Jelle Kaspersma
De trijerigels fan Frans Hiddema
Hiddema, dy't yn 1922 te Holwert berne waard, wurket op 'en stuit yn Leiden, wylst er yn Oegstgeest wennet. Hy opponearre him yn 'e Nederlânske literaire wrâld mei in psycho-analityske stúdzje oer it wurk fan Maarten 't Hart: ‘Maarten in de ban van Eudipus’, in tige nijsgjirrich wurkstik. Fierder publisearre er wittenskiplike artikels oer de sielekunde.
Doe ferskynde der ferline jier samar in bondel mei njoggen-ensechstich Fryske trijerigels fan him. It boekje sjocht der bêst út: de printer en de útjouwer fertsjinje in skouderklopke foar sa'n kreaze útjefte. De Leeuwarder Courant wijde in artikel oan Hiddema en syn Frysk dichtwurk en Sibe Krol bespriek dy fersen yn Hjir. No is der oer trijerigels en haiku al gâns skreaun en publisearre, dat ik sil my beheine ta de poëtyske wearde en it wurklikheidsgehalte fan de troch Hiddema skreaune trijerigels. My tinkt, dêr falt noch wol it ien en oar oer te sizzen.
Doe't ik foar it earst lies oer Hiddema syn dichtwurk, yn it artikel fan de Leeuwarder Courant, tocht ik: fijn, alwer immen út it Westen dy't syn memmetaal ferrykje wol, krekt as earder Hornstra. Myn ferwachtings wiene heech, faaks te heech.
Wis, der sitte in protte natoerbarrens yn Frâns syn ferskes ferarbeide, mar se binne foar it grutste part ûnecht. Se sitte fol optochte sitewaasjes, boeke wiisheid, tillefyzjekennis en sabeare kranteberjochten. Hiddema liicht de wierheid net allinnich, hy fantasearret der mar wat op los, yn tsjinstelling mei syn eks-fakgenoat Liuwe Hornstra. As men de ‘haiku’ fan Hornstra lêst, kriget men faak it gefoel fan: dat haw ik ek ris krektsa sjoen of meimakke. It is in útsûndering as soks ek bart yn de trijerigels fan Hiddema. Blykber is er tsjinoer syn poëtysk wurk noch net kritysk genôch. Men kin jins wurk earst ris lêze litte oan in literaire fakgenoat en ik haw in donkerbrún fermoeden dat dat ek wol bard is, mar wie it wol in goede riejouwer? Hawar, de wierheid hat trochstrings in nochal skel lûd en hjir en dêr yn dit stikje komme dy klanken wolris foar it ljocht.
Der steane njoggen-en-sechtich fersen yn dizze bondel. In kreaze fynst fansels, frál as men Frâns hjit. De nuetens fan it grutste tal fersen