| |
| |
| |
Eppie Dam
Daniel Daen en G. Willem Abma as lead om ald izer?
G. Willem Abma In satansbern (roman) De Tille - Ljouwert
Yn it wykblêd ‘de Tijd’ fan 8 febrewaris 1980 stie in nijsgjirrich artikel fan literair meiwurker Wam de Moor oer de rol fan de heit yn de moderne literatuer. Under de titel ‘Minder wrok in de literatuur: komt vader weer op huis aan?’ komt de skriuwer ta in foarsichtige konklúzje, dat it wolris dien wêze koe mei de fûleindige haatgefoelens fan skriuwers foar harren heit oer, sa't dy har benammen yn de sechstiger jierren oppenearren. De santiger jierren jouwe in hiel oar byld, nammentlik dat fan myldens, begryp en hjir en dêr ek skuldgefoel. De Moor neamt in pear moderne skriuwers mei harren romans om syn ûnderstelling wier te meitsjen: Maarten 't hart (De aansprekers), Kees van Kooten (Koot graaft zich autobio), Jan Wolkers (De doodshoofdvlinder). ‘Vader komt op huis aan, zou je zeggen als je ziet hoe er de laatste tijd over vaders (en moeders) is geschreven.’ Dy memmen foarmje ek mei de reden, dat der de lêste tiid ‘minder wrok, meer verlangen naar tederheid in de prozaliteratuur binnengeslopen is,’ tinkt De Moor. Hy neamt yn dit ferbân Maarten 't Hart (Een vlucht regenwulpen), Jeroen Brouwers (Het verzonkene) en Oek de Jong (Opwaaiende zomerjurken). Sawat oan de ein fan syn artikel hâldt De Moor noch krekt in slach om de earm as er skriuwt: ‘Je kunt het zonder geconcentreerd en met contrasten werkend onderzoek niet met zekerheid zeggen, maar het lijkt erop of het patroon van de hevig verstoorde relatie ouders-kinderen, zoals dat in het proza van de laatste decennia overheerste, niet meer het enige is.’ Dat hat wei fan in revolúsje, benammen om't de skriuwer earder opmurken hie dat ‘de vaderloosheid’ miskyn ‘wel het belangrijkste thema’ yn ús moderne literatuer west hat.
Sawat oardel jier letter (yn ‘de Tijd’ fan 17 july 1981) komt Wam de Moor op dit thema werom yn in artikel mei de titel ‘Rouwend om vader en op moeder verliefd’. It docht bliken, dat de hiele problematyk ek yn de bûtenlânske literatuer oan de oarder komt. Paul Kersten (Dútslân) en Knut Faldbakken (Noarwegen) beskriuwe yn harren boeken (respektivelik ‘De alledaagse God van mijn vader’ en ‘Zijn moeders huis’) it ferlies fan de
| |
| |
heit en de leafde foar de mem, mei skuldgefoel en tagedienens. Wat de heit oanbelanget, it liket derop dat ‘nu het gemis de wrok overspoelt’, wylst Faldbakken syn hertstocht foar syn mem, him it predikaat ‘opgewekte freudiaan’ opleveret. Dat is wol wat oars fansels as it eardere skellen en razen tsjin heiten en memmen dy't oars net koene as harren autoriteit bewize. Is der dan dochs sprake fan in revolúsje? Of binne dit wer twa tafallige krinten út de grutte literaire brijberch?
Wy moatte wat tichter by hûs bliuwe. Yn ús eigen Ljouwerter Krante (ik leau fan 18 july 1981) pleitet Ab Visser foar in mear positive fyzje op haat en rankune by skriuwers, om't soks no ienkear treflike literatuer opleverje kin, hoewol't er likegoed each hat foar it feit dat wrok ek liede kin ta in sekere ‘pose’. Mei oare wurden: Rankuneuze literatuer kin ek in gipskesjet wurde om in ankel dat net brutsen is.
Wêr wol ik winlik hinne? Yndie, it wurdt no tiid om noch tichter by hûs te kommen. Ik stean op de stoepe en skilje oan. Willem Abma docht syn boekje iepen: In satansbern. Hy sjocht my lyk yn de eagen en fuort wurd ik de trekken gewaar fan Daniël Daen. Dy syn fersen haw ik lêzen, wêryn't er ôfrekkene mei syn heit en syn Heit, mar dy beide falle gauris gear (De âlde en de leave Hear as lead om âld izer).
