| |
| |
| |
Eppie Dam
Spooky's Off-Day
Skriuwen is in fak fan neat,
gewoan in pitertuerlik spultsje
fan kâlde fuotten, sa behyplik en healwiis
dat tinner is as ien nacht
iis. Dát. Dy brekberens fan diggelguod
en gjin poat fersette kinne
sûnder ko om hals. Allinnich
tipelsinnich tripkje tusken de rigels troch,
Elk wurd tefolle is in lânmyn,
ho; hoe skras ik wat him oppenearret?
heechspanning is gjin keunst.
Skriuwe is de stilte yn ien wurd-
lid, yn in komma as it kin,
och, hearken-hearken, hoe earmoedich
is de kick fan tittel en jota.
it meunster mei it skoatsfel foar:
De bear is los! Barabbas! Barabbas!
It doek ferneart it bombardemint
fan klobben read en giel,
swart en wyt wynt yn him om,
wa sil it jûchhei beskriuwe
fan syn katharsis? De skriuwer net:
de skriuwer hifket en wifket,
griis en eangstich as in mŝus,
in skalk each hawwend op alles
wat mar even rûkt nei bjusterbaarlikens,
ien aksintsje kin syn deaklap wêze.
| |
| |
houwer yn ieren en sinen,
Ik mocht wolle dat syn fikse slaggen
ien kear yn myn keamer klonken,
dat de splinters witwêrsanne spatten,
fan de pinne oer 't papier
en it hieltyd skichtich wer opnij
ferskowen fan it skriuwbloc
sa gefoelich at it leit. Nee-
hee, in pianist. Dy hannen, fingers,
dat gefoel. Ik bedoel dy duveldûns
fan spande keatten oer sa'n breed klavier,
it rêde taasten en it reitsjen,
de eagen taknypt, sa ynmoedich at er sjocht
mei alles wat beweecht: dy hantsjegau,
Set dêr in skriuwer njonken.
fan sinlik skriuwende fingers?
Lange fingers moat er ha,
ôfstanlik at er wêze moat, god,
in skriuwer hat sa'n bytsje hâld,
sa'n bytsje bining mei momint en ynstrumint:
noch altyd stjonkt er nei de guozzekont.
Fergemy, jou my dochs in seksy saksofoan.
Dy lit him hingste tusken swingende knibbels.
ien kear sa skriuwe te kinnen
| |
| |
mei it heft yn beide hannen
-as hie ik mar in mikrofoan-
sa dizzy mei it skom op de bek,
like jazzy as in aap, yea.
tsideldidûp, tsideldidûp, tsideljûwa,
tsideljûwawawa, tsideljûwûwûwû, tsideljûhû-
wa-hûwa-hûwa-hûwûûû, dat bedoel ik,
straight to heaven, here is paradise,
black musicians only, tsjûp-tsjûp-
hûwa-hûwûwûwû-hûwa-hûwûûû. Hû-wû, hû-wû,
skriuwer, tink om de hûn,
tagong ferbean, sêfte barm, driuwsân.
Ik wist it ommers ai: de pinne
moat de paden lâns. Folgje de pylken.
Net op it gers komme, Epke, leave,
sjoch, dêr pûpe de hûntsjes!
Dêrom: skriuwen is gewoan in fak fan neat.
Ja, hjoed bin ik sa fier dat ik sis:
leaver as it pielen mei papier en pinne,
spile ik in bytsje aardich rugby,
dán teminsten it gefoel fan hâld-
fêst oan it scrotum yn de scrum.
En no't ik har sitten sjoch,
soeikjend yn de skommelstoel,
de reade bûsdoek sierlik om de holle knope,
it kuorke prachtich op de brune knibbels,
har hannen derboppe, deryn, de fingers
tyspeljend yn rêde gûcheldûns,
sa folslein natuerlik at se is
no't sy de pûltsjes puntet,
no tink ik: god, wat moai, wat moai,
hjir falt alle keunst by wei.
Mar dêr wol ik dan dalik wer oer skriuwe.
|
|