Trotwaer. Jaargang 13
(1981)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 331]
| |
Josse de Haan
| |
[pagina 332]
| |
Soks benearret my, mar makket tagelyk nijsgjirrich, want ik sjoch oerienkomsten yn 'e wurking fan de taal, better sein, yn poëzij barre soms saken dy't men ek net rasjoneel útlizze kin. Ik bedoel, it net-kognitive aspekt fan fersen stiet heaks op it net-witten fan boppeneamde fisikus. Mei oare wurden, poëzij is op in oare wize gefaarlik as it Réaktor Centrum Nederland yn Petten. Oant safier de oanlieding fan it skriuwen fan de syklus ‘tiidleas/tijdeloos’. | |
I. Earste wurden/rigelsSa't ik al skreaun haw, rin ik gauris lâns it Noardseestrân. It is dêre stil, benammen tusken oktober en maaie, en nachts is it hielendal in ferlitten oarde. Men tinkt, en men tinkt net, wat foar in part feroarsake wurdt troch de rige dunen. Efter dy dunen leit de tinkwrâld (de maatskippij, it deistich wurk, ensfh.), en tusken dún en see rint de strândyk. Hawar, foar my in útnoegjend stikje natoer dêre op 'e râne fan ús lân. Soms rint men dêr mei goefreonen, in oare kear wer mei jins leafste. It kinne eagenblikken wêze fan folsleine ienheid yn wurd en stal en byld. Men rekket yn petear, men rekket yn in briefwiksel, men stjoert tinzen oer de post en men krijt antwurden en fragen werom. Mei oare wurden, soms bart it dat de grinzen fan it minsklik tekoart yndied liiflik field wurde. Tige weardefol, tige talich, tige poëtysk, en sa'n kearn fan fielen, fan in moeting leit soms yn sa'n stammerjend rinnen by it wetter lâns. In skriuwer wol soks bewarje, yn wurden, sa'n ûnderfining moat omsetten wurde yn taal. I.
tijdloos
lopend op
onze woorden
wandelen weGa naar margenoot+
door de achterdeur
van de dag
de voordeur
van de nacht
binnen
zoals het congruent klotsen
van water, zand en vogeltjes
denk ik
schijnbaar losgekoppeld
onafhankelijk naastelkaar
meer elementair gebaar geluid
minder lijfelijk botsend
een uiterlijke harmonie
ondergrondse stromen
af en toe erupties door de schil
van woorden klanken en gebaren
ik ben bezorgd door de oneindigheid
| |
[pagina 333]
| |
van grenzen die verstarren
vorm worden zonder uitzicht
daar waar onze taal slechts
aangeeft meer of minder
centrifugaal de lading splijt
afval kan soms nog gevaarlijk zijn
er zijn gebieden in deze cirkel
die ondoorgrondelijk lijken
mits de opening een andere taal
ontmoet bijvoorbeeld in tien vingers
20-4-'78
Sa't boppe (I) te sjen is wie de earste strofe al dalik dellein yn in brief oan de oare. Net iens sa't it hjir opskreaun is, mar efterinoar optekene yn in gewoane proazarigel (it wie in Hollânsktalige moeting, dêrfandinne de twadde taal): ‘lopend op/onze woorden/wandelen we/door de achterdeur/van de dag/de voordeur/van de nacht/binnen/’. Ik wit noch dat ik dy rigel(s) by it oerlêzen fan de brief op in los bledsje papier skreaun haw (sa't ik sa faak doch at ik nijsgjirrige wurdrigels lês). Dy rigel, dat ‘fers’, want ik ha 't opskreaun sa't it hjirboppe stiet, is in 4 oant 5 wiken lizzen bleaun. Yn dy wiken