Om no ta de kearn werom te kommen: in boekwurk dus mei bijdragen fan skriuwers as skriuwers en tekeners as tekeners tsjin de atoomrees, allegear spesiaal makke mei útsûndering fan guon fan Sjoerd Leiker, Tiny Mulder, Jo Smit, Joop Boomsma en Ella Wassenaar. Dy har bijdragen wiene al earder ferskynd. Ek spesiaal makke binne fansels de faak hiel goeie kartoens fan Cork. No't ik dochs al in weardeoardiel útsprutsen haw, sis ik der fuort mar bij dat fan de skriuwersbijdragen mij it measte noasken dy fan Dyt Hybert, Steven de Jong, Tiny Mulder en Jo Smit.
It hat fansels it doel net west om fan dit boek in politike diskusje te meitsjen. Dêrom sei ik niis ek: skriuwers as skriuwers. De iennige dy't dêrom hjir wat út 'e toan falt is Lieuwe Hornstra, dy't mear in politykkleure as literaire ynstjoering ôfprintsje litten hat. Syn konklúzje: ‘Wy wurde net fan 'e Russen bidrige, mar fan de Amerikanen. De Amerikaenske troepen en de Amerikaenske kearnwapens: fuort út West-Europa! it alderearst út Nederlân!, liicht der (sels yn 'e âlde stavering) net om. Sûnder fierder hjir in diskusje oan te gean (dêr is it hjir it plak no net foar); dit liket mij ek wol wat iensidich ta. De Amearikanen meie dan achterôf earder rûge cowboys ynstee fan leave ingeltsjes wêze, de Russyske arbeiders út it arbeidersparadys (mei in izeren gerdyn deromhinne om mar te foarkommen dat it folstreame soe mei arbeiders út it ûnderdrukte westen) hawwe, sa docht bliken, har paradys noch net hielendal ôf en ûnderdrukke dêrom oant salang mar raak. Ik wol mar sizze, elk ferstandich minske is tsjin de kearnwapenrees, mar it liket mij ta dat dy allinne foarkomme wurde kin at der oan wjerskanten begryp en fertrouwen komt. Dat begryp en fertrouwen moat stuolkje op in realistyske wurdearring fan elkoars goeie en minne punten. It hat gjin inkelde sin om mear de klam op de Amearikaanske grouweldieden te lizzen as op de Russyske, want sa meitsje wij al gau wer fan de iene duvel en fan de oare in ingel. De beide grutmachten hawwe misdieden op har gewisse, en dêr kinne en moatte skriuwers as minsken op wize. Se kinne ek wize op it gefaar fan de bewapeningsrees, en dat is dan de bijdrage, al hoe beskieden dan ek, fan dit boekje. At je lykswols úthâlde wolle dat wij allinne fan 'e Amearikanen bedrige wurde, dan is
dat neffens mij net wier, en it liket mij ta dat frede net basearre wêze kin op ûnwierheid. Sa hat it nammers noch noait west.
Ta beslút soe ik noch eefkes komme wolle op de ynlieding fan Joop Boomsma, de redakteur. Dêr soene je út opmeitsje moatte dat ‘de Fryske skriuwers’ (sa stiet it dêr), alle Fryske skriuwers dus, oansocht binne om in bijdrage. No kinne je fansels tsiere oer it begryp Frysk Skriuwer, en we tsiere yn Fryslân al genôch, dêrom definiearret it Skriuwersbûn dat begryp mar as elkenien dy't ‘middels’ (sa sizze se it dêr, ja) it girostrypke syn kontribúsje betellet, mar de opfetting fan Boomsma liket mij dochs wol wat nuver ta, at ik dochs even tsiere mei. Dan soe yn syn opfetting fan de no sittende redaksje fan Trotwaer allinne Eppie Dam in