Trotwaer. Jaargang 13(1981)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 406] [p. 406] bartle laverman earste sinne as in ekster stap ik hjir man dy earste sinne nei it grize winterskoft! it brûzet wer fan takomst as in ljurkje nei de hichte maaitiid, briede toemar, wetter op it fjoer it grien spat ommers út it hout waarmte stiicht op en slacht wer del myn wite fel kin bleat de fette klean yn nije wyn helpleas útspraat oan in line mei roazich fel ûnder in beam sjoch ik dy gean: ik wachtsje Vorige Volgende