sil der wiswier wol skreaun wêze, is der neitocht, binne der fêst wol losse rigels op papier fabrisearre, mar soks moat besjoen wurde as it boartsjen mei de mooglikheden. Dé kearnbegripen 1)kongruïnte moeting, 2)kearnréaktor, 3)taaltekoart, 4)minsklik tekoart spilen doe al mei yn it totaal fan it fers yn statu nascendi. Nei dy wichtige proazarigel, dy't yn wêzen it begjin fan de syklus foarme, haw ik op 'e tweintichste april 1978 de basis lein fan de seis koarte fersen fan de syklus. Yn dy wat gaotysk oandwaande opneaming (‘zoals het water....... in tien vingers’) lizze alle eleminten dy't ik boppe neamd haw al opslein. It is, sa't it meastal giet by my, in erupsje fan assosjaasjes, mar ek in fertichting fan alles wat sein is/field is/tocht is. Der barre dingen yn'e mins/yn'e taal dy't net ferklearber binne. Men bliuwt ivich mei fragen sitten. Hawar, dat op himsels is net wichtich foar de lêzer. Nei krekt fergelykjen fan it begjin- en it einprodukt sil de lêzer de grûnline oanfiele en sjen kinne. Yn de earste assosjaasjes skras ik meastal net, it is ommers it wurkskript, in delslach fan tinzen en begripen dêr't ik wat mei dwaan wol. Ien wurd lykwols kloppe net alhielendal, it wurd ‘centrifugaal’ ha'k feroare yn ‘centrifugerend’ (sjoch III), om oan te jaan foar mysels dat taal/wurden trochgeane yn feroarjen, oan ien tried wei yn beweging binne sa't ek dit fers noch folslein yn beweging wie, op dat stuit. Op 2 maaie, doe't de syklus rûn, en foldie yn myn eagen, ha'k it geheel ‘GROEI VAN EEN GEDICHT’ neamd. Dy subtitel is dus foar de syklus sels net relefant. | |
[pagina 334]
| |
waasje. Fansels, wurden (ynhâlden) as ‘vogeltjes’, ‘woorden’, ‘cirkel’, ‘hand-vingers’, ‘oneindigheid - tijd’, ‘stilzetten-verstarren’ komme yn beide fersys foar, mar by eintsjebeslút betsjutte II foar my in mear poëtyske foarm. II.
plaatsen waar
op de randen van begin en eind
piepkleine vogeltjes stappen
alleen de woorden
een lach en ogen zijn
niet meer maar ook vooral
niet minder
zo stil en ruimtelijk
dat tijd is stilgezet
beide cultuur en zonnetijd
daar waar schelpen
het geluid versterken.
lichamen etherisch opgelost
alle wegen afgesneden
het water meegesneld
op lichtsnelheid
wisseling van woorden
betekenissen functies soms
werelden want
de taal is nooit teken
woord en begrip en functie tegelijk
een lucifer op het strand
te ver gelopen opnieuw
terug en op de ronde cirkel
geef me je hand zeg ik, koud
je tenen zijn een aambeeld
van torenvuur en gletsjerijs
20-4-'78
At men de syklus in leafdesfers neame wol - en ik sil dat net tsjinsprekke - dan lizze de basiseleminten (it konkreet rjochte wêzen op ien persoan), yn 'e earste fersy. Tagelyk spylje dêr de meast wylde assosjaasjes mei taal en wrâld en mins in rol. It is dúdlik it earste ferwurdzjen. Yn II leit dat al gâns oars: dêr wurdt in begjin oanjûn, mar ek in ein; it begryp tiid (en net de tiid) wurdt yntrodusearre sadat yn ien (twa) mins(ken) alle oare minsken fan 't ferline, yn 't no en yn 'e takomst in plak fine. It konkrete eksklusive wurdt oerset nei it abstrakte ynklusive. Dat jout ôfstân en yntinsifearring beide. Fansels, soks bart net alhielendal rasjoneel yn 't foar tocht, it is mear it ambachtlik aspekt fan dwaande wêzen mei poëzij, ek in grut part yntuïtyf oanfielen sadat de klisjeewrâld automatysk bûtensletten wurdt en op ôfstân setten want net mear útnoegjend oproppend. In dea ding ynspirearret net, in lyk is útsoarte in lyk, net iens mear in antwurdapparaat. | |
