Trotwaer. Jaargang 13(1981)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd Vorige Volgende [pagina 403] [p. 403] jac. dykstra jeugdressentiment sa ticht sitste ûnfertocht knypt tusken mankelikens, do, famke mei de roazen dat ik dyn huver suver fiel. 't is krekt, oft wy tegearre driuwe, samar yn 'e tiid tebek, mei ‘smoke gets in your eyes’ en ‘only you’, muzyk as beaken. wy binne jong, yngreven grien de rite dy't ús bynt, mei't de platespiler start en sêfte Platterstimmen sjonge, wurd ik dy dúdlik wer gewaar. eefkes letter, yn it hâlden ferwurdt dyn byld ta dize, spitich, bist inkeld in reprise, by de graasje fan 'e grammofoan op dizze dronken jûn oanwêzich. [pagina 404] [p. 404] [pagina 405] [p. 405] de lêste grins ûnsjenber hearskje, yn 't hielal fersonken, lytse, swarte gatten. rûnom frette se ús tiid, fersline ljocht en elk tsjokhûdich leauwe. langstmen brekke yn elkoar op dizze hoarizon alle barren stoppet, keart wer ta sêftmoedigens. op 'e râne fan de tiid ferwurdt de eigenwille, yn gearfal mei matearje hat god syn lêste grins. Vorige Volgende