| |
| |
| |
Herman Heida
It trettjinde fers
1.
Op 'e jûn fan de tritichste desimber stie ûnferwachts myn goefreon Herman foar de doar. Wy hiene inoar in hiel skoft net sjoen om't ik yn it bûtenlân west hie, mar de stimming wie samar wer as fan âlds. De ferhalen kamen los ûnder it beharkjen fan in plaat dy't ik meibrocht hie: Making movies fan Dire Straits. It die bliken dat de musyk, dy't hiel wat oantinkens oan myn reis losmakke, him ek aardich rekke. Benammen it liet Romeo en Juliet kaam ús oan it moed, en streake mear as ienkear ús earen. It is in prachtige kombinaasje fan musyk en tekst: Juliet, when we made love you used to cry.... Wy waarden der suver even oars fan, en de tinzen gongen as fansels werom nei de dagen dy't noch net fier efter ús leine.
Herman wie noch wakker ûnder de yndruk fan it wykein dat er mei in frou trochbrocht hie yn in grutte stêd. Om dat te yllustrearjen fiske er in brievekaart oan har út 'e jasbûse, en lies er my in stikmannich rigels, oer syn oankomst yn in doarp, nei it ôfskie yn 'e stêd:
De jûn wie al út de sleatten opkaam, doe't de trein it stasjon útried. It reinde súntsjes. Mei in genedige hûd rûn ik it perron ôf, de polder yn. It wiete gers bea my in plak oan, dat ik sûnder omballings oannaam. ‘Tankjewol, tankjewol!’
Ik siet - in beamke yn 'e polder. Mei de rêch nei de bewenne hoeke. Deastil. De rein dy't my allegeduerigen rekke, fielde as túch sa sêft. As túch, dat inkeld by lampljocht sichtber wurdt. It fochtiche flues, dat oer de tearen fan myn hannen en gesicht foel, fielde sear oan. En dêre, just dêre, begûn it hopeleas ferwegen. Der ferweegde ynienen, ik wist net wat, mar sa dierber, dat gjin drip rein it noch treast wie. Nearne, ik wie nearne mear. Der kaam gjin ein oan wat him net dôvje liet. Of it hie de dize wêze moatten, dy't de prachtiche lege polder ynmarsjearde, mei allerhanne fûgelguod en de rûm tinkende sinne.
It is gjin wenst, en gean op in reinige jûn yn in greide sitten, woe 'k ha. Mar Herman hie hast net oars kind. De erfarings dy't er efter de rêch hie, hiene him sa gefoelich makke, dat er it machtich lânskip net langer wjerstean koe.
Falt sa'n gefoeligens fêst te hâlden? De oarspronklike erfaring kin net oppenij belibbe wurde, it iennichste wat bliuwt binne de oantinkens,
| |
| |
oan hoe't it wie. Dy oantinkens soest wol heine en fiere wolle op in feilich stee, as lei alles noch farsk yn it ûnthâld, mar op 'en doer rûgelje se as los sân troch in taknypte hân. Inkeld hjir en dêr bliuwt in kerrel efter. It gefoel komt nea werom, lykas it ea wie. Alles feroaret. Alles giet oer. Ek dit.
Ik stimde Herman mei yn syn oertinkings, en sette de plaat fan Dire Straits nochris op. It flechtige fan alles hood my ek gauris dwaande. It kaam my yn 't sin dat ik my wolris net wosken hie, om it gefoel langer by my hâlde te kinnen. Sa holp no ek de musyk dy't de keamer wer folle my ta it oppenij belibjen fan myn aventoeren. Ik herkende de gefoelens dy't ik hân hie ûnder it hearren fan dy musyk yn oare omstannichheden.
Bygelyks doe't wy djip yn 'e neinacht op weromreis wiene fan it konsert fan The Police, wurch mar foldien. Ut de oantekens yn myn deiboek:
Se lei mei de holle op myn skoat te sliepen, wylst ik de Dodge Mirada oer de highway op hûs oan stjoerde, de automaat ynsteld op 55 myl yn 't oere. De wei wie lang en leech, de nacht stil en stjerhelder, en noch sa soel. Troch it iepen rút klonk it rûzjen fan de luchtstream en it sûzjen fan de bannen oer it asfalt, en it lokale FM-stasjon spile dy nije plaat fan Dire Straits. It hearde allegear sa byinoar, alles wie ien mei it ljocht yn 'e fierte, en ik wie der in part fan.
En ek letter, dy kear by har tús dat wy de plaat opstean hiene, doe't wy nei in bêste hit from the bong oer de flier leine te frijen: as soe der nea gjin ein oan komme. Wat bliuwt der fan oer?