De dichter Daniël Daen hat dus no yn de persoan fan proazaskriuwer Willem Abma (G. Willem Abma sels) in roman skreaun, en de alderearste konklúzje moat wêze dat er yn thematyk suver gjin fingerbreed ôfwykt is fan syn eardere statements: heitehaat, Heitehaat. De rankune yn poëzij is in rankune yn proaza wurden. De wrok wurdt oereide. Haadpersoan is Wibren (Jolle) Hiddema, in Fryske boeresoan dy't ‘mei tsien hynsten út 'e stront lutsen is’ en dy't, nei in beroerde jeugd, it âlderlik stee ferlit om him yn Grins, ‘de metropoal fan it noarden’, nei wenjen te setten. De jongkeardel studearret dêr theology, wylst er ûnderwilens alle war docht en reitsje syn ferline, bepaald troch syn heit, syn mem, syn skoalmaten en syn leauwe, kwyt. As in besetene stoart er him yn it ‘frije’ libben, rint (en naait) de hoeren (fan foaren likegoed as fan achteren) plat, en set him mei de domdryste gekte fan in psychopaat ôf tsjin allês wat him mar oan oarder en tradysje foar de fuotten komt. Mar alles wat er kwytrekket, syn ferline net, inkeld himsels. Sjoch dêr it risseltaat fan twahûndert siden frustraasje yn in brodzige broeikas fan selsbegrutsjen en masogisme. Daniël Daen en Willem Abma as lead om âld izer? Ynhâldlik seker, mar skriuwen is fansels mear as ynhâld allinnich en dêrom sil de fraach aansent noch in kear steld wurde moatte.
Moatte wy no sizze dat de Fryske literatuer mear as tsien jier achteroan komt by dy fan de Hollânske skriuwers? Men soe it hast tinke. Wylst ‘hun vader’ de fuotten wer in bytsje ûnder it gat liket te krijen, kriget ‘ús heit’, nei alles wat er al te ferduorjen hân hat, sels yn de tachtiger jierren noch in traap nei. Sterker, ek ‘ús mem’ komt der diskear net sûnder kleanskuorren ôf. Lykwols in pear restriksjes: Daniël Daen / Willem Abma is de Fryske literatuer net. 't Hart, Van Kooten en Wolkers binne de Hollânske literatuer likemin. Boppedat is Wam de Moor him der tige fan bewust, dat er net mear dien hat as hoeden synjalearje. Hoewol't de
| |
| |
oansetten der grif binne, moat noch bliken dwaan oft der werklik sprake wêze sil fan in kentering lykas earder beskreaun. (De Moor is trouwens al fan doel en sykje dit fierder út. Elk dy't him ynteressearret foar dit ûnderwerp, kin him helpe troch him ‘passages in boeken van de laatste twintig jaar (Nederlands vooral, maar ook Frans, Duits, Engels) te noemen die hetzij het autoritaire vaderbeeld, hetzij het verlangen van de vader vertegenwoordigen.’ Frysk mei ek, sis ik der dan by. Adres: Wam de Moor, Katholieke Universiteit, Erasmuslaan 40, kamer 2. 54a, Nijmegen).
Foardat ik no dalik op it boek sels fierder yngean, moat ik earst in wurdmannich oer de ferhâlding skriuwer-haadpersoan sizze. Ik bin oant no ta altyd prinsipieel útgien fan in stringinte skieding tusken skriuwer en personaazje(s). It hantearjen fan sa'n prinsipe by besprekken hinget faaks gear mei de aard fan eigen skriuwerij, wêryn't skriuwer en personaazje(s) lang net altyd gearfalle. Dêrom fyn ik it ek net mear as ‘fatsoenlik’ foar oaren oer en bewarje in feilige distânsje tusken harren persoan en harren kréaasje(s). In skriuwer hoecht sels net fan gefulde koeken te hâlden om syn personaazje sa'n ding mei smaak opite te litten, lykas in besprekker lêsten al hawwe woe.
