Trotwaer. Jaargang 13
(1981)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 397]
| |
1. Ynlieding‘Oars as oars’ soe dit besprekje earst os tytel meikrygen ha, mar dot lyket mij langer net de meast gaadlike beneaming fwar ut dichtwurk fon Bartle Laverman. Fonsels, wot jun fwótdaliks ópfolt oan syn fersen is dot dy kwa tematyk, oanpak en útwurking derút kypje. Oan 'e bûttenkont lykje ut gewoane praatfersen te wêzen; de rygellangte en ut ûntbrekken fon rym meitsje de fersen ta gewoane fersen fon joeddedei; mar de fyzje, better sein, de ferwurding fon un fyzje is oars os wot wij gewoan binne: oan artikel wurke
suver pineholle
fan it tinken (s.47)
Un oare dichter soe ut bijgelyks hawwe oer ut risseltaat fon ut tinken, oer de wearde fon ut artykel os er ut ol oer sókke gewoane dingen os ut skriuwen fon artykels hat. Mij tinkt dot dêryn ut aparte en de krêft leit fon de fersen fon Bartle Laverman: hij doar ut oan en dichtsje oer de ge- | |
[pagina 398]
| |
woane dingen, de óp- en delgóng fon ut libben fon gewoane meensken, dy't winkliken neat gjin bûttenwenstige dingen meimeitsje: âldjiersdei
de tariedingen fansels
jeroen & leon meitsje sop
lia soarget foar kofje en appeltaart
jelske makket oaljekoeken en biskopswyn (s. 41)
Sók skriuwen hat ut gefaar yn him, dot ut dichtsjen oars net ópsmyt os gewoane klysjees. Ut skriuwen oer gewoane dingen fon gewoane meensken betsjut fwar de sljóchtwei lêzer dot er maklik dingen werkent. Mar dêrmei heart dizze bóndel noch net ta de tryvyale lyteratuer. De dichter fon tryvyale lyteratuer skriuwt net sasear oer gewoane dingen fon gewoane meensken, mar bringt ûnder wurden de ydealen, dreamen en fontasij fon gewoane meensken. De skriuwer fon tryvyale lyteratuer skriuwt dus net yn ut fwarste plak oer gewoane en werkenbere sytewaasjes, mar krektoarsóm oer bûttengewoane, net-reële en romontyske sytewaasjes, dêr't de lêzer yn weidreame wól, ómt er wól wit dot er dy sytewaasje net echt meimeitsje sii, ol hoe graag ot er dot wólle soe. De ydintyfykaasje mei de (haad)persoanen yn tryvyale lyteratuer fynt don ek net plak óp grûn fon werkenning mar óp basis fon un dream. De sytewaasje en ûnderwerpen yn de fersen fon Bartle Laverman lykwóls kin de lêzer samar wer en kónfróntjerje him mei eigen wurklikhyd: út gjit óm en oer tastonnen dy't elkenien olle jirren weroan meimakket: de feestdagen yn desimber, de jierwinkel, de besytes fon en oan freonen en bwórlju. Yn de werkenberens skûllet moai grif ek ut gefaar dot de lêzer bij himsels of lûûdóp tinkt: ‘Dot kin ik ek wòl!’ Dêr bedoelt er winliken mei: ‘Wot mat sóks yn un fersebóndel en wêróm mat sóks mei subsydzje útjûn wurde?’ Op ut stuit dot de sljóchtwei lêzer besyket óm sels te dichtsjen (oer gewoane dingen fon gewoane meensken) èn eigen fersen hifket en fergelyket mei Laverman synes, sil er ta de ûntdekking kómme, dot de fersen yn de bóndel Kloentsjetee oars binne. Se lykje gewoan te wêzen, mar dot binne se net. Ut slagget Bartle Laverman nammentlik óm de fersen en dêrmei de lêzer út te tillen bóppe ut tryvyale klysjee. Men mat de tiid nimme óm de fersen yn jun óp te nimmen en yn jun ómgean te litten, jitrus en un tredde kear te lêzen. Mar don kómt der ek wot fon de ferwûndering oer, dy't de dichter ûnder wurden bringt. Sa óp ut each beskriuwt er ollinnig mar de góng fon saken óm de jierwiksel hinne; ut lyket deróp os kin de lêzer fólstean mei ut feroarjen fon plak-en persoansnammen óm de eigen sytewaasje óp papier te krijen: woansdei 28
rob syn rûzje útgebreid heard
begripend west