[pagina 335]
| |
Ek it elemint taal op himsels -(it is hast in twadde aard)- sit al yn dizze twadde fersy ferfrissele. ‘...de taal is nooit teken/woord en begrip en functie tegelijk’. Men stekt it wurd oan, soms dôvet it, dan brant it heal op en it bart ek wol dat it oare wurden oanstekt, en oplôgje lit. It is elke kear oppenij in riedsel èn in ferrassing beide. Fandêr ek dy ‘lucifer op het strand’ (de wurden dy't wiksele wurde, it ôftaasten fanelkoar yn 'e beide wrâlden, it útnoegjen en it ôfstjitten fan de oar). Mei oare wurden, elke moeting is in rommer wurden fan jins eigen rûnte (sirkel) en dêrtroch wurdt oan 'e iene kant dy wrâld grutter (bekinder), fan binnenút sjoen, omdat de raakflakken wider wurde. Feroaring yn jinsels, jins wrâld, is ynherint oan sa'n ferfrisseljen fan a en b. Soks is ferrykjend, mar fakentiids ek beëangstigjend. It hat yn essinsje te krijen mei jins eigen eksistinsje. Yn it skript II binne twa feroaringen oanbrocht: ‘de tijd’ is feroare yn ‘tijd’ omt it hjir bedoeld is as absolute tiid, en ‘koud vuur’ die dochs tefolle tinken oan ‘koudvuur’ (gangreen). Ik koe neat mei dat wurd yn dy betsjutting, it ôfstjerren fan fleis, krektoarsom, ûnder de kjeld lei it fjoer fan emoasje en ferbining. ‘Torenvuur’ is, heucht my noch, ôflaat fan ljochttoer. | |
III. Fan foarmleazens nei foarmIn poepetoer hat it west, dy sneon de 22e april, doe't de foarmleaze assosjaasjes fan I en II stal krije moasten yn in fers of yn in pear fersen. Guon lju tinke faak dat de saneamde moderne fersen, it eksperimintele yn gedichten, te krijen hat mei it net foarm jaan kinnen, it net bysteat wêzen fan de skriuwer om überhaupt foarmen ta te passen. It giet no te fier om dêr wiidweidich op yn te gean, allinne, my tinkt dat it helte makliker is yn 'e tradysjonele foarm- en rederikerstaal te dichtsjen as yn 'e eksperimintele patroanen. De sonnettenbakkers en oare rymtwangskriuwers wurdt heech by opsjoen, mar myn stelling is dat eksperimintele fersen fakentiids mear foarm hawwe en minder klisjeemjittich binne, en dêrtroch mear spanning drage, as de measte saneamde foarmfersen. Miskien kin dizze syklus der wat fan sjen litte. Ik siet mei in gaos oan wurden, rigels en koarte poëtyske teksten. Ut de ynlieding (0) en I docht bliken wat ik sa likernôch ûnder (efter, boppe) wurden bringe woe. Foar my wie de earste strofe foar in grut part klear. Allinne de foarm fan I fûn ik te breklik, te min ritmysk, te min sizzend ek. Dat is yn 't hânskrift (III) fiif rigels wurden dêr't de tredde (‘van de dag de voordeur’) as in kaairigel besjoen wurde kin.