No't ik ‘In satansbern’ foar my haw, wurdt it lykwols allegear even oars. Dat skriuwer en haadpersoan hjir net maklik te skieden binne, docht dúdlik bliken út it achteropwurd; dêryn wurdt nammentlik ûnmiskenber in ferbining lein tusken Willem en Wibren. De skriuwer hat yn Grins studearre: theology, mei in foarkar foar filosofy. It giet de haadpersoan krekt sa. De skriuwer hat feebegelieder west, Wibren kin dêr fan meiprate. Ek Abma sels liket dus de suggestje jaan te wollen, dat er it yn it ferhaal oer himsels hat. Net dat soks in skande is, mar de slach om de earm op side 4 is dan net alhiel begryplik: ‘No libjende persoanen of ynstellingen binne net as foarbyld nommen. Eltse gelikenis mei besteande persoanen of ynstellingen berêst op tafal.’
De wierheid soe erges yn it midden lizze kinne: De skriuwer hat as útgongspunt en achtergrûn wol syn eigen omstannichheden nommen, mar dêrnei is it ferhaal mei de personaazjes oan de haal gien, sa't se yn ek-de-skriuwer-net-eigen sitewaasjes bedarren. Hoewol't dat op himsels hiel respektabel is (in roman is gjin biografy), hie it, nei myn betinken, dochs better west en lit of de tekst op side 4, of de persoanlike ynformaasje yn it achteropwurd gewoan wei. No kriget de lêzer yndie tefolle de yndruk fan in ‘pose’ (wat benammen proazaskriuwen winlik ek is, dêr net fan), krekt as woe de skriuwer him yn ien kear weiwine foar al syn hertstochtlik skellen en rachen.
De roman telt XXV haadstikken, nei harren langte farjearjend fan 2 oant 55 siden. Ynhâldlik beskriuwe se dan werris it bestean fan Wibren as studint (in frij kronologyske tried mei in begjin en in ein), dan werris it libben fan Wibren as jonkje en jongfeint thús en op skoalle (dizze parten binne mear fragmintarysk te neamen). Bytiden frisselt de skriuwer ek stikjes ferline troch it trochrinnende ferhaal hinne, bygelyks yn de drea- | |
| |
men fan Wibren en yn dy syn kontakten mei oaren (syn frreon Douwe en syn psychiater). Beide ferhaaleleminten (syn studint-wêzen no en syn bern-wêzen doe) komme gear yn de besites dy't Wibren in pear kear bringt oan syn neiste famylje.
Op haadstik XXIV nei (hy-foarm), is it hiele boek skreaun út it eachweid wei fan de ferteller as ik-figuer. De skriuwer hat him dêrmei ûnnoadich in soad lijen op de hals helle, want it hat der alle skyn fan dat it hiele boek krekt op it punt fan it perspektyf de mist yngiet. In hy-perspektyf (of in do-perspektyf likegoed) hat hiel wat foar. De personaazjes kinne it hast net sa raar fertoane, of de skriuwer wit it mei de sizzens- en oertsjûgingskrêft fan de objektive taskôger, noch wol oannimlik te meitsjen. Oer syn skouder hinne lêst de lêzer mei en tegearre besjogge se it hâlden en dragen fan de romanfigueren. By in ik-perspektyf komt de skriuwer de lêzer temjitte en dy sil no sels útmeitsje moatte wat ridlik, oannimlik, ferantwurde en fertarber is, en wat net. De skriuwer jout it heft út hannen en is ek frijwat beheind yn syn mooglikheden.
Om in foarbyld út ‘In satansbern’ te neamen, de Fryske boeresoan (ja, deselde dy't ‘mei tsien hynsten út 'e stront lutsen is’) blykt yn de grutte stêd sa'n geweldige ynfloed op alle soarten fan froulju te hawwen, dat er de grutste fersierder fan it noarden wurdt en al syn rivalen inkeld al mei syn ferskining oan kant reaget. My tinkt, in skriuwer hat wol tweintich hynsten noadich om sa'n boerelul sadanich út syn eigen frustraasjes te skuorren, dat froulju him mei graachte yn harren skerte nimme. Dat kin, leau ik, inkeld yn in ferhaal mei in hy-perspektyf, dus ûnder it gesach fan de skriuwer dy't der sels by wie (by wize fan sprekken dan) en it witte kin. No binne dizze fersierpassaazjes mear bespotlik as oannimlik, en de lêzer sjocht sa'n, mei himsels tige ynnommen, kwal fan in Don Juan dan ek earder foar him yn it museum fan Madame Tussaud as oan de bar yn in bistro yn Grins.
