfaren vól syn ynfloed jilde litten -, mar óp ûndersykingen fon oaren. Fansels is ut noareg óm út de lyterêre vurken sels ut belang en de funksje fon de fertelsytevaasje, de domynjerjende typen derfon en de gearhing mai oare struktuerskaaimerken oan te vizen, mar os mun ut fjild yn gjit, mat mun vitte vot myn sykje vól en un beskate fervachting ha fon vot mun oantreffe sil: mun hat un vurkhypotheze noareg’. Sa mealle wy yn in krinkje rûn: ús theory moat basearre wêze op de besteande wurken (Riemersma wol in beheining ta wurken út ús eigen tiid), mar foar't wy ‘ut fjild yngean’ moatte wy earst theoretyske oangripingspunten yn hannen ha... Al te bot hoege wy Riemersma net oan te fallen op dizze tsjinstridigens: by einsluten stiet elke
ûndersiker foar dit dilemma. En net allinne dy, mar ek de belangstellende lêzer. Dy lêste sil him hieltyd by elke him oanbeane theoretyske yndieling ôffreegje: wat doch ik dêr no mei yn 'e praktyk? ‘Past’ dit op de realiteit fan de wurken dy't ik persoanlik ken? Foar in suver theoretysk skema sil er - mei rjocht en reden - betankje.
Ut wat ik al earder opmurk, is al wat dúdlik wurden hoe't Riemersma yn syn stúdzje hinnegiet: de wichtichste theoryën lit er de revu passeare, wylst er in eigen krityske trochljochting jout fán dy theoryën. It eigentlike ‘fjildwurk’ komt it yn syn stúdzje net oan ta. Dat soe ek in ûnmooglike opjefte wêze: men hoecht jin de ûnbidige heap materiaal dy't hjirmei yn syn stúdzje opnaam wurde moatte soe, mar foar te stellen. Oan de oare kant is fansels op elke side fan Riemersma syn stúdzje te merkbiten dat der ien oan it wurd is dy't redeneart fanút de eftergrûn fan syn (grutte) belêzenens. Nei alle gedachten bedoelt Riemersma dit as hy der yn syn
| |
| |
foarwurd op wiist dat it by it opsetten fan in literêre theory (yn dit gefal in point of view-typology) net sûnder in bepaalde fyzje op literatuer kin. Underwilens kinne wy tankber wêze foar wat syn stúdzje al ynhâldt: krityske skôgings oer de besteande theoryën oer it point of view, mei oansetten ta in eigen theory.
De ‘Ynlieding’ fan Riemersma syn stúdzje falt útinoar yn twa dielen, dy't tige ferskille yn opset. Yn de earste ôfdieling ‘Ut autonome kunstvurk’ is benammen Riemersma sels op 'e tekst. Hy bestrydt it misbegryp dat de ferteller fan in roman deselde persoan is as de auteur. Opmerkings òf ferdúdlikings dy't Riemersma yn 'e flecht wei tafoeget, meitsje syn betooch nofliker te lêzen. Sa bygelyks nei oanlieding fan de skriuwer dy't him mar al te maklik it aureoal fan ‘alwittend orakelfiguer’ oanleune lit: ‘De verklikhyd is dot de persoan fon de skrjower ek mar un ordynêre (hooplik) belestingbeteljende bwarger is, dyt yn ut lyterêre vurk dingen stôljûn hat, vêrt er ut bestean yn himsels nóit fon fermoede hat en dyt him ek os nij en frjemd oankómme. De skrjower skrjoot bóppe syn macht en bóppe syn pet, en hij hat fon “syn aigen” skepping gjin better begryp os elke oare lêzer’. Tagelyk sprekt hjir de auteur Riemersma - in omstannichheid dy't ek op oare plakken nei foaren komt en in ekstra diminsje tafoeget oan it betooch fan de ûndersiker Riemersma.