Fierder is tafoege ‘stilte licht’ mei in dúdlik mearsinnige (homonymyske) betsjutting yn ‘licht’ (opljochtsje, net swier, ‘lizze’, omheech tille, ljocht jaan). Yn fersy VI wurdt dy lêste rigel noch útwreide, mar dêroer aansens. ‘Stilte licht’ jout de tagong ta de 4 kearnfersen fan de syklus. Fersy III, sa't dy hjir ôfprinte is, is de delslach fan ûnderskate útprebearsels. Op in stuit beslút men as skriuwer ienheden fan 5 fersrigels te nimmen. Dat hat te krijen mei foarm, mei ritme, mei metrum, èn mei de ynhâld. Al lêzende yn I en II makket men foar jinsels in 6-(resp. 5-, 4-) die- | |
[pagina 336]
| |
ling.
| |
[pagina 337]
| |
De rin fan it fers kriget stal. Ik bedoel, yn 'e foarm fan losse oantekens, it eliminearjen (yn I en II) fan net relefante saken fertichtet men it geheel ta, ja wis, in ge-dicht. Wat yn I en II noch tige feutuseftich oanwêzich wie, en dus gjin foarm krige (krije koe), wurdt yn III mear bleatlein, en foarmet him by wize fan sprekken fansels. Kearn fan alles is it tiidleaze aspekt (de titel) dêr't in ferhaal (twa ferhalen middenmank alle ferhalen fan alle minsken) op gong brocht wurdt, heal bewust tasnien troch en op 'e sitewaasje, heal ûnbewust stjoerd troch net te omskriuwen/te tinken fasetten. ‘.... door de schil/van woorden, klanken en gebaren’ is wurden ‘....een eruptie/door de schil van het verhaal’. Mei oare wurden, losse fragminten en gedachten út I en II binne byelkoar brocht yn III, en wol sa dat de rigels nei foarm en ynhâld mearsinnich wurden binne. Ik bedoel, eliminaasje fan neatsizzende taalkomponinten koe it geheel fierder bringe. Yn 'e tredde strofe wurdt dat sels eksplisyt beskreaun, en wol út de rinnende sitewaasjes wei (elkoar kennen leare betsjut it likwidearjen fan foarmen, omballingen, maskers en klean) èn út de taal sels wei. De taal fungearret as sintrifugearjend fet (te fergelykjen mei in kearnréaktor) sadat de essinsjele bedoeling fan taal (moeting) ferwurde is yn it fers (is taal) sels. My tinkt dat soks it slimste is wat bestiet: tinke mei jins eigen tinken oer jins tinken, of om it op 'e taal ta te snijen: taal skriuwe litte mei dy taal oer dyselde taal. It is net sa ienfâldich en beskriuw it ambachtlik aspekt (it wurden fan in fers/fersen) skieden fan de ynhâld. Foarm, ynhâld en wurkwize binne folslein oan en ynelkoar besibbe. At ik no noch mear sis oer de fierdere gong fan saken, it ûntstean fan de strofen (3), 4, 5 en 6, dan leau 'k dat ik it doel foarby sjit. In skriuwer kin nea syn eigen kritikus wêze, heechstens útlizze op hokker wize it skriuwen ferrûn is. Of men soe lykas Pessoa (sjoch de bondel ‘Gedichten’ AP '79) jinsels opsplitse moatte yn 5 heternonimen (in eigen namme foar in oar ik) en dêrmei krityk jaan op iderkear in oar ik fan jinsels. Fraach is fansels at men dy objektiviteit opbringe kin, en twad at soks fruchtber is. Foar de strofen (3), 4, 5 en 6 jildt itselde wat foar 2 (3) opskreaun is. In pear korreksjes dy't yn fersy III nei foaren kommen wol ik yn 't koart noch even oereidzje. Strofe 2: ‘nu en straks’ is wurden ‘het verhaal’ omt dat begryp mear tiidleas is en ek it duorjende karakter oanjout. In ferhaal stiet nea no of moarn yn 'e wrâld, mar hat dúdlik woartels yn it ferline. ‘.... een rilling’ is as klisjee sûnder unhâld ferfongen troch ‘een zuchtje wind’. Dat lêste kin èn fan bûten èn fan binnenút komme, mei oare wurden, it earste is passyf, it twadde is in aktyf brûken fan taal en byld. Yn strofe 3 is ‘cirkel’ ynwiksele foar ‘ruimte’ want mear trijedimensjonaal, kompakter en libbener. In tige nijsgjirrige feroaring is dy fan ‘lichtsnelheid’ (strofe 5) yn ‘nachtsnelheid’, beide foar it minsklik each net te merkbiten, mar dochs is neffens my foar it poëtyske gefoel in bettere botsing ûntstien troch ‘meegesneld op nachtsnelheid’. It earste is tige rêd, it twadde jout faaks de folsleine stilte oan dêr't men yn opnommen is. De oare korreksjes liz- | |
[pagina 338]
| |
ze op it flak fan ritme en metrum, op it mêd fan helderder útdrukken. Elke lêzer kin dat seis neigean. Strofe 6 wie 'k op dat momint noch net klear mei. It syklyske karakter moat noch groeie. | |
IV. Skave en skave en skaveOp it stuit dat de foarm (en ynhâld) fan III stal krigen hie wie foar mysels it meast nijsgjirrige foarby. Ut 'e gaos, fan bûten en fan binnen, wie in stikje kultuer ûntstien om it mei W.F. Hermans iens to wêzen. Ut it net reglemintearre, yn taal en mins, hie'k it oprêden en skriuw in fersesyklus dêr't ik foar myn gefoel ûnderskate komponinten fan it tiidleaze, it netgryp-bere fongen hie. Fan soks krijt men as skriuwer in foldien gefoel. In stikje fan it riedsel wie oplost, ûntmantele, de dôfhûdige matearje taal hie belies jûn. Men triuwt as skriuwer de wurksumheden dy't noch folgje moatte fier fuort, want dat binne saken dy't net wêzentiik mei 't skriuwen te krijen hawwe. Ik neam it foar mysels altiten it koeljewurk. Hawar, in dei letter begjint men dochs, want safolle esteet is men wol. Foar't ik mei it bijskaven begjin lês ik it fers (de fersen) meast in pear kear oan mysels foar, mei stim dus. Op dy wize kontrolearje ik it rinnen fan de rigels en fan de strofen. It ritmyske elemint, ynklusyf alliteraasje en oare ferstechnyske saken, slacht op dat stuit foar master op. Brekken yn it ritme kinnen moaiaardich boppe wetter komme. Ek de enjambeminten, de mearsinnichheid fan wurden en rigels falle mear en better op. Om't iksels tige audityf ynsteld bin (yn gearwurking mei it fisuele, dat wol) is foarlêzen foar mysels in needsaak. IV.
tijdloos lopend op onze woorden
wandelen we door de achterdeur
van de dag de voordeur
van de nacht binnen
stilte licht
af en toe bezorgt een eruptie
door de schil van het verhaal
een woord, een lach, een zuchtje wind
mij een vraag omtrent oneindigheid
elementair gebaar geluid op licht
een grens verglijdt een vorm lost op
de taal fungeert als centrifugerend vat
door lading van verpakking uit te splijten
ooit zal afval ongevaarlijk zijn
nieuw beschreven ondoorgrondelijk gebied
waar alleen de woorden zachte aanraking
een lach, ogen, mond en wat haren deinen
soms een stem die stilte gletsjert en ontruimt
beide lichaam, tijd etherisch want opgelost
de schelpen naast de sporen versterken het geluid
| |
[pagina 339]
| |
alle wegen afgesneden van welk station dan ook
behalve het water moegeklotst op nachtsnelheid
een doorweekte uitgeloogde lucifer tussen zand
een koude hand vol torenvuur en diepteijs
congruentie in een andere taal tien vingers
geef me je hand zeg ik en zie ik je weer
een ellips die nog geen cirkel open is
botsing in de nacht een open woord
ik noem je water zand een groot verhaal:
eb en vloed, steeds weer, ondanks jezelf.
23-4-'78
Yn strofe 2 binne ritmyske èn poëtyske feroaringen oanbrocht, en wol sa dat de ynhâld kompakter, dúdliker en mearsizzend waard. ‘zuchtje’ is ‘straaltje’ wurden, want it jout mear fynheid en fûlens oan. It wurd ‘onverhoeds’ is tafoege foar ynhâldlike (sjoch ‘eruptie’) en foar ritmyske doelen. Fierder is ynbrocht yn rigel 5 ‘op licht’ as oerienkomst en tsjinstelling mei ‘stilte licht’ yn strofe 1. De I van ‘geluid’ sil alliterearjend meispile hawwe. Strofe 3 is troch it ynlaskjen yn 'e rigels 4 en 5 fan ‘vliegenzwam’ (is ‘afval’, is atoompoddestoel) en it fuortwurkjen fan ‘ruimte’ folle helderder wurden (sjoch VI). ‘ruimte’ is nei strofe 4 ferhuze dêr't it mear funksjoneel is. It wurd ‘half’ jout de mooglikheid fan takomst, fan hope, op it paradys. By wize fan sprekken. Dizze omsetting wurdt fuortset yn 'e rigels 4 en 5 fan strofe 4 dêr't it stoflike aspekt (‘lichaam’) fermongen is mei it kosmyske begryp tiid. It ‘tijdloze’ komt tichteby. Yn dit fers spilet ek de see in rol (‘deinen’, ‘schelpen’, ‘sporen’, ‘geluid’) yn 'e foarm fan perpetuum mobile yn kommen en gean, yn it altiten yn beweging wêzen. Yn strofe 5 hjit it wetter ‘slechts murmelend’, en dus ûnfersteanber ivich oanwêzich. Yn dizze fersy is it my slagge en slút de rûnte fan it fers, de syklus is wer by it útgongspunt werom, de wurklikheid yn 'e foarm fan ‘eb en vloed’ foarmet de grins fan lân en see, de grins ek fan dream en wurklikheid. Oer dy grins is net to kommen, de tiid is net út te skeakeljen, it tiidleaze is in illúzje. Yn 'e lêste rigels fan strofe 6 wurde de ik en de oare heel konkreet neamd en krije dêrmei wer lichem, dale del út it etearyske yn strofe 4. It ‘tijdloze’ wie yndied ‘tijdeloos’ sa't yn fersy VI ek oanjûn is. | |
V. Slypje en bijslypje.De feroaringen, bewurkingen en korreksjes yn 'e seisde (sjoch fierder) fersy binne résultaten fan it slypstientsje. Foarm en ynhâld binne al foar in grut part ynelkoar skood. Yn strofe I is in essinsjeel begryp tafoege dat, no't it fers (de syklus) foar in 90 persint rûn wie, foarm krije koe. Ik bedoel ‘(het) labyrint’. Ek hjir sil, lykas earder, de alliterearjende I ynfloed hân hawwe, mar dochs tige sydlings om't it doalhôf (‘het labyrint’) wêzentlik oanjout yn hokker sitewaasje/wrâld it fers fierder spilet. It konkrete en it abstrakte aspekt fan taallabyrint, grinslabyrint èn per- | |
[pagina 340]
| |
soanlik labyrint spylje in haadrol. Yn strofe 3 is ‘lost op’ ferfongen troch ‘spoelt weg’. Yn ‘spoelt weg’ sit tagelyk it wetter, it op-en-del gean fan de see, mar ek de krêften dy't mei (tsjin)-wurkje en dêr't men gjin weet fan hat. De foarm bliuwt wol bestean, op 'e eftergrûn (en komt ek wer werom yn strofe 6). Dat tiidwurd (‘wegspoelen’) wie hjir gaadliker en doelmjittiger. It wurd ‘lach’ yn strofe 4 is ‘hals’ wurden omt it hjir gong om konkrete saken lykas mûle, eagen en hier. In laits is heechstens it gefolch fan 't dynjen, en betsjutte tefolle ynterpretaasje. De kombinaasje ‘wegen’ - ‘station’ fûn ik by neier ynsjen ûnlogysk, ek tefolle klisjee sadat de spankrêft en de mearsinnichheid oan 'e krapperein kamen ‘Zenders’ jout daalk mear romte yn 'e stilte, yn 'e tiid, yn it kosmyske. Boppedat binne (radio) stasjon en stjoerder moaiaardich meielkoar ferbûn, at je alteast ôfstimme (kinne) op 'e krekte ôfstân en lingte. ‘Tijdloos’ is foar 't earst ‘tijdeloos’ (sjoch IV). | |
VI. Persoanliker en konkreter.It oerlêzen fan fersy V, VI bringt in tal twaslachtige saken oan 'e oarder. De ‘we’ út strofe 1 rint gelyk mei de ‘ik’ en ‘je’ yn strofe 6. Allinne dêrtusken kloppet it net hielendal. It is te ôfstandelik wylst krekt de strofen 3 o/m 6 sa'n neielkoar tagroeien oproppe. Yn dat kader steane de feroaringen ‘ondoorgrondelijk’ yn ‘geëxploreerd’ (troch de ‘je’ en de 'ik), it tafoegjen fan it persoanlike je-elemint yn 'e rigels 2 en 3 fan strofe IV. Ek de nije wurden ‘groeiend’, ‘ruw’ en ‘direkte’ yn strofe VI hawwe te krijen mei dat persoanlike en konkrete aspekt. Wat de lêste rigels fan 'e syklus oanbelanget kin men sizze dat it ‘afval’-‘vliegenzwam’ troch de taal útsplitst is, sadat ‘een zuiver teken’ ûntstien is, mar ek yn syn úteinlike foarm in ‘grensverhaal’ fan de ien tsjin de oar oer en omkeard, of op 'e grins fan wrâlden, sawol letterlik as figuerlik. VI. 25-4-'78
tijdeloos lopend op onze woorden
wandelen we door de achterdeur
van de dag de voordeur
van de nach binnen
stilte licht het labyrint
- af en toe bezorgt een eruptie
door de schil van het verhaal
een woord, een lach, een straaltje wind
mij onverhoeds een vraag omtrent oneindigheid
elementair gebaar geluid op licht
een grens verglijdt een vorm spoelt weg
de taal fungeert als centrifugerend vat
door lading van verpakking uit te splijten
ooit zal afval vliegenzwam niet meer gevaarlijk zijn
in een nieuw beschreven half ondoorgrondelijk gebied
| |
[pagina 341]
| |
waar alleen de woorden zachte aanraking
een hals, ogen, mond en wat haren deinen
soms een stem die stilte gjetsjert en ontruimt
beiden etherisch lichaam, tijd want opgelost
schelpen naast de sporen versterken het geluid
alle zenders afgesneden van welk station dan ook
slechts murmelend water moegeklotst op nachtsnelheid
een doorweekte uitgeloogde lucifer tussen 'e zand
een koude hand vol torenvuur en diepteijs
congruentie in een andere taal tien vingers -
geef me je hand zeg ik, en zie ik je weer
een ellips die nog geen cirkel open is
botsing in de nacht een open woord teken
ik noem je water zand een groot verhaal:
eb en vloed, steeds weer, ondanks jezelf.
