Yn in ynspirearre pathetyske stimming bin ik nei hûs ta riden. Ik hie der it ryk allinne omt de frou de gewoante hie op sokke jûnen nei kunde of nei skoanmem te gean en de nacht oer te bliuwen. Dy nachts is it trije strôfen tellende ‘Proefboarring’ ûntstien. Dúdlik wie dat ik myn gasbûle noch net fûn hie, it fjoer wie moai gau út, ik wie sa slûch as in protter. Mear as in jier hat it lein. Ik seach der net nei om. Skamteleas pretinsieus en pathetysk, toch ik der faak fan. Soms noch wo!.
De tsjinstelling tusken it grutte fjoer en de smokerige brantsjes is nei in tal bewurkingen yn de earste twa kwatrinen fan de twade fersy útfierd. It tredde kwatryn foarmet eink de krisis mei syn deadsgedachte. Fjoer en dea foarmje foar my in logyske assosiaasje, omt ik my yn dy tiid by in kremaasjeferiening oansluten ha. Dit is wer sa'n tafallichheid, dêr't de wearde fan it gedicht helendal net fan ôfhinklik wêze mei. De ûntsteansskiednis kin it gedicht ek net ferklearje, hja foarmet net iens in foldwaande oarsaak. De lêzer hat der net in soad oan. Heechstens beskôget er it as in ‘fariaasje’ op it thema, dêr't er sels mei likefolle rjocht in oarenien op spilet.
Hoewol't ik net slim swiermoedich fan aard bin, is de gedachte oan de dea noait lang by my wei. Hoe't ik myn ferbylding ek ynspan, ik kin net foar my krije dat ik en hoe't ik oergean sil ta in anorganyske steat. It is neat nijs om te sizzen dat troch de dea en de gedachte deroan, it libben wat wifs, wat ûnbestindichs krijt. Troch de dea is it einlik swier om jin in libben foar de dea foar te stellen. Neat sa't it skynt kin it ommers tsjin de dea hâlde. Wat hellet al it gewrot en gewraam dan út, as it neat bedijt. Soe in dichter net in byld foarmje kinne, dat de dea net foartiid it fjoer ald dwêst. Echte poëzy jout sokke bylden dy't jin troch eangst en krisis hinneskuorre. Boek fan de Psalmen.
Hölderlin, dy't dochs wol op 'e eftergrûn stiet fan de wat barokke earste fersy, is ek ferantwurdlik foar de krieming yn it tredde kwatryn, Ik parafrasear dêr in prachtich sitaat út it brief dat er op 4 desimber 1801 skreau oan syn maat Böhlendorf:
‘Denn das ist das Tragische bei uns, dasz wir ganz stille in einem Behälter eingepackt vom Reiche der Lebendigen hinweggehen, nicht dasz wir in Flammen verzehrt die Flamme büszen, die wir nich zu bändigen vermochten’.
De wiere oarsaak dat ik it wat breinroere brokstik fan de earste fersy fierder bewurke ha, wie dat ik wat opstjoere woe nei de Rely-priisfraach. Ik wie sels krekt út de jury stapt nei in tige min jier foar de poëzy. Gjin wûnder dus dat ik my yn it geheim al in plakje tatocht ûnder de priiswinders. Foar alle wissens learde ik it gedicht út de holle, want ik woe it as it barre mocht, rjochtút opsizze yn ús eigen gemeentehûs. De sittende jury is jammergenôch net weiraand fan de folksferwaarmjende strekking fan it gedicht, mar ik kin wachtsje.
Mantgum, 5 febrewaris 1981.