Mei rjocht en reden wiist Riemersma der yn dit haadstik op dat in ûndersyk nei de strukturiele eleminten yn in literêr wurk allinne dan sin hat, as dêrby saken oan de oarder komme dy't harres der ta dogge by it ferstean fan it wurk. It is syn oertsjûging dat in ûndersyk nei de ‘ynformaasjebemiddeling’ (ek wol neamd ‘point of view’, fertelsitewaasje, ferhaalperspektyf fan dit oangeande fertuten dwaan kin, al konstatearret er wol dat de measte ûndersikers hast net fan it formalistyske ôf doare te stappen en har net weagje oan in útspraak oer de útwurking dy't in literêr wurk op de lêzer hat. Riemersma behannelt fierdersoan inkelde ûndersikers dy't dat lêste al dien ha: Booth, Schmid, Waldmann en Weimann. Yn it twadde diel fan syn ynlieding jout Riemersma inkeld in gearfetting fan wat neffens him de belangrykste point of view-typologyën binne. Hy nimt dêrby in histoaryske folchoarder yn acht: Friedman (1955), Romberg (1962), Stanzel (1964), Genette (1972), Doležel (1973) en Füger (1973). De krityske opmerkings dy't Riemersma der sels by makket, meitsje dat dit part net al te droech wurdt.
It fernaamste part fan Type en talees beslacht trettsjin haadstikken. (Dan folget de literatuerlist, dy't it boek beslút). Dy't ferwachtet dat Riemersma yn dizze haadstikken syn point of view-typology systematysk dúdlik makket, komt op in bedragen ein út. Foarst hat er wat er yn de haadstikken oan 'e oarder stelt sa útkeazen, dat men earder oan samar wat losse boustiennen foar in letter op te rjochtsjen gehiel tinke moat.
| |
| |
En twad besteande de diverse haadstikken mar foar in part út Riemersma syn eigen opfettings en útspraken: sa't ik al sei begjint Riemersma hieltyd wer in diskusje mei de oare ûndersikers (uteraard nei in koarte gearfetting fan har stânpunt).
Nei in koart oersjoch fan de ‘ynformaasjekanalen’ (fia it ear, it each en ‘telepatysk’) komt yn haadstik 2, yn 'e foarm fan in diskusje mei Genette, it ûnderskie tusken gearfetsjend en scènysk fertellen oan 'e oarder. De titel fan dit haadstik ‘de ynformaasjebemiddeling’ liket my net sa'n goede kar: dy ûnthjit mear as der yn it haadstik behannele wurdt.
Yn it tredde haadstik ‘De ynformaasjebemiddeler’ komt Riemersma syn eigen fisy dúdliker út as yn party oare haadstikken. Hy freget him dêryn ôf, wêrom oare ûndersikers meast de folchoarder foar kar nimme, wêrby de ‘alwittende ferteller’ earst komt, dan de personale en dan pas de neutrale fertelwize. Sa wurdt neffens him wol de histoaryske ûntjouwing fan de lêste ieu folge, mar dochs is dy folchoarder net botte logysk. In beskieden, ienfâldich ferslach, sa't de neutrale ferteller dat jout, kin men jin ommers better as begjinpunt yntinke, as it relaas fan in superieure, alwittende ferteller. Riemersma redeneart hjir dus net op grûn fan histoarysk ûndersiik (alteast beropt er him dêr net op) mar op grûn fan evidinsje (fan wat in ‘logyske’ folchoarder liket te wêzen).
Tige wichtich is wat Riemersma op 't ein fan dit haadstik noch seit oer it begryp ‘de ferteller’. Dizze term ropt hast fansels de illúzje op dat it om in persoan te rêden wêze soe, alteast om in (troch de auteur kreëard) personaazje. Mar as sadanich kinne wy de ferteller mar yn inkelde gefallen beskôgje: yn de echte ik-ferhalen nammentlik. Meastal moatte wy de ferteller opfetsje as in ‘fertellend mechanisme’, ‘os un mesyntsje dot êgen en earen hat, en dot ek noch bijsteat is óm gedachten te lêzen, en dot dy yndrukken fwarsafier se taleg binne tróchjaut, en fwarsafiert se net taleg binne fwar un part yn taal beneamt’.
Oer haadstik 4, ‘de neutrale fertelsytevaasje’, ha ik al earder inkelde opmerkings makke. Dêr wol ik allinne noch oan tafoegje dat ek yn dit haadstik detailopmerkings fan Riemersma steane, dy't tige weardefol binne, bygelyks de passaazje dêr't Riemersma yn sjen lit dat by de ‘stream of consciousness’ de persoan dy't it wurd liket te dwaan, net gearfalt mei de ‘ferteller’. Ek hjir moatte wy earder prate fan in fertellend mechanisme, al wurdt noch sa sterk de illúzje oproppen fan in sels sprekkend or tinkend personaazje.