De fraach nei It Gefoel. It like ús in nijsgjirrich tema foar in gedicht. Wat dat oanbelanget sitte Herman en ik meast wol aardich op ien tried, beide piele wy mei poësij. Der giet dan ek suver gjin petear foarby sûnder dat ús skriuwerij te praat komt. It soe trouwens tiid wurde dat ik werris wat skreau, want in protte hie ik om utens net oan it papier tabetroud. Folle fierder as de rigel Hoe fier moat ik gean? op 'e efterkant fan in foto fan myn grutte Amearikaanske hierauto dy't ik freon Herman tastjoerde, wie ik net kaam. Ik hie noch altyd gjin bydrage foar it earste nûmer fan de nije jiergong fan Trotwaer, en boppedat lei der in fersyk fan de redaksje om in stik oer myn skriuwen sels dêr't ik suver noch net nei omsjoen hie. Dit like my in goede oanlieding en meitsje in nij fers, en tagelyk in beskriuwing fan it dichtproses.
Hoe't men it ûntstean fan in gedicht krekt fêstlizze moat wie ik noch net oer út 'e rie. Ik hie der wolris oer neitocht en lêzen, mar ik hie myn befinings noch net op papier set. It wie my wol klear dat it brûken fan in lûdopnimmer wis wol fertuten dwaan koe.
Hoe? In fers rûgelt jin meast net samar út 'e pinne. Under it skriuwen wei falt jin fanalles yn, en dêr komt mar in skytbytsje fan yn de einslutende tekst telâne. Mar dochs wurkje al dizze ynfallen wol op ien of oare wize troch yn it fers. Elke neatsizzende tins kin in nije oproppe, dy't wol hiel weardefol blykt te wêzen. Sa binne dus ek alle omballings in part fan it dichtproses. As de dichter no lûdop tinkt, soed er al dy ynfallen gewoan fêst lizze kinne mei in bânapparaat. Efterôf kin, oan 'e hân fan sa'n opname, it spoar werom folge wurde. Earst dan kinne ûnferwachte
| |
| |
‘assosiaasjes’ dy't oars maklik fergetten wurde soene, nei foaren komme.
Herman sei dat it lûdoptinken likegoed syn beheinings hat. De dichter kin stomwei net alles sizze wat er tinkt. Hy nimt, sûnder euvelmoed, yn syn harsens al beskate beslissings. Wat bliuwt ûnbewust? Wat wurdt bewust? Oan dy swierrichheid is net te ûntkommen, dêr helpt gjin opnametechnyk oan.
It idee lokke ús lykwols wol oan. It wie grif it besykjen wurdich. Dat soe heve! It lei foar de hân dat Herman der by wêze soe, mandélich as er wie oan it ûntstean fan it tema. Ik meitsje myn fersen nammers meast net allinne. Faak jou ik my del yn in hoeke fan in iepenbier lokaal om te skriuwen. Der giet in soarte fan rêst út fan de lûden yn in kafee. It kaam dus hiel goed út dat wy beide útnoege wiene foar in feest dat de oare jûns, of leaver sein nachts, hoden wurde soe yn wenmienskip It Pypke. Wy akkoarten dat wy de oeren dêr net doelleas ferstrike litte soene. Ik soe dêr, yn gearspraak mei Herman, myn trettjinde ferse foar Trotwaer skriuwe. In fers oer It Gefoel.
| |
2.
(Dêr sitte wy dan. Op twa noflike stuollen yn de efterkeamer, mei in protsje papier op 'e knibbels. Neist ús in taffeltsje mei in opnimmer en twa skjinne kassettes. Aldjiersjûn 1980. De klok oan 'e muorre wiist omtrint healwei achten oan.
De measte oaren sitte noch yn de foarkeamer, dêr't wy niiskrekt it skoandere miei fan Jeannet behimmele ha. De tillefyzje stiet oan, goedkeape musyk komt troch de hege iepen skodoarren op ús ta. Dêrtrochhinne klinke de lûden fan it tafelbiljertspul foar ús oer: no en dan it tikjen fan de ballen, gjalpen en gnizen.
Ik triuw in kassette yn it apparaat. Wy sjogge inoar ris oan. Wat sil dit wurde? Der kin fan alles barre, of neat. Dan druk ik de knoppen yn
- Doe hiest al wat betocht, seidest.
- Ja, wat ik hiel moai fyn is in rigel as: de jûn rûkt nei kamperfoelje.
- Hoe komst dêr by?
- Soks falt jin gewoan yn. Kamperfoelje begjint krekt by jûntiid te rûken.
- Hm.
- Mar miskien moatte wy earst It Gefoel wat krekter oantsjutte...
- Ik fiel my eins amper by steat en set hjir jûn wat bestekliks op papier.
- Hoeno, fielst dy net sa goed?
- Ik bin gewoan min op 'e lea. It waard ek sa ferrekte let fannacht. Mar ik bin it tema dêr't wy it oer ha soene ek in bytsje kwyt.
- Wy hiene it oer de rook dyst by dy hâlde wolst. Dast dy dêrom miskien wolris net waskje soest, neitiid.
- Sille wy mar wat oars betinke?
- Wêrom? Ik fyn dat in hiel moai tema.
