Trotwaer. Jaargang 13
(1981)– [tijdschrift] Trotwaer– Auteursrechtelijk beschermd
[pagina 298]
| |
Eppie Dam
| |
[pagina 299]
| |
In sonnet is fansels foar in grut part in kwestje fan foarm, fan kader. It kader ûnder Omschrijving op sa'n frachtrekken foldocht dan ek tige, om't de grinzen al automatysk stâl jouwe oan it noch net iens skreaune fers. It wurdt winlik al sichtber ear't it werklik op papier stiet. Boppedat kin ik yn de kolom Datum moai de rym- en trefwurden kwyt dy't my ûnderweis yn 't sin komme, want de harsens skriuwe faak hurder as de hannen. Fierders haw ik foar in moade en meitsje út en troch in oantekening oer it tal oanslaggen dat in rigel op de masine fergje sil, of it moat al sa wêze dat ik op wurdlidden skriuw. De kolom Bedrag is moai geskikt foar sokke notysjes, lykas ek foar it oanjaan fan in rymskema. Sa'n VRACHTNOTA is goed besjoen gewoan makke foar it meitsjen fan sonnetten. Hoewol't it skriuwen fan sonnetten dus gewoan in saak is fan berekkening en sekuere konstruksje, is der ek in oandiel dat ik net beriddenearje kin. Hoe komt it dat ik skriuw wát ik skriuw? En bin ik it sels dy't skriuwt of kriget in hegere macht my sadanich yn hannen dat ik net mear bin as in medium? Der binne ommers mominten dat de wurden harsels lykje te skriuwen, suver bûten it gesach fan de skriuwer om. It binne, foar my alteast, de bêste mominten en, nei't letter gauris bliken docht, yn it fers faak de bêste fragminten. As wie ik Moazes sels, sa haw ik folsleine kwatrinen trochkrigen dêr't ik net mear muoite foar dien haw as it ferwegen fan de pinne. Om't soks somstiden ek beëangjend wêze kin, haw ik besocht en skriuw oer dit wûnderlike fenomeen fan in akute fleach fan kreative befleinens, in sonnet. Ik woe witte wát der krekt bart en it ferskynsel rasjonalisearje en relatifearje. It is my net slagge, om't ik net fierder komme koe as de konstatearring dat it bart. Faaks is it better en lit it sa, om't de krekte ferhâlding tusken besieling en konstruksje dochs net nei te gean is. Gûchelderijen as ‘besiele konstruksje’ as ‘konstruktive besieling’ kom ik ommers ek net fierder mei. Eat fan it hâlden en dragen (en kearen!) foar en ûnder it skriuwen, komt noch it bêst nei foaren ta yn it earste kwatryn fan ‘In ûnderdak fan lampljocht’. Jûns om sa'n oere as alve hinne wurd ik it willich slachtoffer fan in proses fan geastlik en fysyk ûntteien. Om dat proses te besterkjen, fries ik de wrâld om my hinne yn troch de ljochten yn de keamer te dôvjen, útsein de skimerlampe boppe de tafel. Ik skep mysels in kader. It ôftekene skynsel fan ljocht oer papier en skriuwer hinne foarmet in eilân dat likegoed beskermet as stimulearret. Under it ûnderdak fan lampljocht wit ik my de earste trije oeren folslein op temperatuer yn it wjek dat ik mysels útkapt haw yn de iiskâlde slingergong fan de goddeleaze tiid. Skriuwe is mystyk en harsengymnastyk en dêrom in behâld foar geast en lea. Als je niet elke dag met een stok in je ziel roert, dan vries je dichtGa naar voetnoot*. Dat sadwaande. | |
[pagina 300]
| |
[pagina 301]
| |
in ûnderdak fan lampljochtAs de hannen taaste nei papier en pinne
en de fingers triljend skreppe om tabak,
fielsto al de gloede fan in ûnderdak
fan lampljocht, strieljend om dy hinne.
Wurden komme somtiids witsto wêrfandinne,
skikke har ynienen mei sa'n grut gemak
yn de kontekst fan 't kwatryn te plak,
dat de harsens it net neigean kinne.
It moaiste fers hast net beprakkesearre,
mar is dy yn it lampljocht presintearre,
as kaam it dy fan hegerhân oer 't mâd
as it boadskip fan in duvel as in god.
Allinne yn it sinneljocht de oare dei,
dan seist en witst gewoan: it is fan my.
| |
[pagina 302]
| |
moazesLykas Moazes ienris op de berch,
wurd ik lyts en hieltyd wer betize
yn de wite wynsels fan Syn dize,
ivich hearrich oan Syn rop en ferch.
As de fingers skriuwe sûnder erch,
wurden oars net as Syn hân bewize,
stean ik, ûnder goddelike grize,
nearzich yn Syn grutme as in dwerch.
Fan Syn strieling dwyl kom ik fan boppe,
groei en lit it folk my lof taroppe,
alhoewol't ik, wis fan har fersin,
har ûntstride moast dat ik it bin.
Mar ik krij myn fuotstik yn de gaten,
dêrom koesterj' ik myn stiennen platen.
| |
[pagina 303]
| |
noachSkriuwe is in arke bouwe op befel,
mar oanienwei komt by my de frage,
by it lûd fan hammerslach en sage:
fan de himel as de hel?
Wa Syn rop sloech yn myn earen del,
dat ik plicht en plannen ûnderfage,
stjoerd wurd troch Syn hannen, dagen
suver frjemd yn eigen fel?
Sil ik ea de swiete neismaak priuwe,
dat twa lêzers op myn fersen driuwe,
even plak ha op it driigjend wiid
fan de goddeleaze tiid?
Skriuwe is in arke bouwe op befel,
wêrom, wêrta is net yn tel.
|
|