Yn de beide folgjende haadstikken hâldt Riemersma him wer wat mear tebek: de problemen dy't er dêryn besprekt (de status fan de ferteller yn hy- en ik-ferhalen: it epysk praeteritum) komme op 't aljemint nei oanlieding fan en yn oanslúting op publikaasjes fan Käthe Hamburger. Riemersma leit har skôgingen oer it earstneamde ûnderwerp nêst dy fan Stanzel, dêr't er in lichte foarkar foar Hamburger by sjen lit. Wylst er fer- | |
| |
geliket komt Riemersma syn eigen fisy teffens nei foaren. Hast fansels freget men jin by sokke passaazjes ôf: is Riemersma net op syn bêst yn de dialooch mei oare ûndersikers? Op dy frage kom ik op 't ein fan myn besprek noch werom. Hjir wol ik yn 't foarbygean noch wat oantsjutte, dat my yn haadstik 5 tige troffen hat. By it ûndersiik nei it plak fan de ferteller tsjin it fertelde oer (de fertelde wrâld fan it ferhaal) moat men jin ôffreegje: stiet er yn de wrâld of derbûten? En is er sels ek in produkt fan de fantasij fan de skriuwer? Uteraard makket it gâns ûnderskie oft wy te krijen ha mei in ferhaal yn de earste of yn de tredde persoan. Riemersma syn konklúzje is: ‘Ik hôr ut ljevver óp de jirbóppe jûnne formúljerring, dot ferteller en fertelde vrôd baide ut produkt fon ut fertellen binne, dot oassain tagelyk mai ut skeppen fon de fiktyve ferhaalfigeuren ut (him ferselsstondegjende) fertelmeganisme, of de ferteller, óntstjit, dyt un beskate fyzje óp ut barren en de persoanen blyke lit, en dêrtróch karakterysjerre vurt’.
Ek yn haadstik 6 wurde Stanzel en Hamburger foar elkoar oer steld, dit kear nei oanlieding fan it brûken fan it ‘epysk praeteritum’. Dizze ‘doetiid’ wurdt lykas de (epyske) ‘no-tiid’ yn ferhalen brûkt. Is der ferskil yn? Riemersma konkludearret: ‘Mij tinkt dot Harald Weinrich de simpelste en bêste óplossing jûn hat, mai te stellen dot dûtiid en notiid neat mei “tiid” noareg ha, mar gearhingje mei de hôring fon de sprekker tsjinoer de ferhelle faiten: hij fertelt se (dûtiid), of hij besprekt se (notiid), en dot is net oan fiksje bûn (Weinrich 1964)’.
Yn it meast persoanlike en dêrom grif net it minst oansprekkende part fan dit haadstik jout Riemersma syn miening oer it skriuwproses - hy lit ús efter de skermen kypje, sa't allinne in ûndersiker dy't tagelyk sels skriuwer is, dat dwaan kin.
Haadstik 7 begjint mei in wiidweidige útiensetting fan Riemersma sels oer it ûnderskie tusken de auctoriale en de personale fertelwize (yn it hyferhaal). Nei in oersjoch yn acht punten fan de mooglikheden en de frijheden fan de auctoriale ferteller, giet Riemersma fierder nei, hoe't it lân der, wat dizze acht punten oanbelanget, by de personale fertelwize hinne leit. Earst dêrnei - in yn dizze stúdzje nije folchoarder! - wurdt Genette besprutsen en kritisearre, uteraard yn ferbân mei itselde ûnderwerp. Dit haadstik is, lykas it folgjende oer it ik-ferhaal, ien fan de bêst slagge en meast oertsjûgjende yn de hiele stúdzje.
It ik-ferhaal komt yn it achtste haadstik oan 'e oarder. Ditkear binne de ideeën fan Romberg útgongspunt foar de eksplikaasje fan Riemersma sels. Nei oanlieding fan it ûnderskie tusken in mear auctoriale ik-figuer (in skriuwer fan memoires is in goed foarbyld) en de mear personale (de ferteller dy't fan nij belibbet wylst er fertelt), makket Riemersma in tal frijwat subtile opmerkings, dy't net altyd fan like grut belang lykje te wêzen. Tige tûk binne syn opmerkings oer it ûnderskie tusken ‘fertellend ik’
| |
| |
en ‘belibjend ik’: ‘De oarsaak fon ut ferskil yn vedjerring ensfh. mat lykwols net socht vurre yn ut fait dot de iene “ik” belibbet en de oare “ik” beskrjoot, mar yn ut leeftydsferskil; baide ik-en belibje, de iene fwar ut east, de oare óp nij, en dot de ôde “ik” syn ferslag fon de fwarfollen en emoasjes don noch us óp pepier set, is net rillefont fwar ut feroare ynsjug’. Syn konklúzje dat de ferskillen tusken de beide niisneamde ik-fertellers net sa wichtich binne as faken ferûndersteld wurdt, is typearjend foar dizze stúdzje. Riemersma giet tige hoeden te wurk om net it slachtoffer te wurden fan tsjinstellingen, dy't yn 't earstoan tige dúdlik en logysk lykje te wêzen, mar net folle om 'e hakken ha, as wy de útwurking fan it literêre wurk op de lêzer achtslaan.