Mar net om hjir jûn út te wurkjen. Of just al, ik wit it net.
| |
| |
- De swierrichheid is fansels... Wêr soest dan oer skriuwe wolle?
- No ja... ik wit net. As it mar ûnberikber is.
- Unberikber...
(lang swijen)
- Dat idee allinne is net genôch. Wy moatte der wat oan ferbine.
- Ja, wêrom soest dy...
- Der hat wat west, en dêr is wat fan hingjen bleaun. Witst net krekt wat it is, mar fielst it noch. It is, wat der eins noch is.
- Ik ha yn in brief wolris in rigel skreaun as: ik sjoch dy suver noch sitten yn 'e stoel. Neitiid fernim ik soks oan myn fermogens. Dan stean ik iepener foar sintúchlike waarnimmings as oars, folle gefoeliger ek. Kensto dat? It kin alles wêze, in beam yn in greide bygelyks. Soks kin my dan echt reitsje.
- Dêr moatte wy mar wat mei dwaan.
- Dat is dus it tema. Dêr sit dy ûnberikberens ek yn.
- Unsin. Dat kin likegoed in fleurich fers wurde oer wat foarby is. Der is ommers in nije sitewaasje foar yn it plak kaam.
- It hat miskien wol wat te krijen mei dy beam. Ast' dy yn dy omgean litst, komt alles dy like prachtich foar. It taast dy yn it moed, sis mar. Mar ast' dy beam echt sjochst, falt it op ien of oare wize wat ôf. Tinkst him moaier at er is. Sa kin it ek mei in erfaring wêze.
- Ik sjoch suver noait nei beammen.
- It is ek mar in foarbyld.
- Lit ús earst it folgjende mar útwurkje: der bliuwt wat hingjen, de emoasjes binne oars as oars, sterker, mar kinst net krekt sizze wat it is. It is oars wol noflik.
- It is hiel noflik, ja. It is as wat efterbliuwt folle sterker is as wat west hat.
- Fergrutting dus. Dêr ha'k al in fers oer skreaun.
- Wat wy no beskriuwe wolle liket dêr ek wol wat op, mar de útgongspunten binne net itselde. Ik sil dy in foarbyld jaan, wêrst soks mei opropst. De snein nei't ik mei R. nei de Movies west hie, rûn ik yn 'e polder. Ik soe in sigret út 'e bûse krije, mar ynienen stie ik mei de tagongsbewizen foar de film yn 'e hannen. Dy wurde dan ta symboal fan wat west hat.
(It petear wurdt eefkes ûnderbrutsen troch Harm, dy't as in wyld hynder op ús ôfstegeret. Oft wy ek wat drinke wolle. Dat wolle wy wol. Dat stimulearret it tinken, en fral it fielen)
Der wie noch wat dy sneins. Doe't ik yn 'e trein nei hûs siet, fielde ik my hiel lokkich. En it wie krekt as koe de kondukteur it oan my sjen, want hy fergeat my nei myn kaartsje te freegjen.
- Net ien sjocht dat fansels, dat tinkst allinne mar.
- Dat is in moai gegeven!
| |
| |
- Tinkst dat elkenien it sjocht. Of: fernimt. It is yn alle gefallen in nij aspekt. Dat skriuw ik op!
(It petear stûket wer. Nei wat persoanlike omballings en lange stiltes komme wy op it útgongspunt werom)
- Dy rook dêr't wy it oer hiene.... Hast dat ek wolris meimakke, ast' in yntime nacht trochbrocht hast by ien mei in bepaald parfum, dast' dêroan weromtinke moatst ast' letter yn in folsleine oare sitewaasje datselde parfum wer rûkst?
- As men deselde wer tsjinkomt... Ja, A. hat dat ek, it heart gewoan by har, dat fyn ik nearne oars.
- Soks as: it heart by har. Skriuw dat ek mar op, want de jout de mooglikheid in tal symboalen te yntrodusearjen.
- It heart by har, de rook... ensafuorthinne. De rook dyst by dy hâlde wolst. Of: dyst meinimst. Dat is hielendal net sa gek!
- Ik sykje noch in oare yngong. It jout dy ek mear krêft.
- Fielst dy hiel wis, neitiid.
- Sa'n erfaring bringt in soarte ferbining fan hurd en sêft mei him mei. Ik wurd dêr hiel weak fan, mar tagelyk hiel sterk.
- It útgongspunt is dus: de rook dyst meinimst...
- Ik sit noch eefkes nei myn eigen sitewaasje te sjen, wat der allegear noch mear... It is miskien wol itselde gefoel as in kater, dat hiele weake. Mar dêr komt dan noch wat by, in oare diminsje.
(Underwilens is it hurdfjoer foar ús oer oanstutsen. It hout knapt dat it in lust is. It wurdt hieltyd smûker om ús hinne. Elkenien hat wat by de ein: TV sjen, biljerte, kaartspylje, prate of gewoan wat sitte te smoken. Nolle sit in grouwe dzjoint te bouwen. En wy besykje in fers te skriuwen)
It is wol sa, dat men mei it âlder wurden sokke dingen oars belibbet.
