ferhalebondels en twa detektives datst letterlik alle genres behearskest. En dan no dit earste haadstik, yndie it bewust al wer dyn masterskip, diskear yn it genre ‘dameslektuer’. Dêrom nochris: wolst as master de learling noch in kear foargean?
Dêr komt by dat ik it bannich haw mei it úttikjen fan myn tredde roman. Ik soe sizze meitsje dy mar klear, want ik sjoch neat leaver as dat dyn inysjatyf har ta al myn romans útwreidet.
Ik slaan dy yn details it folgjende foar alhiel yn oerienstimming mei it tal proazapublikaasjes dy't do en ik op ús namme hawwe én mei de talinten dy't nei rato ûnder dy en my ferparte binne, ntl. dat ik 1/14 diel foar myn rekken nim en do 13/14. Soks is trouwens sjoen dyn earste bydrage ek folslein ferantwurde.
De feardichheid dysto demonstreard hast, sil ik frijwol wis net tsjin op kinne, bin ik bang.
Wat de porno oanbelanget dêrsto it oer hast, ik soe dy freegje wolle om dy dêryn wat te bedimjen. Dyn folk en dyn beminden ferbynt my al fierstentefolle dyn namme mei ‘seksboeken’. Fansels, fansels, as it net oars wol dan moat it der út: sjoch marris.
Moedich fyn ik dyn útnoeging ek. Do hoechst fan it omsittend laach ommers gjin applaus te ferwachtsjen. En datsto no dyn eigen rûnte dwerse kneppels smytste, miskien sels harren húnjen treast wêze moatst, dat neam ik moedich. Dat ferriedt in mentaliteit dy't yn oarlochstiid net mistean soe: stânfêstens om samar te sizzen, en gjin gekollaborear. In eareplakje yn de taheakkes fan Lou de Jong.
Ik nim no dus oan dat dyn ambachtlik masterskip garant stiet foar in twadde haadstik. De Redaksje fan Trotwaer nimt dat yn 't foar op as it fan dyn hân komt, wylst ik oannim dat ik op dyn foarspraak rekkenje mei nei't hja myn tredde haadstik yn 't foar ôfwiisd hat. Al moat ik no ek wer net te sûmber wêze, want yn dat sok fan wurdearring - fan dy - ik soe hast skriuwe fan Jo - farre in protte. Der skynt namtlik noch wolris ien te wêzen dy't op 'e tritich fjouwer fersen goed fynt. Dêr bin ik fansels ek al wer tige mei ynnommen.
Noch eefkes wol ik yngean op de haikû dy't dy ta de pinne útfloeid is en dêr't ynhâld en kwaliteit fan it hiele haadstik yn gearfalle:
Dit jout dyn kinnen by útstek wer. Dat sa'n haikû yn Trotwaer stiet en dan noch tige foaroan, op 'e earetribune sis mar en net fuortdrukt yn de rubryk Tichelwurk, dát stiet de redaksje te priizgjen. Se witte dêr dat wat fan dyn hân kom, dat wurdich is: