Jan Dotinga
Foto en fers
Wy rekken noch mear mei inoar yn 'e kunde troch syn fersyk ek teksten skriuwe te wollen foar wat letter de foto/ferse-útstalling ‘Protest/Portret’ wurden is. Dat foldie sa skoan, fan wjerskanten, dat Henk Kuiper mei de fraach kaam oft ik fersen skriuwe woe by fotoos fan him op ‘Pagina Vrij’ fan ‘De Friese Veefokkerij’. As fotograaf fan it F.R.S. kriget hy op dizze pagina alle frij om in stikje fan it wel en wee fan de feehâlderij fêst te lizzen. Wa't geregeld de fotoos fan Henk yn it F.R.S. blêd sjocht, en dat doch ik no sûnt febrewaris '80, dy falt it grif op hoefolle karakter dizze fotograaf yn syn plaatsjes leit. Dat jildt net allinne foar wat er mei syn lânskipsfotos seit, dat jildt likegoed foar it werjaan fan de bolle, de ko en it keal. Wa't Henk syn fizy op it fee sjocht, dy sil it tenei wol litte en praat oer stom fee. Dat elk bist syn eigen aard hat en foar twa bisten gjin twa situaasjes gelyk binne, dat lit dizze fotograaf sjen.
Ik tink dat it de ferbûnens mei benammen it klaailânskip, want in soad Wâlden fine jo yn Kuiper syn werjefte net werom, en it besibbewêzen oan it greidboerebedriuw is, dat ús byinoar brocht. Op 't lêst bin ik in boeresoan, al seach ús heit nei ien speet molke al, dat der yn my gjin boer skûle. Mar de noed, de need bytiden en de freugden gyngen net oan jin foarby.
No, dat allegearre fyn ik yn it wurk fan Henk Kuiper werom. Syn fotoos stykje net yn it detail, se ferinerlikje it gegeven, se helje wat binnenstbûten. Dat is ek de wearde fan syn bydragen by ûnderskate artikels. Se yllustrearje net yn de wenstige sin fan it wurd, se ferdjipje en bringe in diminsje mear oan.
Yn it kader fan it ‘Trotwaer’ ûndernimmen skriuwers oer it ambachtlike fan har wurk oan it wurd te litten, like it my aardich ta wat op papier te setten oer ús wurkwize. Fotoos en fersen dy't yn dit artikel ôfprinte steane, hawwe al earder in funksje hân yn ‘De Friese Veefokkerij’ fan febrewaris fan dit jier.