- Folle djipper?
- Ja, jins gefoel foar erotyk feroaret stadichoan. Dingen dy't earder hielendal net erotysk liken, kinne dat no just wol wêze. Bygelyks in bleate hân op in skouder.
- It is net samar in hân...
- Krekt, soks moat der ek yn. Dêr wurdt it folle algemiener fan. Dan giet it ek oer hoest feroarest.
- Wy moatte der ek wer net te folle yn behelje, wy moatte ús beheine. Dat ha 'k yn yn fergrutting bygelyks te min dien. Trouwens, wat wy no ha, hat ek wol wat fan skieding. Dat begûn ek sa sawat.
- Dat is net slim wol? It binne de dingen dy't ús op dit stuit dwaande hâlde.
- Ja, ik kin by hast alle fersen oanjaan wêr't se op slane. Mar ik ha fansels noch noait mei in faam yn 'e Sweachster bosk rûn. Of al?
| |
| |
- Wêr rint ús man bygelyks? Yn 'e polder?
- Ja, sa'n útgongspunt moatte wy ha. Oars kinne wy net skriuwe.
- Wy moatte earst in soarte fan plot optinke. Wêr sille wy de haadpersoan ris opdûke litte?
- Op in oar plak?
- Yn in trein. Dêr sit beweging yn, dat er fuortgiet.
- Of yn in fleanmasine.
- Dat kin likegoed. Yn alle gefallen moat er ûnderweis wêze.
- Dêr kin ik in foarbyld fan jaan. Myn earste jûn yn N.Y. wie ik yn Max's Kansas City dêr't mear as tsien jier lyn dy live plaat van de Velvet Underground opnaam is. Ik rekke oan 'e praat mei in leaf fanke, dat ek ferlet fan wat selskip hie. Wy koene it poerbêst meiinoar fine, dat wy besleaten de trije dagen dat ik yn 'e stêd wie mar byinoar te bliuwen. Yn dy pear dagen barde safolle dat it ôfskie ús net licht foel. Se brocht my yn 'e auto nei it fleanfjild. It wie fan dat suterige waar, kâld en winich, it reinde no en dan, en it waard al tsjuster. Wy wienen moai betiid...
(Oan 'e ein fan it ferhaal docht bliken dat kant ien fan de earste kassette ûnderwilens folrekke is)
- Dat is mar goed ek!
- Mar wol in moai gegeven: ien dêrst by wei giest, en dyst nei alle gedachten noait wer sjen silst, en fiele. Wolst alles wol meinimme, mar der bliuwt neat taastbers oer.
(Yn de foarkeamer stiet de tillefyzje noch oan. De hiele ploech sit der omhinne te gowen, sa te hearren in Ingeisk stik. Der wurdt wakker lake. Hearst Harm boppe alles út bolderjen. En Ineke hat kjeld skipe, se hoastet teminsten omraak).
Dy fleanmasine moatte wy mar wat mei dwaan. Wolken en sa. Wy moatte it dochs earne sitewearje.
- Fansels! Wast my juster ferteldest, oer it opstiigjen yn M. Dat it dêr de hiele godgânske dei reind hie, mar dat boppe de wolken de sinne skynde. Kinne wy dy erfaring net brûke. Yn 'e wolken wêze!
- Dat is goedkeap.
- Nee, dat lit him sa ek net sizze. Kinst it omskriuwe, dast krekt boppe de wolken bist.
- In nuvere wrâld is dat, sa'n fleanmasine. Dêr sitte in pear hûndert minsken sân of acht oeren meiinoar oanklaud yn in ôfsletten romte. Fierders ha se eins neat meiinoar te krijen. De measten wolle inkeld sliepe.
- Dat is in moaie tsjinstelling: wylsto dêr sitst te tinken dat der in leave faam neist dy sit, dy't dêr hielendal net mear sit.
- Ja. Dat se noch neist dy sit en it wer docht...
| |
| |
(Wy stoarje in skoft sprakeleas yn 'e flammen)
- Troch dit gepraat krij ik wol langst nei... Earlik sein wie ik no eins leaver eame oars as hjir mei dy om in fers te skriuwen, hoe aardich dat ek is. Hasto dat net?
- Ja... Earne oars wêze wolle, dat is in bekend Herman Heida tema.
- Wy kinne it fers wol einigje litte mei dat dy man de holle fansiden leit, sa, mar op it skouder dat der net is. Dat is in moai gebeart, jins holle op ien syn skouder lizze.
- Dêr kin de reis wol mei begjinne. It sil allinne net tafalle dit allegear yn fersfoarm te jitten. It is faaks gaadliker foar in koart ferhaal. Dat alles sa tydlik is.
