Teije Brattinga
De motivaasje ta in gedicht
Dichtsje is tinkt my reagearje, is dus mear as registrearje, is ek gjin objektive wurklikheid. Objektive wurklikheid bestiet net foar minsken. Us eagen, ús earen, ús ferstân en ús hert foarmje de wurklikheid nei ús byld. De wurklikheid dy't wy yn poezij of yn ekonomy, Trotwaer of Van Heemstra, it docht der net ta, werjouwe, is net de wurklikheid sels mar uzes. By in gedicht jildt dat sterker as by de stúdzje fan ekonomy. Want wat ik yn in gedicht sis, soe ik net yn in stúdzje of opstel sizze wolle. Wat ik yn in gedicht delskreau, nim ik net foar myn rekken: it mist nammers relativaasje, it besit it spontane, it primaire, it is gjin riddenaasje. In gedicht is de dichter net. Ik wol alteast net elk wurd fan in gedicht dat Ik skriuw foar myn rekken nimme. As dichter bin ik gjin filosoof of theolooch of ûnderwiisman, ek al slûpt der yn in gedicht noch safolle filosofij of ûnderwiis binnen.
Men kin elk minske foar in part wol dichter neame. ‘Ik sil altyd fan dy hâlde’, is dichterlike taal en nofteren besjoen in naïviteit. It binne lykwols mar inkelden dy't as dichter kwalifisearre wurde. Men moat yn alle gefallen de driuw hawwe om de ympresje op papier te setten; men moat ek it lef hawwe om de ympresje net oan te taasten, omdat men der bygelyks ferstanlik net hielendal efter stiet. Dan komt dêrby noch de stap om it te publisearjen. Men moat boppedat it gelok hawwe dat oaren it publisearje wolle. It is in wûnder dat der noch safolle dichters binne! Want alles byelkoar moat men sizze: wat beweecht sa'n man of sa'n frou?
Dêr woe ik it mar net oer hawwe. De fraach fan de redaksje wie: hoe giet dat no yn syn wurk, de wei fan ympresje nei it printe wurkstik? Ik nim in konkreet foarbyld en wol dan neigean wer't it wei komt, sa'n gedicht, en wat der fan op 'e hispel komt. It foarbyld dat ik foar kar nim, is de hjirby ôfprinte tekst, de iere en earste objektivaasje fan in ympresje. Ik wit it fan dizze tekst noch klear, omdat ik der foar dizze bydrage ekstra acht op slein haw. Ik fytste betiid op in sneintemoarn (om krekt te wêzen: 1 maart 1981 09.00 oere) fan Toppenhuzen oer Folsgeare, Easthim, Abbegea, en De Kat (Westhim) nei Blauhûs. Toppenhuzen is in raar doarp. As ik dat wurdsje ‘raar’ brûk, sit ik net mear yn de reedlikheid. Dat ik Toppenhuzen ‘raar’ fyn, sis ik noait: as ik der op ferge waard, soe ik sa'n útspraak net ferdigenje kinne. Toppenhuzen is net ‘raarder’ as oare doarpen, lit it dan wol oars wêze. Mar it rare leit djip yn myn gefoel, it hat djippe woartels. It is net it ôfweagjen fan in ynsjoch, dat ik yn 1981 byge-