Jac. Dykstra
De relaasje tusken tekening en fers
Yn âlde jongesboeken, dy't by my yn in apart kastke bewarre wurde, binne tusken de siden ticht beprinte tekst út en troch printsjes opnommen.
Elk, dy't soksoartige boeken as bern lêzen hat, kin him noch skoan te binnen bringe hoe wichtich dizze printsjes wêze kinne. It wie foar my alteast in pree, as oanfolling op it skreaune de wurklikheid binnen it ferhaal en myn fantasy no en dan op inoar ôf te stimmen. Goede yllustraasjes koene de oantrún, om mei it lêzen fan in boek útein te setten, gâns fuortsterkje.
Benammen bern kinne harren hielenda! ynlibje yn 'e wrâld fan de yllustrator, dy't de aksinten en spanningen fan in boek goed ôfwoegen oersette kin yn tekeningen. In ferantwurde wurkjende yllustrator besiket yn 'e kearn te krûpen fan in stik tekst en jout yn ien byld de gearfetting fan in grut tal dielopnames. Tekst en byld binne dan net stridich; ien printsje foarmet de delslach fan in tal emoasjes.
Yn 'e poëzy kinne wurd en buld noch tichter byinoar stean. Guon dichters ha wolris besocht troch it brûken fan bygelyks typografy oan 'e dingen stal te jaan.
Dizze saneamde konkrete poëzy stiet hiel ticht by de fisuele keunsten. Ik tink hjirby oan it ferneamde ‘Zeppelin’ gedicht fan Paul van Ostayen of om tichter by hûs te bliuwen oan de fersen fan Jaap de Jong yn it febrewarisnûmer fan it lit. tydskrift ‘Hjir’ (jiergong 10). Letters en wurden wurde brûkt as byldeleminten yn de spanning tusken abstrakte tekens en de wurklikheid fan de dichter.
Hoewol't ik ek wolris besocht ha in ferstekening gear te stallen mei de kombinaasje fan letterfoarmen en byldeleminten, koe it resultaat, alteast neffens mysels, gjin besjen lije. Faaks soene tekening en gedicht ek wol los fan inoar brûkt wurde kinne. Yn it oanbelangjende fers kin it aksint min ofte mear lizze op it subjektive ynfielen fan de dichter yn syn taal. Dy bypassende tekening jout deselde ynformaasje; makket de relaasje tusken de dichter en syn wrâld as konkreet byld sichtber. It sil grif sa wêze, dat in tige slagge fers gjin inkeld ferlet hat fan oanfoljende yllustraasjes, mar oarsom kin itselde ynbrocht wurde oangeande in poerbêst slagge tekening.