(Op 'e eftergrûn klinkt tipysk Amearikaanske filmmusyk. Us petear giet oer yn it útwikseljen fan persoanlike erfarings en tinzen, dy't de weemoedige kant neist binne. Mar nei in foech kertier krije wy de tried wer op)
Wy moatte sa súntsjesoan bepaalde beslissings nimme. Hokker sitewaasje wy no eins beskriuwe sille. Of faaks kinne wy der better twa ferskillende fersen fan meitsje, der is stof genôch.
- Hoe bedoelst?
- No, ien wêryn't wy wat dogge mei dy flecht...
- Flecht! Dat is moai!
- Flecht?
(Toon set ûnderwilens in plaat op: Making Movies fan Dire Straits. Better koe net, op in jûn as dizze. It krijt ús sa yn 'e besnijing, dat wy de bân stopsette om te harkjen en ús meifiere te litten. O dat prachtich yntro op oargel en piano, út de Carousel Waltz! En fierder, wat sit it allegear knap yninoar, de oergongen, fan sêft nei hurd, en fan hurd nei sêft. De gitaar fan Mark Knopfler skriemt en byt dwers troch alles hinne, fan Tunnel of love oer Romeo en Julliet nei it swingende Skateaway. Guon tekstrigels dogge ús tinken oan ús eigen sitewaasje: All I do is kiss you through the bars of a rhyme... Kant twa is wat minder sterk, mar it dekadinte Les Boys oan 'e ein makket alles goed.
Nei't wy noch in skoftsje omstapt ha, meitsje wy in ynventarisaasje fan ús fynsten oant no ta, om it feitlike skriuwwurk ta te rieden. De titel wurdt keazen: Flecht 642, mei de KLM fan N.Y. nei A. It sykjen is om de earste rigel, dêr't it ‘high’ wêzen goed yn útkomme moat)
- Bist al sa heech, boppe de wolken...
- Yn de sinne...
- Boppe rein en tonger...
- Nee, wy moatte rein en sinne meiinoar ferbine. Hoe skynt de sinne dêr?
- Op syn moaist. De boppekant fan 'e wolken is krekt snie yn 'e sinne. It
| |
| |
is as kinst der sa oerhinne rinne.
- Mar dat is in moai byld! Dêr moatte wy mei fierder.
- Ja, as soest sa wol útstappe kinne. Dat heart by dat wisse gefoel dêr't wy it oer hiene.
- As snie yn 'e sinne...
- Wy rinne sa it gefaar dat wy mei te min wurden te folle sizze wolle. Dy snie is betiizjend.
- Ja, wy kinne de rein better as byld hâlde. Rein symboalisearret fertriet. Stiichst boppe de rein út.
- Heech boppe de rein op it autodak. Dat is noch folle betiizjender. Hearst de rein noch, op it autodak. Dat is better, net?
- Ja, dy ferbining, ast troch de wolken giest. Dat wurdt dus de earste strofe?
- Ik wit it net, hear. Autodak is sa'n raar wurd. It kin fansels likegoed earne oars west ha, dy auto wie mar in foarbyld, ommers.
- Gewoan: op it dak. Dat tsjut in besletten romte oan.
- Op it rút...
- Fansels! Skriuw op, wy moatte op it grûnfers oan. Dêr moat dan noch wat efter komme.
- It hymjen fan 'e wyn?
- Ha, ha, dat is hast fan dy smelle ik-liryk! Mar wêrom soe dat net kinne?
- Om my kin it wol. Hearst de rein noch op it rút, it sêfte hymjen... Sa ûngefear ha 'k dat jierrenlyn alris skreaun, yn in fers oer in brodzige sneintemiddei by ús op it doarp, mei fan dy suggestive bylden der yn. It kin de wyn wêze, of wat oars.
- Mar dêr moat noch wat efter komme.
- Ja, dan ha wy noch... Tinkst dat elkenien it sjocht.
- Ha, ha, ha. Plak der mar achteroan. Wat stiet der no? Bist al sa heech... Nee, dat moat oars, dy rigel is net best. Sil ik noch wat oaljekoeken foar dy helje? Mei sûker?
- Sûnder.
(Wy hâlde koart oaljekoekeskoft, it is âldjiersjûn op 't lêst. Ineke fernijt ús dat der in lampke boppe ús hinget dat wol oan kin)
- Ik fiel my noch frijwat gammel.
- Tinkst dat elkenien it oan dy sjocht... Dat is better.
(Lange stilte. De tillevyzje is no út. Yn de foarkeamer wurdt dobbele).
- Wat tinkst, wurdt it noch wat? Do sjochst as in ûle.
- As wy in bytsje trochsette kin dit bêst in moai fers wurde. Oan ús dekôr sil it net lizze. It hurdfjoer oan, minsken dy't spultsjes dogge...
- Ja, dit raast oan 'e protters. Do bist sa publisiteitsgeil dast dyn fersen altyd ûnder de eagen fan oaren skriuwe moatst. En noait ris op in sigerich souderkeammerke.