Onder de titel ‘de “ik” dyt de mwólle duryn slagt’ (haadstik 9) besprekt Riemersma in wichtich ûnderskie, dêr't party ûndersikers gjin each foar lykje te hawwen. Nei wat ferwizings nei Hamburger en Genette komt Riemersma sels oan it wurk mei in treflike skôging oer de ferskate manifestaasjes fan in ferteller dy't kommentaar jout en/of ferbiningen leit, en dy't ‘ekstra’ yn in ferhaal te foarskyn komt. Riemersma ferklearret wêrom it net krekt is dizze ‘ekstra-ik’ gelyk te stellen oan de ferteller (it fertellend mechanisme). Uteraard pakt ien en oar oars út, al nei't it in ik- of in hy-ferhaal oanbelanget. Ek tusken in alwittende ferteller dy't him opstelt tusken it barren en de lêzer en in ferteller dy't kommentaar jout, kin, in uteraard lyts, onderskie makke wurde.
In tige argumint foar Riemersma syn wize fan ûnderskie meitsjen is dat it kommentaar-jaan en it sykjen fan kontakt mei de lêzer yn de lêste tiid wer faker foarkomt, net allinne yn de auctoriale fertelsituaasjes, mar ek - en dêr falt it dúdliker op - by de personale ferteltrant.
Haadstik 10, dat oer ‘ferteltekst’ en ‘persoanstekst’ giet, ha'k net folle nijs oan. De minging fan dizze beide teksten, mei as resultaat de ‘erlebte Rede (frije yndirekte rede) dy't tsjintwurdich nochal faak brûkt wurdt, besprekt Riemersma wer yn it ramt fan in tal yngeande observaasjes fan Doležel en Schmid.
It liket derop oft it haadstik dat dêroan folget net op syn plak stiet. Nei in Ynlieding, dêr't er him yn ferûntskuldiget foar it feit dat er der oare struktuereleminten yn op 't aljemint bringt as it point of view, besprekt Riemersma op de bekinde wize kritysk twa typologyën, dy't er yn de Ynlieding noch net neamd hat. Benammen Muir moat it belije: syn systeem wurdt fuort ombûgd. Riemersma skriuwt: ‘Muir syn typen litte har ûnderskiede neffens ut belang fon de persoanen en de honling’. Dat ûnderskie hat Muir dus sels net makke! Hoe'n bytsje doel dizze operaasje hat, jout Riemersma sels ta yn de lêste sin fan dit part: ‘Dit is fonsels amper in ferrossende útslag te neamen’.
De behanneling fan de eleminten tiid en romte, dêr't dit haadstik mei oan wijd is, smyt oer 't ginneraal net folle op dat de muoite wurdich is.
| |
| |
Dêr bringt ek Lämmert syn typology, dy't as twade yn dit haadstik besprutsen wurdt, net folle feroaring yn.
Yn haadstik 12 wurdt wer in tige wichtich ûnderwerp besprutsen: de ‘implied author’. Mei behelp fan skôgings fan Booth lit Riemersma sjen, dat dizze ‘implied author’ in oar is as de skriuwer fan it boek. Ommers, in protte skriuwers hawwe ûnderfûn dat se, skriuwende wei, mar ôfwachtsje moatte wat ‘it boek sels wol’. De ‘implied author’, seit Riemersma, bestiet net foardat it boek skreaun is.
Dat wy de ‘implied author’ net gelyk stelle meie mei de ferteller blykt as dy twa dúdlik út inoar rinne yn fisy en mentaliteit. As synjalen fan de ‘ûnienigens’ kinne oerdreaune uteringen fan de ferteller tsjinje (al te rjochtlinige, ekstreme, koartsichtige redenaasjes bgl.).