ear jûn
jelske meast lia's kant (s. 38)
| |
[pagina 399]
| |
De rygels dy't dêrnei kómme soe de lêzer fon tinke kinne: ‘Dot hie ik sels ek wól betinke kinnen’. Ik lykwóls stean der sa ûnder, dot de fólgjende rygels de eigentlike probleemstelling jouwe en de rjóchting fon de óplossing (wy wolle net tefólle drokte): mar hoe
komme se der út
de stoarm moat lizze
De rêst kin stal krije yn ut húslike bestean, mar ek tróch ut bestean te wurdearjen mei ut wikseljen fon de arbeidsseizoenen: pankoek iten
studearkeamer skjinmakke
trotwaers opromme en administraasjemappen
minervamappen op dat plak
Ut gehiel fon de beuzichheden, de plichten en kóntakten kin fergelyke wurde mei un spultsje dot óp ferlies of weenst útrint: damd
en in kear ferlern
Krekt dot elemint ‘ferliezen’ hat te krijen mei de tematyk fon de bóndel: elk ferliest yn ut libben fon de tiid, mei troch de wikseling fon de (arbeids)seizoenen. De rûzje fon Rob is grif ek un damspul: syn setten kenne tsjinsetten fon syn wiif: ien fon beide of beide kin(ne) ferlieze. Fjirders is ut ynroaljen fon ut iene stik wurk fwar ut oare te fergelykjen mei un damspul: men dócht setten, fwarút yn de tiid en dy kinne liede ta ferlies. Ik tidigje deróp dot ik mei dizze ynterpretearjende parafrase fon fers woansdei 28 oantoand haw, dot de fersen fon Bartle Laverman net samar anekdoates binne, mar ut ûnder wurden bringen fon ferwûndering en dot de fersen de lêzer oanpwónje kinne ta neitinken oer eigen omstannigheden. | |
2. TematykDe tematyk fon de bóndel Kloentsjetee soe men beflappe kinne ûnder de wurden: Krystfekônsje, ôd-en-nij-fiere, ut wuarderjen fon juns libben. Ditsoarte tematyk hat olle gefaar yn him ô te gliidzjen nei goedkeape romontyk. Elk makket olle jirren ómmers weroan de moalige sfear mei dy't de krystdagen en de jierwiksel ynhawwe. Om dy snwórje hinne wurdt men deasmyten mei likegoed hertlik miende os goedkeap kómmersjele weensken en ynfermaasje. Eltsenien syket yn 'e hûûs oanhôd en hôdfêst oan freonen, femylje en goekunde. Dot dócht de dichter ek: kryst 25
lokwinske mei jezus' jierdei:
wat in feest
it fruit dat johan klearmakke
| |
[pagina 400]
| |
de baltsjes gehak, de stikjes fleis
(...)
dy man moast faker jierdei wêze (s. 35).
Ut lyket de gewoane yt-seremoanje dy't fwar gôns meensken de geur en fleur fon de krystdagen útmakket. Mar bij de dichter is neat werom te fynen fon moaralysjerjend gepraat of un fredesbwadskip. Krekt ut ûntbrekken dêrfon kónfróntjerret de lêzer mei de wurklikhyd, dy't er sels stal jout: mear mei yten en drinken os mei goede wurken en moaie wurden, ek ol spylet der yn ut flamljocht faaks noch wot tróch fon un mienskipsgeast. Dit fers oer de jierdei fon Jezus soe dochs ek fwar kristenen hiel goed oanlieding wêze kinne ta petear oer de funksje dy't de krystdagen fwar har hawwe. Ut soe óm sa mar te sizzen tsjinje kinne os tekst fwar un preek. Hichtepunt fon de bóndel fwarmje de beide fersen âldjiersdei en nijjiersdei. De tytels fon dy fersen ollinnig ol binne un útsûndering óp de nûmmering yn de bóndel. Net sneon 31 en snein 1. net sà gewoan os de oare dagen, mar fólslein apart. Ut fers kryst 25 hinget sa besjoen nog wot mear tusken un gewoane dei en un besûnderenien yn. Beholven de tytels is ek de langte fon de fersen apart: beide stekke letterlik mei de kop bóppe de oaren út, ja beslagge os jinnigen yn de bóndel elk un hiele bledsyde. Dêrmei wurde ut typografysk de wichtichste fersen yn de bóndel. Dêrtroch jouwe ja namstemear klam oan ut motyf fon de wikseling fon jirren en tiden en arbeid. Dêróm net: de ynhôd fon de beide fersen is wer hiel gewoan, neat gjin bûttenwenstige en (sabeare) djipsinnige oerwegings. | |
3. FiksjeBartle Laverman doar ut oan en brûk de nammen fon besteande persoanen yn syn fersen en hij plakt der ek nog fotoos bij fon dyselde persoanen. Ut is óp himsels neat besûnders óm gedichten oer of nei oanlieding fon besteande persoanen te meitsjen, mar ut komt jun os lêzer net olle dagen oer, dot de dichter sa klear sjen lit, dot syn teenzen net los sweevje fon de wurklikhyd. Ut tradysjonele byld fon poëzij is ol oars. Gedichten geane ómmers measten oer meensken sûnder flêsk en bloed, oer abstrakte ûnderwerpen en olgemien-meensklike problematyk. Ek os un bóndel lyryk ópdroegen is oan ien bepaalde persoan en os de fersen dúdlik rjóchte binne oan ien oansprutsen persoan, binne dy fersen mei ómt se printe en útjûn binne, net langer ornjerre fwar pryveegebrûk. Bartle dócht ut oars en bwartet óp dizze wize mei ien fon de earste regels fon de lyteratuer: fwar de lêzer dócht ut net ta de saak ot de beskreone persoanen wier-wier besteane; de lêzer hat ollinnig mar te krijen mei de tekst. Bartle twingt de lêzer suver óm fon dot prinsype ô te stappen en de tekst te ferbynen mei de libbene persoanen Bartle, Jelske, Jeroen, Leon, Rob, Lia, Johan, Liesje, Adri en Foppe. Gwón fon dy lju ha ik wólrus mei fûstke, dot ik gean der fon út dot dy ‘echt’ besteane. Ut dwarp Baflo bestiet ek echt en de plottegrûn óp syde 27 jout fjirders noch wot | |
[pagina 401]
| |
ynfermaasje oer hoe't ut der ‘echt’ óm en ta giet yn Baflo. De fotoos fon de besteande persoanen steane oars net tusken de fersen yn, mar fwarmje fwaryn de bóndel un apart gehiel. Miskyn matte wij de grûppjerring fon de dichter wól sjen os un hint óm der beholven meensken fon fleis en bloed ek typen yn te werkennen; typen fon de meenske dy't un jiermannig yndield yn pearkes ómpankoeket óp dizze ierdbol. Ut lyket mij olteast wól mooglik ta óm ut de kónkrete werkenbere sytewaasje wei djipper te dóllen nei de olgemien-meensklike ydeeën dy't út de bóndel sprekke. Os ik myn sin siz, sit der wot fon un syklys motyf yn de bóndel: ut jier út en yn; mar lykegoed ek wot fon sleur en berêsting yn ut gewoane libben. De sleur fon ut gewoane libben kryget stal yn: moandei 9 of 16 of 23 of
de wekker: sân oere
pisje, katten iten jaan
(...)
waskje, hurd hurd
sekken by de dyk
jas oan, tas ticht
jelske tút
doar ticht
fluitsje (s. 51)
Net ollinnig olle mandys, olle wurkdagen soenen sa ferrinne kinne. Op mandy folt ut jin óp ómt dy dei wól oars is os de snein. De krystfekônsje sit tusken de wurkdagen yn os un útsje, mar feitliken giet ut gewoane wurkerslibben tróch. Net óm 'e nocht dot ut fers moandei ut lêste fers is fon de bóndel. Ut is os wól de dichter sizze: meitsje jim mar gjin yllúzjes mei jimme fekônsje-ydeeën, wont de earste mandy nei de fekônsje sille jimm wól wer yn de kjeld óp matte. | |
4. OpbouwDe bóndel befettet njónken de neamde fotoos en de plottegrûn fon Baflo nog tweintich fersen. Sontjin fon de tweintig fwarmjede syklus ‘krystfekônsje’ fon freed 23 oant en mei snein 8. Moandei 9 of 16 of 23 stiet dêr heal los fon, mar makket wól ut slútstik út fon de syklus en de bóndel beide. Der sit net ollinnig un bledsyde wyt tusken ut fwarlêste en ut lêste fers, mar de sfear is ek gôns oars: net langer giet ut oer de kóntakten mei freonen, alkohol, gesellighyd en ut stikken slaan fon de tiid: nee, de deistige plichten en neden kómme jiryn oan de wuarder, ut jinnege kóntakt dot de dichter hat is mei eigen wiif: ‘jelske tút’ (s. 51). Oan de syklus fwarô geane un motto en ut fers tee mei keallepoat (s. 29). Ik ha dit earste fers fon de bóndel lêzen os un blikiepener, os un program fon de bóndel. Kaairygels dêryn binne fwar mij: ‘te sekundair foar it lulke taslaan // it duorret wol, wat sil / opstannichheid de moanne // in sirkel, witst wol adri’. De dichter ferkljerret syn flecht yn un byologysk dynamysk libben (‘op nei Arkadië’) út ut missen fon révolúsjonêr élan, no't ut yllúzje bliek, wêr't dot it don ek fwar stean mei. Flecht en berêsting: | |
[pagina 402]
| |
‘it duorret wol’. De sirkel befêstiget de berêsting, olles kómt ómmers óp utselde del: ‘der yn der út / de rest is wasem óp ut rút’ (s. 29). | |
5. FerswargingOer de typografyske ferswarging fon Anne de Vries kin men oars net os poasytyf oardielje. De bóndel bylket skoan en dot makket ek dot er der útkypet yn de fryske lyteratuer. De ferswarging fon taal en stavering lykwóls jout jir en dêr oanlieding ta fragen: de tytel fon de bóndel sels ol lit jun yn it ûnwisse oer de bedoeling: oan de iene kont ha ik oanstriid óm te tinken dot de dichter feitlik oars net bedoelt os klóntsjetee of klûntsjetee mei un kwart lûûd. Yn de bóndel Winter (1977) hat Bartle Laverman ut ek oer ‘klûntsjes yn de thé’ (s.20). Oan de oare kont wól ut mij ek wól oan dot er der wot fon ‘kloetsjen’ mei ut twilûûd oe yn treon hat: fjirder skolperje óp en oer de see fon ut libben. It wit ut net rjócht, mar ut soe mij neat gjin nij dwaan os de dichter de letterfretters ollegjer moai te fyter hat ómt er sels net sa swier tilt oan de krekte stavering en diskear tafollig kloentsjetee skreon hat. Sóks mat men hast wól tinke oer de skriuwwize pinehassus (s. 36) fwar pine harsens (akadeemjewurdbûk) en fersuorkje (s. 42) fwar geef Frysk ferswórje. Ik mien dot ik un printflater fûn ha yn in moaiste wurk (s. 43) yn stee fon it moaiste wurk en yn gjin noch (s. 43) yn stee fon gjin nocht dot helte beter post: ‘administraasje ôfhannelje / gjin noch / trochbite en telle’ (s. 43). | |
6. BeslútYn earste ópslach bekrûpt jin os sljochtwei lêzer ut gefoel dot dizze fersen sa partykulier binne, dot men jun ôfreget, wot men oan mat mei sókke pryvee-ómstannichheden fon ien, dy't men amper kin. Ut kostet de lêzer gôns wurk óm te apstrahearjen fon dy persoanlike ómstannigheden en de olgemien-meensklike tematyk dy't oan de wuarder steld wurdt yn ut fyzier te krijen. Mar lêst men fjirder en leit men dizze bóndel njónken de bóndel Winter, don soe maklik de kónklúzje lutsen wurde kinne, dot de bóndel Kloentsjetee un útwurking en kónkretysjerring is fon ut motto (‘(...) húvrjend stapstû yn 'e snie / dyn wurden op 'e nekke / om straks mei d'âlde lietsjes / fan kâlde kermis / thústekommen / sst...’ (s. 7)) en de perspektieven fon dy bóndel: ‘sa'n bytsje tiid / want hoe lang / lykwols elke dei wer op herhaling / (...) / lykwols / in sirkelgong / mei marginaal de hoop / de rjochte fan uniciteit’ (s. 8). Ut neiskrift fon de bóndel Neitins (1979) dócht ús te witten, dot de bóndels Skimerlânskippen (1975), Winter (1977) en Kloentsjetee mei Neitins un rige fwarmje dêr't de lêstneamde bóndel de keam fon útmakket. Ek yn de bòndel Neitins fyn ik deselde tematyk os yn Kloentsjetee: de sirkelgong fon ut libben, no stal jûn yn de dea fon adri, dy't geregeldwei ópdûkt yn de fersen fon Bartle Laverman. Un oare ûndersyker soe nochrus oer dizze 4 bóndels gear matte en don ek ómtinken jaan oan de ferhôding fon adri mei de dichter Bartle Laverman. |
|