- Ha, ha. Dat yn 'e sinne roait ek nearne nei, dat begrypt gjin mins. En it
| |
| |
foeget neat ta oan it gehiel.
- Dan moatst der wat oars fan meitsje!
- Tinkst dat elkenien it oan dy sjocht... En dan? Eh... Dat se noch neist dy sit en it wer docht. Kin dat, yn dy folchoarder?
- Ja, dat is it...
(Stinnendewei komt it grûnfers op papier. Ungemurken wurdt it tolve oere. Wy sjogge ferheard op as wy de klokslaggen op 'e radio hearre. Elkenien sjit oerein en wy wurde oerladen mei lokwinsken en tuten. It fers moat mar eefkes lizzen bliuwe. In koark knalt fan in sjampanjeflesse, it skûm brûst witwersanne. Glêzen geane omheech. Lokkich nijjier! Bûtendoar is it in leven fan komsa. By de Sinees fierderop wurdt lykas oare jierren fjurwurk ôfstutsen. De oaren geane der út om te sjen. Wy bliuwe tegearre efter, net wittend wat te dwaan. It gedicht moat ôf. De earste oanset is der, mar foar't it ús nei 't sin is sil der noch hiel wat harsenskrabbe wurde moatte. Bûten fluitsje fjoerpylken. Mei it gerdyn wat fansiden sjogge wy der neat fan. Doelleas dangelje wy om. De keamer is leech en stil, it hurdfjoer hat him deljûn. 1981. Beide ha wy oanstriid en belje ien op, mar witte dat dat net slagje sil. Uteinlik beslute wy om dochs noch eefkes de dyk út, mar as wy mei de jassen oan yn 'e gong steane, komme de oaren der al wer yn. It is dien)
De earste rigel is noch net goed.
Wy witte ûngefear wat der yn stean moat, en dat is net sa folle. Trouwens, alles wat wy oant no ta bepraat ha bliuwt mar in bytsje fan oer.
- In fleantúch is in frjemde fûgel...
- Dat ken ik.
- Ja, dat is fan dysels. Mar in oar hat dat ek alris skreaun, leau 'k.
(Der wurdt lang prakkeseard, mar mei sukses)
- Hoe heech bist hjir net? Hoe heech bist hjir wol net?
- Ja, soks. Of: fljochst heger as in fûgel.
- Hearkens!
- Mar net allinne, dat moat der yn. Net allinne, omdat al dy lju om dy hinne sitte, mar ek omdatst tinkst oan dejinge dyst achterlietst. Dat se noch neist dy sit...
- Hoe?
- Hoe heech fljochst... Hoe heech bist hjir wol net?
- Ja, dat is bêst in aardige rigel. Ik sil it ris opskriuwe: Hoe heech bist dan wol net?
- Hm. De fraach oan it begjin. Dy technyk moat der ek mar werris yn, net?
- Ja. Yn de sinne. Dan kin it wol.
- Dat is hielendal it idee fan yn 'e wolken wêze, en datsoarte formulearrings. En hearst de rein noch, komt der dan, hin?
| |
| |
(Sucht. It keallet swier, it fjoer rekket der wat út. De stiltes duorje hieltyd langer en begjinne it petear te oerhearskjen. En wy begjinne ússels en inoar te herheljen. Wêr sil dit op oan? Op 'e achtergrûn klinkt The Police: I can't stand loosing you)
- Hoe heech bist dan wol net, boppe de wolken...
- Dat kin, doch dat mar. En dan? Eat oer de rein.
- En net allinne, dêr hiesto wat mei.
- Ja, der moat earst noch wat beskriuwends yn. Gewoan: bist net allinne. Hiel ienfâldich.
- Asto no ekris papier krijst en wat opskriuwst, dan sjochst it ferbân miskien ek.
- Ja, mar ik moat earst efkes pisje.
(Lilian freget oft wy ek wat lekkers ha wolle. Der is in tafel klearset mei fretterij: slaadsjes, stokbrea mei stip, stikjes komkommer, woarteltsjes. It sjocht der mar skoan út. Wat wy dogge? Foar safier mooglik jouwe wy útlis en sitearje de lêste strofe, dy't foar ús al fêststiet. Wy fiele ús boppe de wolken. Dit is in jûn om nea te ferjitten, en dat is de bedoeling dus ek net. It komt nota bena allegear swart op wyt yn Trotwaer)
- De earste rigel is altyd it slimste. Dêr moatte wy no earst in oplossing foar fine. Hoe heech bist dan wol net? Dan ferwachtet men in antwurd.
- It antwurd is: boppe de wolken. En dat is frijwat heech.
- Hoe heech is dat eins?
- No frijwat. Ik wit net. Boppe de wolken!
(Wy skuorre ús de bûsen út om it wêzenleaze fan ús petear bytiden, en om de hiele sitewaasje. Der komt mear folk yn, meast kunde út 'e stêd. No en dan moatte wy oerein om te fûstkjen. It krijt suver wat feestliks)
- Boppe de sniewite wolken. Mar hearst de rein noch...
