Trotwaer. Jaargang 13
(1981)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 407]
| |
symfony iv (brahms)dan lit er him op âlde langsten driuwe.
o antlit fan langlyn ûnthjit. al riuwe
dagen ta jierren, yn hertstochtryk muzyk
moat fan dy tsjoen 't ynbannich wjerlûd bliuwe.
| |
[pagina 408]
| |
de wekkerwurdendeleist nêst mij en it is noch ier
ik rûk dyn lea, ik rûk dyn hier
ien tekken hâldt ús smûk omsletten
in keunstnershân hat ús ta ien byld getten
| |
de langjendeo roas fan sjaron, leelje fan 'e lichte,
lit ús tegearre bloeie op libbens hichte
foardat foargoed ferdwynt it waarme ljocht
en wij sinke troch de siizjende sichte.
| |
de beminnendede skientme fan in frou, it sêft ferrinnen
fan wat dyn hân net ophâldt te beminnen,
snijt troch dyn siel as in skerpsnedich swurd -
do witst: 't is heal - en even - mar te winnen.
| |
[pagina 409]
| |
de net-genêzenekoart is de balsem fan 't tegearrewêzen,
lang is de langst nei 't ienris wer genêzen
fan wat dyn berte dy tametten hat:
it net mear stream yn breder bloedstream wêzen.
| |
de lokoerstreamdeit lok is net te heinen yn dyn hannen,
do kinst it net ûnttiizje út tiids bannen;
mar ast ferjitst te sykjen, oerstreamt it dij
as tinne dize lette simmerlannen.
| |
[pagina 410]
| |
egenseyn reiden, rûchte, swarte wiereboel
sitsto, sit ik, wij sjogge foar ús hinne.
de âlborg bugt leit ûnder 'e hege sinne
de eagen sear te sulverjen. ús doel
wie dit eins net, mar 'n boskich sânpaad foel
ús op. wij moasten 't lêste stikje rinne
troch 't losse sân. soms fiel' wij troch ús tinne
klean in streakrich twirke gean: waarm en koel.
is hjir gjin tiid, gjin dingen dy't ús driuwe?
ik woe hjir altyd wol sa sitten bliuwe.
sjoch hoe't it wetter wyt as sulver leit.
't is allegear sinne. fjoer. 't is ivichheid.
dat ik huverje. do seist: ‘wat is der?’
‘êê neat ju. kom, we moatte mar wer fierder’.
| |
[pagina 411]
| |
pavane foar in ferstoarne prinsesdo bist ta tsjep, sa fyn, sa kein, sa tear,
dyn lipkes bin sa bleek, sa blaube-iere
dyn hantsjes, dyn teisterkes sá ynfieren,
dat ik mei skerpe kâldens dij begear.
dyn kliene fuotsjes triptrapkje net mear,
dyn boarstkes sil gjin dreameprins beriere;
nea sil er dij nei 't himelbêd ta fiere,
omt ik mei skerpe kâldens dij begear.
dyn amper jong-bloeien sil nea fergean,
dyn deade laits bliuwt as koel moarmer stean.
nea sil dyn fammeflues foar 't libben wike,
mar mij hast mei dyn wite kjeld ferrike.
sjoch, hoe't ik dyn sulvren koarde brutsen ha,
mei myn wite leafde dij tadutsen ha.
|
|