Hielendal op eigen manneboet bout Riemersma fierder in systeem op fan auctoriale en net-auctoriale fertellers dy't al of net sympatyk oerkomme, en dêr't de ‘implied author’ al of net syn réaksjes op jout. It kin wêze dat dit part wat te wiidweidich útfallen is (Riemersma jout earst in model, dat er dan wêr feroaret) mar de kwestje is op himsels wichtich genôch.
De beide lêste siden fan it haadstik binne nei myn betinken oerstallich. De ideeën fan Waldman dy't deryn besprutsen wurde, rinne op in sydspoar út (fgl. Riemersma syn lêste sin).
It lêste haadstik behannelet konformistyske en non-konformistyske literatuur. Riemersma makket in koart histoarysk bestek op en taast dêrby - wat ûnfersjoens - dochs op de auctoriale ferteller tebek. It is feitliken ek net sa maklik om nei de foar-auctoriale ferteltiden tebek te taasten, al wol it Riemersma hiel wol oan dat dy bestien hawwe.
Nei de op harsels faken tige nijsgjirrige opmerkings oer it funksionnearjen fan ûngelikense soarten literatuer ûnder ûngelikense politike en soasiale omstannichheden, beslút Riemersma syn stúdzje mei in systematysk oersjoch fan de faktoaren dy't it ferstean fan it ‘boadskip’ (de sintrale betsjutting) fan in boek ferswierje kinne. It binne: 1. de mei autoriteit beklaaide ferteller lûkt him tebek: 2. de ‘implied author’ hat in ôfwikende miening, dy't al of net dúdlik makke wurdt; 3. de mienings fan ferteller en personaazje rinne troch elkoar; ûngelikese fertelsituaasjes wurde troch en nêst elkoar brûkt. Foar de lêzer dy't sokke swierrichheden treast binne, betsjut it lêzen fan boeken dy't gâns fan de lêzer fergje in tige útdaging om dát te dwaan dêr't it op 't lêst om giet: wat men lêst net samar akseptearje, mar der persoanlik op reägearje. Riemersma syn fisy - dy't ek yn de titel fan syn boek oantsjut is - liket my sûnder mis de goede ta: de ‘bedoeling’ fan de skriuwer giet foar in belangryk part mei út fan it ‘point of view’ dat er kiest.
Twa saken wol ik ta beslut noch oan 'e oarder stelle: de ferwizingen dy't
| |
| |
Riemersma docht nei romans en ferhalen en de frage dy't ik al earder die: ‘is Riemersma op syn bêst, as er de ferskate literêre theoryën besprekt’. Wat it earste oanbelanget, dêryn oppenearret him in soarte fan twariedigens dêr't Riemersma syn stúdzje net fan frij te pleitsjen is. Oan 'e iene kant hâldt dy in werjefte mei eigen kommentaar yn fan ferskate point of view-typologyën. As dêrby ferwiisd wurdt nei literêre wurken, giet it om bekende nammen út de wrâldliteratuer: Faulkner, Huxley, Camus en folle oaren. Mar as Riemersma sels it inisiatyf nimt, komme der Fryske nammen op 't aljemint: Poortinga, Boersma, Riemersma sels (ik kies dizze foarbylden sûnder omtinken). Uteraard kin it in bytsje skele hokker skriuwers men - út 'e flecht wei - kiest, want mei net ien fan dizze foarbylden stiet of falt in redenearing. Mar it hat wol te krijen mei wat de ûndersiker by syn lêzers bekind ûnderstelt. Riemersma rjuchtet him ta Frysktalige lêzers. Dat is fansels syn goed rjocht. Mar dochs freget men jin ôf: hoe machtich yn tal sille dy wêze, as it giet om in sa spesialistysk ûnderwerp as yn dizze stúdzje besprutsen wurdt.
In oare frage is oft Riemersma mei dizze stúdzje, dêr't er safolle romte yn besteget oan krityske gearfettings fan it wurk fan oare ûndersikers, in einprodukt ôflevere hat, of in stúdzjewurk dat eigentlik om in fuortsetting, in ôfrûning freget. Dizze frage freget my fansels op in antwurd. Nei myn betinken sil Riemersma - faaks nei in perioade fan fierdergeande stúdzje en ferdjipping - grif op 't punt komme dat er, en dan minder yn de foarm fan in diskusje mei oaren, syn eigen ôfrûne fisy jaan kin op wat yn-Type en talees- oan 'e oarder komt. Der binne wol (ryks)opdrachten ferjûn foar saken fan minder gewicht en oan ûndersikers mei minder talint.
(oersetting: Goaitsen van der Vliet/Jan Wybenga).
|
|