Ek de passaazjes oer Wibren syn magistrale erudysje misse it wierheidsgehalte fan in fertellende ‘bûtenstanner’. Net dat de lêzer no fuort tinke sil, dat de ik-figuer in potsje stiet te ligen of sels mar in krom oerdriuwt, mar der wurdt tefolle romte litten foar argewaasje fanwegen safolle ferheven opsnijerij, want yn dizze foarm kin it net oars as sa oerkomme. De skriuwer wurket it sels yn 'e hân, dat de ôfstân tusken de lêzer en de haadfiguer hieltyd grutter wurdt. Soks fret ek troch yn oare sitewaasjes. Dêr't de skriuwer faaks rekkene (en miskien ek wol rjocht hie) op begryp, meilijen en kleminsje fan de lêzer foar syn personaazje oer, dêr kin dy lêzer no gauris oars gjin kant út as sko him (Wibren) lêbigens en selsbegrutsjen yn de skuon. En dat allegear om in wurdsje fan mar twa letters.
Abma hat trouwens ek yn oar opsicht fersomme en win de sympathy fan de lêzer foar syn Wibren Hiddema. De bûten-proporsjonele oanfallen op syn neiste famylje en it kristlik leauwe yn kombinaasje mei syn fyzje op it minskdom, meitsje fan Wibren net dalik in oangenaam indifidu. Net dat soks in betingst is foar it slagjen fan de roman, mar Wibren mist ek de persoanlikheid om syn útfallen, ynhâldlik likegoed as nei de
| |
| |
foarm, krêft en oertsjûging mei te jaan. Dêrtroch kriget syn krityk gauris in razerich effekt yn de holle klankkast fan eigenmachtich oproppen waanbylden. De beskriuwing bygelyks fan syn jiergenoaten as soene de measte theologystudinten in steltsje fegetearjende idioaten wêze, is der gewoan te fier by troch: ‘Allegear hawwe se in grutte fok op 'e noas. By de measten stiet de mûle op in kier, elts momint kin de flibe der út rinne. Dochs is der mar ien dy't echt kwylt. Der sitte ek in pear bi-typen ûnder dy't, mochten se oanstriden yn dy rjochting hawwe, harren sels fansels nea wat bekenne sille fan soks. It binne brave boarsten dy't hurd studearje om mar sa gau mooglik de pastorij yn te kinnen.’ (35) Sokke dingen skriuwe sil de lêzer noch akseptearje ek as it dien is mei in briljante pinne, mar op dizze manier komt er moaigau tusken de rigels mei syn kommentaar of syn argewaasje.
Uterlikheden bepale nammers faker Wibren syn hâlding foar oaren oer. Syn freon Douwe liket it proto-type fan in geve Germaan te wêzen: ‘It falt my op hoe 'n kreaze kop er hat, it nimt my foar him yn. By ûnsjogge minsken moat ik altyd in barrère oerwinne. Hy hat in kante kop en in geef gebyt.’ (13) Fierders hat de hospita ‘in grutte dûnkere wart op it lofter wang dêr't ik tige oan wenne moat, mar se is freonlik.’ (16) In grutte tsjinstelling sit der yn syn ferwachting fan wat oaren foar him wêze moatte oan de iene kant, en syn eigen hâlden en dragen foar dy oaren oer oan de oare kant. Hysels wurdt bytiden de diktator dy't syn heit ienris foar him wie, sûnder dat dúdlik makke wurdt dat it iene wolris it gefolch fan it oare wêze kin. Mei in ‘gemiddelde’ fan ‘noch altiten ien frommins wyks’ (89), ferwyt er syn âlden dat ‘sokke lju pearje sûnder der by nei te tinken, se wachtsje gewoan ôf wat de Heare der fan makket. It binne krekt primitiven dy't gjin ferbân lizze tusken de seksuële died en swier reitsjen fan in frou,...’ (147) Op side 45 docht lykwols bliken, dat ek immen mei in geweldige erudysje dat ferbân net altyd like dúdlik foar eagen stiet: ‘Ynienen réalisearje ik my dat ik it yn har rinne litten haw. Wat in goare rotstreek fan dat frommins. By elke stap reitsje ik der mear fan oerstjûge dat se my der ynlûzje wold hat.’ En de moaie (ik soe hast sizze: fromme) wurden fan de achterflap oer it gefjocht fan de haadpersoan (‘Elke folwoeksene dy't it bern dat er wie én it bern dat er mooglik te wrâld helpe sil, respektearret, kin oan de realitiet fan sa'n gefjocht net foarby gean.’), dy wurden komme al even yn in oar ljocht te stean as wy lêze wat ditoangeande op side 46 debitearre wurdt: ‘Karyn
hie my
oansjoen, mar ik haw de holle ôfdraaid. Ik haw gjin inkeld boadskip oan dat frommins. Se hie al lang lûd jûn as se yn ferwachting wêze soe, mar as se it is, moat se net by my wêze.’
