eefkes har hân op myn earm
trije útspraken fan 'e tiid
It fers oer de ‘âlde man’ is neffens my minder goed slagge. It is my te lang. Fgl:
hy wifket eefkes, sil er oerstekke
dan hifket er syn hoed en draeit him om
hie genôch west neffens my. Oft it mantsje no al of net oerstekt, ynteressearret my net sa bot.
Folle mear yn 'e thematyk fan 'e bondel past de prachtige twadde strofe fan ‘hjerstjoun’:
seizoenen keare kear op kear allyk
mar as 't om minsken giet dy't âld al
rinne op in oerloop fan bistean
binn' hja mar ienkear hjerstwaes tusken bloeijen en forgean
Yn ‘iisblom’ wurdt itselde thema noch in kear behannele. In prachtich slotfers is ‘21-12-A.D.’ De earste dei fan 'e winter hat de lêste skyn fan 'e hjerst.
It slotfers is lykwols ‘wûnder’ en dat is in soarte fan oardiel oer de hiele bondel. Ek in sykjen nei wat poëzij is. Dêr soe nochris in diskusje oer te hâlden wêze:
‘hwat skreaun stiet is heechút in etude
tusken objekt en waernimmer sil eat ûnsizber bliuwe’
Dat ûnsisbere is krekt wat nei myn betinken de poëzij útmakket. Poëzij is fan komôf liet, dêr't wurden (de ynhâld) en wize (muzyk, sfear, gefoel) ta in hegere synthese komme. Wat is dêrby wichtiger, de ynhâld (Daniël Daen?) of de muzyk, sfear, it gefoel? Ik leau net ien fan dizze beide komponinten. Mar dy hegere synthese is it wichtichste en dy komt selden foar, net allinne yn dizze bondel mar yn alle poëzij dy't ik oant no ta lêzen ha. It is de keunstwearde, dy't boppe de macht ek fan de keunstner sels ta stân komt op it (jo witte wol) moment suprême. Dêrom slút ik my wat it einoardiel fan dizze bondel oanbelanget oan by de beskieden miening fan 'e skriuwer sels. Dizze bondel is ‘heechút in etude’ mei mear en minder slagge fersen, mar dochs in etude, dy't de lêzer meibelibje lit en dêrom de muoite wurdich.