Dat ‘straaltje wind’ omsetten is yn ‘korrel wind’ (sjoch def. fersy) leit foar de hân at je de sitewaasje meirekkenje wolle, en benammen sjogge nei de absolute fertichting fan wyn yn in kerl (tagelyk skerp-oanwêzich en benammen wekkermeitsjend, ek mear fan binnen en fan bûten). Nei foarm en ynhâld hearre de strofen 2 o/m 6 byelkoar, oanjûn troch streepkes (yn fersy V al oanbrocht), sadat it syklyske karakter (strofe 1, strofen 2-5, strofe 6) eksakt ek wat de foarm oanbelanget besjen lije kin. Oer de ynhâldlike aspekten sis ik net mear as wat ik sein haw yn 't geheel fan it skriuwen fan de fersen. Ik bin my (te) goed bewust fan de lagen dy't (foar my) bûten en boppe dizze wurklaach lizze. Mar, ik ha 't yn 't begjin al sein, eigen fersen bekritisearje is op 'e keper besjoen net mooglik, en eins ûnhygiënysk yn geastlik opsicht. | |
VII. Ta beslút.Fersy VII is it lêste mei de hân skreaune skript fan de syklus. Mei de printe fersy yn ‘De dei fan de kraenfûgel’ rint it foar 99 persint lykop. Doe't ik besletten hie de syklus horizontaal ôf te printsjen haw ik de dielen nûmere fan 1 oant 6. It syklyske aspekt wurdt ûnderstreke troch it ûntbrekken fan ôfslutende rigels op 'e ein fan in strofe, útsein yn strofe 3 dêr't de dûbelde punt de draai yn 'e syklus oanjout, in balâns sa likernôch. Fierder binne de gedachtestreepkes nei strofe 1 en 5 weilitten omt se net mear funksjoneel wêze koene, en yn wêzen ek net mear grutte betsjutting hiene. Yn strofe V is it wurd ‘vol’ weilitten nei lang hifkjen en wifkjen. ‘Vol’ makke de ‘hand’ ta subjekt fan 'e hiele rigel en koe dêrfandinne gjin dûbeld lêzen opsmite. ‘Vol’ wie oerstallich wurden yn 'e rin fan it skriuwen. No, nei in lytse trije jier wit ik te goed dat it weromskriuwen foar in part ‘hineininterpretieren’ west hat. Ik bedoel, sa likernôch ha 'k oanjûn, oan de hân fan de bewarre fersy's, hoe't de prosedure ferrûn is. Dochs bliuwt it in beskriuwing op ôfstân omdat der ek dingen barre (hoe komt it dat guon wurden samar yn jins holle komme?) dy't men letter net mear weromredenearje kin. De taalréaktor yn jins kop blykt saken te skieden | |
[pagina 342]
| |
en te ferbinen dy't men net benei komme kin. Gelokkich mar, want dat makket bygelyks poëzij ta poëzij, en dat makket de ‘groei fan in gedicht’ mooglik.
Definitive fersy yn ‘De dei fan de kraenfûgel’:
Tijdeloos (een cyclus)
VII 1 lopend op onze woorden
wandelen we door de achterdeur
van de dag de voordeur
van de nacht binnen
stilte licht het labyrint
2
af en toe bezorgt een eruptie
door de schil van het verhaal
een woord, een lach, een korrel wind
mij onverhoeds een vraag omtrent oneindigheid
elementair gebaar geluid op licht
3
een grens verglijdt een vorm spoelt weg
de taal fungeert als centrifugerend vat
door lading van verpakking uit te splijten
ooit zal afval vliegenzwam niet meer gevaarlijk zijn
in een nieuw beschreven niet half geëxploreerd gebied:
4
waar alleen de woorden zachte aanraking
je hals, je ogen, je mond en wat haren deinen
soms je stem die stilte gletsjert en ontruimt
beiden etherisch lichaam, tijd want opgelost
schelpen naast de sporen versterken het geluid
5
alle zenders afgesneden van welk station dan ook
slechts murmelend water moegeklotst op nachtsnelheid
een doorweekte uitgeloogde lucifer tussen groeiend zand
een koude hand ruw torenvuur en diepteijs
congruentie in een andere, directe taal tien vingers
6
geef me je hand zeg ik, en zie ik je weer
een ellips die nog geen cirkel open is
botsing in de nacht een zuiver teken
ik noem je water, zand, woord een grensverhaal
eb en vloed, steeds weer, ondanks jezelf.
(2-5-'78)
Schagen, 22 novimber '80.
|