By alle lytse flutterkes selskrityk, is der ien dy't manje goed yn de gaten hat: de duvel sels. Dy smyt him op in bepaald momint foar de fuotten: ‘Do bist in type dat altyd easken stelt oan syn omjouwing dy't ûnferfolber binne, en dan oaren dêr de skuld fan jout’ (125) In koartere gearfetting fan it boek falt net te jaan.
It is net de alderearste taak fan de besprekker en jou in weardeoardiel oer de opfettings en it gedrach fan romanfigueren. Dat er it hjir al dien
| |
| |
hat is om't se sa rillefant binne foar in boek mei in haadpersoan dy't oars net docht as weardeoardielen útsprekke. In bytsje mear en wat serieuzer selskrityk hiene Wybren en de roman beide net misstien. Der noch altyd fan útgeande dat de skriuwer it lijen en de ellinde (it gefjocht) fan syn haadpersoan wrâldkundich makke hat om rûnom begryp en moederaasje te rispjen (foar Wibren, sis ik derby), dan kin de konklúzje oars net wêze as dat soks net slagge is fanwegen Wibren syn tipelsinnige bottens. De man is net gefoelich, ek al fertelt de skriuwer bygelyks fan him dat er as jonkje angelfiskjen wreed fûn, hy is like hurd as in stien. Allinnich as er op naaien út is, wurdt er even weak en kliemsk om sa it frouljusfleis wat op te waarmjen. Sawat it hiele boek troch (oer de útsûnderingen aanst in wurdmannich mear) hinget de lêzer dan ek oer nei it fijannige kamp, en mocht er nochris twivelje en dochs noch Wybren syn kant kieze wolle, dan sil it lêste haadstkik him dêr gau fan genêze. Nei de besites oan de psychiater en de moard op de heit, lykje de tiid en it boek ryp foar de stilte, de ynkear, de besinning, om fan skuldbesef en spyt no noch mar even te swijen, mar nee, de haadpersoan krûmet noch ien kear de rêch om no nochris fûleindich út te heljen nei de mem, mar it effekt op de lêzer is, nei alles wat er al meimakke hat, nihil. De lêzer lit Wibren falle, lykas dy syn mem falle liet.
De bêste parten fan it boek binne dy wêryn't Abma skriuwt oer Wibren as lyts jonkje. Syn freonskip mei it hûntsje Max komt aardich út de ferve mei as abslút hichtepunt it tegearre bidden foar in behâlden thúskomst fan grutte beskermbroer Ruben út Ynje wei (‘-net slikje Max, net slikje, wês no earbiedich-’ 74). In oar oandwaanlik foarfal dat jin bybliuwt is dat fan it bidden fan it jonkje foar in ko mei molksykte: ‘in naam van de levende God, ik zeg u: sta op en wandel.’ (93) De ko komt oerein. Noch moaier is de bea as ien fan de bisten liboats is: ‘In naam van de levende God, ik gebied u, gij liboats ga naar binnen.’ (94) Sûnder risseltaat. Ek haadstik XII Bolle is yn al syn koartens in geef stikje wurden. En dan is it safolleste spitiger, dat de skriuwer de grutte Wibren letter net wat better yn de hân hat en dy syn eigen trauma opblaze lit ta in ierdskodding sûnder wjergea, dêr't in baas tongerbui op syn plak west hie om de loft op te skjinjen.
