Beart Oosterhaven
Ik skriuw de fersen
Dêr't ik allinnich bin. Allinnich dêr't ik allinnich bin. Mei heechút in bist. Allinnich. Gjin minsken om my hinne.
Allinnich. Yn de folsleine ferbjustering om de gedachte. Dy't dan tins wurdt. As in dronken drinkeldeade. My fêsthâldend oan it stamke yn 'e stream. In wurd.
mei de knibbels tsjin 'e jiskebak
Fiif, seis kear jiers. Net faker.