- Boppe snie en wolken...
- Boppe... Dat kin net, want it reinde. Boppe waar en wolken. Yn in fleanmasine hat men gjin lêst fan it waar. Of: boppe tiid en wolken. Boppe waar en wyn. Dat is min waar. Ik skriuw it even op.
- Ja, toe mar. Dan doch ik dat ek. Hoe heech bist ek al wer?
- Hoe heech bist dan wol net, boppe
waar en wolken. Hearst de rein noch...
- Op 'e selde rigel?
- Ja, dat kin net oars. De twadde strofe begjint dan mei op it autodak. Is dêr net in oar wurd foar? Kappe, of sa?
- Dan wurdt it wer te ûnbegryplik. Tsjin it rút?
- Dat kin ek in hûs wêze. Spitich dat it sêfte hymjen sa net op in nije rigel komt, as oergong nei oare suggestive beskriuwings fan wat der geande wie yn dy auto. Wat hiene wy mear?
Tinkst dat elkenien it oan dy sjocht.
| |
| |
dat se neist dy sit en it wer docht.
It rimet ferdomme. Mar it klinkt net raar.
- Dêr komt noch al wat foar, fansels.
- En dan krije wy dus:
Leist de holle wat fansiden -
it skouder dat der net is.
- Bygelyks, ja.
- Dat soene dus de lêste fjouwer rigels wêze kinne.
- Tinkst dat...
- Dat se noch by dy sit. Dat is better.
- Ja. De lêste fjouwer rigels kinne der sa wol op troch. En de rook?
- Dat moat dêrfoar noch.
- Rook en rein hawwe in soad meiinoar te krijen.
- op it autodak, it sêfte hymjen. It heart
by har...
- Moai! Dat past krekt.
- En dan moat it fierder gean:
by har, de rook dyst meinimst.
- Dat is goed. It is hast klear, net? Hee, dat is...
- Kevin Coyne.
- Kevin Coyne! Dy ha wy ek alris sjoen.
- Ik koartlyn noch.
- Docht er dat noch hieltyd sa? (meneuveljend)
- Ja. Ik sil it nochris oppenij opskriuwe, dan kinne wy fierder prate. It heart is der eins hiel sterk yn kombinaasje mei Hearst de rein noch yn de earste strofe. Heart hat in oare betsjutting as men ynearsten tinkt by it lêzen. It is ek dûbelsinnich fanwege it sêfte hymjen, dêr foar. Soks ha 'k alris earder dien:
Och wat ik allegearre sei,
se harke wol
mar se hearde net
by my
- Hasto net sin oan wat?
- Ja, lit us earst mar wat ite.
(It fierdere petear ferjitte wy ynearsten op te nimmen. Ut de oantekens docht bliken dat allinne de twadde rigel fan de tredde strofe wichtige feroarings ûndergien hat as wy de knoppen wer yndrukke)
Ik sil it noch in kear yn syn hiele hear en fear opskriuwe:
flecht 642
hoe heech bist dan wol net, boppe
waar en wolken, hearst de rein noch
| |
| |
op it autodak, it sêfte hymjen. it heart
by har, de rook dyst meinimst.
tinkst dat elkenien it oan dy sjocht,
hoe't se by dy sit en it noch ienkear docht.
leist de holle fansiden -
it skouder dat der net is.
It wurdt sa wol in hiel oar fers at wy fan doel wiene te skriuwen.
- Dat is net slim.
- En it heart sa, by har... Dat makket it noch dûbelsinniger!
- O ja. Dit is wol wer in tipysk Herman Heida-fers! Sawol nei it tema as nei de styl, mei in hiele rist wurden as noch en sa. Mar hoe sil 't ek oars.
- Hearst de rein noch, de rutewiskers, it sêfte hymjen...
- Dat is fantastysk!
- Mar as in auto stilstiet binne de rutewiskers út fansels.
- O ja, dy auto stie stil. Wêrom dan net de rutewiskers dy't stilstean...
- Dy heart men net!
- De rein op it autoglês dan?
- It bliuwt behelpen...
(Lûde musyk oerstimt it petear op 'e bân foar in part. It is bytiden amper te ferstean. Mar folle sinnichs wurdt der no dochs net mear sein. Wy ha de ein yn 'e bek)
- Yn in frjemde auto! Dêr sit er en dêr heart er it letter. In fleantúch is ek in frjemde auto. Noch ien drinke?
- Ja, ja.
- Wêrom net gewoan: yn in auto?
- It is net samar in auto.
- Yn har auto, dan.
(In swiere blûs set yn)
- Op itparkearterrein! Is der wat oan? Sjochst as woest my fermoardzje!
- Ik dy? Nee...
- Op in frjemd parkearplak.
- Is it dan noch te begripen?
- Hearst de rein noch... Eh... op it fleanfjild!
- Dat fyn ik hiel moai.