Abma hat aardich konsekwint west yn it delsetten en opbouwen fan de measte personaazjes. Benammen Wibren syn ‘helpers’, Ruben (in soarte fan Jezusfiguer tusken heit en soan yn) en Douwe (‘de Ruben fan Grins’), wurde minsken fan fleis en bloed, lykas ek Hiltsje (syn suster) en Ethelle (de tipelsinnige hittepetit dêr't er mei omslacht). De heit bliuwt dochs wat in karikatuer (ek al hat de skriuwer mear as ien kear besocht en meitsje dúdlik dat dy man werklik sa wie), mar miskyn dat dit wol lije kin. Thea, it famke mei kanker, kriget de lêzer minder goed fet op, wylst de mem mislearre is, fyn ik. Benammen de omswaai yn de fyzje fan de haadpersoan op har persoan (lêste haadstik) is fierstente abrupt en dêrmei wurdt Wibren syn oanfal op har ek ûnridlik. Wibren sels is al genôch oer sein, al soe men der yn dit ferbân noch oan tafoegje kinne dat de skriuwer kenlik te min ôfstân fan him nimme kind hat.
| |
| |
Wibren J. Hiddema hat G. Willem Abma yn de macht hân, wylst it foar it wolslagjen fan de roman oarsom moatten hie.
Daniël Daen en Willem Abma as lead om âld izer? Nee. Yn Daen syn dichtbondels kaam ik op de tritich fersen altyd wol fjouwer as fiif tsjin dy't de muoite fan it werlêzen mear as wurdich wiene en noch binne, wylst yn Abma syn roman fan mear as twahûndert siden net ien briljante passaazje te finen is. Abma skriuwt in flak soarte fan proaza sûnder intrinsike wearde, dat de leafhawwers fan klearebare stylkeunst dan ek gjin momint boeie sil. Net allinnich is de taal net altyd like suver nei de letter, se mist ek de sizzenskrêft om de dingen stilistysk sadanich nei in heger plan te tillen, dat de romanfigueren meiprofitearje kinne fan sa'n diminsje ekstra. Der stiet ek gjin wurd mear as dat der stiet. Humor is der net by, ek al hat de skriuwer noch al besocht en doch in goai yn dy rjochting: ‘Ethelle nei de kloaten, nei dy fan James wierskynlik,...’ (117). En: ‘Dat ear moat hast in orgaanneuroze wurden wêze, by de minste spanning begjint it te rinnen. Rûn it mar fuort.’ (121). De iennichste grap dêr't ik om laitsje koe, stie op side 122, maar faaks wie dat net sa bedoeld: ‘Wat fiel ik my trouwens lullich, ik haw it gefoel dat myn gulp iepen stiet,...’ ‘In Satansbern’ is as roman net folslein mislearre, mar dêr is dan ek wol alles mei sein. Wa't Daniël Daen syn fers ‘swier waar’ fergeliket mei Willem Abma syn tonger-passaazjes op side 183/184 sil dúdlik wurde dat de lêste syn proaza hiel wat minder om hakken hat as de earste syn poëzij. Dat is noch in hiel ferskil.
Polder, augustus 1981.
| |
Taheakke:
Yn in fraachpetear mei Joop Boomsma (Frysk en Frij, 10 oktober 1981) hat de skriuwer fan ‘In Satansbern’ besocht en lis wat tsjinwichten yn de skealje, om't de evender ûnder ynfloed fan de net geweldige kritiken oant dan ta, nei syn betinken, te fier trochslein wie de negative kant oer. It is spitich, mar Abma komt suver nearne mei ynhâldlike arguminten en kin dêrom ek net dúdlik meitsje wêrom't syn boek winlik better fertsjinnet as de lije réaksjes dy't it oproppen hat. Hy fertelt inkeld dat er ‘safolle oare lûden heard hat’, dat er ‘in tal foarbylden’ jaan kin ‘hoe't’ minsken har weromkenne yn dit boek’ en dat der mar in pear binne ‘dy't witte wat se by my efter de wurden sykje moatte en wat se oan my hawwe’. It krijt in bytsje wei fan skermje moatte mei opteine kommintaren út eigen fermidden en alle kritisi bûtenspul sette wolle troch har de wittenskip foar te hâlden, dat se hjir te krijen hawwe mei in tige komplisearre fenomeen: G. Willem Abma, net foar bûtenstanners. Mar sa maklik sil de kritikus him net yn de hoeke sette litte fansels. Mei it oardiel fan tredden hat er likemin wat noadich as mei it al dan net sabeare mystearjeuze karakter fan de skriuwer. Wat jildt, is it boek dat er skreaun hat, oars neat. Dat boek sil skine litte moatte dat der yndie mear achter de wur- | |
| |
den sit as dat it op it earste each sa liket. De roman ‘In Satansbern’ docht dat net en is yn dy sin dan ek gewoan in tige oerflakkich boek, sûnder ferbylding, sûnder suggestje.
De manier wêrop Abma de swakte fan syn eigen produkt bleatleit, is net allinnich beskamsum mar ek sa oertsjûgjend, dat de bêste kritikus it him net ferbetterje kind hie. Earst karakterisearret er it skriuwen fan proaza, yn tsjinstelling ta dat fan poëzij, as ‘it wat mear yn lykwicht wêzen, wat evenrediger’, om dan in kolom fierder oer ‘In Satansbern’ op te merken: ‘Mar hawar, dy roman lei yn 'e koartste kearen by in útjouwer. En ik haw der bewust ek neat mear oan dien, want it wie ien skreau, ien gjalp fan 'e haadfiguer (...). Der hat gjin distânsje west, kinst merkbite, tusken de skriuwer en de tekst. Der is in bytsje omtinken jûn oan 'e stilearring fan 'e dialogen bygelyks, fan 'e dingen dy't barre, oan 'e komposysje faaks ek wol. Dat wie ek in beswier fan 'e kritisi. Nee, dit is daliks yn 'e hite hei delset, op it papier kwakt.’ Yndie, Joop hat dizze wurden optekene út de mûle fan in folwoeksen literator mei in reputaasje, net fan in dwylsinnige proazapûper yn de puberteitsjierren. Abma sels lit sjen dat er by it reemeitsjen fan ‘In Satansbern’ ophoden is, dêr't er winklik begjinne moatten hie. Dan moat er net de kritikus de skuld jaan. Hoe sil dy ea in goed wurd oerhawwe foar in boek, dêr't de skriuwer sels fan seit dat der gjin distânsje west hat, dat der in bytsje omtinken jûn is oan stilearring, oan de komposysje, dat it yn de hite hei delset en op papier kwakt is, as hied er in dampende strontkroade lege op de rûchskerne. De bakker hat in boltsje bakt. Der hat dúdlik gjin distânsje west tusken him en it daai. Hy hat in bytsje omtinken jûn oan de skakearing fan de krinten en oan de foarm fan it baksel likemin. Hy hat it sa op de bakplaat kwakt en yn de hite hei yn de ûne treaun. Tiid foar de riis, lit stean foar it gearwurden, wie der net, want yn de koartste
kearen lei it gefal by de klant op de tafel. Hy hat der bewust neat mear oan dien, want it wie ien kwak, ien opstiging fan it daai, lês: de bakker. Dat is de man syn goed rjocht, mar dan net seure at de konsumint der gjin bek op sette wol. Want de bakker hat gjin boltsjes ôflevere, nee, inkeld in dreech stik daai mei hjir en dêr in krint. Wat is in boek sûnder distânsje, sûnder omtinken, sûnder komposysjes, sûnder oerlis en behearsking? Is dat wol in boek?
Ik sil hiel earlik wêze, ik haw net iens lake om dit nuvere fraachpetear, hoewol't in normaal minske him de bûsen maklik útskuorre kind hie, ik haw net lake, sels net doe't ik lies dat de kritisi gjin each hân hawwe soene foar ‘de psychologyske ferfining fan 'e haadfiguer’, de rûchhouwer. Ik haw net lake. Mar o, wat krige ik doe in kleur.
It is te hoopjen dat Abma syn tredde en syn fjirde roman earst nochris trochlêst mei de eagen fan in kritikus, foar't er se by in útjouwer op it buro kwakt. In skriuwer dy't eat mei himsels en mei de lêzer ophat, docht dat nammentlik. In skriuwer dy't it mei himsels en syn lêzers troffen hat, net.
Polder, 11 oktober 1981.
|
|