- Dan binne wy dy auto teminsten kwyt.
- Rein op in fleanfjild, dat is oars neat as ôfskie nimme. Dat is klear.
- Ja, wy bin net sa min!
- Wat stiet der no?
| |
| |
(De opname einicht hjir mei it folreitsjen fan kant ien fan de twadde kassette. It fers wurdt nochris útskreaun en ûndertekene mei. Wy sjogge om ús hinne. Der spane hjir in pear ferdeald aardige frôlje om! En in grouwe keardel mei in wyld burd dy't niis al siet te gnuven, stekt in hân nei ús út. Soed er it lêze wolle? Wy kinne syn twingende eagen net langer wjerstean en lizze it fers oan syn fuotten. Hy eaget de rigels oer en jout it werom, sûnder ien wurd te sizzen. Wy litte it foarearst ek mar foar wat it is, en stoarte ús yn it feest dat om ús hinne ûntstien is. Der wurdt wakker mâltjirge, mar de kop stiet ús der diskear net bot nei. Hieltyd as wy inoar tsjinkomme dogge wy inoar nije wizigingsútstellen. It echte kommaneuken is begûn. Om healwei trijen belje wy it tuskenrisseltaat troch nei M. dy't dan al hast op bêd leit. Har reaksje jout ús gâns moed om fierder. Mar as wy tsjin seizen op hûs oan sille binne wy noch net rjocht tefreden)
| |
3.
Foardat ik wer ôfreizgje soe hiene wy noch trije dagen om it fers ôf te meitsjen. Dat foel ús net licht. Guon rigels en oergongen wiene ús eins lang net nei 't sin. Tiid om ien en oar wat besinke te litten wie net foarhannen. En omdat ik Herman net mear treffe koe, moasten wy it fierder oer de tillefoan dwaan. Mar hawar, binnen de grinzen fan dizze mooglikheden waard it fers ryp foar publikaasje.
Hoe't dat krekt yn syn wurk gong lit ik hjir bûten beskôging. Yn alle gefallen gong it in stik minder yntuityf as op âldjiersjûn. It wie mear in spultsje fan de kop der foar en der by hâlde, logysk tinke, kombinearje dedusearje. De ferbetteringen dy't oanbrocht waarden binne efterôf dan ek hiel ferstannelik te motivearjen.
flecht 642
hoe heech bist dan wol net? útstiigjend
boppe waar en wolken hearst de rein noch
op it fleanfjild, it sêfte hymjen, it heart
sa by har, en de rook dyst meinimst, nei hûs.
eefkes tinkst dat elkenien it oan dy sjen kin,
hoe't se by dy siet en it noch ien kear die.
slûch leist de holle wat fansiden -
it skouder dat der net is.
Utstiigjend waard tafoege omdat it de opgeande beweging en de hichte goed oanjout, ek yn it moed. De rigel krijt der mear krêft troch, miskien wol wat fan de krêft fan in swimmer dy't nei in djippe dûk wer boppe wetter komt.
| |
| |
Oer de funksje fan it wurdsje en tusken it heart sa by haren de rook dyst meinimst binne wy no noch net útpraat. It lit de rigel útinoar falle, it twingt de lêzer eefkes yn te hâlden. It makket de ynterpretaasjerûmte grutter. It is net allinne de rook dy't sa by har heart, ek it sêfte hymjen. En tagelyk stiet der no dat it sêfte hymjen heart by har en de rook dyst meinimst.
Om 'e rigellangte moast dêr noch wat efter komme. Nei hûs lei foar de hân. It eigen hûs is in feilich fertrouwd stee dêr't men jins oantinkens bewarret. Mar wêr is men thús yn sa'n gefal? Wat docht men dan eins, fuort gean of nei hûs?
Hoe't se by dy siet en it noch ien kear die waard yn 'e doetiid skreaun. Sa ferwiist it dúdliker nei wat der op it fleanfjild barde, nei it sêfte hymjen. Beide plakken fan hanneling (it fleanfjild en it fleantúch) wurde better skaat. It brûken fan de notiid wurke betiizjend foar de lêzer, it is ommers mar ynbylding dat sy dêr noch sit.
Slûch tsjut in stimming oan, net wurch, earder tefreden. In erfaring riker en in lange reis foar de boech. Ek wat past moai yn it widzjende ritme fan dizze rigel. It is natuerliker, subtiler.
Eefkes, by einsluten, oan it begjin fan de tredde strofe, makket de tiidsyndieling skerper. De op- en delgeande line yn it fers wurdt eefkes ûnderbrutsen. Tagelyk wurdt foarútwiisd nei de folgjende hanneling.
Dizze lêste tafoeging kaam der net earder as ûnder it skriuwen fan dit stik, en stiet dus net yn it fers sa't dat publisearre waard yn Trotwaer 1981-1. It is lang net sein dat it de alderlêste wiziging wie. In goed fers is miskien wol nea ôf.
Hengelo, febrewaris-july 1981.
|
|